Kwak
| kwak (nachtreager) | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Nycticorax nycticorax | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De kwak of nachtreager (Nycticorax nycticorax) is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kwak hat in swarte krún en rêch dy't ôfstekt tsjin de grize wjukken en de ljochte ûnderkant. Syn eagen binne opfallend bloedread. Yn 'e briedtiid hat er in pear lange, wite sierfearren achter op 'e kop. De poaten binne koarter as by de measte oare reagers en wurde yn 'e briedtiid rôze of readich. Se wurde likernôch 58 oant 72 sm lang mei in spanwiidte fan hast 120 sm. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin opfallende ferskillen; ornaris is it mantsje wat grutter as it wyfke.
Juvenilen binne brún mei ljochte plakjes en giele eagen. It duorret likernôch trije jier foardat se in folwoeksen fearrekleed krije.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kwak is ien fan 'e meast fersprate reagersoarten op 'e wrâld en komt op hast alle kontininten foar, útsein Antarktika en Austraalje. De fûgel is ferdield yn fjouwer ûnderskate ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Nycticorax nycticorax nyticorax (Gmelin, 1789) – de nominaatfoarm briedt yn Europa en [[Aazje] oant Yndoneezje, yn Afrika en op Madagaskar.
- Nycticorax nycticorax hoactli - súdlik Kanada oant noardlik Argentynje en Sily.
- Nycticorax nycticorax obscurus (Bonaparte, 1857) - noardlik Sily en noard-sintraal Argentynje oant Tierra del Fuego.
- Nycticorax nycticorax falklandicus (Hartert, 1914) - Falklâneilannen
De ûndersoarten ferskille fan inoar yn ferspriedingsgebiet, boarstkleur, de kleuren fan 'e poaten yn 'e briedtiid en it formaat:
| Skaaimerk | nycticorax | hoactli | obscurus | falklandicus |
|---|---|---|---|---|
| Regio | Alde Wrâld | Noard-Amearika | Súd-Amearika | Falklâneilannen |
| Boarstkleur | Ljochtgriis | Bleek | Donkergriis | Fariabel / donker |
| Briedpoaten | Djipread | Salmrôze | Rôze / read | Rôze / read |
| Formaat | Middel | Grut | Grutst | Lyts |
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it lêste fearn ferdwûn de lêste fan 'e grutte koloanjes dy't Nederlân ea ryk wie mei it drûchlizzen fan 'e lêste grutte sompegebieten. Hjoed-de-dei is de kwak yn Nederlân in briedfûgel, mar yn lytse oantallen. Foar 2024 waard it oantal pearkes op 40 oant 50 rûsd. Faak binne de briedpearen yn Nederlân ûntsnapte fûgels út finzenskip. De measte briedgefallen wurde yn it westen fan it lân waarnommen.[1]
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjes dy't bûten de tropyske dielen fan it ferspriedingsgebiet briede, binne trekfûgels, wylst de oaren stânfûgels binne. Yn in soad gebieten migrearet de fûgel ek lokaal. Fûgels fan 'e Alde Wrâld oerwinterje yn tropysk Afrika en súdlik Aazje. De Noardamerikaanske populaasje oerwinteret yn Meksiko, it suden fan 'e Feriene Steaten, Midden-Amearika en de West-Yndyske eilannen.

De kwak foerazjearret benammen by it skimerjen en nachts nei fretten, lykas fisken, kikkerts en wetterynsekten. Oerdeis hâldt er him meastentiids skûl yn tichte strûken of beammen tichteby it wetter.
It brieden bart yn koloanjes yn sompen, by fivers en kanalen mei gaadlike nêstbeammen. Faak briedt de fûgel mei oare reagersoarten. It nêst is ienfâldich en boud yn in beamholte of tusken ticht reid. In lechsel bestiet út trije oant acht aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje mar mei in ûndúdlike ûntwikkeling. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern 2025). De wrâldpopulaasje wurdt tusken sawat 440.000 en krekt ûnder twa miljoen folwoeksen yndividuen rûsd (2023).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kwak
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda

