Springe nei ynhâld

Dakota (folk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Westlike Dakota (folk))
Dakota

Ferneamde Dakota. Boppeste rige (f.l.n.rj.): Charles Eastman, Floyd Red Crow Westerman, Lytse Krie; 2e rige: Zitkála-Ša, Grutte Earn, Slein-troch-de-Ree.
flagge
populaasje
oantal 70.000 (2014)
taal Dakota (ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten,
Kanada
fersprieding
Feriene Steaten: 64.000
Kanada:   6.400

De Dakota (Ingelsk: Dakota; útspr.: [də'kou:tə]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten en de eastlik dêrfan leine boskgebieten fan Noard-Amearika. Mei de Lakota foarmje hja ien fan 'e beide folksdielen fan 'e (Sioux). De Dakota wurde yn 'e regel ûnderferdield yn 'e Eastlike Dakota (of Santy) en de Westlike Dakota (of Jankton-Janktonai). Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Dakota kinne noch fierder opspjalten wurde yn seis fan 'e sân tradisjonele Sû-stammen. De Dakota libje tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Minnesota, wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan wenje. Yn totaal binne der hjoed de dei likernôch 70.000 Dakota.

De eigen namme "Dakota" (Westlik Dakota: Dakȟóta, útspr.: [da'kˣo:ta]; Eastlik Dakota: Dakhóta, útspr.: [da'kʰo:ta]) betsjut yn 'e Dakota-taal safolle as "freon", of eins mear spesifyk "bûnsmaat". Oare eigen oantsjuttings binne bygelyks Ikče Wičasas ("Frij Folk") en Dakȟóta Oyáte ("de Dakota Naasje").

It opperhaad Lytse Krie, ien fan 'e bekendste lieders fan 'e Eastlike Dakota.

Mei de term "Dakota" wurdt it eastlike folksdiel fan 'e (Sioux) oantsjutten. Histoarysk sjoen bestiene de Sû út sân ûnderskate stammen, te witten: de Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte, Sisseton, Jankton, Janktonai en Titon. De earste seis fan dy stammen foarmje mei-inoar de Dakota, wylst de Titon lykslein wurde kinne mei de Lakota, it westlike folksdiel fan 'e Sû (mei't "Titon" in etnografyske oantsjutting is, en "Lakota" yn it foarste plak in taalkundigen).

Tsjintwurdich is de taalkundige yndieling fan 'e Sû yn trije groepen lykwols folle bekender. Oarspronklik spriek men dêrby fan 'e Dakota, de Nakota en de Lakota, dêrby de eigen nammen brûkend dy't de Sû foar harrensels hawwe soene, en dy't yn alle trije taalfoarmen itselde betsjutte soene (nammentlik: "bûnsmaat"). Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat wat foarhinne it Dakota en it Nakota neamd waarden, eins frij nau besibbe dialekten fan ien en deselde taal binne, en dat de "Nakota" harren eigen namme foar harsels krekt as de Dakota útsprekke mei in "d" as begjinklank. Sadwaande sprekt men tsjinwurdich oer de Eastlike Dakota (dy't earder as Dakota oantsjut waarden) en de Westlike Dakota (de eardere Nakota). De term "Nakota" is no reservearre foar de folle minder nau besibbe Assiniboin (Assiniboine) en Stony (Stoney).

Ta de Eastlike Dakota, dy't ek wol Santy (Santee) neamd wurde, hearre de stammen fan 'e Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte en Sisseton. Ta de Westlike Dakota, of de Jankton-Janktonai (Yankton-Yanktonai), hearre de stammen fan 'e Jankton en de Janktonai, wêrfan't de lêste noch fierder opdield wurde kin yn 'e Neder-Janktonai en de Opper-Janktonai. Mei't dit grif wakker betiizjend is, hjirûnder nochris in oersichtlike opbou fan 'e Dakota as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Dakota betsjutte.

