Springe nei ynhâld

Longmire (telefyzjesearje)

Ut Wikipedy
Longmire
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Craig Johnson
ûntwikkele troch John Coveny
Hunt Baldwin
útfierend
   produsint
John Coveny
Hunt Baldwin
Christopher Chulack
Greer Shephard
Michael M. Robin
basearre op The Walt Longmire Mysteries
   fan Craig Johnson
tillefyzjestudio Warner Horizon Television
The Shephard-Robin Co.
Two Boomerangs Prod.
distribúsje Warner Bros. TV Distribution
spilers
haadrollen Robert Taylor
Katee Sackhoff
Lou Diamond Phillips
Bailey Chase (seiz. 1–3)
Cassidy Freeman
Adam Bartley
skaaimerken
foarm live-actionsearje
sjenre neo-westernplysjesearje
seizoenen 6
jierren 20122017
tal ôfl. 63
spyltiid (ôfl.) 42–71 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.netflix.com/title/
   70269479

Longmire wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't seis seizoenen rûn, fan 2012 oant 2017, en dy't behalven yn 'e Feriene Steaten ek yn in grut tal oare lannen en territoaria útstjoerd is. It is in plysjesearje dy't ta it sjenre fan 'e neo-western rekkene wurde kin. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Walt Longmire. Yn 'e searje wurdt dyselde folge, wylst er as sheriff op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Wyoming ûndersyk docht nei alderhanne misdieden. Dêrby wurdt er bystien troch syn helpsheriffs, freonen en dochter. Hoewol't Longmire tige populêr wie, besleat tillefyzjestjoerder A&E Network yn 2014 om de searje nei trije seizoenen stop te setten. Produsint Warner Horizon Television bea de searje doe oan oare tillefyzjenetwurken oan. Streamingtsjinst Netflix hapte ta en kocht seizoen 4 oant en mei 6 oan. Ek de earste trije seizoenen binne no fia Netflix te sjen.

Longmire waard basearre op 'e romansearje The Walt Longmire Mysteries fan Craig Johnson. De pilotôflevering, dy't skreaun waard troch John Coveny en Hunt Baldwin en regissearre troch Christopher Chulack, waard op 14 desimber 2010 troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk A&E Network besteld. Op 26 augustus 2011 besleat A&E om in earste seizoen fan tsien ôfleverings oan te keapjen. Coveny, Baldwin en Chulack wiene yn 'e mande mei Greer Shephard en Michael M. Robin ek as útfierende produsinten by de searje belutsen foar de tillefyzjestudio's Warner Horizon Television, The Shephard-Robin Company en Two Boomerangs Productions. De tillefyzjedistribúsje waard fersoarge troch Warner Bros. Television Distribution.

Hoewol't Longmire neffens it tydskrift Variety de "orizjinele dramasearje mei de heechste sjochsifers" op A&E wie en neffens Deadline Hollywood "de bêst besjoene orizjinele searje út 'e skiednis fan A&E", besleat it tillefyzjenetwurk likegoed op 28 augustus 2014, nei it trêde seizoen, om mei de searje op te hâlden. Neffens de geroften soe dat beslút nommen wêze om't Longmire fral âldere sjoggers oanspriek, dy't "in ûnoantreklike doelgroep foarmen foar advertearders". Produsint Warner Horizon Television seach lykwols noch wol brea yn 'e searje en bea Longmire oan oare tillefyzjenetwurken oan. In fearnsjier letter waard oer de oankeap fan in fjirde seizoen oerienstimming berikt mei streamingtsjinst Netflix. Letter bestelde Netflix ek in fyfde (2016) en in sechsde seizoen (2017). Uteinlik waarden er fan Longmire 6 seizoenen en yn totaal 63 ôfleverings makke, de measten fan 42 minuten, mar inkele dûbele ôfleverings mei in spyldoer fan 71 minuten.

Walt Longmire (Robert Taylor) is de sheriff fan it fiktive Absaroka County yn 'e Amerikaanske steat Wyoming. Dat is in plattelânsgebiet yn it foarlân fan 'e Rocky Mountains, dat omjûn wurdt troch it allike fiktive Cumberland County, in fiktyf Yndianereservaat fan 'e Sjajinnen en de steat Montana. Longmire is in widner dy't koartby de frou ferlern is oan in deadlike sykte. Hy hat ien bern, syn dochter Cady (Cassidy Freeman), dy't abbekate is. Syn langjierrige en bêste freon is de Sjajinske kafee-eigner Henry Standing Bear (Lou Diamond Phillips).

By syn ûndersiken nei misdriuwen wurdt Longmire bystien troch syn trije helpsheriffs. Fan harren ûnderhâldt Branch Connally (Bailey Chase) in romantyske relaasje mei Cady Longmire. Hy komt út in rike pleatslike famylje en longeret derop om sels sheriff te wurden. Victoria "Vic" Moretti (Katee Sackhoff) is in eardere resjersjeur út it grutstedske Philadelphia, dy't nei Wyoming ferfearn is nei in ynsidint mei in oerhearrige. Archie "Ferg" Ferguson (Adam Bartley), ta einbeslút, is in knoffelige, wat obese jongeman, dy't de minste ûnderfining fan allegear hat, mar oprjocht is en hurd wurket.

Longmire hat geregeldwei te krijen mei oare plysjes. As sheriff hat er nammentlik inkeld foech yn syn eigen county, en ek it Yndianereservaat hat in eigen plysjetsjinst dy't binnen de reservaatsgrinzen alle wetshanthavening beävensearret, útsein moarden, dy't yn reservaten ûnder it foech fan 'e federale resjerzje FBI falle. Sadwaande moat Longmire gauris gearwurkje mei Mathias (Zahn McClarnon), de kommissaris fan 'e reservaatsplysje, en mei sheriff Jim Wilkins (Tom Wopat) fan Cumberland County.

Cady sit yn noed om har heit, mei't Longmire noch altyd ompakt mei de dea fan har mem. Fanwegen de oankommende ferkiezings foar it amt fan sheriff draacht Longmire syn measte ferantwurdlikheden as plysjeman tydlik oer oan syn helpsheriffs Branch en Ferg. Dat rint mis as Branch him ek ferkiesber stelt en der wriuwing op it plysjeburo ûntstiet. Bykommende komplikaasje is dat Branch temûk in romantyske relaasje mei Cady ûnderhâldt. Vic moat ûnderwilens noch altyd wenne oan 'e gong fan saken op it plattelân fan Wyoming, dêr't se noch mar in healjier earder hinne ferfearn is út 'e grutte stêd Philadelphia. Se seit dat se nei it Westen kommen is omreden fan it wurk fan har man Sean Keegan (Michael Mosley), dy't in liedende funksje by in ierdgasmaatskippij beklaait, mar der binne oanwizings dat der wat oars efter de ferhuzing sit.

Yn willekeurich ynfoege flashbacks is te sjen hoe't Longmire en syn bêste freon Henry Standing Bear los faninoar nei Denver reizgje, yn Colorado, dêr't Longmire immen oanfalt yn in drugspân. Resjersjeur Fales fan it Denver Police Department (Charles S. Dutton) komt yn Absaroka County om mei Longmire en Cady te praten oer de dea fan Cady har mem. Cady is skokt as se ûntdekt dat har mem fermoarde is, ynstee fan, sa't har ferteld wie, beswykt is oan 'e kanker dêr't se oan litte. Fales fertelt Longmire dat se de fertochte fan 'e moard oantroffen hawwe yn in ûndjip grêf. Longmire ûntstriidt dat er foar eigen rjochter spile hat en de man tenei kommen is, mar Fales fermoedet dat as Longmire de man net fermoarde hat, syn maat Henry de put grif foar him opknapt hat.

Vic wurdt opsocht troch Ed Gorski (Lee Tergesen), in pinsjonearre plysjeman út Philadelphia, dy't ferhaal helje wol foar de dea fan syn eardere partner. Dyselde hat selsmoard dien nei't Vic syn belutsenens oan it ljocht brocht by in korrupsjeskandaal. Gorski jout har dêr de skuld fan en begjint har te stalken. Vic, dy't lang om let benaud wurdt dat Gorski har echt wat oandwaan sil, freget Henry om help om't se har baas derbûten hâlde wol. Henry spilet de ynformaasje lykwols troch oan Longmire, dy't Gorski warskôget dat er opsokkebalje moat. As er dat net docht, wurdt er op in stuit hielendal yninoar slein. De fertochte fan 'e mishanneling is de Sjajinske hierling Hector (Jeffrey De Serrano), wa't Longmire lykwols de hân boppe de holle hâldt.

Henry bychtet oan Longmire op dat hy Hector earder ynhierd hie om Miller Beck te fermoardzjen, de dieder fan 'e moard op Longmire syn frou. Hector fertelt lykwols dat hy Beck net ombrocht hat, mar him allinne in bêst wan bruien jûn hat. Dêrby hat er him de tosken út 'e mûle slein en dy by wize fan 'jachttrofee' meinommen. Resjersjeur Fales en syn meiwurkers treffe dy tosken letter yn it kafee fan Henry oan en arrestearje him. Underwilens wint Longmire de ferkiezing en wurdt foar in nije termyn ta sheriff fan Absaroka County beneamd. Cady hat auto wurdt sabotearre en letter wurdt se, mooglik mei opsetsin, oanriden. Se bedarret yn it sikehûs. It ûndersyk dat Branch dêrnei docht, liedt ta in konfrontaasje mei leden fan 'e pleatslike Sjajinnestamme, wêrby't er slim ferwûne rekket. It seizoen einiget mei in cliffhanger as it Branch noch krekt slagget om Longmire om help te beljen.

Wylst Branch opbetteret fan syn skotwûne, rekket er derfan oertsjûge dat er delsketten is troch David Ridges (David Midthunder), in Sjajinne dy't earder selsmoard dien hawwe soe en kremearre wêze soe. Longmire leaut him net, en fan gefolgen set Branch wer op eigen manneboet mei in ûndersyk útein. Henry wurdt yn it tichthûs mishannele troch oare Yndianen ûnder lieding fan Malachi Strand (Graham Greene), de eardere kommissaris fan 'e reservaatsplysje. Dyselde mient dat Henry bydroegen hat oan syn arrestaasje troch Longmire om't de beide mannen, sa't elk wit, de bêste freonen binne. As Malachi it foar Henry suver ûnmooglik makket om in abbekaat te krijen, beslút Cady him te ferdigenjen. Sy soarget derfoar dat Henry op boarchtocht frijkomt, wêrnei't er oan it wurk giet om syn ûnskuld te bewizen.

Malachi komt ek op frije fuotten en fynt in baan as haad befeiliging foar Jacob Nighthorse (A Martinez), in foaroansteande Sjajinske ûndernimmer dy't krewearret om yn it reservaat in kasino te bouwen. Sawol Branch as Henry ûntdekke dingen dy't derop wize dat Nighthorse by harren saken belutsen is, wylst Ridges in kaaifiguer liket te wêzen. Longmire begjint te fermoedzjen dat Nighthorse wat mei de moard op syn frou te krijen hân hat. Hy rekket der ek fan oertsjûge dat Branch in obsesje ûntwikkele hat foar Ridges. Dêrom set er syn helpsheriff tydlik op non-aktyf en draacht him oer oan 'e soargen fan syn heit Barlow Connally (Gerald McRaney). Longmire en Henry ûntdekke dat it Ridges wie dy't Miller Beck fermoarde hat. Longmire komt Ridges oer it mad op syn ûnderdûkadres, mar is twongen om 'e man by in gefjocht út selsferdigening dea te sjitten. As er konfrontearre wurdt mei bewizen dat Ridges, en net Henry, Miller Beck fermoarde hat, is resjersjeur Fales twongen om alle oanklachten tsjin Henry út te lûken. Branch befreget syn heit, dy't tajout dat hy dejinge is dy't Nighthorse betelle hat om Ridges yn te hieren om Longmire syn frou te fermoardzjen, yn 'e hoop dat Branch dêrtroch sheriff wurde kinne soe foar Longmire yn it plak. It seizoen einiget mei it lûd fan it ôfgean fan in fjoerwapen.

Nei't se in ûntrêstgjende boadskip op syn kompjûter oantroffen hawwe, begjinne Longmire, Vic en Ferg in syktocht nei Branch. Longmire fynt him dea werom yn in rivier. It hat der alle skyn fan dat er himsels mei in jachtgewear tekoart dien hat. Nei't er lykwols oanwizings fynt dy't derop tsjutte dat immen mei it gewear knoeid hat, wegeret Longmire om it in gefal fan selsmoard te neamen. Ynstee begjint er te fermoedzjen dat Nighthorse derefter sit. Letter bychtet in dronken Barlow Connally lykwols op dat hy syn eigen soan deasketten hat. Longmire begjint om him hinne te sjen nei in nije helpsheriff, om Branch te ferfangen. Hy nimt Zach Heflin (Barry Sloane) oan. Monte Ford (Stephen Louis Grush), in oare gadingmakker foar de baan, dy't ôfwiisd is, begjint Zach te stalken en te narjen.

Longmire en syn helpsheriffs ûndersykje de ferkrêfting fan 'e jonge Sjajinske frou Gabriella Langton (Julia Jones) troch in groep oaljewurkers, mar kinne neat dwaan troch in mesk yn 'e wet. It misdriuw hat nammentlik plakfûn yn it reservaat, dêr't de sheriff gjin foech hat, wylst de reservaatsplysje gjin foech hat om net-Yndianen te ferfolgjen, wat se ek útheve, en de FBI allinne foech hat oer gefallen fan moard. Henry docht him neitiid foar as Hector om as figilante it rjocht yn eigen hân te nimmen. As de ferkrêfters dea weromfûn wurde, besykje sawol Longmire as de kollega's fan 'e mannen de dieder te finen, dy't fermoedlik Gabriella of Hector is. Longmire is ûnderwilens in romantyske relaasje begûn mei psychologe Donna Monaghan (Ally Walker). By har thús wurde se oanfallen. Longmire rekket ferwûne en wurdt foar dea efterlitten, wylst Donna ûntfierd wurdt.

In opbetterjende Longmire stelt in yngeand ûndersyk yn nei de ûntfiering fan Donna. Hy fynt har werom, mar net de dieder. Se sette harren relaasje noch in skoft fuort, mar breidzje der dan in ein oan. Wylst Longmire en Vic, dy't ûnderwilens skieden is, almar mear nei-inoar ta groeie, ûntdekt Vic dat se swier rekke is. Se wit lykwols net oft de heit no har âld-frijer Eamonn O'Neill (Josh Cooke) is, of Travis Murphy (Derek Phillips), in maat fan Branch mei wa't se in dronken onenightstand belibbe hat.

It komt oan it ljocht dat de Ierske maffia út Boston yn Absaroka County aktyf is. As der in drugshannelsoperaasje yn it reservaat oprôle wurdt, arrestearret Longmire Eddie Harp (Dan Donohue), de pleatslike fertsjintwurdiger fan 'e Ierske maffia. Dyselde ûntsnapt lykwols as er oerdroegen wurde sil oan 'e FBI. Ferg, dy't dêrby mei in fjoerwapen mei de dea bedrige wurdt, rekket psychologysk traumatisearre. Longmire reizget alhiel nei Boston ta, dêr't er de baas fan 'e Ierske maffia, Shane Muldoon (Dylan Walsh), it mannewaar opseit en him in ultimatum stelt: òf hy lûkt him út Absaroka County werom, òf Longmire sil de identiteit fan Muldoon trochspylje oan 'e FBI. Koarte tiid letter komt der in foto út Boston fan Eddie Harp mei in kûgelgat yn 'e foarholle.

Longmire wurdt oanklage yn in saak wêrby't immen troch syn skuld dearekke wêze soe. As er ferliest, sil er alles kwytreitsje dat er besit, en nei alle gedachten syn baan en syn reputaasje deropta. Tucker Baggett (Brett Rice), de abbekaat dy't de saak oanspand hat, is in goede freon fan Barlow Conally. Hy fertelt Longmire dat de wiere reden foar de saak is dat Connally wraak op 'e sheriff nimme wol troch him finansjeel bankrot te meitsjen. It ûnreplik-goedbedriuw fan Connally sil dan Longmire syn lân opkeapje om der in golfbaan fan te meitsjen.

Nighthorse begjint almar erchtinkender te wurden foar syn eigen haad befeiliging Malachi Strand oer, dy't er derfan fertinkt dat er jild fan it kasino efteroer drukt. Kommissaris Mathias ûntdekt dat Henry foar figilante spilet, en brûkt dy kennis om him te sjantearjen ta it opknappen fan in stikmannich smoarge putsjes. As Henry jûns let in skynber dronkene frou in lift nei hûs jout, wurdt er troch Malachi en dy syn trewanten oermastere en ûntfierd. Hja nimme him mei nei in ôfhandich plak yn it oanbuorjende reservaat fan 'e Krieën, dêr't se him mei staken oan 'e grûn fêstmeitsje en efterlitte om te stjerren.

Longmire fynt Henry werom ear't dy fan toarst omkomme kin, troch de wifkjende help fan 'e solitêre Krieske jagerinne en medisynfrou Marilyn Yarlott (Tantoo Cardinal). Mei't de houten staken dêr't Henry mei fêstmakke wie, fan Jacob Nighthorse komme, fertinkt Longmire Nighthorse derfan dat Malachi foar him wurket. Troch Nighthorse syn oerdúdlike eangst foar Malachi rekket Henry der lykwols fan oertsjûge dat dat sa net is. Mei him as midsman komt it ta in fermoedsoening tusken Longmire en Nighthorse. Dy lêste seit ta om 'e papierren fan Malachi oan 'e FBI oer te dragen. Longmire hâldt lykwols sa syn twifels oer Nighthorse, wat noch oanboazet as dy tajout dat er jild fan Shane Muldoon en de Ierske maffia akseptearre hat om 'e ferliezen fan it kasino oan te suverjen.

Lang om let komt Longmire derefter dat Vic swier is. As se efter in ûntsnapte finzene oangiet, wurdt se delsketten en kriget se in miskream. Neitiid besiket se selsmoard te dwaan. It ferstjerren fan syn âlde mentor Lucian Connally (Peter Weller) bringt ek Longmire sels geastlik yn ûnstjoer, en hy begjint der foar it earst oer nei te tinken it sheriffsamt del te lizzen. De rjochtsaak tsjin Longmire ferrint foar him min, en as abbekaat Tucker Baggett deasketten wurdt, falt de fertinking sadwaande op 'e sheriff. Nighthorse ferklearret lykwols ûnder de eed dat Baggett en Barlow Connally ôfspraken makke hiene om Longmire op falske wize al syn besit ôf te nimmen. Hy kin dy bewearing ûnderbouwe troch e-mails fan 'e beide mannen sjen te litten. De rjochtsaak is dêrmei fan 'e baan. Cady kriget in relaasje mei Zach Heflin.

As Eddie Harp wer drugs ferkeapet yn it Sjajinnereservaat, docht bliken dat de foto fan syn stoflik omskot yn sêne set wie. Wannear't Longmire-en-dy besykje him op te pakken, wurdt Harp troch Ferg deasketten. Shane Muldoon sels wurdt letter fermoarde troch Malachi, dy't syn haadkertier yn in houtseagerij yn it Krieëreservaat fêstige hat. Hy beävensearret de ûntfiering fan Henry en Nighthorse, sadat er dy lêste twinge kin en skriuw it kasino oan him oer. De ûnbetroubere Marilyn Yarlott seit ta om Longmire nei Malachi syn haadkertier te lieden, mar se wurdt deasketten foar't se dat dwaan kin. Nettsjinsteande dat ûntdekt de sheriff dochs wêr't dat haadkertier is. Hy giet der op ôf mei Vic, Ferg, Zach en Mathias mei syn reservaatsplysje. By de ynfal yn 'e houtseagerij rêdt Longmire it libben fan Nighthorse, dy't troch Malachi ophongen is. Malachi besiket de sheriff dea te stekken mei in ferburgen mês, mar rekket syn kûgelfrij fest wylst Longmire him deasjit.

Neitiid jouwe Longmire en Vic einlings en te'n lêsten ta oan harren al tiden broeiende gefoelens foar inoar en begjinne in romantyske relaasje. As Vic fertelt dat se it geastlik net oprêdt om altyd oer Longmire yn noed te sitten fanwegen syn gefaarlik bestean as sheriff, en dat se der geastlik oan ûndertroch gean sil as se nei har poppe him ek kwytrekke, nimt Longmire it beslút om mei pinsjoen te gean. Cady har rjochtshelpbedriuwke yn it Sjajinnereservaat is ûnderwilens mislearre en se risselwearret om nei New York te ferfarren. Longmire bepraat har lykwols om har ferkiesber te stellen foar it amt fan sheriff, en seit har ta dat se alles dat se witte moat fan plysjewurk fan Vic leare kin. Op fersyk fan Nighthorse, dy't foar syn kriminele ferline de finzenis yn draait, nimt Henry it kasino oer. Wylst de ferkiezingsstriid yn Absaroka County losbarst, set Longmire ôf om in legindaryske ferburgen skat te finen, dêr't syn âlde mentor Lucian de lokaasje fan fûn miende te hawwen.

Fan Robert Taylor is op 'e Wikipedy gjin foto beskikber; sjoch foar in foto om utens bgl. op dizze webside.
Katee Sackhoff.
Lou Diamond Phillips.
Cassidy Freeman.
personaazje akteur/aktrise                                   
sheriff Walt Longmire fan Absaroka County Robert Taylor
helpsheriff Victoria "Vic" Moretti Katee Sackhoff
Henry Standing Bear Lou Diamond Phillips
helpsheriff Branch Connally Bailey Chase (seizoen 1–3)
Cady Longmire Cassidy Freeman
helpsheriff Archie "Ferg" Ferguson Adam Bartley

Weromkearende rollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise
yntrodusearre yn seizoen 1
Bob Barnes John Bishop (seizoen 1–6)
kommissaris Mathias fan 'e Tribale Plysje Zahn McClarnon (seizoen 1–6)
Jacob Nighthorse A Martinez (seizoen 1–6)
Ruby, sekretaresse fan 'e sheriff Louanne Stephens (seizoen 1–6)
Lucian Connally Peter Weller (seizoen 1–4, 6)
Barlow Connally Gerald McRaney (seizoen 1–4)
Omar Louis Herthum (seizoen 1–3, 5)
resjersjeur Fales Charles S. Dutton (seizoen 1–3)
Sean Keegan Michael Mosley (seizoen 1–3)
Billy Barnes Arron Shiver (seizoen 1–2, 5)
Lizzie Ambrose Katherine LaNasa (seizoen 1–2)
May Still Water Irene Bedard (seizoen 1, 3–4)
Jamie DeBell Bob Clendenin (seizoen 1, 3, 5–6)
Lilly Still Water Amber Midthunder (seizoen 1, 3)
sheriff Jim Wilkins fan Cumberland County Tom Wopat (seizoen 1, 4–6)
Ayasha Roundstone Q'orianka Kilcher (seizoen 1)
yntrodusearre yn seizoen 2
Travis Murphy Derek Phillips (seizoen 2–6)
Ed Gorski Lee Tergesen (seizoen 2–3)
David Ridges David Midthunder (seizoen 2–3)
FBI-agint Towson Noam Jenkins (seizoen 2, 5)
Hector Jeffrey De Serrano (seizoen 2)
yntrodusearre yn seizoen 3
Darius Burns Joseph Daniel Havenstar (seizoen 3–6)
rjochter Joseph Mayhew Ralph Alderman (seizoen 3–6)
Sam Poteet Hank Cheyne (seizoen 3–6)
Malachi Strand Graham Greene (seizoen 3–6)
dokter Weston Scott Michael Campbell (seizoen 3–6)
dokter Dillon T.J. Alvarado (seizoen 3–5)
Mary Jo Murphy Patricia Bethune (seizoen 3–5)
Chance Gilbert Peter Stormare (seizoen 3, 5–6)
Cameron Maddox Nick Gehlfuss (seizoen 3)
yntrodusearre yn seizoen 4
Kevin Morris Currie Graham (seizoen 4–6)
Mandy Plitt Tamara Duarte (seizoen 4–6)
Marilyn Yarlott Tantoo Cardinal (seizoen 4–6)
Monte Ford Stephen Louis Grush (seizoen 4–5)
Walker Browning Callum Keith Rennie (seizoen 4–5)
dokter Donna Monaghan Ally Walker (seizoen 4–5)
helpsheriff Eamonn O'Neill Josh Cooke (seizoen 4–5)
helpsheriff Zach Heflin Barry Sloane (seizoen 4, 6)
Gabriella Langton Julia Jones (seizoen 4)
Archer Loftus Lew Temple (seizoen 4)
yntrodusearre yn seizoen 5
Tucker Baggett Brett Rice (seizoen 5–6)
boargemaster Sawyer Crane Eric Ladin (seizoen 5–6)
Eddie Harp Dan Donohue (seizoen 5–6)
Meg Mary Wiseman (seizoen 5–6)
Dave Milgrom Path Darragh (seizoen 5–6)
Shane Muldoon Dylan Walsh (seizoen 5–6)
yntrodusearre yn seizoen 6
FBI-agint Decker Raphael Sbarge (seizoen 6)
rjochter Clarence Drood Mike Pniewski (seizoen 6)
Beverly Joyce Marylouise Burke (seizoen 6)
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 10 3 juny 2012 12 augustus 2012 A&E Network
2 13 27 maaie 2013 26 augustus 2013
3 10 2 juny 2014 4 augustus 2014
4 10 10 septimber 2015 Netflix
5 10 23 septimber 2016
6 10 17 septimber 2017

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Longmire oer it algemien geunstige resinsjes. Alan Sepinwall fan HitFix skreau oer seizoen 1: "Der sit in gefoel fan lokaasje oan 'e searje dat makket dat er hiel oars oandocht as lykfol hokker oare plysjesearje op 'e tillefyzje." Dêr heakke er oan ta dat er moardmystearjes graach wat ynnimmender hawwe woe, "mar Longmire begjint teminsten mei in goede grûnslach yn 'e foarm fan Walt, syn assistinten en de wiid iepen plakken dy't se bereizgje."

Op 'e webside RogerEbert.com skreau Brian Tallerico nei de trêde ôflevering fan seizoen 4: "It klinkt soms as in lauwe oanpriizging om in searje te beskriuwen sa't je dat ek dwaan soene by in betroubere auto, mar Longmire is gewoan in stevige searje. Hy is fan alle kanten en einen goed opboud – mei selsfertrouwen yninoar set, goed aktearre, en de senario's binne folle fernimstiger as by in protte soartgelikense searjes." Om dyselde tiid hinne skreau Mike Hale yn The New York Times ek in loovjende resinsje fan Longmire. Dêryn hied er fral in protte lof foar de haadrolspiler, de Australyske akteur Robert Taylor, dy't omskreau as "in hjoeddeistige Gary Cooper".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Longmire in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 28 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Longmire in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 17 resinsjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.