Star Wars: Rebels
Star Wars: Rebels | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | Simon Kinberg Dave Filoni Carrie Beck | |
produsint | Kiri Hart Athena Yvette Portillo Carrie Beck | |
útfierend produsint |
Simon Kinberg Dave Filoni Greg Weisman (seiz. 1) | |
basearre op | de oarspr. Star Wars-trilogy | |
muzyk | Kevin Kiner | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm Lucasfilm Animation | |
distribúsje | Disney-ABC Domestic TV | |
spilers | ||
haadrollen | Taylor Gray Vanessa Marshall Freddie Prinze jr. Tiya Sircar Steven Blum Dave Filoni | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | militêre science fiction fantasy aksje aventoer | |
seizoenen | 4 | |
jierren | 2014 – 2018 | |
tal ôfl. | 75 (ynkl. 4 2-dielige pilotôfl.) + 4 koarte tillefyzjespecials | |
spyltiid (ôfl.) | ±22 min. (specials koarter) | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 2× Saturn Award | |
webside | www.starwars.com/tv-shows/star-wars-rebels | |
besibbe searjes | Star Wars: The Clone Wars Star Wars: Resistance |
Star Wars: Rebels is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2014 oant en mei 2018. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: Rebels waard basearre op 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. De searje wie in ferfolch op 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars út 2008-2014 en 2020. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Rebellen". De searje bringt in nuodlike tiid foar it Stjerrestelsel "lang ferlyn en fier, fier fuort" yn byld, wannear't it diktatoriale Galaktysk Keizerryk de lêste Jedi opjaget en útrûget, wylst tagelyk it jonge Rebelleferbûn úteinset mei syn striid foar frijheid. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: Rebels pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en Star Wars: Episode IV – A New Hope yn. Yn totaal waarden der 75 ôfleverings en 4 koarte tillefyzjespecials makke. Star Wars: Rebels wûn twa kear in Saturn Award.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Star Wars: Rebels wie de earste Star Wars-tillefyzjesearje dy't makke waard nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch Disney. De searje waard ûntwikkele troch Simon Kinberg, Dave Filoni en Carrie Beck, dy't har dêrfoar ynspirearje lieten troch de oarspronklike Star Wars-trilogy. Beck, Kiri Hart en Athena Yvette Portillo wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm en dochterûndernimming Lucasfilm Animation, wylst Kinberg, Filoni en, yn it earste seizoen, Greg Weisman as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje hiene. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga.
De distribúsje fan Star Wars: Rebels waard fersoarge troch Disney-ABC Domestic Television. De searje waard útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder Disney XD. Uteinlik rûn Star Wars: Rebels fjouwer seizoenen lang, fan 2014 oant en mei 2018. Der waarden yn totaal 75 ôfleverings makke fan elts likernôch 22 minuten. De dûbellange pilotôfleverings dêr't elts seizoen mei iepene waard, telle dêrby mei foar twa ôfleverings. Dêropta waarden foarôfgeande oan seizoen 1 fjouwer koarte tillefyzjespecials útstjoerd op it Disney Channel, dy't net ta it seizoen rekkene wurde: The Machine in the Ghost, Art Attack, Entanglement en Property of Ezra Bridger. De pilotôflevering fan seizoen 1 wie Spark of Rebellion, dat op 3 oktober 2014 op Disney XD útstjoerd waard. It twadde seizoen iepene op 20 juny 2015 mei de dûbellange ôflevering The Siege of Lothal, it trêde seizoen op 24 septimber 2016 mei de dûbellange ôflevering Steps into Shadow en it fjirde en lêste seizoen op 16 oktober 2017 mei de dûbellange ôflevering Heroes of Mandalore. De alderlêste ôflevering fan seizoen 4 waard útstjoerd op 5 maart 2018. Alle fjouwer seizoenen fan Star Wars: Rebels binne útbrocht op dvd en blu-ray, en se binne ek te sjen op 'e streamingtsjinst Disney+.
Utgongspunt fan 'e plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Star Wars: Rebels spilet fjirtjin jier nei de Fal fan 'e Galaktyske Republyk en de Grutte Suvering fan 'e Jedi, wêrby't de boasaardige kânselier Palpatine de macht griep en it Galaktysk Keizerryk útrôp mei himsels as autokratysk regearjend keizer. Yn dy snuorje, fiif jier foarôfgeande oan 'e Slach by Yavin sa't dy yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope sjen litten wurdt, lit keizer Palpatine syn trewanten jacht meitsje op 'e lêste Jedi. Troch dyselden út te rûgjen, wol er syn hearskippij oer it Stjerrestelsel absolút meitsje. Tagelyk kloftsje frijheidsstriders gear ta it Rebelleferbûn, dat it yn 'e Galaktyske Boargeroarloch opnimt tsjin 'e Keizerlike autoriteiten.
Sa foarmet in groep opstannelingen mei tige ferskate eftergrûnen de bemanning fan it romteskip de Ghost, in licht frachtskip dat se as mobile basis foar harren fersetsdieden brûke. Hja binne benammen aktyf op en yn 'e buert fan 'e planeet Lothal. Haadpersoan is Ezra Bridger, in opslûpen jonge dy't oant no ta oerlibbe hat as oplichter. Hy wurdt as learling oannommen troch Kanan Jarrus, foarhinne bekend as Caleb Dume, in padawan fan 'e Jedi Oarder dy't de útfiering fan Oarder 66 en de Grutte Suvering fan 'e Jedi oerlibbe hat troch de selsopoffering fan syn master Depa Billaba. De lieder fan 'e rebellesel oan board fan 'e Ghost is de Twi'lek-piloate Hera Syndulla, de dochter fan 'e frijheidsstrider Cham Syndulla fan Ryloth. Oare leden fan 'e bemanning binne Sabine Wren, in jonge Mandaloriaanse mei in obsesje foar keunst; Zeb Orrelios, in Lasat dy't foarhinne earewacht wie en wraak siket op it Galaktysk Keizerryk foar it ta slaaf meitsjen fan syn ras; en Chopper, de domdryste astromeganisiênrobot fan Hera.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ezra Bridger | Taylor Gray |
Hera Syndulla | Vanessa Marshall |
Kanan Jarrus | Freddie Prinze jr. |
Sabine Wren | Tiya Sircar |
Garazeb "Zeb" Orrelios | Steven Blum |
Chopper | Dave Filoni |
- weromkearende byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
yntrodusearre yn seizoen 1 | |
agint Kallus | David Oyelowo |
admiraal Kassius Konstantine | Dee Bradley Baker (seiz. 1–3) |
Yogar Lyste | Liam O'Brien (seiz. 1–3) |
Ahsoka Tano | Ashley Eckstein (seiz. 1–2, 4) |
Darth Vader | James Earl Jones (seiz. 1–2, 4) |
Cikatro Vizago | Keith Szarabajka (seiz. 1–2, 4) |
senator Bail Organa | Phil LaMarr (seiz. 1, 3–4) |
grut-moff Wilhuff Tarkin | Stephen Stanton (seiz. 1, 3–4) |
de Grutynkwisiteur | Jason Isaacs (seiz. 1–2) |
Maketh Tua | Kath Soucie (seiz. 1–2) |
Jai Kell | Dante Basco (seiz. 1, 4) |
kommandant Cumberlayne Aresko | David Shaughnessy (seiz. 1) |
taakmaster Myles Grint | David Shaughnessy (seiz. 1) |
yntrodusearre yn seizoen 2 | |
Ryder Azadi | Clancy Brown (seiz. 2–4) |
Hondo Ohnaka | Jim Cummings (seiz. 2–4) |
Fenn Rau | Kevin McKidd (seiz. 2–4) |
kaptein Rex | Dee Bradley Baker (seiz. 2–4) |
Darth Maul | Sam Witwer (seiz. 2–3) |
AP-5 | Stephen Stanton (seiz. 2–3) |
luitenant-kolonel Sato | Keone Young (seiz. 2–3) |
Ketsu Onyo | Gina Torres (seiz. 2, 4) |
keizer Palpatine | Sam Witwer (seiz. 2) Ian McDiarmid (seiz. 4) |
de Fyfde Broer | Philip Anthony-Rodriguez (seiz. 2) |
de Sânde Suster | Sarah Michelle Gellar (seiz. 2) |
yntrodusearre yn seizoen 3 | |
generaal Jan Dodonna | Michael Bell (seiz. 3–4) |
Wedge Antilles | Nathan Kress (seiz. 3–4) |
Mart Mattin | Zachary Gordon (seiz. 3–4) |
Mon Mothma | Genevieve O'Reilly (seiz. 3–4) |
gûverneur Arihnda Pryce | Mary Elizabeth McGlynn (seiz. 3–4) |
grutadmiraal Thrawn | Lars Mikkelsen (seiz. 3–4) |
de Bendu | Tom Baker (seiz. 3) |
yntrodusearre yn seizoen 4 | |
Rukh | Warwick Davis (seiz. 4) |
- opmerklikste gastrollen
personaazje | akteur/aktrise |
C-3PO | Anthony Daniels |
Lando Calrissian | Billy Dee Williams |
Saw Gerrera | Forest Whitaker |
prinsesse Leia Organa | Julie Dolan |
generaal Kalani | Gregg Berger |
alle oarlochsandroïden | Matthew Wood |
Obi-Wan Kenobi | James Arnold Taylor Stephen Stanton |
Derek "Hobbie" Klivian | Trevor Devall |
Bo-Katan Kryze | Katee Sackhoff |
ûnderkening fan Mandalore Gar Saxon | Ray Stevenson |
Anakin Skywalker | Matt Lanter |
Cham Syndulla | Robin Atkin Downes |
Ursa Wren | Sharmila Devar |
Yoda | Frank Oz |
kolonel Wullf Yularen | Tom Kane |
Seizoenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | dûbellange pilotôfl. | netwurk |
---|---|---|---|---|---|
specials | 4 | 11 augustus 2014 | 1 septimber 2014 | n.f.t. | Disney Channel |
1 | 15 | 3 oktober 2014 | 2 maart 2015 | Spark of Rebellion | Disney XD |
2 | 22 | 20 juny 2015 | 30 maart 2016 | The Siege of Lothal | |
3 | 22 | 24 septimber 2016 | 25 maart 2017 | Steps into Shadow | |
4 | 16 | 16 oktober 2017 | 5 maart 2018 | Heroes of Mandalore |
Untfangst en resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Star Wars: Rebels waard troch de tillefyzjekritisy goed ûntfongen. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, krige it earste seizoen in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 13 ûnderskate resinsjes. De folgjende trije seizoenen hiene sels in skoare fan 100%, al wie dat te tankjen oan it lytse tal resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan Star Wars: Rebels in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 4 resinsjes.
Star Wars: Rebels waard fjouwer kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzjeprogramma's. De searje waard ek fjouwer kear nominearre foar in Annie Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar animaasje. Star Wars: Rebels wûn twaris in Saturn Award, yn 2017 en 2018, beide kearen yn 'e kategory bêste animearre searje of film op 'e tillefyzje. Fierders waard de searje ek nominearre foar twa Critics' Choice Television Awards en in Teen Choice Award.
Besibbe searjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Star Wars: Rebels is eins in ferfolchsearje op Star Wars: The Clone Wars, in tekenfilmsearje dy't oer de Kloane-oarloggen gie, it tiidrek dat yn 'e Star Wars-gronology oan 'e Galaktyske Boargeroarloch foarôfgiet. Star Wars: The Clone Wars waard fan 2008 oant en mei 2014 útstjoerd, mar moast doe wike foar Star Wars: Rebels. De searje kaam neitiid werom foar in lêste seizoen yn 2020. In nije tekenfilmsearje, Star Wars: Resistance, dy't min ofte mear in ferfolch op Star Wars: Rebels wie, waard fan 2018 oant en mei 2020 makke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Star Wars: Rebels
- (in) Star Wars: Rebels op 'e webside fan Disney XD (argivearre)
- (in) De titelmuzyk fan Star Wars: Rebels op YouTube
- (in) Ynformaasje oer Star Wars: Rebels yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Star Wars-telefyzjesearje
- Amerikaanske tekenfilmsearje
- Amerikaanske science fiction-searje
- Amerikaanske aventoeresearje
- Amerikaanske aksjesearje
- Amerikaanske fantasysearje
- Amerikaanske bernesearje
- Science fiction-aventoeresearje
- Science fiction-aksjesearje
- Science fiction-fantasysearje
- Science fiction-tekenfilmsearje
- Aventoeretekenfilmsearje
- Aksjetekenfilmsearje
- Fantasytekenfilmsearje
- Militêre science fiction
- Ingelsktalige telefyzjesearje
- Fiktyftalige telefyzjesearje
- Telefyzjesearje út 2014
- Telefyzjesearje fan Lucasfilm
- Telefyzjesearje oer romtefeart
- Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens
- Telefyzjesearje oer robots
- Telefyzjesearje oer tsjoenderij
- Telefyzjesearje oer in oarloch
- Telefyzjesearje oer in opstân