  • Dakota (Ingelsk: Dakota; Eastlik Dakota: Dakhóta; Westlik Dakota: Dakȟóta; "Bûnsmaten")
    • Eastlike Dakota of Santy (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee; Dakota: Isáŋyathi; "Messemakkers")
      • Mdewakanton (Ingelsk: Mdewakanton; Dakota: Bdewékhaŋthuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Geastemar")
      • Sisseton (Ingelsk: Sisseton; Dakota: Sisíthuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is")
      • Wahpekûte (Ingelsk: Wahpekute; Dakota: Waȟpékhute; "Bôgesjitters mank de Beammen")
      • Wahpeton (Ingelsk: Wahpeton; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ; "Blêdedoarp")
    • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Dakota: Wičhíyena)
      • Jankton (Ingelsk: Yankton; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Ein")
      • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna; "Doarpke oan 'e Ein")
tradisjonele wengebieten fan 'e ûnderskate Sû-stammen (yn dûnkergrien) en de hjoeddeistige Yndianereservaten yn harren lân, net inkeld dy fan 'e Sû (yn bêzjebrún).

Hjoed oan 'e dei libje de Dakota benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, mei oansjenlike groepen yn 'e steaten Montana en Nebraska, en lytsere tropkes yn 'e steat Minnesota en de Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan. Harren persize oantal wurdt nearne jûn, mar is net dreech om fêst te stellen. Hoewol't in protte boarnen klakkeleas it oantal fan 20.000 oernimme, dat op 'e taalkundewebside Ethnologue neamd wurdt, is it ledetal fan alle stamme-organisaasjes fan 'e Dakota gewoan bekend, en troch dy sifers op te tellen, komt men al op 66.600 minsken. Dan moat men der noch rekken mei hâlde dat fan 'e 170.000 mar 163.000 by sokke stammen oansletten binne. As men sjocht dat de Sû-stammeleden foar twatrêde diel Lakota en ientrêde diel Dakota binne, soe men dy twadieling hanthavenje kinne foar de net-stammeleden en noch rûchwei 3.000 by dy 66.600 optelle kinne, om út te kommen op in totaal oantal Dakota dat om 'e 70.000 hinne lizze moat. Dêrfan libje 64.000 yn 'e Feriene Steaten en 6.400 yn Kanada. De opdieling fan dy 70.000 Dakota yn Westlike en Eastlike Dakota is dreger te meitsjen, om't in protte Dakota-stammen datoangeande fan mingd erfskip binne en dus út beide groepen besteane. Likegoed soe men in rûge skatting meitsje kinne dat der likernôch 41.000 Westlike Dakota wêze moatte (likernôch 1.800 Kanadeeske Janktonai ynbegrepen), en sa'n 29.000 Eastlike Dakota (ynkl. rom 4.600 yn Kanada). Ungefear de helte fan alle Dakota wennet noch altyd yn 'e Yndianereservaten dy't harren oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw tawiisd binne.

Yn 'e Feriene Steaten binne der 10 federaal erkende Dakota-stammen en dêropta noch 2 federaal erkende stammen fan mingde etnisiteit (Dakota-Lakota en Dakota-Lakota-Assiniboin). Al dy 12 stammen hawwe in eigen reservaat. Fierders is der noch ien stamme dy't net erkend wurdt, mar wol nei erkenning stribbet. Fan 'e yn totaal alve Dakota-stammen besteane twa útslutend út Westlike Dakota, en 8 binne eksklusyf opmakke út Eastlike Dakota. Dêropta bestiet de Mille Lacs Troep fan Odjibwe (Mille Lacs Band of Ojibwe), út Minnesota, foar in oansjenlik diel út lju fan Dakota-komôf, al identifisearje dy har tsjintwurdich as Odjibwe. Yn Kanada binne der 7 "earste naasjes" (sa't stammen dêr neamd wurde), dy't folslein fan Eastlike Dakota-etnisiteit binne, 1 dy't út sawol Eastlik as Westlike Dakota bestiet, en teminsten noch ien oaren dy't foar in part út Eastlike Dakota bestiet. Ek dizze stammen hawwe wer allegear harren eigen reservaten. Yn grutte rinne de Dakota-stammen útinoar fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme, yn Súd- en Noard-Dakota, mei 12.000 leden, oant de net erkende Mendota Mdewakanton Sû Mienskip út Minnesota, mei mar 250 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.)

Alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000 minsken) foarmje mei-inoar de Feriene Sû Stammen, in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Under dy alve stammen binne seis Dakota-stammen en ien mingde Dakota-Lakota-stamme (de oare fjouwer besteane útslutend út Lakota). Om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).

It is oannimlik dat de Dakota yn in fier, prehistoarysk ferline yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten taholden, mooglik yn wat no Súd-Karolina is, yn it streamgebiet fan 'e rivier de Santee. De Eastlike Dakota wurde ek wol Santy, of yn it Ingelsk Santee, neamd, en de rivier soe nei harren neamd wêze, al bestie der ek in oare, mar yn 'e fierte oan 'e Dakota besibbe etnyske groep, de Santy, wêrfan't de ôfstammelingen noch altyd yn Súd-Karolina libje. Hoe dan ek, de Dakota ferfearen earst nei Ohio en letter nei Wiskonsin en Minnesota, dêr't se harren nei wenjen setten yn 'e krite dêr't de rivier de Mississippy ûntspringt. Harren wengebiet dêre bestie fierhinne út bosklân, en hja libben der yn fêste delsettings fan 'e jacht, de fiskerij en de lânbou.

Iere kontakten en de pelshannel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste kontakt fan 'e Dakota mei Jeropeänen fûn plak yn 'e rin fan 'e santjinde iuw, doe't de Dakota noch yn Minnesota, Wiskonsin en noardlik Iowa omhúsmannen. Ferskate Frânske en Frânsk-Kanadeeske ûntdekkingsreizgers, pelskeaplju en misjonarissen besochten harren dêre, en leine kontakten dy't der meitiid foar soargen dat de Dakota yn 'e Frânske ynfloedssfear telâne kamen en sadwaande fijannen fan 'e Britten waarden. Der wie nammentlik grou jild te fertsjinjen mei de pelshannel, en om dêr optimaal fan te profitearjen, rjochten de Britten yn 1670 de Hudsonbaaikompanjy op, dy't in ferbûn oangie mei de Assiniboin (Assiniboine), de Flakte-Kry (Plains Cree) en de Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe). Mei't dy trije stammen erffijannen fan 'e Sû wiene, waarden de Dakota dêrtroch fierder yn 'e earmen fan Frânsen dreaun, mei wa't se oan 'e ein fan 'e santjinde iuw in formeel bûnsgenoatskip oangiene. Nettsjinsteande dat har tydlingswei gewelddiedige ûnderlinge ynsidinten tusken de Frânsen en Dakota foardiene, bleaune sy inoars bûnsgenoaten tsjin 'e Britten, sels noch nei't de Frânsen yn 1763 al harren koloniale besittings op it fêstelân fan Noard-Amearika opjaan moasten.

De Slach by New Ulm, op 19 augustus 1862.

It westoan opkringen fan 'e Odjibwe út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei twong de Eastlike Dakota yn dyselde snuorje út Wiskonsin wei en djipper súdlik Minnesota yn. De Westlike Dakota libben doedestiden yn noardlik Minnesota, dêr't se om 1765 hinne yn 'e krite fan 'e Mille Lacs-mar ferslein waarden troch de mei gewearen tariste Odjibwe en oer de rivieren nei de Grutte Flakten dreaun waarden. Inkeld de Eastlike Dakota bleaune foar in grut part yn Minnesota efter.

Op 'e flakten namen de Westlike Dakota en in diel fan 'e Eastlike Dakota de hynstekultuer oer dy't de Sjajinnen om 1720 hinne by harren Lakota-sibben yntrodusearre hiene. Sa fêstigen se in nomadyske libbenswize yn wat no Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Wyoming is. Harren kultuer stipe fierhinne op twa bisten, de mustang, dy't harren faasje ferskafte, en de Amerikaanske bizon, dêr't se op jagen. By 't simmer holden de Dakota en Lakota op 'e flakten in grutte folksgearkomste, wêrby't fertsjintwurdigers fan 'e Očhéthi Šakówiŋ, de "Sân Riedsfjurren" (d.w.s. de sân tradisjonele stammen), mei-inoar yn berie giene oer nasjonale oangelegenheden, wylst sljochtwei folk famylje- en freonskipsbannen oanhelle en krigers dielnamen oan it inisjaasjeritueel fan 'e sinnedûns. Om sit te nimmen yn 'e grutte rie fan 'e Sân Riedsfjurren keas elk fan 'e sân tradisjonele stammen fjouwer foaroanmannen út dy't dan mei syn achtentweintigen it folksregear fan 'e Sû foarmen. Om útkard te wurden as ien fan 'e fjouwer fertsjintwurdigers fan in stamme wie de heechste eare dy't in Sû-opperhaad ta diel falle koe. De lêste gearkomste fan 'e Sân Riedsfjurren wie yn 1850.

De Dakota-Oarloch fan 1862

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) kaam it ta it grutskalichste wapene treffen tusken de Dakota en de blanken. Mei't de measte Amerikaanske legertroepen doe yn it Easten nedich wiene om 'e Súdlike Konfederaasje te befjochtsjen, waarden de kolonisten yn it Westen yn dy snuorje ornaris inkeld beskerme troch in faak min trainde territoriale milysje. Ferskate stammen besochten dêrfan gebrûk te meitsjen om it almar fierder opkringende tij fan 'e kolonisaasje werom te rôljen. Yn 1862 kamen de Eastlike Dakota yn Minnesota ûnder lieding fan û.o. Lytse Krie en Grutte Earn yn opstân, dêrta dreaun troch in mislearre rispinge nei in winter wêryn't in protte fan harren al de hongerdea stoarn wiene. Yn dy needsitewaasje lieten de jierlikse betellings mar op har wachtsje, dy't it Amerikaanske regear harren neffens de ferdraggen skuldich wie, en de pleatslike keaplju wegeren kâldwei om harren op 'e pof iten te ferkeapjen. Ien fan dy keaplju, in Andrew Myrick, waard ferneamd troch syn útspraak dat as de Dakota sa'n honger hiene, se mar gers ite moasten. Hy waard letter dea weromfûn mei de mûle fol gers troppe.

De ophinging fan 38 Dakota-lieders te Mankato, yn Minnesota, op 26 desimber 1862.

Hoewol't dit wapene konflikt bekendstiet as de Dakota-Oarloch fan 1862, wie it eins mear in opstân. It begûn op 17 augustus 1862, doe't de Eastlike Dakota systematysk de boerespultsjes fan Dútske kolonisten yn súdlik Minnesota platbaarnden. Yn in pear dagen tiid waarden der by oanfallen yn 'e omkriten fan it Neder-Sû Agintskip, New Ulm en Hutchinson 300 oant 400 blanken deade. De Minnesotaanske steatsmilysje waard mobilisearre en der folge in seis wiken duorjende oarloch mei fjildslaggen by Fort Ridgeley, Birch Coulee, Fort Abercrombie en Wood Lake. Uteinlik waarden de Dakota ferslein.

Neitiid waarden 425 fan harren foar moard foar de kriichsrie sleept; nei in showproses wêrby't harren abbekaat en it opfieren fan eigen tsjûgen willensmoeds ûntholden waard, waarden 303 fan harren skuldich befûn en ta de dea feroardiele. Presidint Lincoln sette foar it grutste part fan harren de deastraf om yn in finzenisstraf, mar 38 lieders fan 'e Dakota waarden op 26 desimber 1862 ophongen te Mankato. De finzenen waarden nei in tichthûs yn Iowa ta stjoerd, dêr't mear as de helte fan harren omkaam foar't de rest jierren letter nei de reservaten stjoerd waard. De jierlikse betellings waarden troch it Amerikaanske regear fjouwer jier lang net oan 'e Dakota útbetelle, mar oan 'e blanke slachtoffers en harren djipdrôven.

