Swart iikhoarntsje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Swart iikhoarntsje
Sciurus niger (on fence).jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai: beamiikhoarntsjes (Sciurus)
soarte
Sciurus niger
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It swarte iikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus niger) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus), dat foarkomt yn 'e eastlike helte fan 'e Feriene Steaten. Dizze soarte is it grutste iikhoarntsje fan Noard-Amearika. Hy hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er noch rûnom foarkomt. Nettsjinsteande ferskillen yn kleur en grutte wurdt er soms betize mei it grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis) of oare iikhoarntsjesoarten.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan it swarte iikhoarntsje beslacht rûchwei de eastlike helte fan 'e legere 48 Feriene Steaten, wêrby't er yn it noardeasten ûntbrekt yn Nij-Ingelân, it súdlike part fan 'e steat New York, de eastlike helte fan Pennsylvania, sintraal Marylân, it grutste part fan Firginia, hast hiel Noard-Karolina (útsein it súdeastlike kustgebiet en it uterste westen) en in stik fan Opper-Súd-Karolina. De westpunt fan New York is it noardeastlikste part fan it oanienslettene areaal fan it swarte iikhoarntsje, en yn 'e rest fan Opper-New York komt er inkeld yn fersnipele eksklaves foar. Op it Chesapeake-skiereilân, dat it eastlike part fan Marylân en de steat Delaware omfiemet, libbet in isolearre populaasje.

In bretaal swart iikhoarntsje.

Yn it noarden falt de râne fan it ferspriedingsgebiet gear mei de ynternasjonale grins tusken de Feriene Steaten en Kanada, en wurdt sadwaande foarme troch de Earymar en de Hueronmar. Yn it noardwesten ûntbrekt it swarte iikhoarntsje yn Opper-Michigan, noardeastlik Wiskonsin en it noardeastlike hoekje fan Minnesota, mar yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba komt er oan 'e Winnipegmar ta foar, en ek libbet er yn it súdeasten fan 'e oanbuorjende provinsje Saskatchewan.

It ferspriedingsgebiet fan is swarte iikhoarntsje.
(read = lânseigen; rôs = útlânsk)

De westgrins fan syn areaal rint oer de Grutte Flakten, en folget rûchwei de grins fan dat gebiet mei de Rocky Mountains, troch de Amerikaanske steaten Montana, Súd-Dakota, Nebraska, Wyoming, Kolorado, Kansas, de Panhandle fan Oklahoma en westlik Teksas. Yn 'e uterste súdpunt fan Teksas ûntbrekke swarte iikhoarntsjes wer, mar wol komme se foar yn in oanswettende grinsstripe fan noardeastlik Meksiko, oan 'e Rio Grande. Dêrnjonken binne se troch de minske yntrodusearre yn dielen fan noardlik en súdlik Kalifornje (mar fral yn 'e omkriten fan San Fransisko en Silicon Valley, Los Angeles en hjir en dêr yn Oregon).

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It swarte iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 25-37 sm, mei in sturtlingte fan 20-33 sm en in gewicht fan ½-1 kg. Der bestiet gjin seksuële dimorfy yn dizze soarte (de mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út), mar eksimplaren út it westlike diel fan it ferspriedingsgebiet binne yn 'e regel wat behindiger as guon út it easten. Nettsjinsteande de namme hawwe de measte swarte iikhoarntsjes in pels dy't op 'e rêch griisbrún oant gielbrún is en op 'e bealch brunich oranje. Yn beskate eastlike kontreien, wêrûnder de Appalachen, is har pels dûnkerbrún oant swart mei wite streken oer de snút en wangen en oer de sturt, wylst der yn it Suden populaasjes besteane dy't in folslein swarte pels hawwe.

Swarte iikhoarntsjes hawwe, lykas alle beamiikhoarntsjes, in lange plomsturt en skerpe, sterke en frij lange klauwen, dy't se brûke by it klimmen. Se hawwe treflike eagen, en ek it gehoar en de rooksin binne goed ûntwikkele. Fierders hawwe se ferskate boskjes snorhierren (of taasthierren), dy't net inkeld ûnder en besiden de noas groeie, mar ek op har kin, boppe en ûnder de eagen en op 'e foarskonken.

In swart iikhoarntsje yn 'e snie.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swarte iikhoarntsjes komme it measte foar yn iepen wâldlân sûnder in protte ûndergroei, en mije boskgebieten mei in soad strewelleguod. It leafst hawwe se noch lytse boskjes folwoeksene beammen dy't ôfwiksele wurde troch ikkers en greiden. Fierders komme se ek faak foar oan wâldsiggen. Se meitsje gjin ûnderskie tusken leafwâld en nullewâld, mar wol tusken beamsoarten; dêrby lykje se de foarkar te jaan oan iken en dinnen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It swarte iikhoarntsje hat twa soarten fan beskûl: blêdenêsten en beamhoalen. Blêdenêsten wurde by 't simmer oanlein yn beamstrampels sa'n 9 m boppe de grûn, en as der gjin holle of fermôge beammen foarhâns binne, wurde sokke nêsten it hiele jier rûn bewenne. Winterdeis en om jongen te wrâld te bringen jouwe swarte iikhoarntsjes lykwols de foarkar oan in beamhoale, dy't se sels oanlizze yn gaadlike beammen of dat hoalen fan spjochten binne dy't se kreakje. Sokke beamhoalen binne trochstrings 15 sm breed en 14-16 sm djip, wylst de iepenings rûn binne en in trochsneed hawwe fan 7⅓-9½ sm.

