Floaridabaai

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Floaridabaai
Florida Bay at Flamingo.JPG
geografy
lokaasje súdpunt fan Floarida
koördinaten 25°00′01″N 80°44′59″W
ûnderdiel fan Golf fan Meksiko
sifers
maks. lingte 80 km
maks. breedte 50 km
oerflak 2.100-2.600 km²

De Floaridabaai (Ingelsk: Florida Bay), is in baai foar de súdkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida, dy't ta de Golf fan Meksiko rekkene wurdt. Dit wetter skiedt de eilannekeatling fan 'e Florida Keys yn it suden en súdeasten fan 'e súdpunt fan it Floarida-skiereilân yn it noarden. It wetter mjit sa'n 80 km fan east nei west by likernôch 50 km fan noard nei súd (op it breedste punt). Oan 'e eastkant einiget de baai yn in punt dêr't de Florida Keys en de kust fan it skiereilân byinoar komme; yn it westen wurdt de grins ornaris lutsen as in rjochte line fan noard nei súd op 'e hichte fan Kaap Sable (oan 'e súdwestkust fan it skiereilân) en de stêd Marathon op 'e Keys. Om't de westgrins frij willekeurich lutsen is, wurdt it oerflak fan 'e Floaridabaai yn ferskillende boarnen jûns as 2.100 km², 2.200 km² of sels 2.600 km².

De Floaridabaai (gielgrien) werjûn op in kaartsje fan 'e Amerikaanske steat Floarida.

Hast de hiele Floaridabaai makket ûnderdiel út fan it Nasjonaal Park de Everglades, dat benammen it sompelân op 'e punt fan it Floarida-skiereilân omfiemet. De súdlike râne fan 'e baai, by de eilannen lâns, heart ta it Nasjonaal Seereservaat de Florida Keys. De baai bestiet út sânbanken mei ferskate dobben dertusken, dêr't it goed fiskjen is op grize seebears, makriel en oare fisken. It tilt der op fan 'e reade leppelbekken, dy't oan 'e kusten fan 'e baai nestelje. Foarhinne diene Amerikaanske flamingo's itselde. Fan 'e ûndergrûn fan 'e baai binne op guon plakken boarmeunsters nommen om ûndersyk te dwaan nei de paleontology fan eardere geologyske tiidrekken.

Oangeande de Floaridabaai besteane swierrichheden op it mêd fan miljeufersmoarging. Troch de fuortspielde keunstmest dy't fia it oerflaktewetter út it fêstelân fan Floardia ôffierd wurdt nei de Everglades en dêrwei nei de Floaridabaai, wurdt de baai no op plakken oerwoekere mei algen. Dêr fuorje beskate baktearjes harsels mei, dy't sadwaande yn sokke grutte oantallen foarkomme dat se alle soerstof út it wetter helje. Oare mikroben hawwe wer baat by sa'n soerstoffrij miljeu, en jouwe sels giftige gassen ôf dy't eltse oare plantegroei tsjinkeart. Fisken en kreefteftigen ferlitte sokke gebieten om't se der net oerlibje kinne, mei as gefolch dat fûgels der gjin fretten fine en sokke kriten ek mije. It probleem wurdt noch oanboaze trochdat der no in protte swiet wetter út 'e Everglades helle wurdt om 'e grutte stêden fan súdeastlik Floarida fan drinkwetter te foarsjen. Dêrtroch wurdt de trochstreaming yn 'e Floaridabaai fermindere, en komt der troch de keunstmest fiersten tefolle stikstof yn it wetter te sitten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.