Springe nei ynhâld

Floarida

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Floarida (Konfederearre steat))
Steat Floarida
State of Florida
flagge wapen
In God We Trust
(Ingelsk, "Us Fertrouwen Pleatse Wy yn God")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting FL
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1845)
haadstêd Tallahassee
grutste stêd Jacksonvile
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 19.893.297 (2014)
befolkingstichtens 136,4 / km²
oerflak 170.304 km² (17,9% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Sunshine State
tiidsône UTC –5 (of –6)
simmertiid UTC –4 (of –5)
webside www.myflorida.com
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Floarida. Foar oare betsjuttings, sjoch: Floarida (betsjuttingsside).

Floarida (Ingelsk: Florida; útspr.: ['flɒɹɪdə], likernôch "flor-idde"), offisjeel de Steat Floarida (Ingelsk: State of Florida), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Floarida, fanwegen syn subtropysk klimaat byneamd de Sunshine State, bestiet fierhinne út it Floarida-skiereilân, dat yn it uterste súdeasten fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit. Dêropta omfiemet de steat ek de Florida Panhandle, oan 'e noardeastkust fan 'e Golf fan Meksiko, en de eilannegroep de Florida Keys. Floarida heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Tallahassee, mar de grutste stêd is Jacksonvile, wylst de grutste stêdekloft dy fan Miami is. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 19,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 3e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje en Teksas. Oangeande oerflak is Floarida mei rom 170.000 km² de 22e steat. Floarida stiet bekend om syn moaie waar, ferdivedaasjeparken, lange kustline, sompen, orkanen en romtefeart.

De namme fan Floarida komt fan 'e sechstjinde-iuwske Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Ponce de León, dy't it gebiet by syn earste besyk yn 1513 la Florida neamde, dat Spaansk is foar "bloeiend lân". De offisjele bynamme fan Floarida is de Sunshine State ("Sinneskynsteat"), fanwegen it moaie waar.

It strân fan Key Biscayne.

Floarida hat in oerflak fan 170.304  km², wêrfan't 17,9% út wetter bestiet, sadat der 139.820 km² drûch lân oerbliuwt. De steat beslacht foar it grutste part it Floarida-skiereilân, dat fan it fêstelân fan Noard-Amearika ôf nei it suden ta útstiket en dêrby de Atlantyske Oseaan, yn it easten, skiedt fan 'e Golf fan Meksiko, yn it westen. It skiereilân mjit 721 km fan noard nei súd. Yn it suden wurdt Floarida begrinzge troch de Strjitte fan Floarida, dy't de skieding foarmet tusken it skiereilân oan 'e iene kant en it eilân Kuba en de arsjipel fan 'e Bahama's oan 'e oare kant.

Yn it noardwesten omfiemet de steat Floarida in útstekkend stik lân op it fêstelân fan Noard-Amearika by de noardlike kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns, dat net diel útmakket fan it Floarida-skiereilân. Dat gebiet wurdt de Florida Panhandle neamd, it "panhânsel fan Floarida". Dat diel fan 'e steat hat in noardgrins mei de Amerikaanske steaten Alabama en Georgia, wylst it skiereilân yn it noarden oan Georgia grinzget. Floarida leit foar it meastepart yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), mar it westlike diel fan 'e Panhandle heart ta de Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5).

In topografyske lânkaart fan Floarida.

Floarida is ien fan 'e grutste Amerikaanske steaten beëasten de Mississippy. It hat mei 2.170 km de langste kustline fan alle Amerikaanske steaten, en allinnich Alaska en Michigan omfiemje in grutter wetteroerflak. Oan 'e Atlantyske kant heart de see oant 3 seemyl (5,6 km) út 'e kust by Floarida en oan 'e kant fan 'e Golf fan Meksiko oant 9 seemyl (17 km). Floarida hat gjin bergen en amper heuvels, en is de platste steat fan 'e Feriene Steaten. It heechste punt fan 'e steat is Britton Hill, dat op 105 m boppe seenivo leit. It leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust.

De súdwestlike útein fan it skiereilân bestiet út in ûnbidich gebiet fan sompen, de Everglades, wêrfan't likernôch 20% it Nasjonaal Park De Everglades foarmet. Yn it súdlike part fan it skiereilân leit ek de Okeechobee-mar, ien fan 'e grutste marren yn 'e eastlike Feriene Steaten. Oan 'e súdlike útein fan it skiereilân strekt him in keatling fan lytse eilantsjes út nei it westsúdwesten ta; dat binne de Florida Keys. It wetter dat de eilannen fan 'e súdpunt fan it skiereilân skiedt is de Floaridabaai.

Der binne yn Floarida 7 Yndianereservaten. Dat binne:

Yndianereservaten yn Floarida.

Prekoloniale perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Floarida troch de Jeropeänen waard it gebiet bewenne troch Yndiaanske folken dy't no grutdiels ferdwûn binne. Dêrûnder wiene de Apalatsjy yn 'e Florida Panhandle; de Timûkûa yn noardlik en sintraal Floarida; de Aïs oan 'e Middenatlantyske kust; de Tokobaga yn 'e omkriten fan 'e Tampabaai; de Kalûsa yn súdwestlik Floarida; en de Tekwesta yn it súdeasten. Hjoed de dei is fan dy oarspronklike befolking inkeld noch in lyts groepke Apalatsjy oer, dat trouwens net mear yn Floarida, mar yn Louisiana wennet.

St. Augustine (stifte yn 1565) is de âldste stêd fan Floarida.

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't Floarida oandie (en dy't it gebiet syn namme joech) wie de Spanjert Juan Ponce de León, dy't it skiereilân op 2 april 1513 ûntdiek. Der bestiet in nearne op basearre, mar hartstikkene taai ferhaal dat syn ûntdekking fan Floarida ferbân holden hawwe soe mei in syktocht nei de Boarne fan 'e Ivige Jonkheid. Yn 1559 fêstige de Spanjert Tristán de Luna y Arellano de earste blanke delsetting yn Floarida op 'e kust fan 'e Florida Panhandle, mar twa jier letter wie dy delsetting alwer ferlitten. Yn 1565 fêstige Pedro Menéndez de Avilés in nije delsetting te St. Augustine, oan 'e Atlantyske kust, dat sadwaande de âldste stêd fan Floarida is.

Koloniale perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan dy tiid ôf begûnen de Spanjerts de lânseigen folken fan Floarida ta it kristendom te bekearen, mar hja brochten sykten mei dêr't de Yndianen gjin ymmuniteit tsjin hiene, sadat de befolking fan it skiereilân meitiid slim belune. Underwilens hiene de Ingelsen en de Frânsen harren eigen koloanjes yn it noarden stifte, sadat de Spaanske macht op it fêstelân fan Noard-Amearika beheind waard ta it skiereilân en de Panhandle. Yn 1763 wiksele Spanje syn koloanje Floarida út tsjin weromjefte fan 'e havenstêd Havana, op Kuba, dy't yn 'e Sânjierrige Oarloch troch de Britten ferovere wie. Mei de Spanjerts ferlieten ek de measte oerbleaune Yndianen it skiereilân; hja soene úteinlik opgean yn 'e Kubaanske befolking.

It Nasjonaal Wâld Ocala.

De Britten krigen yn 1763 sadwaande in suver leech lân yn 'e hannen. It bleau lykwols net lang leech, mei't de Seminoalen, dy't yn Georgia ûnder druk stiene fan 'e opmars fan blanke kolonisten, har yn it lêste fearn fan 'e achttjinde iuw nei it suden ta ôfsakje lieten en besit namen fan it skiereilân. De Britten dielden Floarida ûnderwilens op yn twa aparte koloanjes: Britsk East-Floarida, dat it skiereilân besloech, en Britsk West-Floarida, besteande út de Florida Panhandle en it gebiet dat no de Hakke fan Alabama en de Hakke fan Mississippy is. De earste Britske kolonisten wiene ofsieren en soldaten dy't yn 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch (it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch) fochten hiene. Under oanfitering fan it Britske regear setten har neitiid ek kolonisten út Súd-Karolina, Georgia, Bermuda en Ingelân sels yn 'e beide koloanjes nei wenjen.

Benammen fanwegen de jonkheid fan 'e beide Floarida-koloanjes en troch it feit dat in grut part fan 'e kolonisten út earder Britsk militêr personeel bestie, hiene East- en West-Floarida part noch diel oan 'e Amerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjende Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783). Ynstee bleaune de beide koloanjes yn dy snuorje in bolwurk fan Britske loyalisten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, mei in Amerikaanske oerwinning yn it foarútsjoch, krige de kolonisaasje fan it gebiet in nije ympuls doe't grutte oantallen loyalisten út 'e súdlike dielen fan 'e Trettjin Koloanjes nei East- en West-Floarida ta flechten.