In swart iikhoarntsje posearret nei't er in sinneblommepit krigen hat.

Swarte iikhoarntsjes binne inkeld oerdeis aktyf en bringe mear tiid op 'e grûn troch as oare soarten beamiikhoarntsjes. Soms kinne se by it foerazjearjen wol in pear hûndert meter fan 'e neiste beammen ôf waarnommen wurde. Likegoed binne it treflike en linige klimmers en ymposante springers, dy't maklik sprongen fan 4½ m op it horizontale flak of 6 m skean nei ûnderen ta meitsje kinne. It binne net bysûnder sosjale bisten, al bringe pearkes soms de winter yn ien hoale troch. Oer it algemien libje se lykwols solitêr, en sykje se inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten op. Swarte iikhoarntsjes hawwe in grutte fokabulêre, dy't foar in grut part bestiet út sjirpende, tsjotterjende en ketskjende lûden, en as se ûnrie gewaar wurde, stelle se dêrfan de hiele natoer op 'e hichte mei har trochkringende alaarmgjalp.

De peartiid rint fan mids desimber oant begjin jannewaris, mei in twadde perioade yn juny. Yn 'e regel produsearje wyfkes 2 nêsten jongen jiers, mar ienjierrige wyfkes hâlde it soms by ien inkeld nêst. De draachtiid duorret 44-45 dagen, wêrnei't der trochinoar 3 jongen smiten wurde, dy't keal en blyn te wrâld komme. Mei 4-5 wiken geande de eachjes iepen en mei 6 wiken kinne se hearre. As se 8-10 wiken âld binne, wurde se ôfwûn, mar se se binne ornaris pas selsstannich mei 12 wiken. Wyfkes berikke mei 10-11 moannen geslachtsripens en produsearje pas yn it jier nei har berte har earste jongen. Soms bringe de jongen de winter noch troch yn 'e beamhoale fan 'e mem.

In swart iikhoarntsje makket in apenútsje lytsman.

Yn it wyld is de libbensferwachting fan in swart iikhoarntsje trochinoar 8½ jier foar mantsjes en 12½ jier foar wyfkes, mar dêrfoar moatte se dan wol predaasje, jacht (troch minsken), de oanhâldende habitatferwuostging en it soms strange winterwaar sjen te oerlibjen. Yn finzenskip kinne swarte iikhoarntsjes 18 jier wurde. De wichtichste natuerlike fijannen binne de reade lynks, de foks, de grize foks, de hûn en ferskate soarten hauken en ûlen. Jonge eksimplaren wurde ek wolris snipt troch de waskbear en ferskillende soarten slangen.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swarte iikhoarntsjes binne omnivoaren dy't net botte tier binne. Se frette nuten (fral ikels, wâlnuten en hazzenuten), beamleaten, woartels, bollen, sieden, skimmels, ynsekten en fûgelaaien, en hawwe der likemin muoite mei om lânbougewaaksen lykas koarn, sojabeane, hjouwer, weet en fruchten lytsman te meitsjen.

In swart iikhoarntsje.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It swarte iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en syn populaasje oer it gehiel nommen stabyl liket te wêzen. Lykwols hat er yn beskate kriten te lijen ûnder oerbejaging en de oanhâldende ferwuostging fan syn habitat. Sûnt de kolonisaasje fan syn wengebiet, yn 'e santjinde iuw, wie it swarte iikhoarntsje lange tiid in wichtige boarne fan fleis foar de Amerikaanske plattelânsbefolking. Tsjintwurdich wurdt er, nei't it skynt, mear bejage om 'e jacht sels as om it fleis, al wurdt er noch altyd wol iten.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In swart iikhoarntsje kontrolearret oft de kust feilich is foar't er oan it miel sil.

Der binne 10 erkende ûndersoarten fan swarte iikhoarntsje:

  • it Big Cypress-iikhoarntsje (Sciurus niger avicinnia)
  • it Delmarva-iikhoarntsje (Sciurus niger cinereus)
  • it Delta-iikhoarntsje (Sciurus niger subautatus)
  • it eastlike swarte iikhoarntsje (Sciurus niger vulpinus)
  • it heechlânske swarte iikhoarntsje (Sciurus niger bachmani)
  • it Pineywoodsiikhoarntsje (Sciurus niger ludovicianus)
  • it shermaniikhoarntsje of Shermans swart iikhoarntsje (Sciurus niger shermani)
  • it súdlike swarte iikhoarntsje (Sciurus niger niger)
  • it Teksaanske swarte iikhoarntsje (Sciurus niger limitus)
  • it westlike swarte iikhoarntsje (Sciurus niger rufiventer)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.