Springe nei ynhâld

Oerlis:Hylpersk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Under it kopke "Untwikkeling" stie dat der oant likernôch 1800 yn Koudum in dialekt sprutsen waard dat tige op it Hylpersk liek. Ik fermoedzje dat hjir in flater yn it spul is en dat net Koudum, mar Molkwar bedoeld wurdt; dat hie nammentlik yndie in eigen dialekt dat wol wat fan it Hylpersk wei hie en dat is yn 'e njoggentjinde ieu útstoarn. Oer it bewearde dialekt fan Koudum haw ik it ynternet ôfsocht, mar wat serieuze siden oangiet, waard it inkeld hjirre en op 'e Nederlânske wikipedia neamd, en de Nederlânske hat it foar it neist fan ús oernommen. Yn elts gefal haw ik de tekst oangeande Koudum foarearst feroare yn Molkwar. Ieneach fan 'e Esk (talk) 11 apr 2013, 17.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Grammatika

[boarne bewurkje]

Der stiet hjir in protte oer de skaaimarken fan it Hylpersk, mar neat oer de grammatikale ferskillen tusken it Hylpersk en it Standerdfrysk. Kin ik dêrút konkludearje dat de grammatika fan it Hylpersk net folle ôfwiket fan it 'gewoane' Frysk? Steinbach (oerlis) 26 aug 2019, 23.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Nee, dat betsjut it net. Even foar de goede oarder: ik bin net de oarspronklike skriuwer fan dit artikel, mar ik haw it in pear jier lyn wol in flink ein útwreide. Dêrfoar haw ik it Hylper Wurdboek fan 'e Fryske Akademy as boarne brûkt. Sa't jo begripe sille, kin men út in wurdboek aardich wat wiiswurde oer de wurdskat en de útspraak en sa, mar folle minder oer de grammatika. Dus de reden dat der neat oer de grammatika yn it artikel stiet, is simpelwei om't ik dêr gjin boarnen foar hie. Wat dat oangiet, moat it artikel dus nochris oanfolle wurde as dêr boarnen oer beskikber komme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 aug 2019, 00.17 (CEST)[beäntwurdzje]