Karibyske lamantyn
Karibyske lamantyn | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Trichechus manatus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Karibyske lamantyn of ek wol manaty of manatee (Trichechus manatus) is ien fan de trije soarten út it skaai fan de lamantinen.
Wengebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Karibyske lamantyn libbet yn ûndjip wetter oan de kusten fan de Kariben. Om't er graach wat omdoarmje mei wurdt er ek wol op rivieren fûn; yn Súd-Amearika is in Karibyske lamantyn in kear 800 km fan de kust it lân yn fûn. Oarsom is der ek wolris ien 15 km fan de kust yn iepen see oantroffen. De dieren gean ek wol de Atlantyske kust lâns nei it noarden.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Karibyske lamantyn yt it meast wetterplanten sa as Ielgers. Alle dagen yt in Karibyske lamantyn likernôch in fearnsdiel fan syn gewicht. Grutte folwoeksen eksimplaren kinne hast sa'n 100 kg deis ite.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Karibyske lamantyn is in solitêr bist. Allinnich tusken de ko en har keal is in bân. In Karibyske lamantynko hat draachtiid fan 12 moannen. Sy krijt dan ien keal dat 2 jier troch har fersoarge wurdt. Nei sa'n 3-4 jier binne de wyfkes geslachtsryp, de mantsjes efkes letter. In Karibyske lamantyn kin oer de 50 jier âld wurde.
Bedrigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de 16e iuw wurdt op de Karibyske lamantyn jage foar oalje en fleis. Hjoed-de-dei is de Karibyske lamantyn oeral beskerme, mar rint er hieltyd noch yn tal werom. Hoewol 't de Karibyske lamantyn gjin natuerlike fijânen hat, wurdt in part fan syn libbensgebiet troch de minsken ynnommen. Ek wurde in grut tal dieren troch propellers fan bûtenboardmotoaren ferwûne en komme Karibyske lamantinen by it gerskjen yn fiskark (heaken en netten ensf.) telâne.
Floaridamanaty
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst it grutste part fan de Karibyske lamantinen no oan de noardeastekust fan Súd-Amearika libbet, is der ek in popúlaasje fan likernôch 3.000 Karibyske lamantinen dy't oan de kust fan Floarida libje. Dy populaasje wurdt meast sjoen as in ûndersoarte, de Floaridamanaty (Trichechus manatus latirostris), njonken de Karibyske manaty (Trichechus manatus manatus). Troch de maatregels foar it behâld dy't de FSA naam hawwe, is der in stadige waakst fan dy populaasje.
Chessie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1994 waard in Karibyske lamantyn fûn dy't de Chesapeakebaai ynswommen wie. Doe't it yn oktober dêr te kâld waard, waard "Chessie" fongen en troch de kustwacht werombrocht nei Florida. Om't er ek in stjoerder meikrige, koe it mantsje presys folge wurde doe't er yn 1995 wêr nei it noarden gong. Dat jier gong er fan de Chesapeakebaai fierder oant Rhode Island yn it noardeasten fan de Feriene Steaten ear't er mei it kâlder wurden wer nei it suden gong. Om't er yn 1996 de stjoerder ferlern hie koe syn tocht dat jier net presys folge wurde. Hy waard lykwols op de weromreis sjoen yn Portsmouth (Firginia), dat hy moat ek dat jier yn de Chesapeakebaai west hawwe. Yn 2001 kaam er wer yn it nijs doe't er wer nei Firginia kaam wie en sjoen waard doe't er troch de Great Bridge slûs gong.
Migraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut fierder ûndersyk docht bliken dat it mear bart dat Karibyske lamantinen alle jierren migrearje tusken in wintergebiet en in simmergebiet. Der is in teory dat dit earder it gewoane gedrach fan de dieren west hat. Dat koe dan ek de ferklearing wêze fan de ferhalen oer in seemeunster "Chessie" yn de Chesapeakbaai, dêr't de reisgrage Karibyske lamantyn nei neamd wie.
- Sûchdieresoarte
- Lamantyn
- Bedrige sûchdier
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen