Swerfstien fan Rottum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Swerfstien fan Rottum

De swerfstien fan Rottum is in balstien dy't by it doarp Rottum yn de gemeente Skarsterlân leit.

De stien, op dit stuit de grutste fan Nederlân, is 4,70 meter lang, 3,10 meter breed en 2 meter heech. It gewicht is 44 ton (44.000 kg). Neffens ferhalen wie de stien eartiids fjouwer kear sa grut. Yn de 19e iuw waard de stien lykwols mei dynamyt lytser makke.

Yn de Saale-iistiid, ûngefear 200.000 jier lyn, waard it noardlike diel fan Nederlân bedutsen mei lâniis. Mei it opskowen fan it iis waarden grutte stiennen meifierd. De stien fan Rottum is fan granyt en komt út it gebiet Uppland, in granytmassyf by de stêd Uppsala yn Sweden.