Mearkes fan Grimm

Ut Wikipedy
Mearkes fan Grimm
De Fryske oersetting, yn 2012 útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
De Fryske oersetting, yn 2012
útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
algemiene gegevens
oarspr. titel Kinder- und Hausmärchen
   (Kleine Ausgabe)
auteur Bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm ferhalebondel
sjenre mearkes
1e publikaasje 1825, Stuttgart
oarspr. útjwr. Loewes Verlag
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Mearkes fan Grimm
publikaasje 2012, De Gordyk
útjouwer Utjouwerij Bornmeer
oersetter Anne Tjerk Popkema
ISBN oers. 978-9 05 61 52 888

Mearkes fan Grimm is de namme fan 'e Fryske oersetting fan 'e saneamde Kleine Ausgabe ("Lytse Utjefte") fan 'e Kinder- und Hausmärchen fan 'e bruorren Grimm. It is in blomlêzing fan Dútske mearkes dy't foar it earst publisearre waard yn 1825, mei't de gruttere samling fan 1812 as foarlêsboek net foldie, yn it foarste plak om't it mei 211 ferhalen in te wiidweidich (en dus te djoer) wurk wie en oard om't in grut tal fan 'e "bernemearkes" út noch yn net gaadlik wiene foar bern, mei't se fiersten te bluodderich of te grizelich wiene. De Lytse Utjefte, lykwols, waarden tusken 1825 en 1858 tsien printingen fan útferkocht. De Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema kaam út yn 2012 en omfettet 50 mearkes, mei dêrûnder klassikers lykas Hâns en Grytsje, Jiskepûster, Readkapke, Toarnroaske en Sniewytsje.

Mearkes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint foar de bruorren Grimm op it merkplein fan Hanau, yn Hessen.
  • Toarnroaske
  • Fûnfûgel
  • Kening Klysterburd
  • Sniewytsje
  • Oegemantsje
  • De Hûn en de Mosk
  • Freark en Katerliskje
  • Bûntepels
  • Jorinde en Joringel
  • Fan 'e Dea fan it Hintsje
  • Hâns Lok
  • De Earme en de Rike
  • De Guozzefaam
  • De Tûke Boeredochter
  • Dokter Wital
  • It Winterkeninkje en de Bear
  • Snoad Folk
  • Slangeteltsjes
  • De Earme Moolnersjonge en it Katsje
  • De Joad yn it Toarnboskje (miskien minder gaadlik foar bern fanwegen de antysemityske toansetting)
  • It Snoade Skroarke
  • De Fjouwer Keunstfeardige Bruorren
  • Ieneachje, Twaeachje, Trije-eachje
  • De Wite en de Swarte Breid
  • De Trije Loaikerts
  • De Stjerredaalders
  • Sniewytsje en Roazerea

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan 'e Lytse Utjefte ferskynde yn 2012 ûnder de titel Mearkes fan Grimm by Utjouwerij Bornmeer op 'e Gordyk, mei stipe fan 'e Boersma-Adema Stichting, it Pot-Cuperus Fûns (yn behear by de Stichting Frysk Akademyfûns), it Feitsma Fûûns fwar it Frysk, de Stifting FLMD, de Douwe Kalma Stifting, de Ottema-Kingma Stichting en de provinsje Fryslân. De Fryske fertaling en it ynformative foaropwurd binne fan 'e hân fan Anne Tjerk Popkema, en der binne yllustraasjes tafoege fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn. It mearke De Fisker en Syn Frou is sawol yn it Standertfrysk tafoege, as yn in Hylperske oersetting fan Gosse Blom. Yn it foaropwurd leit Popkema út dat keazen is foar de titel Mearkes fan Grimm, om't De Mearkes fan Grimm ymplisearje soe dat it in oersetting fan 'e folslein Kinder- und Hausmärchen wie.

Oare oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mearkes fan Grimm is it earste diel yn in rige Grimm-oersettings yn lytse talen mei deselde foarmjouwing en yllustraasjes. Yn 2015 kaam der fan 15 mearkes in oersetting yn it Biltsk út, ûnder de titel Sprokys fan Grimm.[1] Yn 2016 folge in ferzje mei 23 mearkes yn it Stellingwerfsk dy't Sprokies van Grimm hjit.[2] Fan doe ôf binne allinne wer útjeften mei alle 50 mearkes ferskynd: yn 2016 kaam Grunneger Grimm út yn it Grinslânsk. Yn 2018 folgen Teelen faan Grimm, 50 mearkes yn de Noardfryske dialekten, en ek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys, 50 mearkes yn de sân Stedske dialekten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Sprokys fan Grimm" in het Bildts, yn: de Ljouwerter Krante, 6 novimber 2015.
  2. Wester, Fokke, Sprokies van Grimm verschienen in et Stellingwarfs, yn: De Woudklank, 10 maart 2016.