Strjitten yn Rottum (Fryslân)
Appearance
De Strjitten yn Rottum:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Alde Postwei - De wei oer Rottum fan De Lemmer-Grins foar de postkoets. Earst Rotster Hegedyk neamd. "It opsichtershûs", in dûbele wenning, waard bewenne troch de pachter en syn feint. It stie op de súdhoeke fan it lân dat westlik oan de Moleleane leit en eastlik oan de eardere feart bylâns it begraafplak. In bakkerij stie noardlik fan de Molepôle oer de Rotsterhegedyk dy't sûnt 1954 Alde Postweg neamd wurdt. Der wurdt sein dat hjir eartiids in postwein ried fan De Lemmer nei It Hearrenfean en dat yn dy buert de hynders ferwiksele waarden. De bakkerij en de opsichtershúskes binne om 1890 hinne ôfbrutsen. Oer de Tsjerkeleane of Moleleane is ferbining mei de Binnenstreek. Oan de Hegedyk stie de Rotster Rogmole, dy't yn 1813 op ôfbraak ferkocht is. Dêr wie in saneamd Chercher húske by dat yn eigendom wie by de bekende houthanneler Hiddenga fan It Hearrenfean. De mole is faak yn oare hannen oergien, De mûnder wie tagelyk bakker.
- Badwei - nei it swimbad yn it Nannewiid. De wei waard eartiids Sândyk en Lange Dyk neamd. Krekt besuden de feanskieding is in gedielte wei, lizzend tusken "Vergraven Landen", ferfallen. Yn 1912 is der in ferhurde fytspaad oanlein neist de ûnferhurd wei, hjirfan skieden troch pealtsjes.
- Binnendyk - earder Binnenpaad mei barten. Krige syn namme nei opheffing fan de draai oer de Engelenfeart yn 1957. Oan de Binnenstreek stiet de doarpsskoalle mei ûnderwizerswenning, de doarpsherberch, inkele boerepleatsen en in stik of wat arbeiderswenningen. Hjir leit it fuotpaad, rinnende fan de opwei fan Sint Jansgea nei It Hearrenfean. It koe allinnich oant de yn 1841 groeven Engelenfeart mei hynder en wein passearre wurde. Om 1860 is de "keunstwei" oanlein, dy't no wer stadige ferkearswei woarn is. Men is grif al earder dwaande west meide ferbining Badwei-Engelenfeart, omdat dy yn 1858 mei hynder en wein begeanber wie. (grintwei)
- Fang - moleûnderdiel om de gong fan de wjukken ôf te remjen. Oan de ein fan de Moleleane stie eartiids in nôtmole.
- Fonder - fonder of flonder neamd nei barten yn it eartiidse Binnenpaad (no Binnendyk).
- Heechhout - in Heechhout is in lang heech houten brechje. Der siet in heechhout yn de Hege Dyk oer de yn 1962 tichtsmiten Hegedykster Feart.
- Ketting - Oant 1929 hong in ketting oer de Engelenfeart om toljild te ynjen.
- Moleleane - Nei de yn 1815 ôfbrutsen nôtmole. Op in âlde tekening fan de Rottumer moolner foar it kleaster fan it Hasker Konvint wurdt it jier 1507 neamd. Eartiids waard de leane Lykwei of Tsjerkewei neamd.
- Skâns - nei de skâns út 1583 dy't grinze oan de Feanskieding en de Tsjonger. Boud as ferdigening tsjin de Saksen.
- Sydtakke - syddyk fan Binnenpaad nei Hege Dyk.
- Vogelzangwei - ruilferkavelingsdyk troch lannen mei in soad fûgels.
- Wjukslach - Nei de wjukslaggen fan de eardere mole oan de Molewei.