Okeechobee-mar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Okeechobee-mar
Lake Okeechobee.JPG
Geografy
Lokaasje súdlik Floarida
Koördinaten 26°56′N 80°48′W
Underdiel fan Everglades
Sifers
Maks. lingte 57,5 km
Maks. breedte 46,6 km
Oerflak 1.900 km²
Djiptegemiddelde 2,7 m
Djipste punt 3,7 m
Wetterfolume 5,2 km³

De Okeechobee-mar (Ingelsk: Lake Okeechobee; útspr.: [le:k oʊki'ʧoʊbi], likernôch: "leek oo-ki-tsjoo-by"), is in grutte mar yn Noard-Amearika dy't pleatslik ek wol bekendstiet as The Lake ("De Mar") of The Big O ("De Grutte O"). Dit wetterlichem leit yn 'e Amerikaanske steat Floarida, yn it súdlike part fan it Floarida-skiereilân. It is it grutste swietwetterlichem fan Floarida en de op ien nei grutste mar yn 'e legere 48 steaten dy't hielendal troch it grûngebiet fan 'e Feriene Steaten omsletten wurdt (de grutste is de Michiganmar). De Okeechobeemar is ek de grutste mar yn 'e legere 48 Amerikaanske steaten dy't hielenendal troch it grûngebiet fan ien steat omsletten wurdt. De namme fan 'e mar is in gearstalling fan 'e Mikasûky-wurden oki ("wetter") en chubi ("grut"), en betsjut dus eins gewoan 'Grut Wetter'.

De Okeechobee-mar (blau) yn 'e Amerikaanske steat Floarida.

De Okeechobee-mar hat in oerflak fan 1.900 km². It djiptegemiddelde is 2,7 m, mei in djipste punt op 3,7 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 46,6 km fan east nei west, en op it langste punt 57,5 km fan noard nei súd. De mar befettet nei skatting 5,2 km³ wetter. Der lizze njoggen lytse eilantsjes yn 'e Okeechobee-mar, wêrfan't Kreamer, Ritta en Torey it wichtichst binne. Dy trije lizze oan 'e súdkant fan 'e mar en wiene foarhinne bewenne troch blanke kolonisten oant se mids 1960-er jierren ûntfolke rekken om't de grûn der eins te wiet wie om rindabel buorkje te kinnen. Bestjoerlik is De Okeechobee-mar ferdield oer de countys Glades, Okeechobee, Martin, Palm Beach en Hendry. De grinzen fan allefiif neamde countys komme gear net fier fan it geografyske mulpunt fan 'e mar.

De Okeechobee-mar leit yn in bedelte yn it suden fan it Floarida-skiereilân, en is tusken 6.000 en 4.000 jier lyn ûntstien. In grut diel fan sintraal en súdlik Floarida wetteret ôf yn 'e mar, foar 60% fia de rivier de Kissimmee en foar 9% fia de Fisheating Creek. De Okeechobee-mar sels foarmet wer de boarne fan it sompelân fan 'e Everglades, yn 'e súdlike punt fan it skiereilân. De mar wurdt omjûn troch in 9 m hege dyk, de Herbert Hoover Dike, dy't yn 1928 ûnder it presidintskip fan Herbert Hoover oanlein waard troch it Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger, nei't by in orkaan de âldere dyk trochbrutsen wie, wat resultearre yn in wettersneed yn it omlizzende lân dy't teminsten 2.500 minsken it libben koste. De grûn dy't nedich wie foar de oanlis fan 'e dyk waard der fuort njonken útgroeven, sadat der om in grut part fan 'e Okeechobee-mar hinne in rânekanaal ûntstie, dat djippernôch is om befarber te bliuwen as de ûndjippe mar sels yn tiden fan drûchte net mear befearn wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.