Oerlis:Rezjimint

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Rezjimint[boarne bewurkje]

Wat dizze bewurking oanbelanget: it WFT hat gjin lemma oer it wurd regimint, mar neamt it wol yn rezjimint. Blykber waard it yn it Nederlandsch-Friesch Woordenboek (1918) en it Frysk Wurdboek (1956) noch al skreaun as regimint, mar it FW (1992), it FHW (2016), de Staveringshifker en de Wurdlist kenne dy stavering allegearre net. Yn âlde kranten komme jin sawol rezjimint as regimint tsjin (kepp). Wat de útspraak oangiet: it WFT seit fan /re:zjəmInt/, it FHW /re:zjə’mɪnt/. Al mei al liket my de hjoeddeiske stavering yn alle gefallen dochs echt rezjimint, mar it kin fansels yndied gjin kwea en neam ek de âlde stavering. Wutsje 10 aug 2020, 01.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Moai dat in âlde staveringswize ek oan bod komt, mar dêr haw ik it der eins net om by set. It wie mear in gjalp fan frustraasje oer de nuvere opstigings fan 'e Fryske Akademy. Ik haw 'regimint' altyd noch útsprutsen mei de g fan "bûge"; ek om my hinne haw ik noch nea de útspraak "rezjimint" heart. Sjoch, @Wutsje:, gjin kwea wurd oer wat jo feroare hawwe, want jo hâlde jo oan 'e regels fan 'e F.A. Mar neffens my hawwe se hjir keazen foar in stavering dy't hoegenamt net oanslút by de sprektaal, en ik begryp net wêrom. Bin ik no apart of dogge se dêr by de F.A. mar wat? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 aug 2020, 23.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie Ieneach, mei ûnskuldigingen foar de trage reaksje, ik hie de ôfrûne wike oare dingen oan 'e kop: Dijkstra F.B. (2, 1996) Stavering, skriuwt op s. 8 oer de kombinaasje sj/zj: "De útspraak jout altyd oan wat der stavere wurde moat. Trilje de stimbannen net dan moat sj (...) stavere wurde, trilje se al dan zj (...)." It nuvere is dat ik no krekt nea /re:gəmɪnt/ heard haw, mar altyd /re:zjəmɪnt/, lykas /rəzjim/ en /ɡara:zjə/, dat ik miende wier dat ik it goed die. Dochs sjoch ik no yn it FHW dat it dan wol wer /rəɡi/ is (mar mei de fariant /rəsji/), dat no wit ik it ek net mear. Wat dy Akademy oanbelanget bin ik it mei jo iens: it hat er in soad fan dat "se" dêre mar wat dogge (fgl. earder ek al dy "vice-presidint"). Groetenis, Wutsje 19 aug 2020, 15.23 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje: Ek goeie. Nochris, ik nim jo neat kwea-ôf, dat as jo hjirboppe sizze: "ik miende wier dat ik it goed die", wat in bytsje as in ûntskuldiging oanfielt, dan is dat nearne foar nedich: jo geane gewoan út fan wat de F.A. docht. Wat de útspraak oanbelanget, sizze jo dat jo inkeld de útspraak /re:ʒɘmɪnt/ kinne. Dat fernuveret my wol, want dy útspraak haw ik dus noch nea (bewust) heard. Miskien leit it dan dochs oan my, of is de útspraak regionaal bepaald, dat soe ek kinne. No ja, dan is de staveringswize fan 'e F.A. miskien dochs net sa nuver as ik earst tocht. De iennichste útspraak dy't ik foar dit wurd ken, is /re:ɣimɪnt/ (mei de g fan bûge, net fan goed). Oer de F.A.: der hat in tiid west dat ik miende dat dy ynstelling de hoeder fan it Frysk wie, mar dêr bin ik al lang fan ôfstapt. Se hâlde har dêr mei fan alles dwaande dat neat mei it Frysk te krijen hat, en ik krij wolris it gefoel dat se it mar lestich fine dat se ek noch hieltyd tiid oan it Frysk besteegje moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 aug 2020, 01.08 (CEST)[beäntwurdzje]