In Mississippy-alligator yn 'e Everglades.

Nei ôfrin fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch koene de Feriene Steaten foar in grut part de betingsten foar in fredesferdrach diktearje, en de nije republyk woe gjin Britske koloanjes oan syn súdflank hawwe. Dêrfandinne waard by de Frede fan Versailles, fan 1783, regele dat East- en West-Floarida weromjûn wurde moasten oan Spanje. Under it nije Spaanske bewâld waard de ferdieling fan it gebiet yn twa aparte koloanjes fuortset. Feitliks seagen de Spanjerts yn dit twadde Spaanske tiidrek mar amper nei Floarida om, en harren ynfloed yn it gebiet wie tige beheind. Sadwaande ûntjoech Floarida him yn dy tiid ta in taflechtsoard foar ûntsnapte negerslaven en in basis dêr't de Seminoalen oanfallen wei útfierden op 'e Amerikaanske kolonisten yn Georgia. Dat sinnige it Amerikaanske regear alhiel net, dat Spanje waard op yngripen ferge.

Yn dyselde snuorje setten har ek almar mear Amerikaanske kolonisten yn it noarden fan East- en West-Floarida nei wenjen, ek al stie it Spaanske regear dat offisjeel net ta. De Amerikanen fermongen har mei de eardere Britske kolonisten en sa ûntjoech him in 'oarspronklike' blanke befolking dy't bekend kaam te stean as de Florida Crackers. Dy lju hiene in bruorke dea oan it Spaanske bestjoer fan it gebiet, wat yn 1810 yn West-Floarida late ta in rebûlje en de fêstiging fan 'e saneamde Republyk West-Floarida, dy't njoggentich dagen bestie foar't de Spanjerts de opstân delsloegen. Datselde jiers noch waard it westlike part fan Spaansk West-Floarida troch de Amerikaanske presidint James Madison by dekreet anneksearre as ûnderdiel fan 'e Louisiana-oankeap. Yn 1812 waard ek it Mobile-distrikt fan West-Floarida troch de Feriene Steaten anneksearre, wêrmei't de Florida Panhandle syn hjoeddeistige grinzen krige. Hoewol't de Spanjerts protest oantekenen, wie it it harren skynber net wurdich om der in oarloch om te begjinnen.

It Nasjonaal Park de Everglades.

Under Amerikaansk bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de oanfallen fan 'e Seminoalen út Floarida wei op Amerikaanske delsettings yn Georgia oanholden, en der boppedat almar mear negerslaven oer de grins ûntsnapten, begûn it Amerikaanske Leger hieltyd faker sels ek ynfallen te dwaan op Spaansk grûngebiet. Yn 'e jierren 1817-1818 fierde it leger ûnder lieding fan generaal Andrew Jackson (dy't letter presidint wurde soe) in lang oanhâldende kampanje yn Floarida út dy't bekend kaam te stean as de Earste Seminoalske Oarloch. Tsjin dy tiid behearsken de Amerikanen yn 'e praktyk it noardlike part fan East-Floarida. De beide koloanjes wiene in lêst wurden foar Spanje, dat der finansjeel it frij net ta hie om kolonisten of troepen te stjoeren. Sadwaande besleat it regear yn Madrid om 'e beide koloanjes te ferkeapjen oan 'e Feriene Steaten, in transaksje dy't syn beslach krige yn it Adams-Onis Ferdrach. Op 3 maart 1821 waard Floarida sadwaande Amerikaansk grûngebiet. Op 30 maart 1822 foege it Amerikaanske regear de beide koloanjes bestjoerlik gear ta it Territoarium Floarida, dat oant 1845 bestean soe.

Tsjin 'e 1820-er jierren wiene de measte blanke Amerikanen fan miening dat der ferlet wie fan in deportaasje fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan it súdeasten om romte te meitsjen foar kolonisaasje fan harren lân troch de blanken. Dy "Yndiaanske Ferwidering" betrof de saneamde Fiif Beskaafde Stammen fan 'e Sjeroky (Cherokee), Tsjoktou (Choctaw), Tsjikkesou (Chickasaw), Kriik (Creek) en Seminoalen (Seminole). Yn it ramt fan Floarida gie it inkeld om 'e Seminoalen, dy't hieltyd faker mei blanke kolonisten yn botsing kamen om't dy har samar op Yndiaansk lân nei wenjen setten, en dy't boppedat trochgiene mei it opnimmen yn harren fermidden fan útnaaide negerslaven, de saneamde Afro-Seminoalen. Troch de ynfluks fan nije kolonisten nei't Floarida ûnder Amerikaansk bestjoer kommen wie, boazen sokke swierrichheden allinnich noch mar fierder oan.

Osceola, de lieder fan 'e Seminoalen yn 'e Twadde Seminoalske Oarloch.

Yn 1830 naam it Amerikaanske Kongres de Wet op de Yndiaanske Ferwidering oan, wêrmei't de deportaasjes yn in wettige foarm getten waarden. Yn 1832 waard tusken de Amerikaanske oerheid en de Seminoalen it Ferdrach fan Payne's Landing sletten, wêrby't de Seminoalen nij lân ûnthjitten waard yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), bewesten de Mississippy. In protte fan harren ferfearen doe ûnder druk fan 'e blanken dêrhinne. Neitiid besocht it Amerikaanske Leger de efterbliuwers mei geweld út Floarida wei te krijen, wat ta de bloedige Twadde Seminoalske Oarloch (1835-1842) late, wêrby't de Seminoalen oanfierd waarden troch de snoade kriichslieder Osceola. Nei't de Yndianen úteinlik ferslein wiene, waarden sa'n 3.000 Seminoalen en 800 Afro-Seminoalen ôffierd nei it Yndiaanske Territoarium.

In seeko mei jong.

De oerwinning fan 'e Amerikanen yn 'e Twadde Seminoalske Oarloch makke de wei frij foar in grutskaliger kolonisaasje fan noardlik Floarida. Sadwaande waard it gebiet op 3 maart 1845 as de 27e steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Floarida wie doedestiden in slavesteat, en yn 'e Panhandle en it uterste noarden fan it skiereilân ûntstiene grutte katoenplantaazjes. Wat fierder oft de kolonisten har yn it skiereilân ôfsakje lieten, wat faker oft hja lykwols wer yn konflikt kamen mei de oerbleaune Seminoalen. Op 'e nij griep it leger yn, wat late ta de Tredde Seminoalske Oarloch (1855-1858), dy't op 'e nij resultearre yn in deportaasje fan hûnderten Seminoalen nei it Yndiaanske Territoarium. Hûnderten oaren loeken har lykwols werom yn it sompelân fan 'e Everglades, yn 'e punt fan it skiereilân, dêr't se oant yn 'e tweintichste iuw feilich wiene foar de Amerikanen.

Tsjin 1860 hie Floarida goed 140.000 ynwenners, wêrfan't 44% út negerslaven bestie. De steat skate him op 10 jannewaris 1861 as trêde Súdlike steat (nei Súd-Karolina en Mississippy) fan 'e Feriene Steaten ôf en wie op 8 febrewaris ien fan 'e oprjochtsjende leden fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Under de dêropfolgjende Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) levere Floarida 15.000 soldaten oan it Konfederearre leger, dy't oer it algemien bûten de eigen steat ynset waarden. De grutste militêre treffens yn Floarida sels fûnen oan 'e ein fan 'e oarloch plak, doe't de striid foar de Konfederaasje eins al ferlern wie. Likegoed einigen de Slach by Olustee en de Slach by Natural Bridge beide yn in Konfederearre oerwinning.

De Slach by Olustee (1864), yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Floarida op 25 juny 1868 wer yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Nei't it Tiidrek fan de Weropbou yn 1876 einige, kamen de blanke Demokraten yn it Parlemint fan Floarida wer oan 'e macht. Hoewol't hja de befrijing fan 'e slaven dy't oan 'e ein fan 'e oarloch trochfierd wie, net weromdraaie koene, slagge it harren al om 'e boargerrjochten fan 'e swarten te beheinen mei de nije steatsgrûnwet dy't yn 1885 oannommen waard en amendeminten oan dy grûnwet fan 1885 oant 1889. Troch betingsten te ferbinen oan û.m. it stimrjocht (lykas de eask dat kiezers lêze en skriuwe kinne moasten) waarden hast alle swarten en it grutste part fan 'e earme blanken polityk bûtenspul set.

