Springe nei ynhâld

Floyd Red Crow Westerman

Ut Wikipedy
Floyd Red Crow Westerman
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Floyd Red Crow Westerman,
Káŋǧi Duta
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 augustus 1936
berteplak yn it Lake Traverse Reservaat
(Súd-Dakota)
stoarn 13 desimber 2007)
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dakota- (Sioux)
jierren aktyf 19892007
offisjele webside
www.floydwesterman.com

Floyd Red Crow Westerman (Yndiaanske namme: Káŋǧi Duta, "Reade Krie"; ferienfâldige stavering: Kanghi Duta); yn it Lake Traverse Yndianereservaat (Súd-Dakota), 17 augustus 1936Los Angeles, 13 desimber 2007) wie in Amerikaansk akteur, sjonger en polityk aktivist fan Yndiaansk komôf. Hy wûn yn 'e Feriene Steaten in beskate bekendheid as countrysjonger foar't er frij let yn syn libben in aktearkarriêre begûn. Ynternasjonale bekendheid, alteast fan gesicht, krige Westerman troch syn rol yn 'e film Dances with Wolves, út 1990. In oare bekende rol fan him wie de Yndiaanske medisynman George Littlefox yn 'e komeedzjesearje Dharma & Greg. Njonken syn sjongen en aktearjen wie Westerman ek tige aktyf as aktivist foar Yndiaanske kwestjes.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westerman waard yn 1936 berne yn it Lake Traverse Yndianereservaat, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Syn âlden hearden allebeide ta de Eastlike Dakota, in subgroep fan 'e (Sioux). Syn bertenamme wie Floyd Westerman, mar doe't er folwoeksen wie, naam er de Ingelske oersetting fan syn Yndiaanske namme Káŋǧi Duta, Red Crow, oan as syn middelnamme.

Mei tsien jier waard Westerman nei it Wahpeton Ynternaat ta stjoerd, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Dennis Banks, dy't letter in lieder fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging wurde soe. Op it ynternaat waarden Westerman, Banks en de oare learlingen twongen om har tradisjoneel lange hier ôf te knippen en waard harren ferbean om har memmetaal te sprekken of har eigen goaden te ferearjen. De traumatyske behanneling dy't him dêr te'n diel foel, hie in sterke ynfloed op Westerman syn lettere libben. Nei't er fan it ynternaat ôf gien wie, studearre er oan 'e Noardlike Steatsuniversiteit, yn Aberdeen (Súd-Dakota). Neitiid tsjinne er twa jier yn it Amerikaanske Marinierskorps.

Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren fêstige Westerman yn eigen lân in solide reputaasje as sjonger fan countrymuzyk. De ûnderwerpen dy't er dêrby oanroerde, hiene hast allegearre op 'e iene of oare manear te krijen mei de Yndianen en de ynfloeden fan 'e Westerske kultuer op harren bestean. Njonken syn wurk as solo-artyst wurke Westerman gear mei sokke grutte nammen as Willie Nelson, Harry Belafonte, Joni Mitchell en Kris Kristofferson. Letter, yn 'e 1990-er jierren, gied er op toernee mei Sting, om jild op te heljen foar it behâld fan 'e reinwâlden. Ek foar oare goede doelen sette er him belangeleas yn.

Westerman syn aardichheid oan aktearjen kaam fuort út syn sjongkarriêre, mei't in protte sjongers har oan dy oerstap weagen. Sels makke er syn debút yn 'e film Renegades, út 1989, as "Red Crow", de Lakota-heit fan haadpersoan Hank Storm, spile troch Lou Diamond Phillips. By in breder Amerikaansk en in ynternasjonaal publyk krige er bekendheid, alteast fan gesicht, yn 'e rol fan it opperhaad Ten Bears, yn Kevin Costner syn mei in Oscar foar Bêste Film bekroande masterwurk Dances with Wolves, út 1990. Oare bekende films dêr't er yn spile, wiene en Grey Owl (1999) en Hidalgo (2004).

Behalven yn films fertolke Westerman ek geregeldwei rollen op 'e tillefyzje. Yn 'e plysjesearje Walker, Texas Ranger hied er yn it earste seizoen in fêste rol as "omke Ray", en yn 'e komeedzjesearje Dharma & Greg hied er in weromkearende rol as de Yndiaanske medisynman George Littlefox, dy't earst libben foarkomt, dan ferstjert en dêrnei as geast weromkeart. Yn 1991 spile Westerman yn 'e minysearje Son of the Morning Star, oer generaal George Armstrong Custer, de rol fan it Lakota-opperhaad Sittende Bolle.

Fierders wied er û.m. te sjen yn 'e komeedzjesearje Roseanne, de rjochtbankdrama's L.A. Law en Judging Amy, de fantasysearje The X Files, de aksjesearje MacGyver en de detektivesearjes Murder, She Wrote en Baywatch Nights. Soms waard er op 'e ôftiteling koartwei fermeld as Floyd Westerman. Fan 2003 oant 2007 wied er fierders ek allegeduerigen op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen yn reklamespotsjes foar "Lakota", in merk pinestiller. Syn lêste rol spile er yn 'e film Swing Vote, dy't postúm útkaam yn 2008.

Los fan syn wurkpaad as sjonger en akteur sette Westerman him oanhâldend yn foar Yndiaanske doelen, en droech er rûnom syn Yndiaanske identiteit út. Hy wie lid fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) en naam bytiden diel oan 'e protestaksjes dy't troch dy organisaasje bewurkmastere waarden. Westerman wie ferskate kearen troud en hie fiif bern. Syn lêste frou, Rosie, wie in Dútse, mei wa't er noch yn it houliksboatsje stapte doe't er al op jierren wie.

Westerman ferstoar nei in lang siikbêd op 13 desimber 2007 yn it Cedars Sinai Hospital yn Los Angeles oan 'e gefolgen fan leukemy. Hy waard 71 jier.

  • 1969 – Custer Died for Your Sins
  • 1970 – Indian Country
  • 1982 – Custer Died for Your Sins (re-recording)
  • 1982 – The Land Is Your Mother
  • 1990 – Oyate (mei Tony Hymas)
  • 2006 – A Tribute to Johnny Cash
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1988 Powwow Highway stim oer radioferbining as stimakteur
1989 Renegades Red Crow
1990 Dances with Wolves Ten Bears
1991 The Doors sjamaan
1991 Clearcut Wilf Redwing
1994 Jonathan degli Orsi opperhaad Watanka
1997 Dusting Cliff 7 Indian Bob
1997 The Brave Papa
1998 Naturally Native foarsitter Pico
1999 Grey Owl opperhaad op powwow
2003 Truth and Dare âldman
2003 Atlantis: Milo's Adventure Chakashi as stimakteur
2004 Hidalgo opperhaad Eagle Horn
2006 The Tillamook Treasure Standing Elk
2008 Swing Vote opperhaad Running Bear
tillefyzje
1988 MacGyver Two Eagles gastrol; ôfl. Mask of the Wolf
1989 Hardball ? gastrol; ôfl. The Cleveland Indian
1990 Captain Planet and the Planeteers opperhaad as stimakteur; gastrol yn in tekenfilmsearje; ôfl. Tree of Life
1991 L.A. Law rjochter William Gainser gastrol; ôfl. Dances with Sharks
1991 Son of the Morning Star Sittende Bolle minysearje
1991–1993 Northern Exposure One-Who-Waits weromkearende rol; 2 ôfl.: The Big Kiss (1991), Duets (1993)
1992 Murder, She Wrote Ashie Nakai gastrol; ôfl. Night of the Coyote
1993 The Wild West voice-over minysearje
1993 The Dakota Conflict voice-over tillefyzjefilm
1993 Rio Shannon Gabriel tillefyzjefilm
1993 The Broken Chain stamâldste tillefyzjefilm
1993–1994 Walker, Texas Ranger omke Ray Firewalker fêste rol seizoen 1; 26 ôfl.
1994 Lakota Woman: Siege at Wounded Knee    pake fan Mary Crow Dog tillefyzjefilm
1995 500 Nations voice-over minysearje
1995 Buffalo Girls No Ears minysearje
1995 Siringo Plenty Wounds tillefyzjefilm
1995 Roseanne Floyd gastrol; ôfl. The Last Thursday in November
1995–1999 The X-Files Albert Hosteen weromkearende rol; 5 ôfl.
1997 The Pretender Ernie Two Feathers gastrol; ôfl. Mirage
1997 Baywatch Nights Yndiaanske gids Wahote gastrol; ôfl. The Vortex
1997 Poltergeist: The Legacy Ezekial gastrol; ôfl. Shadow Fall
1997 Millennium âlde Yndiaan gastrol; ôfl. A Single Blade of Grass
1997–2001 Dharma & Greg medisynman George Littlefox    weromkearende rol; 4 ôfl.
2001 Judging Amy Wheeler gastrol; ôfl. Rights of Passage
2003 DreamKeeper Iron Spoon tillefyzjefilm
2008 Comanche Moon âlde Komantsje #1 minysearje

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.