Nasjonaal Park De Everglades

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nasjonaal Park de Everglades)
Nasjonaal Park De Everglades
Everglades National Park
Sinne-ûndergong yn 'e Everglades (jannewaris 2013).
Sinne-ûndergong yn 'e Everglades (jannewaris 2013).
lokaasje
lân Nederlân
steat Floarida
koördinaten 25°18′ N 80°50′ W
oare ynformaasje
status nasjonaal park
oerflak 6.106,6 km²
stifting 1947 (autorisearre 1934)
behear National Park Service
webside www.nps.gov/ever
kaart
Nasjonaal Park De Everglades (Floarida)
Nasjonaal Park De Everglades
Lokaasje fan it nasjonaal park yn Floarida.

It Nasjonaal Park De Everglades (Ingelsk: Everglades National Park) is in nasjonaal park yn 'e Feriene Steaten, dat yn 'e steat Floarida de súdeastpunt fan it Floaridaskiereilân beslacht. It park bestiet sûnt 1947 en omfettet likernôch 20% fan 'e oarspronklike Everglades, in ûnbidich grut moerasgebiet wêrfan't de noardlike en eastlike parten yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw foar in grut part drûchlein binne foar lânbou en stêdebou. It Nasjonaal Park De Everglades is it grutste tropyske natoergebiet yn 'e Feriene Steaten, it grutste oaniensletten nasjonaal park beëasten de Mississippy en it op twa nei grutste oaniensletten nasjonaal park yn 'e legere 48 steaten (nei it Nasjonaal Park Death Valley yn Kalifornje en it Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming). De UNESCO parte it Nasjonaal Park De Everglades yn 1979 de status fan Wrâlderfgoed ta en de Konvinsje fan Ramsar sette it yn 1987 op 'e list fan wetlands fan ynternasjoneel belang.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nasjonaal Park De Everglades beslacht it súdwestlike diel fan 'e súdpunt fan it Floaridaskiereilân en omfettet in oerflak fan 6.106,6 km². Bestjoerlik makket it diel út fan 'e countys Miami-Dade, Monroe en Collier. Oan 'e westkant wurdt it begrinzge troch de Golf fan Meksiko en yn it suden troch de eilannekeatling fan 'e Florida Keys. It Nasjonaal Park De Everglades bestiet fierhinne út moerassen en leechlizzende prêrjes dy't der yn 'e reintiid ûnder strûpe. De Floaridabaai, it diel fan 'e Golf fan Meksiko dat tusken de súdpunt fan it Floaridaskiereilân en de Florida Keys yn leit, heart ek ta it nasjonaal park en foarmet dêr likernôch in trêdepart fan. Op lân fariëarret de hichte fan it nasjonaal park fan seenivo oant 2,4 m dêrboppe. It heechste punt yn it park is in troch de Kalûsa (Calusa) oanleine skelpeterp oan 'e Golfkust, mei in hichte fan 6,1 m boppe seenivo.

In lânkaart fan 'e Everglades, mei yn 'e uterste súdwestlike punt fan it Floaridaskiereilân (yn dûnkergrien) it Nasjonaal Park De Everglades.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste minsklike bewenning fan wat no it Nasjonaal Park De Everglades is, giet tebek oant likernôch 15.000 jier lyn. Doe't de earste Spaanske ûntdekkingsreizgers it Floaridaskiereilân yn 'e santjinde iuw oandiene, waard it gebiet bewenne troch twa Yndiaanske folken: de Kalûsa (Calusa) en de Tekwesta (Tequesta). Dy groepen ferdwûnen yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw troch Jerpeeske sykten dêr't se gjin ymmuniteit tsjin hiene, lykas de pokken en de mûzels, en troch druk fan noardliker libjende stammen.

Yn 'e njoggentjinde iuw waarden de Panhandle fan Floarida en it noardlike part fan it skiereilân stadichoan kolonisearre troch Amerikaanske kolonisten. De Everglades waarden yn dy tiid werbefolke troch de Seminoalen, in folk dat foar it meastepart in ôfspjalting fan 'e Kriik (Creek) yn Georgia wie, wêryn't ûntsnapte negerslaven en ferskate lytsere stammen dy't oarspronklik noardlik Floarida bewennen, opgien wiene. Under de trije Seminoalske Oarloggen (1817-1858) waarden de Seminoalen troch de kolonisten en it Amerikaanske Leger tebekkrongen nei de Everglades, dêr't ûnder ynfloed fan 'e drege besteansomstannichheden yn 'e moerassen in nije kultuer ta bloei kaam.

Hoewol't de Seminoalen yn harren sompige wengebiet wisten te ûntkommen oan 'e deportaasje nei Oklahoma dy't sa'n soad oare eastlike Yndiaanske folken trof, holden se nei ôfrin fan 'e Trêde Seminoalske Oarloch gjin bedriging foar de kolonisaasje fan súdlik Floarida mear yn. Sa koene oan 'e súdwestpunt fan it skiereilân nije (troch blanken bewenne) delsettings ûntstean, lykas Chokoloskee en Flamingo, en letter ek Everglades City.

In Mississippy-alligator.

Fan 'e 1880-er jierren ôf waarden de noardlike en eastlike dielen fan 'e Everglades drûchlein, earst foar agraryske doelen (benammen de bou fan sûkerreid) en letter ek foar urbanisaasje. Sa koe oan 'e súdeastkust fan it skiereilân de stêdekloft fan Miami ûntstean. Mei't de moerassen doedestiden sjoen waarden as nutteleas ûnlân dat ûntgûn wurde moast, wie men fan doel om úteinlik de hiele Everglades drûch te lizzen. Oeral waarden kanalen oanlein om it as oerstallich beskôge wetter út it gebiet nei see te lieden, en sadwaande sakke it wetternivo yn it gebiet op dramatyske wize, wat grutte skea oan 'e natoer tabrocht.

De leechleine prêrje fan seachgers dy't der yn 'e reintiid ûnder strûpt.

Yn 'e 1923 giene der foar it earst stimmen op om it oerbleaune diel fan 'e Everglades de status fan in beskerme natoergebiet te jaan. Fiif jier letter rjochte it Steatskongres fan Floarida de Kommisje foar it Tropysk Nasjonaal Park De Everglades (TENPC) op, dy't ûnder it foarsitterskip fan Ernest F. Coe stie, in eardere projektûntwikkeler dy't natoerbeskermer wurden wie en dy't letter "de Heit fan it Nasjonaal Park De Everglades" neamd waard. Syn kommisje kaam mei it plan op 'e lapen om in nasjonaal park op te rjochtsjen dat net inkeld it hjoeddeistige park, mar ek it eilân Key Largo en it tsjintwurdige Nasjonaal Wyldreservaat Big Cypress omfetsje moast. It soe alsa in oerflak beslaan fan krapoan 8.100 km². Dat wie foar projektûntwikkelers en de machtige jagerslobby in brêge te fier, en Coe syn ûnwil om syn plan oan te passen waard op in hier nei de deadsstek foar de oprjochting fan it park.

It wie de federale senator Spessard Holland, dy't mei bekwaam ûnderhanneljen in kompomis wist te berikken. Dat kaam del op in nasjonaal park fan 5.261 km², dêr't Key Largo, Big Cypress en inkele oare gebieten bûten bleaune. It Amerikaanske Hûs fan Offurdigen autorisearre de oprjochting fan it park yn 1934, mar politike strideraasjes, de Grutte Depresje en de Twadde Wrâldoarloch holden de eigentlike stifting op, oant it Nasjonaal Park De Everglades op 6 desimber 1947 ta wêzen kaam troch de hantekening dy't presidint fan 'e Feriene Steaten Harry Truman ûnder de oprjochtingsakte sette.

Yn 'e 1940-er jierren krige Marjory Stoneman Douglas, in sjoernaliste foar The Miami Herald, opdracht om in artikel oer de rivier de Miami te skriuwen. Dat makke yn har belangstelling foar de Everglades wekker. Fiif jier lang die se ûndersyk nei it gebiet, foar't se syn 1947 har boek The Everglades: River of Grass publisearre. Dêryn beskreau se it moerasgebiet oant yn detail, en se heakke der ek in haadstik oan ta oer de ferdwining fan 'e Everglades. Fan har boek waarden mear as 500.000 eksimplaren ferkocht, en it hie grutte ynfloed. Douglas, dy't de bynamme fan "Beppe fan 'e Everglades" krige, rjochte letter de Friends of the Everglades op, in aksjegroep dy't him oankante tsjin fierdere ûntwikkeling fan it gebiet.

In Amerikaanske blauwe reager.

Yn 'e desennia nei it ûntstean fan it nasjonaal park waarden ferskate kriten dy't yn it oarspronklike plan fan Coe diel fan it park útmakke hiene, der dochs noch oan tafoege. Oaren fan dy gebieten waarden ynkorporearre yn oare beskerme natoergebieten, lykas it Nasjonaal Park Biscayne, it Nasjonaal Wyldreservaat Big Cypress, it Steatspark It John Pennekamp Koraalrif op Key Largo, it Faunareservaat Ten Thousands Islands en it Nasjonaal Seereservaat De Florida Keys. Yn 1976 waard it Nasjonaal Park De Everglades troch de UNESCO oantsjut as in ynternasjonaal biosfearreservaat en trije jier letter pleatste de UNESCO it op 'e Wrâlderfgoedlist. De Konvinsje fan Ramsar beneamde it nasjonaal park yn 1987 ta in wetland fan ynternasjonaal belang.

In Amerikaanske slange-halsfûgel drûget syn wjukken.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nasjonaal Park De Everglades leit op 'e râne tusken in tropysk en in subtropysk klimaat, mei gleonhjitte simmers en waarme winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 25,6 °C. It Nasjonaal Park De Everglades kriget jiers trochinoar 1.457 mm delslach. Dy falt benammen yn it reinseizoen, dat rint fan ein maaie oant en mei begjin oktober. Fan begjin juny oant ein novimber bestiet der yn it nasjonaal park kâns op it foarkommen fan orkanen, dy't yn 'e regel út it Karibysk Gebiet wei oer de breedte fan it Floaridaskiereilân hinne raze nei de Golf fan Meksiko ta. Inkeld kin it ek foarkomme dat se út 'e Golf fan Meksiko oerkomme yn 'e rjochting fan 'e Atlantyske Oseaan.

Floara en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Floara yn it Nasjonaal Park De Everglades bestiet yn foarste plak út soarten fan it rûnombywêzige gers, lykas seachgers (Cladium) en swietgers (Muhlenbergia sericea). Beammen yn it park binne û.o. de Firginia-iik (Quercus virginiana), Floaridagifbeam (Metopium toxifera), seachblêddwerchpalm (Serenoa repens), ûnechte tamarinde (Lysiloma latisiliquum), elliottdin (Pinus elliotti) en ferskate soarten sipressen (Taxodium). De beammen binne faak behongen mei Spaansk moas (Tillandsia usneoides). As blommen komme û.m. ferskate soarten bromelia's (Bromelia) en orgideeën (Orchidaceae) foar. By de kust lâns groeie mangrovebosken, dy't besteane út trije ûnderskate soarten: reade mangrove (Rhizophora mangle), swarte mangrove (Avicennia germinans) en wite mangrove (Lagunacularia racemosa). Dêr groeie ek oare planten dy't fan sâltigens hâlde, lykas ferskate soarten kwelderkrûd (Salicornia) en skylpodkrûd (Batis). Yn 'e Floaridabaai komme ferskate soarten seegerzen (Cymodoceaceae) foar.

Bromelia's groeie op 'e stammen fan sipressebeammen wylst in grutte wite reager op 'e sneup is nei proai.

Yn it Nasjonaal Park De Everglades libje fierders likernôch 350 soarten fûgels, 200 soarten seefisken, 100 soarten swietwetterfisken, 50 soarten reptilen, 40 soarten sûchdieren en 24 soarten amfibyen.

Wat fûgels oangiet, komme yn it park seefûgels as de blaustirns, wytstirns en kob foar; steltfûgels as de bûnte gril, mients, steltklút, feereager, grutte wite reager, kwak, Amerikaanske blauwe reager, lytse blauwe reager, wytbealchreager, readhalsreager, reade leppelbek, wite wylpreager, kealkopearrebarre, reade flamingo, Kanadeeske kraanfûgel en trompetkraanfûgel; en oare wetterfûgels as de Amerikaanske skjirrebek, iisdûker, lytse seedûker, toefdûker, earielskolfer, Amerikaanske slangehalsfûgel, brune pilekaan, eastein, jolling, kapeseachbek, pylksturt, slob en wylde ein. Fierders binne der sjongfûgels as de reade kardinaal, wytkaakgreidprotter, Amerikaanske klapekster, glânstroepiaal, spotlyster, mangrovesjonger, kweldergoars; rôffûgels as de fiskearn, Amerikaanske see-earn, slakkeglee, goudûle en streekte boskûle; en oare soarten fûgels as de boereswel, ierdswel, bâniisfûgel, mangrovekoekoek en wytkapedo. Ek libje der ferskate soarten spjochten, wêrûnder fan âlds de no nei alle gedachten útstoarne ivoarsnaffelspjocht.

De Floaridapanter is in ûndersoarte fan 'e poema.

Yn it swiete wetter fan 'e moerassen komme fisken foar as de forelbears, blaukiuwsinnebears, readearsinnebears, goudskynkoarper en giele bollekopmarfal. Yn 'e Floaridabaai libje û.o. de binnensnoek, reafin, bûnte omberfisk, tarpoen, gratefisk, sichtefinhoarsmakriel, reade snapper, swarte seebears, grutte barrakuda en Atlantyske pylsturtroch. Dêr komme ek ferskate soarten haaien foar, wêrûnder guon foar de minske gefaarliken, lykas de bollehaai, tigerhaai en wite haai, mar ek guon ûngefaarlike planktonfilterders, lykas de walfiskhaai en de reuzehaai.

Sûchdieren dy't yn it Nasjonaal Park De Everglades foarkomme, binne û.o. it Amerikaansk fleanend iikhoarntsje, griis iikhoarntsje en swart iikhoarntsje, de Floaridawetterrôt, Floaridaknyn, moerasknyn, Amerikaanske nerts, langsturtwezeling, rivierotter, Firginia-opossum, waskbear, it streekte stjonkdier, de (reade) foks, grize foks, prêrjewolf, reade lynks, poema, Amerikaanske swarte bear en it wytsturthart. Yn see komt ek de tommelder foar, in dolfinesoarte, wylst de Karibyske lamantyn, in seeko, sawol yn sâlt as swiet wetter libbet.

In spitssnútkrokkedil.

Ien fan 'e bekendste bewenners fan 'e Everglades is de Mississippy-alligator, dy't in rol fan krúsjaal belang spilet yn it ekosysteem fan 'e moerassen troch yn 'e drûge tiid yn ôfhandige puollen en streamen de drek om te wuoljen. In oare, folle minder bekende krokkedileftige, de spitssnútkrokkedil, komt sawol yn swiet wetter foar as op see. Lânseigen slangen yn it nasjonaal park binne û.o. de giftige diamantrattelslange, Floaridawettermokkasin en harlekynkoraalslange, mar ek de ûngefaarlike (want net giftige) eastlike indigoslange, hinneslange, gewoane keningsslange en gewoane hoasbânslange. Hagedissesoarten yn 'e Everglades binne bgl. de hûsgekko, de readkielanoalis en ferskate oare soarten anoalissen. Skylpodden yn it park kinne lânskylpodden wêze, lykas de gofferskylpod, mar ek wetterskyldpodden as de bytskylpod en Floaridareadbealchskylpod, of seeskylpodden as de griene seeskylpod, karetskylpod, ûnechte karetskylpod en learskylpod.

In Karibyske lamantyn.

Guon amfibyesoarten dy't yn it Nasjonaal Park De Everglades foarkomme, binne de súdlike pod, ikepod, griene beamkikkert, lytse gerskikkert, súdlike koarkikkert, bargekikkert, broeikaskikkert, griene wettersalamander en grutte sirene (in soarte salamander). Fierders libje der yn 'e binnenwetters ferskate soarten rivierkreeften, garnalen, weakdieren en oare wringeleazen, wylst yn 'e Floaridabaai ek kreefteftigen, garnalen en weakdieren foarkomme, mei dêropta ferskate soarten koraal en spûnzen.

Al mei al komme yn it nasjonaal park 36 bedrige en/of beskerme soarten en ûndersoarten foar, wêrûnder de Floaridapanter (in ûndersoarte fan 'e poema), de spitssnútkrokkedil, de Karibyske lamantyn en de Súdfloaridakweldergoars (in ûndersoarte fan 'e kweldergoars). In grut probleem dêr't it Nasjonaal Park De Everglades mei te krijen hat, is dat eksoaten (útlânske soarten) har yn it gebiet fêstige hawwe. Wol 26% fan 'e soarten yn 'e Everglades bestiet út bisten en planten dy't dêr net thúshearre en dy't faak lânseigen soarten ferkringe. Foarbylden fan sokke eksoaten binne de wetterhyasint, in wettereplant dy't de wetterwegen ferstoppet; de blauwe tilapia, in fisk dy't wetterplanten opfret dy't nedich binne om jonge lânseigen fiskjes beskutting te jaan; en de Birmeeske pyton (Python bivittatus), in wjirchslange dy't alles opfret dat er te pakken krije kin. In foarbyld fan in eksoat yn it nasjonaal park dy't net folle skea oanrjochtet, is de griene leguaan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.