Hidalgo (film)

Ut Wikipedy
Hidalgo
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Hidalgo logo.png
makkers
regisseur Joe Johnston
produsint Casey Silver
senario John Fusco
kamerarezjy Shelly Johnson
muzyk James Newton Howard
filmstudio Touchstone Pictures
Casey Silver Productions
distribúsje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Viggo Mortensen
Omar Sharif
byrollen Zuleikha Robinson
Louise Lombard
Saïd Taghmaoui
Adoni Maropis
Silas Carson
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 5 maart 2004
foarm langspylfilm
sjenre biografyske histoaryske
   aventoerefilm en western
taal Ingelsk, Arabysk en Lakota
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $108,1 miljoen

Hidalgo is in Amerikaanske biografyske histoaryske aventoerefilm en 'western om utens' út 2004 ûnder rezjy fan Joe Johnston, mei yn 'e haadrollen Viggo Mortensen en Omar Sharif. De titel ferwiist nei de namme fan it hynder fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer de histoaryske Amerikaanske koerier en hynsteracer oer de lange ôfstân Frank T. Hopkins, dy't (nei eigen sizzen) yn 1890 mei syn mustang Hidalgo nei Araabje reizge wêze soe om it dêr yn 'e woastyn op te nimmen tsjin bedoeïnen op Arabyske folbloeden. De film krige krityk fan histoarisy om't de werjûne foarfallen foar wier ferteld wurde, wylst der sterke oanwizings binne dat Hopkins, dy't in ferteller fan sterke ferhalen wie, dit barren hielendal of foar in grut part út 'e tomme sûgd hat. Hidalgo krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. De film prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen, en kaam net út 'e kosten.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1890 hat hynsteracer Frank T. Hopkins mei syn bûnte mustang Hidalgo krekt in lange-ôfstânswedstryd wûn as er fan it Amerikaanske Leger opdracht kriget om te Wounded Knee, yn Súd-Dakota, nije oarders te besoargjen by majoar Samuel M. Whitside, de befelfierend ofsier fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Hopkins fiert de opdracht sûnder euvelmoed út, mar de oarders blike in befel te befetsjen om mei de Yndiaanske oanhingers fan 'e geastedûnsbeweging ôf te weven, dy't troch it Amerikaanske Leger by Wounded Knee geardreaun binne. Hopkins, dy't sels in Lakota-healbloed is, in feit dat er foar blanken geheim hâldt, is alwer ûnderweis werom as er heart hoe't efter him it sjitten begjint. Hy keart om en is sa tsjûge fan 'e neisleep fan it Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't de Amerikaanske kavalery 297 Yndiaanske manlju, froulju en bern ôfslachtet.

Neitiid rekket Hopkins oan 'e drank, mei't er slim tramtearre wurdt troch skuldgefoelens. Hy jout him mei Hidalgo by de ferneamde wyldwestshow fan Buffalo Bill Cody, dêr't hy en syn hynder oanpriizge wurde as "wrâlds grutste lange-ôfstânshynder en -ruter". Syn freonen, ûnder wa skerpskutter Annie Oakley (dy't troch Hopkins oansprutsen wurdt as "Phoebe Ann", har wiere namme) en it Lakota-opperhaad Earnehoarn, sitte oer him yn. Hopkins wurdt troch Earnehoarn frege om as tolk te fungearjen by in petear mei Cody. Dêrby beklaget it âlde opperhaad him oer de behanneling fan syn folk troch de blanken, dy't no sels plannen meitsje om 'e wylde mustangs, dêr't de Yndianen ferlet fan hawwe, ôf te sjitten. Hy freget Cody om help om 'e keppel by syn reservaat te rêden, mar Cody seit dat er him dêr net mei bemuoie kin. It is de foarútgong, en as Earnehoarn ferlegen sit om in hynder, kin er wol ien fan Cody krije. Hopkins liicht troch dat oer te setten as soe Cody dwaan wat er kin om 'e plannen fan 'e blanken foar te kommen.

De rike Arabyske sjeik Riyadh hat ûnderwilens heard hoe't Hopkins yn 'e show fan Buffalo Bill oankundige wurdt, en stjoert dêrom syn majordomo Aziz nei de Feriene Steaten, beselskippe fan in blanke begelieder, Rau Rasmussen. Dy mannen komme by de wyldwestshow en freegje Buffalo Bill om op te hâlden Hopkins en Hidalgo "wrâlds grutst lange-ôfstânshynder en -ruter" te neamen of harren oars yn te skriuwen foar dielname oan 'e 'Fjoersee', in jierliks holden lange-ôfstânshynsterace fan 3.000 myl troch de woastinen fan 'e Nêzjd, by de kust fan 'e Perzyske Golf lâns en troch Mesopotaamje om te einigjen yn Syrje yn 'e neite fan Damaskus. De sjeik hat de line fan it kampioenhynder Al-Chamsa op 'e noed, waans ôfstammelingen as de grutste lange-ôfstânshurddravers fan 'e wrâld beskôge wurde. De Fjoersee hat tradisjoneel beheind west ta dielname fan Arabyske bedoeïnen op Arabyske folbloeden.

Hopkins fielt earst neat foar dielname oan 'e Arabyske hurddraverij, mar de misledigings fan Aziz oan it adres fan in kristlike "ûnleauwige" en de minachting foar syn "ûnsuvere" hynder stekke him. Nettsjinsteande dat hat er gjin hoop om 'e priis fan $1.000 foar dielname op te bringen, oant Annie Oakley, Earnehoarn en 98 oare leden fan 'e wyldwestshow allegear $10 foar him lappe. Dat, Hopkins en Hidalgo sette mei Aziz ôf nei New York, dêr't se in skip nimme nei Aden, oan 'e súdkust fan it Arabysk Skiereilân. Underweis komt er yn 'e kunde de Britske lady Anne Davenport, in rike hynstefokster sûnder skrupules, dy't troch har heit yn it Midden-Easten grutbrocht is en floeiend Arabysk en Koerdysk sprekt. Hja hat ek in hynder dat meidocht oan 'e race, Kamria, en as dat wint, soe se dekkingsrjochten krije fan sjeik Riyadh syn kampioen Al-Attal.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei oankomst yn Aden reizgje Hopkins en lady Davenport mei in karafaan nei it tintekamp fan sjeik Riyadh, midden yn 'e woastyn. De sjeik fynt Hopkins in nijsgjirrich man, en datselde jildt ek foar Jazira, de dochter fan 'e sjeik, dy't syn ienlingsbern is no't al syn soannen omkommen binne. Sjeik Riyadh hat syn dochter ûnthjitten oan prins bin al-Reeh, de berider fan Al-Attal, as dy de Fjoersee wit te winnen. Hja sil dan syn fyfde frou wurde, en dêr fielt hja hielendal neat foar. Jazira sjocht yn Hopkins syn dielname oan 'e race in mooglikheid om dat lot te ûntrinnen. De sjeik jout Hopkins as helper Yusef , de hoeder fan syn geiten dy't fan 'e geitemolke stellen hat (de nije taak wurdt Yusef dus as straf tawiisd). Hopkins sels keapet in jonge negerslaaf frij.

De earste etappe fan 'e race liedt troch de Rûb al-Chali, it Lege Kertier, yn it súdeasten fan it Arabysk Skiereilân. De Arabyske dielnimmers hawwe inkeld hún foar Hopkins en syn lyteftige, nuver kleure hynder. Sa fertelt ien fan harren, Sakr, dat er it as in persoanlike mislediging opfettet dat in ûnleauwige meidwaan mei. Prins bin al-Reeh keapet in stikmannich Britske soldaten om dy't in saad bewekje, sadat dy Hopkins en Hidalgo dêr net drinke litte sille. Hopkins is harren lykwols te fluch ôf. In sânstoarm komt de dielnimmers oer it mad, en ferskaten fan harren komme dêryn om, mar Hopkins en Hidalgo witte nauwerneed de ruïnes fan in doarpke te berikken, dêr't se beskûl fine. Ta ferheardens fan eltsenien berikke se ûnskeind de ein fan 'e etappe, wêrnei't in rêstdei folget. Dy wurdt trochbrocht yn it kamp fan sjeik Riyadh, dy't mei syn entoeraazje in koartere rûte nommen hat.

Dy jûns treft Hopkins Jazira yn syn tinte oan, dy't him fan ynformaasje foarsjocht oer de folgjende etappe en him ek goerie jout, û.m. om it drinkwetter fan Hidalgo oan te lingjen mei kamielebûter (dy't se him jout), om't dat it hynder langer geande hâlde soe. Jazira fertelt ek dat har heit sljocht is nei westernromantsjes en ferhalen oer it Wylde Westen. Hopkins bychtet oan har op dat er healbloed-Yndiaan is, mar dat er dat feit foar de wrâld geheim hâldt. Sy reägearret troch te sizzen dat er him ferskûlet efter in wale, krekt sa't sy dat sels ek docht. As Jazira yn 'e tinte fan Hopkins ûntdutsen wurdt, beskôget sjeik Riyadh dat as in besmodzging fan 'e ear fan syn hûs. Hy lit Hopkins finzennimme en is fan doel om him kastrearje te litten, mar Hopkins wit syn nijsgjirrigens te wekjen en tiid te rekken mei ferhalen oer syn moetings mei westernhelden as Wild Bill Hickok en Wyatt Earp.

Wylst se noch oan it praten binne, wurdt it kamp fan 'e sjeik oanfallen troch de mannen fan Katib, in omkesizzer fan Riyadh. Dyselde achtet himsels de bêste ruter fan 'e wrâld en hat al ytlike kearen besocht om syn omke safier te krijen dat dy him op Al-Attal ride lit. Mar hy is in rôverhaadman, en Riyadh minachtet him. No ûntfiere syn trewanten Jazira om sa Riyadh te twingen om Al-Attal tsjin har te ruiljen. Hopkins sjocht ûnder de ynfal hoe't Aziz de tinte fan 'e sjeik yngiet en dêr in boek weinimt, en as letter de stambeam fan 'e Al-Chamsa-bloedline mist, wit hy wa't dy stellen hat. Under bedriging mei marteling jout Aziz ta dat er Katib it boek jûn hat en fertelt er ek wêr't Katib-en-dy ferbliuwe. Sjeik Riyadh biedt Hopkins oan om syn misstap te ferjitten as Hopkins Jazira foar sinne-ûndergong wer by him werombringe kin.

Dat, Hopkins en Jazira har persoanlike liifwacht, de negerslaaf Jaffa, sette mei Aziz nei it oäzestedsje ta dêr't Katib-en-dy har befine. Se beare dat se Jazira ruilje tsjin Al-Attal, mar as Katib it hynder kûzet, kriget er dêr swarte hannen fan. It docht bliken dat him in skimmel jûn is dy't swart kleure is, ynstee fan 'e swarte Al-Attal sels. Hopkins en Jazira, dy't it boek mei de stambeam meigaudieve hat, witte it stedsje op Hidalgo te ûntflechtsjen. Jaffa, dy't de ôftocht dekt, komt yn 'e striid te sneuveljen, mar pas nei't er sels de ferriedlike Aziz deade hat. Werom yn it kamp fan 'e sjeik besiket lady Davenport Hopkins earst om te keapjen om fan fierdere dielname oan 'e race ôf te sjen, en as dat net wurket, besiket se him mei itselde doel te ferlieden. Hopkins betanket har lykwols freonlik en rint fuort. As de oare deis de race wer fan start gien is, docht by in moeting tusken lady Davenport en Katib bliken dat dy beiden ûnder ien tekken skûlje. Lady Davenport jout Katib no opdracht om in karafaanspoar binnentroch te nimmen en Hopkins fierderop op te wachtsjen. Hy moat Hidalgo deadzje, mar Hopkins libben yn 'e woastyn efterlitte.

Underwilens wurdt de race foar Hopkins net inkeld in krêftmjitting mei de oare ruters en in gefjocht tsjin hjittens, toarst en útputting, mar ek in konfrontaasje mei syn eigen lang weistoppe Yndiaanske identiteit. As er Sakr foarbykomt, dy't mei syn hynder yn in stik driuwsân riden is, brûkt er syn lasso om 'e man derút te skuorren, ek al is it tsjin 'e regels fan 'e race om oare dielnimmers te helpen en ek al ropt Sakr him ta om him stjerre te litten, mei't dat de wil fan God is. De oare deis komme Katib en syn trewanten de ruters oer it mad. Prins bin al-Reeh wit op Al-Attal te ûntkommen, mar Hopkins wurdt yn in falkûle dreaun dy't tarist is mei rjochtopsteande spearen op 'e boaiem. Ien dêrfan trochboarret Hidalgo oer de ribben, en Katib ornearret dat syn wurk dien is en lit Hopkins en syn hynder sa efter.

Hopkins snijt Hidalgo lykwols de spear, dy't aldergeloks inkeld in fleiswûne feroarsake hat, út 'e hûd. It is Sakr dy't Hopkins helpt om Hidalgo út 'e kûle te skuorren. As Katib dat sjocht, lit er de loaihoarsen, dy't er foar de jacht hâldt, op harren los. Hidalgo stampt ien fan 'e bisten dea, wylst de oare efter Sakr syn útnaaiende hynder oan giet. Katib en syn trewanten komme werom, en Hopkins en Sakr deadzje ferskaten fan harren, oant Katib Sakr deasjit. Hy sil ek mei Hopkins ôfweve, mar dan docht bliken dat er der ûnder it gefjocht net goed om tocht hat wêr't er stean gien is: hy stiet no sels op ien fan 'e falkûlen, en Hopkins lit him troch it reiden bedek falle dat dêroerhinne leit, dat er op 'e spearen speetst wurdt en it bestjert. Neitiid skroeit Hopkins de wûne fan Hidalgo ticht mei it gleonhjitte lims fan syn mês en riidt dan wer fierder.

Tsjin 'e ein fan 'e race komme Hopkins en Hidalgo hast om fan 'e toarst. It hynder kin net mear en falt del, wêrnei't Hopkins syn revolver lûkt en it yn him omgean lit om it bist út syn lijen te ferlossen. Hy kin it lykwols net oer syn hert ferkrije, en ynstee knibbelet er del en sjongt in gebed oan Wakan Taŋka, de Grutte Geast fan 'e Lakota. Hy kriget dan in fizioen fan Lakota-âldsten en fan syn syn Yndiaanske mem, wêrnei't Hidalgo wer oerein wrot. Hopkins docht him it gereid ôf en beriidt him sûnder seal nei de finish. Dêr komme Kamria fan lady Davenport, Al-Attal fan sjeik Riyadh en Hidalgo frijwol tagelyk oan, en yn 'e einrace oer de lêste fiifhûndert meter jout Hopkins syn hynder de frije leie, wêrnei't Hidalgo earst Kamria en dêrnei ek Al-Attal ynhellet en efter him lit en sa de Fjoersee wint. Dêrmei hawwe Hopkins en syn hynder it respekt en de bewûndering fan 'e Arabieren wûn. Earder wie de sjeik in weddenskip mei Hopkins oangien dat er dy syn revolver krije soe as er de race ferlear, en no jout Hopkins him it wapen likegoed, as in geskink tusken freonen. Neitiid nimt er ôfskie fan Jazira, dy't gjin wale mear draacht.

Werom yn 'e Feriene Steaten brûkt Hopkins de mear as $100.000 oan prizejild dy't er wûn hat om 'e mustangkeppels fan 'e Lakota, dy't op it punt steane om troch it Amerikaanske Leger romme te wurden, op te keapjen. Hopkins lit de bisten gean en jout ek Hidalgo syn frijheid werom, wêrnei't de hynst him by de keppel foeget. In tekst dy't foarôfgeande oan 'e ôftiteling yn byld komt, wol hawwe dat Hopkins yn syn libben yn totaal 400 lange-ôfstânsraces wûn en him oant syn ferstjerren yn 1951 ynsette foar it lot fan 'e wylde mustangs yn Noard-Amearika. De ôfstammelingen fan Hidalgo soene hjoed de dei yn 'e wyldernis fan Oklahoma libje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Frank T. Hopkins Viggo Mortensen
sjeik Riyadh Omar Sharif


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jazira Zuleikha Robinson
lady Anne Davenport Louise Lombard
prins bin al-Reeh Saïd Taghmaoui
Sakr Adoni Maropis
Katib Silas Carson
Aziz Adam Alexi-Malle
Jaffa, Jazira har liifwacht Peter Mensah
de Koerd Joshua Wolf Coleman
Yusef Harsh Nayyar
slavejonge Franky Mwangi
William Frederick "Buffalo Bill" Cody J.K. Simmons
opperhaad Earnehoarn Floyd Red Crow Westerman
Annie Oakley Elizabeth Berridge
Rau Rasmussen Victor Talmadge
majoar Davenport Malcolm McDowell
Preston Webb C. Thomas Howell
Swarte Prêrjewolf David Midthunder
Amerikaanske korporaal Todd Kimsey

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hidalgo waard regissearre troch Joe Johnston nei in senario fan John Fusco, dy't syn skript basearre op in postúm publisearre ferslach fan 'e race troch Frank T. Hopkins sels. As produsint hie Casey Silver it tafersjoch oer it projekt, yn opdracht fan syn eigen filmstudio Casey Silver Productions en fan Touchstone Pictures, in dochterûndernimming fan Disney. Der wie foar de film in budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Shelly Johnson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard. De opnamen foar Hidalgo fûnen grutdiels plak yn Marokko. Der wurdt yn 'e film behalven Ingelsk ek in protte Arabysk en Lakota sprutsen.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Hidalgo waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, dat ek in dochterûndernimming fan Disney is. De film gie op 5 maart 2004 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Feit en fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hidalgo krige fan histoarisy en yn 'e media krityk om't de film it ferhaal fan 'e histoaryske koerier en hynsteracer Frank T. Hopkins oer syn dielname oan in hynsterace troch de woastinen fan it Arabysk Skiereilân foar wier fertelt, wylst der sterke oanwizings besteane dat Hopkins, dy't in notoir ferteller fan sterke ferhalen wie, dy foarfallen hielendal of alteast foar in grut part út 'e tomme sûgd hat. Histoarisy wolle hawwe dat der yn it Midden-Easten nea in race plakfûn hat sa't dy yn 'e film beskreaun wurdt, en alhielendal net elts jier op 'e nij, sa't de film ek beweart. Net inkeld soe dat ûnmooglik wêze omreden fan 'e hjittens en drûchte yn 'e woastyn, mar ek fanwegen de histoaryske ûnderlinge fijannigens fan 'e ferskate bedoeïnestammen troch waans wengebiet sa'n race gean moast.

In oar hjit hingizer wie de bewearing fan Hopkins, dy't yn 'e film oernommen wurdt, dat er foar de helte in etnyske Lakota wie om't syn mem fan dat Yndiaanske folk kaam. Neffens de Yndiaanske histoarikus Vine Deloria jr. moatte dêr fraachtekens by pleatst wurde. Oer de rest fan Hopkins syn bewearings sei Deloria: "[dat] binne sokke skandlike leagens dat men jin ôffreget wêrom't Disney hjir eins in film oer meitsje woe." Oan 'e oare kant sei de -filmmakster Angelique Midthunder wylst de kontroverse geande wie, dat "it ferhaal fan 'e healbloed-Yndiaan dy't syn pinto-mustang mei oersee naam om yn 'e grutte woastyn te racen al generaasjes lang oan 'e bern fan 'e noardlike stammen ferteld wurdt." En de Lakota-âldste Sonny Richards skreau: "Kaiyuzaya Suŋkanyaŋke [Frank Hopkins] wie in man út Súd-Dakota en in healbloed-Lakota."

De film fermeldt oan 'e ein dat de ôfstammelingen fan Hidalgo no noch altyd libje mank de Gilbert Jones-keppel fan Spaanske mustangs op Blackjack Mountain yn Oklahoma. Mar neffens Hopkins syn eigen ferslach fan syn Arabyske aventoer soed er syn hynder neitiid yn Araabje efterlitten hawwe en allinne nei de Feriene Steaten weromreizge wêze.

Hynders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate American paint horses (of paints) waarden ynset om Hidalgo te spyljen. Akteur Viggo Mortensen kocht nei ôfrin fan 'e opnamen ien dêrfan, mei de echte namme RH Tecontender. Senarioskriuwer John Fusco kocht in oarenien, Oscar, dy't it wichtichste stunthynder yn 'e film wie. Dy mocht neitiid syn libben rêstich útlibje te Red Road Farm, Fusco syn fokpleats foar Amerikaanske Yndiaanske hynders.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hidalgo krige fan 'e filmkritisy oer it algemien mingde resinsjes. Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, parte de film 3 fan 4 stjerren ta en neamde him "drystmoedich, útskroeven en stoer aventoerlik", it soarte film dat 'Hollywood' mar selden mear makke. Dêr heakke er oan ta: "negearje asjebleaft ferfelende seurpiten dy't kleie dat de film net echt op feiten basearre is. Ja, hè hè." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hidalgo in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 161 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hidalgo brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $67,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $40,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $108,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in meagere winst fan $8,1 miljoen, mar dêr moatte de marketingkosten noch ôf. Dat betsjut dat Hidalgo by lange nei net út 'e kosten kaam en ferlies draaide.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senarioskriuwer John Fusco wûn foar it skript fan Hidalgo in Spur Award yn 'e kategory bêste senario foar in westerndrama, hoewol't de film eins gjin western yn 'e tradisjonele sin is en foar it meastepart bûten de Feriene Steaten spilet. De Spur Awards ornearren dat de film yn oanmerking kaam foar de prizen om't de haadpersoan in cowboyfiguer is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.