Nei it delslaan fan 'e opstân flechten hûnderten Dakota de grins oer nei Kanada, dêr't harren neikommelingen noch altiten wenje. In oar groepke flechte nei it Dakota-territoarium, dêr't se in hoartsje in eigen reservaat tawiisd krigen yn 'e Delling fan 'e Jamesrivier, foar't se ûnder twang ferhuze waarden nei it Crow Creek Yndianereservaat fan 'e Westlike Dakota, op 'e eastoere fan 'e rivier de Missoury. (Yn 1864 waarden deselden wer nei in oar plak ta stjoerd, diskear it Santy Sû Yndianereservaat yn Nebraska.) Wer oaren joegen har by de Lakota om 'e striid tsjin 'e Amerikanen fuort te setten. Mar in lytse minderheid bleau efter yn Minnesota, dêr't se tsjintwurdich noch altiten fiif petiterich lytse reservaatsjes hawwe. Hoewol't de Dakota-Oarloch fan 1862 net o sa bekend is, wie it in krúsjaal barren yn 'e skiednis fan 'e Dakota. De folle ferneamdere lettere Flakte-Yndiaanske Oarloggen tusken de Sû en de Amerikanen wiene folle mear in oangelegenheid fan 'e Lakota.

It Dakota, de taal fan 'e Dakota, is nau besibbe oan it Lakota. Tegearre foarmje dy beide talen it , dat eins gjin taal is mar mear in taalkontinuum (wêrby't oangrinzgjende dialekten yninoar oergeane en in keatling foarmje; alle buordialekten binne ûnderling fersteanber, mar de sprekkers fan 'e dialekten oan 'e beide úteinen fan it keatling kinne inoar net ferstean). Sels falt it Dakota wer útinoar yn it Eastlik Dakota en it Westlik Dakota. Foarhinne waarden dy beide dialekten yn 'e regel op ien hichte steld mei it Lakota, en droegen se de nammen fan Dakota (Eastlik Dakota) en Nakota (Westlik Dakota). Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat Eastlik en Westlik Dakota folle nauwer mei-inoar besibbe binne as mei it Lakota. De term "Nakota" wurdt no inkeld noch brûkt foar it folle fierderôf besibbe Assiniboin en Stony. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere taalfamylje, mei alle synonimen derby jûn.

Charles Eastman, in Dakota-dokter en -auteur en
mei-oprjochter fan 'e Amerikaanske paadfinerij.
  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta of A’ Moǧaž)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon, Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

Sûnt de njoggentjinde iuw is it mei it Dakota slim yn it neigean rekke. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wurdt it hjoed de dei noch sprutsen troch 21.000 minsken, wat delkomt op 30,0% fan 'e Dakota-befolking (dy't 70.000 minsken telt). Dêrûnder binne fral in protte âlderein, sadat it Dakota nei alle gedachten yn 'e kommende jierren noch fierder yn 'e nederklits reitsje sil.

