Ferskil tusken ferzjes fan "Hylpersk"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
4 bytes grutter ,  2 jier lyn
→‎Sprekkerstal: Keppeling tafoegje
(Lytse oanpassingen)
(→‎Sprekkerstal: Keppeling tafoegje)
It Hylpersk waard neffens in skatting út [[2018]] noch sprutsen troch sa'n 300 minsken,<ref name="taalhelden">{{Fuotnoat|{{Aut|Grosso, Maria del}}, ''Hindeloopen omarmt taalhelden'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 13 novimber 2018, s. 25}}</ref> hoewol't [[Siebren Dyk]], de skriuwer fan it ''Graet Hylper Wordebook'', yn [[2019]] sei dat sa'n 40% fan 'e ynwenners fan Hylpen, oftewol 400 minsken, noch it dialekt spriek.<ref name="wordebook"/> Dat binne foar it meastepart leden fan 'e âldere [[generaasje]]s, sadat it sprekkerstal de lêste desennia stadichoan tebekrint. Lykwols binne der noch al jongeren dy't it Hylpersk as deistige omgongstaal brûke en dy't it ek oan har eigen bern trochjaan wolle. Sa fetelde Dyk yn [[maart]] [[2009]] yn in [[fraachpetear]] mei de ''[[Ljouwerter Krante]]'' dat er okkerdeis yn 'e [[supermerk]] yn Hylpen noch in lyts [[famke]] tsjin har [[heit]] sizzen heard hie: "''Fear, yk wol nei ame tó.''" ("Heit, ik wol nei beppe ta.").<ref name="wordebook"/>
 
Mids [[novimber]] [[2018]] kaam yn it [[nijs]] dat taalfanaten [[Dyami Millarson]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en syn maat Ken Ho út [[Hongkong]], dy't earder al yn koarte tiid it [[Aastersk]] fan [[Skylge]] en it [[Skiermûntseagersk]] learden te sprekken, harsels no it Hylpersk oanleard hiene. Millarson hie dêr trije [[wike]]n oer dien, wylst Ho, dy't muoite mei de [[útspraak]] fan 'e [[fokalen]] en [[twaklank]]en hie, der in fearnsjier mei besteld west hie. De Hylpers wiene bliid ferrast mei de belangstelling, sa fertelde Roelie de Vries fan 'e [[Stifting ta Behâld fan Ymmaterieel Erfgoed Hylpen]] yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]''. Fral, sa foege se deroan ta, nei't it Hylpersk folslein negearre wie troch it [[LF2018]]-projekt [[Lân fan Taal]].<ref name="taalhelden"/>
 
== Taaleigenskippen ==
Anonime meidogger

Navigaasjemenu