Stony (taal)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Súdlik Stony (dialekt)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Stony
algemien
oare namme(n) Stoney, Nakoda
eigen namme Nakhóda
lânseigen yn Flag of Canada.svg Kanada
tal sprekkers 3.200 (2011)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
   ● Westsûaansk
      ● Mississippydelling-Sûaansk
         ● Dakotaansk
            ● Assiniboin-Stony
               ● Stony
dialekten Noardlik Stony, Súdlik Stony
taalkoades
ISO 639-3 sto

It Stony (Ingelsk: Stoney; Stony: Nakhóda, útspr.: [na'kʰo:da]) of Nakoda is de lânseigen taal fan 'e Stony (Stoney), in Yndiaansk folk út westlik Kanada. Inkeld wurdt it ek wol Alberta-Assiniboin neamd. It is in Sûaanske taal, dy't sprutsen wurdt yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, troch krapoan 3.200 minsken.

Taalbesibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Stony is nau besibbe oan it Assiniboin, wêrmei't it de Assiniboin-Stony-kloft binnen de Dakotaanske talen foarmet. Hoewol't it Stony healwei de achttjinde iuw út it Assiniboin fuortkommen is, binne de beide talen tsjintwurdich net mear ûnderling fersteanber. It Assiniboin sels hat him likernôch healwei de santjinde iuw ôfspjalten fan it (Sioux), dat de oare tûke fan 'e Dakotaanske talen foarmet. De Dakotaanske taalkloft is wer ûnderdiel fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalgroep, mei alle synonimen derby jûn.

  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon, Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

Fersprieding en sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It taalgebiet fan it Stony striek him oarspronklik út oer in grut part fan it wâldgebiet direkt benoarden de Grutte Flakten en oant yn 'e Rocky Mountains. Dêr wurdt it noch altiten sprutsen, mar tsjintwurdich is it taalgebiet fersnipele rekke en de taal sels ûnder grutte druk kommen te stean fan it Ingelsk. Der binne no twa enklaves, ien yn it suden fan Alberta, westlik en noardwestlik fan Calgary, en ien yn sintraal Alberta, bewesten Edmonton. Dy beide gebieten falle gear mei de beide dialekten fan it Stony, it Noardlik Stony of Wâld-Stony, en it Súdlik Stony of Berch-Stony. Hoewol't se net mear deun byinoar sprutsen wurde, binne de beide dialekten noch sûnder muoite ûnderling fersteanber. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 soene der doe 3.160 sprekkers fan it Stony west hawwe. Op in etnyske groep fan sa'n 7.900 minsken komt dat prosintueel sjoen del op 40,0% fan 'e minsken.

It (oarspronklike) taalgebiet fan it Stony yn westlik Kanada.

Fonology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Stony hat twa ûnderskate staveringen, ien foar Noardlik Stony en ien foar Súdlik Stony, dy't inoar net sa'n mâle soad ûntrinne, mar dochs op wichtige punten ferskille. Beide systemen binne oanpaste foarmen fan it Latynske alfabet.

  • Noardlik Stony: a, â, b, c, d, e, g, h, i, î, j, k, m, n, o, p, r, s, sh, t, u, û, w, x, y, z, zh en ɂ
  • Súdlik Stony: a, â, b, ch, d, e, g, h, i, î, j, k, m, n, o, p, rh, s, t, th, u, û, w, y en z

Alfabet fan it Noardlik Stony[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A a  â B b C c D d E e G g H h
I i Î î J j K k M m N n O o P p
R r S s Sh sh T t U u Û û W w X x
Y y Z z Zh zh Ɂ ɂ

Alfabet fan it Súdlik Stony[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A a  â B b Ch ch D d E e G g H h
I i Î î J j K k M m N n O o P p
Rh rh S s T t Th th U u Û û W w Y y
Z z

Fonetyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beide dialekten hawwe fiif lûden: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in skerpteken (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). Ek binne der trije nasale klanken, dy't skreaun wurde mei in kapke of breedteken: â ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), î ([ĩ] as yn "hyns") en û ([ũ] as yn "fiifpûns").

Wat de bylûden oanbelanget, binne der ferskillen. De letters b, d, m, n, g en h yn it Noardlik Stony en b, d, g, h, m, n, s en z yn it Súdlik Stony wurde krekt-en-gelyk útsprutsen as yn it Frysk. Yn beide dialekten binne de j, w en y de bekende dzj [ʤ] fan "siedzje", de w [w] fan "skowe", resp. de j [j] fan "jas". Yn beide dialekten wurde fierders de k [kʰ], de p [pʰ] en de t [tʰ] aspirearre útsprutsen, dus mei in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren". De c yn it noardlike en de ch yn it súdlike dialekt jouwe (deselde) klank wer: de aspirearre tsj [ʧʰ].

De s yn it Noardlik Stony en de th yn it Súdlik Stony steane foar de stimleaze th [θ] fan it Ingelske thin, wylst de z fan it Noardlik Stony foar de stimhawwende th [ð] fan it Ingelsk this stiet, in klank dy't it súdlik dialekt net hat. De sh en zh fan it Noardlik Stony binne dan wer de gewoane s [s] en z [z] fan "sân" en "bazen".

Dan binne der twa ûnbekende kielklanken. De earste is de [ħ], sis mar in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h (de stimleaze faryngale wriuwklank, yn taalkundich jargon), dy't yn it noardlike dialekt skreaun wurdt mei de x, en yn it súdlike dialekt mei as rh. De twadde is de [ʕ], in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h (de stimhawwende faryngale wriuwklank), dy't yn it Noardlik Stony skreaun wurdt as de r, en yn it Súdlik Stony net foarkomt. Ta einbeslút is der dan noch glottisslach ([ʔ]), de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". Dy komt yn beide dialekten foar, mar wurdt yn it Súdlik Stony net skreaun. It Noardlik Stony brûkt der it teken ɂ foar.

Hjirûnder foar de dúdlikheid noch eefkes in skematysk oersjoch (dat net alhielendal op alfabet stiet om't de alfabetisearring fan 'e fonemen yn 'e beide dialekten net hielendal lykop rint).

IPA Noardlik Stony Súdlik Stony
a a A a A
ã â Â â Â
b b B b B
ʧʰ c C ch Ch
d d D d D
e e E e E
ɡ g G g G
h h H h H
i i I i I
ĩ î Î î Î
ʤ j J j J
k K k K
m m M m M
n n N n N
o o O o O
p P p P
ʕ r R (komt net foar)
s sh Sh s S
θ s S th Th
t T t T
u u U u U
ũ û Û û Û
w w W w W
ħ x X rh Rh
j y Y y Y
z zh Zh z Z
ð z Z (komt net foar)
ʔ ɂ Ɂ (net skreaun)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar de stavering (ortografy) fan it Stony, sjoch: Languagegeek.com


Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.