Under de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing teagen tusken 1910 en 1940 sa'n 40.000 Afro-Amerikanen út Floarida wei, om efterstelling en rasiaal geweld efter har te litten en in better bestean te sykjen yn 'e yndustrystêden fan it Noarden. Wetlike diskriminaasje en ynstitúsjonalisearre rasisme holden yn Floarida oan oant it Amerikaanske federale regear der yn 'e 1960-er jierren it near op lei ûnder druk fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging.

It âlde Steatskapitoal fan Floarida yn Tallahassee, datearjend út 1845, mei dêrefter de moderne kapitoaltoer yn oanbou (1976).

Oant de midden fan 'e tweintichste iuw wie Floarida de tinst befolke steat fan it Amerikaanske Suden. Yn 'e 1920-er jierren, doe't ekonomyske wolfeart foar it earst op relatyf grutte skaal toerisme mooglik makke, ûnderfûn Floarida fanwegen syn waarme klimaat in perioade fan yngeande lânûntwikkeling, dy't late ta de Florideeske lân-boom fan de 1920-er jierren. Ferwuostgjende orkanen yn 1926 en 1928, folge troch de Grutte Depresje, makke dêr in ein oan, en de ekonomy klaude pas wer by de wâl op troch de militêre útjeften ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Doe't der yn 'e 1950-er jierren betelbere airconditioning beskikber kaam, begûn Floarida him te ûntjaan ta in earsten fakânsjegebiet en in gaadlik wenplak foar pensionado's. Migraasje fan lju dy't har wurk kwytrekke wiene yn 'e Amerikaanske stielyndustry liet de steatsbefolking yn 'e 1970-er jierren noch flugger groeie. Tsjintwurdich hat Floarida mei krapoan 20 miljoen ynwenners de op twa nei grutste befolking fan alle Amerikaanske steaten.

Floarida bestiet bestjoerlik út 67 countys, al telle guon boarnen der mar 66 om't Duval County konsolidearre is mei de stêd Jacksonvile. De steatshaadstêd, Tallahassee, leit yn Leon County, yn it noarden fan 'e steat, dat diel útmakket fan 'e Florida Panhandle. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Floarida bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Parlemint fan Floarida, dat bestiet út 'e Steatssenaat, mei 40 sitten, en it Steatshûs fan Offurdigen, mei 120 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Floarida, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Floarida 27 sitten.

In lansearring fan 'e Space Shuttle op it Kennedy Space Center, oan 'e eastkust fan Floarida.

It politike lânskip fan Floarida wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje net mear as in marzjinale rol. Floarida wurdt yn 'e Amerikaanske polityk beskôge as in swingsteat, mei't noch de Republikeinen, noch de Demokraten der in grutte oermacht hawwe. Hoewol't it grutste part fan it Florideeske elektoraat út registrearre Demokraten bestiet, hat de steat sûnt 1952 by alle presidintsferkiezings yn mearderheid foar de Republikeinske kandidaat stimd, útsein yn 1964, 1976 en 1996. De presidintsferkiezings fan 2000 wiene in spesjaal gefal, doe't de stimmen fan Floarida yn it Amerikaanske Kieskolleezje nei de Republikeinske kandidaat George W. Bush giene, mar letter bliken die dat de Demokratyske kandidaat Al Gore yn Floarida de measte stimmen krigen hie en eins presidint wurde moatten hie.

Yn 2010 bedroech it bruto steatsprodukt fan Floarida $748 miljard (it op trije nei heechste fan alle Amerikaanske steaten). Per lid fan 'e befolking komt dat del op $39.563. De grutste bydrage oan 'e ekonomy fan Floarida wurdt levere troch de tsjinstesektor, wêrfan't it toerisme, it bank- en fersekeringswêzen, de transportbrâns en de oerheid it foarnaamste plak ynnimme.

Strântoerisme yn South Beach.

It wichtichst foar de steatsekonomy is it toerisme, dat mei 60 miljoen besikers fan bûten de steat op jierlikse basis it grutste oandiel oan it bruto steatsprodukt bydraacht. De toeristen komme yn it foarste plak ôf op it moaie waar, de sinneskyn en de strannen yn 'e Sunshine State. Mar ek de ferdivedaasjeparken spylje in grutte rol by it oanlûken fan fakânsjegongers. Disney World, yn Orlando, slacht yn dat ramt foar master op, mei 50 miljoen besikers jiers. Oare wichtige ferdivedaasjeparken binne it filmtemapark Universal Orlando Resort (fan 'e Universal Studios) en it dolfinarium Seaworld, beide ek yn Orlando, en 'e Busch Gardens yn Tampa. Floarida is fierders ien fan 'e populêrste steaten foar jonge Amerikaanske studinten om harren spring break-fakânsje troch te bringen. Foarhinne wie de wichtichste spring break-bestimming yn 'e Feriene Steaten Fort Lauderdale, yn súdlik Floarida, mar tsjintwurdich is dat Panama City Beach, oan 'e kust fan 'e Florida Panhandle.

De lânbou is noch altyd de op ien nei grutste sektor fan 'e Florideeske ekonomy. Fral de túnbou, benammen fan sinesapels, grapefruits, tangerinen en oare sitrusfruchten, nimt in tige wichtich plak yn. Oare agraryske produkten fan belang binne sûkerreid, ierdbeien, tomaten en selderij. De fiskerij (sawol kommersjele fiskerij as sportfiskerij) brocht yn 2009 $6 miljard op en bea wurkgelegenheid oan 60.000 minsken.

It Kastiel fan Jiskepûster yn it ferdivedaasjepark Disney World, yn Orlando.

Op it mêd fan 'e yndustry produsearret Floarida benammen technologyske en biomedyske produkten. Orlando is in sintrum fan 'e loft- en romtefeartyndustry, en de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA ûnderhâldt op it skiereilantsje Cape Kennedy (foarhinne Cape Canaveral) ien fan 'e wichtichste romtefeartbases fan 'e Feriene Steaten (it Kennedy Space Center).

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Floarida yn 2014 19.893.297 ynwenners, wat in groei fan 5,8% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 136,4 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Jacksonvile, mei 843.000 ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: Miami (418.000), Tampa (353.000), St. Petersburg (256.000), Orlando (255.000), Hialeah (233.000), Tallahassee (186.000) en Fort Lauderdale (172.000). De grutste stêdekloft is dy fan Miami, mei sa'n 5,8 miljoen ynwenners. Dêr meitsje in protte lytsere stêden diel fan út, lykas Fort Lauderdale, Hialeah, West Palm Beach, Boca Raton, Miami Beach, North Miami en South Miami.

Befolkingstichtens yn Floarida.

Mei't in protte begoedige Amerikanen út 'e grutte stêden oan 'e noardeastkust (New York, Philadelphia, Baltimore, Washington, D.C., ensfh.) nei Floarida ferhúzje as se mei pinsjoen geane, hat Floarida it heechste persintaazje fan ynwenners yn 'e leeftydskategory boppe de 65 jier fan alle Amerikaanske steaten, nammentlik 17%. Yn 2008 wie likernôch twatrêde part fan 'e Florideeske befolking bûten de steat berne, wat ek it heechste persintaazje is fan alle Amerikaanske steaten. Yn 2010 makken yllegale ymmigranten 5,7% fan 'e befolking fan Floarida út, mei in totaal oantal fan nei skatting 675.000 minsken.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Floarida doe sa: 57,9% blanken; 22,5% Latino's; 16,0% swarten; 2,4% Aziaten; 0,4% Yndianen; 0,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De skyline fan Miami.

Blanke Floridezen binne fierhinne fan Noardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (12,0% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (10,7%), Ingelsen (8,8%), Angelsaksyske Amerikanen (6,9%), Italjanen (6,6%), Poalen (2,8%), Frânsen (2,7%), Skotten (1,8%), Ulstersen (1,6%), Russen (1,3%), Nederlanners (1,3%) en Sweden (0,9%).

De Latino-mienskip bestiet yn Floarida benammen út Kubanen (6,5% fan 'e totale steatsbefolking), folge troch Portorikanen (4,5%), Meksikanen (3,3%), Kolombianen (1,6%), Dominikanen (0,9%), Nikaragûanen (0,7%) en Hondoerezen (0,6%). De Kubanen binne benammen konsintrearre yn it suden fan it skiereilân, yn 'e stêdekloft fan Miami, wylst de Portorikanen benammen yn Orlando en Tampa wenje.

Utsjoch op it sintrum fan Orlando.

By de Afro-Amerikanen is ek de grutte Haïtiaanske mienskip yn Floarida meiteld, dy't mei 379.000 leden 2,0% fan 'e befolking fan 'e steat útmakket. Floarida omfiemet fierders 2 federaal erkende Yndianestammen, nammentlik:
● de Mikosûky Stamme fan Yndianen fan Floarida
● de Seminoalske Stamme fan Floarida
De Mikosûky Stamme hat in eigen reservaat yn súdlik Floarida; de oare seis federale Yndianereservaten yn 'e steat binne allegear fan 'e Seminoalske Stamme. Der binne yn Floarida gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

De offisjele taal fan Floarida is sûnt 1988 it Ingelsk (foartiid wie der gjin offisjele taal fêstlein) Neffens gegevens út 2013 wie it Ingelsk doe foar 73% fan 'e befolking de memmetaal. Der wurde yn 'e steat mear as twahûndert oare talen sprutsen, mar dêrfan is it Spaansk fierwei it wichtichst, mei't dat foar 20% fan 'e befolking de memmetaal is. Op it trêde plak komt it Haïtiaansk-Kreoalsk, mei 2% fan 'e befolking.

De roomske Katedraal fan 'e Hillige Marije, yn Miami.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 76% fan 'e befolking fan Floarida út kristenen, wêrûnder 49% protestanten, 26% roomsen en 1% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes wiene de Súdlike Baptistekonvinsje en de Feriene Metodistyske Tsjerke. De Florida Panhandle en it noarden fan it Floarida-skiereilân meitsje diel út fan 'e Bibelgurdle, dêr't it meastepart fan 'e befolking fûnemintalistyske foarmen it kristendom oanhinget. Ateïsten en agnosten foarmje 16% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: it joadendom (3%); de islaam (1%); it boedisme (0,5%); en it hindoeïsme (0,5%). De oanhingers fan alle oare godstsjinsten mei-inoar foarmje 3% fan 'e befolking.

In satellytbyld út 1992: de orkaan Andrew komt de kant fan Floarida út.

It noardlike twatrêde part fan Floarida hat in fochtich subtropysk klimaat, wylst de súdein fan it skiereilân in tropysk klimaat hat. Yn it suden bestiet der sadwaande gjin wier ferskil tusken de fjouwer jiertiden. De temperatuer leit by 't simmer oerdeis trochinoar om 'e 32-34 °C hinne, mar it fielt waarmer oan om't de luchtfochtichheid yn Floarida sa heech is. Floarida hat it waarmste waar fan alle Amerikaanske steaten. It hat de bynamme fan Sunshine State ("Sinneskynsteat"), om't it grutste part fan 'e steat jiers tusken de 2.800 en 3.200 oeren sinneskyn kriget. Rekôrtemperatueren wiene 43 °C, op 29 juny 1931 yn Monticello, en –19 °C op 13 febrewaris 1899 teTallahassee.

Snie falt der selden yn Floarida. Wol hat de steat tusken begjin juny en ein novimber gauris te krijen mei orkanen, dy't yn 'e regel òf út it Karibysk Gebiet wei oer de breedte fan it skiereilân hinne raze nei de Golf fan Meksiko ta, òf ôfbûge nei it noarden en by de Atlantyske kust lâns skeare. Tusken 1851 en 2006 waard Floarida troffen troch 114 orkanen, wêrfan't 37 swiere orkanen wiene. Oant de orkaan Katrina yn 2005 by de stêd New Orleans, yn Louisiana, oan lân kaam, wie de orkaan Andrew, dy't yn augustus 1992 Floarida trof, mei mear as $25 miljard oan skea de kostberste natoerramp út 'e Amerikaanske skiednis. De op ien nei swierste orkaan út 'e skiednis fan Floarida wie de orkaan Wilma, dêr't de steat yn oktober 2004 troch troffen waard. Begjin septimber 2017 rjochte orkaan Irma op 'e Florida Keys op plakken in frijwol folslein ferwuostging oan, wylst súdlike dielen fan it Floarida-skiereilân swiere skea oprûnen. Yn û.m. de stêden Miami en Jacksonville ûntstie in protte skea net troch de wyn, mar troch de mei de orkaan mank geande stoarmfloed.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje