Fonder

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Moderne fonder yn it Beekbergerwâd (Nederlân)

In fonder is in oer in farwetter lizzende ferpleatsbere brêge of losse planke faaks mei in leuning oan wjerskanten, faaks oer de wyk tusken huzen dy lâns de feart stean. It fonder kin oan de kant skood of optild wurde as der in skip lâns komt.

De brêge bestie út twa parten. As men se derôf helle dan koe dat sûnder wat oanlutsen wurde, mar as men se wer werom dwaan moast, brûkte men ien leuning om de fonder dêr oerhinne te skowen. Dizze leunings wiene ek los te meitsjen.

De fonder hat ûnder it brêgedek in losse útnimbere balke. Oan twa fersonken ringen lûkend, kin it brêgedek mei in draaiende rol, oan de ûnderkant befêstige, oer dizze losse balke nei ien kant lutsen wurde. Dan noch dizze balke, ek wol 'post' neamd, weihelje en dan kin de laden pream, of it skûtsje der troch. Wie it in heech opladen pream mei hea dan moasten ek noch beide leunings út de standers fuorthelle wurde. Yn omkearde folchoarder gie de fonder dan wer ticht.