Sniewytsje en Roazerea
Sniewytsje en Roazerea | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Schneeweißchen und Rosenrot | |
auteur | Bruorren Grimm | |
taal | Dútsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1812, Berlyn | |
oarspr. útjwr. | Realschulbuchhandlung | |
bondel | Kinder- und Hausmärchen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Sniewytsje en Roazerea | |
publikaasje | 2012, De Gordyk | |
útjouwer | Utjouwerij Bornmeer | |
oersetter | Anne Tjerk Popkema | |
ISBN oers. | 978-9 05 61 52 888 |
Sniewytsje en Roazerea, yn it oarspronklike Dútsk: Schneeweißchen und Rosenrot, is ien fan 'e minder bekende mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. It moat net betize wurde mei Sniewytsje (Schneewittchen), dat in folslein oar mearke is. Likemin hearde it ta de mearkes fan Charles Perrault yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"), sa't wolris beweard wurdt.
Foàr de bruorren Grimm is it inkeld bekend fan in âldere en koartere ferzje fan Caroline Stahl, dy't as titel De Untankbere Dwerch hie. Dat is mei-iens ek de âldst bekende foarm fan it mearke. Wol is út ûndersyk dúdlik wurden dat dit folksferhaal mar in tige beheinde fersprieding hie. Yn 2012 is it oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sniewytsje en Roazerea binne de dochters fan in earme widdo. Se binne altiten byinoar en kinne it tige goed mei-inoar fine. Op in winterjûn blykt der, as der oankloppe wurdt, in bear foar de doar te stean. De beide famkes en harren mem wurde o sa kjel, mar de bear kin prate, en seit dat er oan it murch ta ferklomme is en oft er him wol eefkes foar harren iepen hurd opwaarmje mei.
De widdo kriget begrutsjen mei him en lit him deryn. Letter, as sy en har bern út 'e wei sille, biedt se de bear oan om dy nachts mar foar de hurd lizzen te bliuwen. Fan dy tiid ôf komt de bear eltse jûns by harren om him foar de hurd del te jaan. De famkes boartsje mei him en binne al gaueftich net oars mear wend. Mar as it maityd wurdt, seit de bear dat er fuort moat en de hiele simmer net wer komme sil, want hy moat syn skat beskermje tsjin 'e boaze dwergen, dy't winterdeis, troch de grûnfroast, net út harren hoalen komme kinne.
Dy simmer komme de beide famkes bûtendoar trijeris in dwerch tsjin. Eltse kear ferkeart er yn slimme swierrichheden, mar as hja him rêde, reägearret er noartsk en ûntankber. De trêde kears is it wer krekt itselde, mar dan ferskynt de bear ynienen. De dwerch smeket him om 'e beide famkes op te fretten en himsels gewurde te litten, mar de bear slacht de dwerch dea. Op dat stuit feroaret de bear yn in prins; de falske dwerch hie him betsjoend en bestellen, mar mei syn dea is de betsjoening ferbrutsen. Sniewytsje trout dan mei de prins en Roazerea mei syn broer. Hja libje noch lang en lokkich en harren mem hoecht nea gjin earmoed mear te lijen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |