Springe nei ynhâld

Rottum (Fryslân)

Ut Wikipedy
Rottum (Fryslân)
Eastlike tagong
Eastlike tagong
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 760 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,93 km², wêrfan
- lân: 6,85 km²
- wetter 0,08 km²
Befolkingsticht. 111 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 56' N 5° 53' E
Offisjele webside
rottumonline.nl
Kaart
Rottum (Fryslân)
Rottum
Kaart
Eastlike tagong
Himrik Rottum (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân

Rottum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdwest fan it Hearrenfean.

It doarp hat 760 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Yn 'e 12e iuw waard Rottum as Ruthne fermeld en yn 1481 as Rottim en Rottena. De namme soe fan 'e wetternamme "Ratna" komme kinne, lykas de Rotte by Rotterdam. Mar de namme kin ek fan 'e ealman Tsjalling Rodmers stamme, dy't dêr om 1400 hinne wenne. Tsjalling Rodmers hie in skinking oan 'e kapel dien, dy't dêr al sûnt de 14e iuw stie en waard sa skutshear fan it doarp. Yn dy tiid waard dêr rjocht sprutsen oer Sânwâlden. Yn Rottum waarden yn 'e tiid fan keizer Karel de lândagen hâlden. Yn 'e tsjerke kamen dan de belangen fan de befolking op it aljemint ûnder lieding fan in geastlike. Op it segel dat ûnder de besluten kaam stiene sân beammen. It doarp hie op de lândei yn 1727 32 stimhawwende hoarnlegers. Yn gewoane omstannichheden betellen dy 56 gûne en 5 stuorren oan grûnbelêsting. Dat waard neffens de opbringst fan elke stelle fêststeld. Rottum leit op in sânhichte yn it fean en it wie dêr dus feilich wenjen.

Tusken de Rotster Sleat en Rotstergaast, op it stee dêr't yn 2009 de "Biskopsbou" is, hat eartiids in ferdigeningsskâns lein. Dy waard yn 1583 yn opdracht fan 'e Fryske Steaten oanlein om it streupen fan de Spanjerts út Stienwyk te kearen. Mar doe't de grêften yn dy winter beferzen wiene, naam oerste Francisco Verdugo de skâns yn. Mei't prins Maurits Stienwyk wer oermastere waard it yn Rottum rêstiger en ferfoel de skâns.

Op de Schotanusatlas fan 1685 stiet it Nannewiid noch as healân. Doe't de Giterske feanbazen de grûn yn 1750 oankochten waard dêr begûn mei turfstekken. De preammen farden troch de Rotster Feart (ek: Hegedykster Feart) nei Fjouwerhûs, dêr't de turf oerladen waard yn gruttere skippen, dy't it nei Amsterdam brochten.

Stadichoan feroare it lân yn wetter. Yn 1870 is noch oer ynpolderjen praat, mar it die bliken dat soks te djoer wie. De namme Nannewiid komt grif fan feanbaas Nanne Dirks Drijfhout.

De tsjerke en klokkestoel fan Rottum, Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735

Sûnt 1300 stie der in kapel yn Rottum. Mei it ferskowen fan 'e grinzen fan Eastergoa waard de âlde kapel yn 1414 ferfongen troch in stiennen tsjerke. It jiertal stiet noch yn de klok op it hjoeddeiske klokkestoel op it begraafplak. Rottum wie dêrnei is skoft haadtsjerke fan de omkriten, om't it plak in begraafplak hie. Tsjerke en tsjerkhôf leine net oan de haadwei. Nei in haadtsjerke ta moasten fan fjouwer wynstreken út paden rinne fan 4 foet breed, útsein as dy mei in boat te berikken wienen. Fan de Rottumerdyk ôf rûn de Lykwei of Moleleane. De namme Lykwei ferwiist nei de stoarne minsken, dy't dêroer nei it hôf brocht waarden. Oan 'e ein fan de wei stie oan de Hoogendijk iuwenlang in mole.

De tsjerke waard yn 1791 ôfbrutsen, de lêste dooptsjinst wie op 26 septimber 1790. Yn 'e oankundiging fan de ferkeap fan it tsjerkegebou stie dat "het zeer gevoeglijk te water kan worden vervoerd". It farwetter oan de westkant rûn nei yn noardlike rjochting nei de ferfeante petten en yn súdlike rjochting nei de Hegedyk, dêr't om 1550 hinne in brêge lei. By de legere skoalle moat in brêge of farwetter west hawwe foar de ôffier fan turf nei de Tsjonger en foar de nôtmole. Dy feart rûn nei de Hegedyk en dan fierder nei de Rotster Sleat. De bocht yn 'e feart nei it easten ta wiist der op dat dat diel groeven waard nei't de mole boud wie.

Rottum hie gjin foarname hûzen. Der wie wol in lytse gelegenheid oan it fuotpaad dat 'It slotsje’ neamd waard. It wie boud en waard bewenne troch H.J.W. Kool van Heerens, de soad fan 'e notaris fan It Hearrenfean, en hie de namme Oisterwyk. It hûs bestiet noch yn restaurearre foarm.

Swerfstien fan Rottum

Yn Rottum leit de grutste swerfstien fan Fryslân en Nederlân. Yn de iistiid fan sa'n 200.000 jier lyn is de graniten stien hjir út Sweden wei meifierd. Oant healwei de 19e iuw stiek in diel fan 'e stien boppe de grûn út. Yn dy tiid wie de stien fjouwerris sa grut en wol 150.000 kg siwer. In skipper hat it boppeste diel mei springstof sloopt. Dat granyt is brûkt foar de Suderseedyk by De Lemmer.[3] De rest fan de stien, fiif by twa meter en sa'n 44.200 kilo, bleau ûnder de grûn lizzen oant 1996, doe't de stien opgroeven waard.[4]

Oant 1934 wie Rottum in doarp yn 'e gemeente Skoatterlân. Yn july dat jier waard Rottum by de gemeente Haskerlân yndield. Yn 1984 waard Haskerlân opheft en diel fan de gemeente Skarsterlân. Sûnt 2014 leit it doarp yn 'e gemeente De Fryske Marren.

Der is in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn it yn 1994 boude doarpshûs. Ienris yn't fearnsjier krije de ynwenners de doarpskrante De Skodoar. De aktiviteiten wurde organisearre troch 'Rottum Leeft'

Klokkestoel fan Rottum
Skoalle en doarpshûs

Yn it doarpshûs sit it pjutteboartersplak De Utfleanerkes.

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2015
Ynwenners 209 540 624 661 628 600 700 665 660
Jier 2020
Ynwenners 740

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje