Hâns en Grytsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In yllústraasje troch Arthur Rackham, út 1909.

Hâns en Grytsje, yn it oarspronklike Dútsk: Hänsel und Gretel (Nederlânsk: Hans en Grietje), is ien fan 'e bekendste mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. It giet werom op in oerâld Dútsk folksferhaal, dat de bruorren Grimm trochdien waard troch Dortchen Wild. It is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, mei dêrûnder film, tillevyzje, animaasje, romans en fideospultsjes. Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is Hâns en Grytsje op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Yn it mearke binne Hâns en Grytsje de bern fan in earme houtsjer en syn frou. As der in hongersneed oer it lân komt, trunet de frou, dy't de styfmem fan 'e bern is, de heit oan om harren mei te nimmen de bosk yn en dêr efter te litten. Mar Hâns heart har dat sizzen, dat hy giet nei bûten ta en docht de bûsen fol mei kiezelstientsjes dy't glimme yn 'e moanneskyn. De oare deis bringt harren heit de beide bern djip yn 'e bosk en pykt dêrnei út. Mar Hâns en Grytsje wachtsje oant it tsjuster wurdt, en folgje dan it spoar fan 'e glimmende stientsjes, dy't Hâns op 'e hinneweis om it hoartsje falle litten hat, werom nei hûs.

Mar de hongersneed hâldt oan, dat harren styfmem stiet der op 'e nij by harren heit op oan om 'e bern yn 'e bosk efter te litten. Diskear hat se lykwols de doar op 't slot dien, dat Hâns kin gjin stientsjes byinoar sykje. De oare deis bringt harren heit Hâns en Grytsje wer de bosk yn en spilet dan fan ruten. De bern besykje it paad werom te finen, mar sûnder it spoar fan stientsjes ferdwale se hopeleas. Nei in pear dagen omdoarme te hawwen, komme se by in húske dat alhiel makke is fan bôle en koeke. Se binne útroppe, dat se begjinne der gau fan te iten. It âldwyfke dat dêr wennet komt nei bûten ta en noeget harren yn 'e hûs. Mar hja blykt in boaze hekse te wêzen, dy't Hâns yn in lyts hokje mei traaljes fêstset om him fet te mesten, en Grytsje al it wurk yn en om 'e hûs dwaan lit.

No hawwe heksen hiele minne eagen, dat eltse dei as de hekse by Hâns syn hokje komt en him oan 'e finger fielt om te sjen oft er al fet genôch is om te slachtsjen en op te iten, stekt Hâns in tûkje tusken de traaljes troch, dat de hekse foar syn finger hâldt. Se snapt der neat fan dat dy jonge nea net fetter wurdt, mar úteinlik beslút se him dan sa mar op te iten. As se Grytsje fiele litte wol oft de ûne al goed hjit is, beart dy dat se net wit hoe't dat moat. Om it har sjen te litten, linet de hekse sels yn 'e ûne, mar dan jout Grytsje har in triuw, dat se der yn knoffelet, en slacht dêrop gau-gau it doarke efter har ticht. Sa ferbrânt de hekse op in skriklike wize, wylst Grytsje Hâns befrijt út syn hokje. Se loegje de bûsen fol mei juwiellen dy't se yn 'e wente fan 'e hekse fine en geane dan nei hûs. No't de hekse, dy't de bosk betsjoend hie, dea is, kinne se it paad wól fine. As se thús oankomme is harren heit o sa bliid dat se der wer binne, en harren styfmem blykt yn 'e tuskentiid weirekke te wêzen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Men tinkt wol dat dit ferhaal ûntstien is ûnder of nei oanlieding fan 'e Grutte Hongersneed (1315-1321), doe't de lju wanhopige dingen diene, lykas harren eigen bern yn 'e steek litte, en sels wol har taflecht namen ta kannibalisme. Yn 'e earste ferzje fan Hâns en Grytsje dy't de bruorren Grimm fêstleine, yn 'e útjefte fan harren Kinder- und Hausmärchen fan 1812, wiene it de heit en de echte mem fan Hâns en Grytsje dy't harren yn 'e bosk efterlieten, en hiene dy beiden dêr likefolle skuld oan. Pas yn lettere útjeften waard, nei alle gedachten om it teltsje wat bernfreonliker te meitsjen, de mem ferfongen troch in boaze styfmem fan wa't it hiele plan útgie, en begûn de heit tsjinnichheid te ûnderfinen. It earste part fan it mearke liket as twa drippen wetter op Lyts Tomke, dat Charles Perrault yn 1697 optekene yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"). It feit dat de mem/styfmem stoarn is as de bern nei de dea fan 'e hekse wer thús komme, suggerearret foar de measte literatuerwittenskippers dat de mem/styfmem en de hekse yn oerdrachtlike sin ien en deselde frou foarstelle.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 1 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 321.
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.