Stamme-organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana
Lakota,
Westlike Dakota,
Eastlike Dakota,
Assiniboin
Montana Poplar 11.000 fêstige yn it Fort Peck Yndianereservaat; likernôch 8.600 Sû
Feriene Sû Stammen
United Sioux Tribes
Lakota,
Westlike Dakota,
Eastlike Dakota
Nebraska,
Noard-Dakota,
Súd-Dakota
Pierre 144.000 in bûn fan stammen dat sels gjin federale erkenning hat,
al hawwe alle dielstammen dat wol
●  Crow Creek Sû Stamme
Crow Creek Sioux Tribe
Westlike Dakota Súd-Dakota Fort Thompson 3.400 fêstige yn it Crow Creek Yndianereservaat
●  Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota
Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota
Eastlike Dakota Súd-Dakota Flandreau 740 fêstige yn it Flandreau Yndianereservaat
●  Jankton Sû Stamme
Yankton Sioux Tribe
Iháŋktȟuŋwaŋ Dakȟóta Oyáte
Westlike Dakota Súd-Dakota Marty 12.000 fêstige yn it Jankton Sû Yndianereservaat
●  Santy Sû Naasje
Santee Sioux Nation
Eastlike Dakota Nebraska Niobrara 2.700 foarhinne de Santee Sioux Tribe of Nebraska;
fêstige yn it Santy Yndianereservaat
●  Sisseton en Wahpeton Sû Stamme
Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe
Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ Oyáte
Eastlike Dakota Súd-Dakota,
Noard-Dakota
Sisseton 12.000 fêstige yn it Lake Traverse Yndianereservaat
●  Spirit Lake Stamme
Spirit Lake Tribe
Mni Wakáŋ Oyáte
Eastlike Dakota,
Westlike Dakota
Noard-Dakota Fort Totten 6.700 foarhinne de Devil's Lake Sioux Tribe;
fêstige yn it Spirit Lake Yndianereservaat
●  Standing Rock Sû Stamme
Standing Rock Sioux Tribe
Westlike Dakota,
Lakota
Noard-Dakota,
Súd-Dakota
Fort Yates 16.000 fêstige yn it Standing Rock Yndianereservaat
Neder-Sû Yndianemienskip
Lower Sioux Indian Community
Eastlike Dakota Minnesota Morton 820 alt. nammen: Lower Sioux Mdewakanton Community en
Lower Sioux Indian Community in the State of Minnesota;
fêstige yn it Neder-Sû Yndianereservaat
Opper-Sû Mienskip
Upper Sioux Community
Pežuhutazizi Kapi Oyáte
Eastlike Dakota Minnesota Granite Falls 410 alt. namme: Upper Sioux Indian Community;
fêstige yn it Opper-Sû Yndianereservaat
Prairie Island Yndianemienskip
Prairie Island Indian Community
Eastlike Dakota Minnesota Welch 700 alt. namme: Prairie Island Indian Community in the State of Minnesota;
fêstige yn it Prairie Island Yndianereservaat
Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip
Shakopee Mdewakanton Dakota Community
Eastlike Dakota Minnesota Prior Lake 330 alt. namme: Shakopee Mdewakanton Sioux Community;
fêstige yn it Shakopee-Mdewakanton Yndianereservaat
stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Mendota Mdewakanton Sû Mienskip
Mendota Mdewakanton Sioux Community
Eastlike Dakota Minnesota Mendota 250
earste naasjes (stammen) yn Kanada
Stamme Etnyske groep(en) Provinsje Haadkertier Populaasje Opmerkings
Birdtail Sû Earste Naasje
Birdtail Sioux First Nation
Caƞ Kaġa Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota,
Westlike Dakota
Manitoba Beulah 810
Canupawakpa Dakota Naasje
Canupawakpa Dakota Nation
Čanúpawakpa Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Manitoba Pipestone 670 alt. namme: Oak Lake First Nation
Dakota Plains Wahpeton Naasje
Dakota Plains Wahpeton Nation
Waȟpéthuŋwaŋ Otina Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Manitoba Portage la Prairie 240 alt. namme: Dakota Plains First Nation
Dakota Tipi Earste Naasje
Dakota Tipi First Nation
Dakhóta Thípi Oyáte
Eastlike Dakota Manitoba Portage la Prairie 370
Sioux Valley Dakota Naasje
Sioux Valley Dakota Nation
Tokátakiya Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Manitoba Griswold 2.300 alt. namme: Sioux Valley First Nation
Standing Buffalo Dakota Naasje
Standing Buffalo Dakota Nation
Tatáŋka Nažíŋ Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Saskatchewan Fort Qu'Appelle 1.100 alt. namme: To-tay-go-nai First Nation
Wahpeton Dakota Naasje
Wahpeton Dakota Nation
Waȟpéthuŋwaŋ Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Saskatchewan Prince Albert 430 alt. namme: Wahpeton Dakota First Nation
White Bear Earste Naasjes
White Bear First Nations
Matóska Oyáde
Kry, Assiniboin,
Odjibwe, Eastlike Dakota
Saskatchewan Carlyle 2.100 wêrfan mar in lytse minderheid (± 100) Dakota
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje
Whitecap Dakota/Sioux First Nation
Wápaha Ská Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Saskatchewan Saskatoon 460 alt. namme: Whitecap Dakota First Nation

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota