Springe nei ynhâld

David Midthunder

Ut Wikipedy
David Midthunder
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDavid Paul Midthunder
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1962
berteplakFort Peck Yndianereservaat (MT)
etnisiteit Assiniboin (Assiniboine)
(Sioux)
jierren aktyf1986 – no
offisjele webside
David Midthunder yn 'e IMDb

David Midthunder (folút: David Paul Midthunder; it Fort Peck Yndianereservaat, 1962) is in Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midthunder waard yn 1962 berne yn it Fort Peck Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hy in registrearre lid fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (in stamme mei federale erkenning), en is fan mingd etnysk komôf, foar in part Hûnkpapa-Lakota, foar in part Sisseton-Dakota en foar in part Hûdesjabina-Assiniboin.

Midthunder waard yn 'e tradysje fan syn folk grutbrocht. Hy lei it sinnedûnsritueel ôf (in inisjaasjerite), besiket noch altyd swithutten en nimt diel oan tradisjonele dûnsen.

As akteur hat Midthunder bekendheid krige mei rollen yn tillefyzjesearjes as Into the West (2005) en Comanche Moon (2008). Ek hat er beskieden roltsjes yn in stikmannich films hân, wêrûnder Hidalgo (2004), Terminator: Salvation (2009), The Last Stand (2013), The Lone Ranger, Transformers: Age of Extinction (2014) en Hostiles (2017).

Dêrnjonken is er fral ek wurksum efter de skermen, as adviseur oangeande de Lakota-kultuer by in ferskaat oan Hollywoodproduksjes. Fierders hâldt er lêzings oer syn folk en kultuer, en is er in feardich surfer. Syn frou Angelique Midthunder, wurket ek yn 'e filmyndustry (as aktrise, stuntfrou en casting director), en harren dochter Amber Midthunder is ek aktrise.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1986Dream Westûnbekendminysearje
1986Louis L'Amour's Down the Long Hillsûnbekendtillefyzjefilm
1996The Lazarus ManIshataigastrol; ôfl. The Rescue
1997Rough RidersIndian Tom Isbellminysearje
2005Into the WestWhite Crowminysearje
2008Comanche MoonFamous Shoesminysearje
2009Doc WestYndiaanske foaroanmantillefyzjefilm
2011In Plain SightYancygastrol; ôfl. The Art of the Steal
2013The Sixth Gunophongen Yndiaanske krigertillefyzjefilm
2013–2014LongmireDavid Ridgesweromkearende rol; 6 ôfl.
2014ManhattanAnicetogastrol; 2 ôfl.
2014SalemMohâkgastrol; 2 ôfl.
2016RootsNansemond-rekrútminysearje
2016GravesHarlan Prattgastrol; ôfl. The Careless Giant
2017The SonHungry Owlgastrol; ôfl. Scalps
2017Midnight, TexasCatorigastrol; ôfl. Riders on the Storm
2018WestworldTakodagastrol; 2 ôfl.
2019ChambersPetergastrol; ôfl. Trauma Bonding
20221883Two Feathersminysearje
2022Dark WindsDillon Charleygastrol; ôfl. The Male Rain Approaches
films
1988My Neighbor Totorobykommende stimmenas stimakteur
1995East Meets Westopperhaad Red Hair
2001The Homecoming of Jimmy Whitecloud  Jimmy Whitecloud
2002Deadly SpeciesKalûsa-krigerdirekt-op-fideo útbrocht
2002Florida CityJohnny Tiger
2003Nate and the ColonelKills the Enemy
2003Last Standbroer fan Goes Alonekoarte film
2003The MissingApache-ferkenner
2003DreamKeeperEagle Boyas stimakteur
2004HidalgoBlack Coyote
2004Reservation Warpartiesomkekoarte film
2007Ghosts of the HeartlandRay
2007Interventionbarkeeper
2008The BurrowersStomp Mês
2009The Only Good IndianNawkaw
2009Terminator: Salvationsoldaat #1
2010The Book of Elisoldaat op Alcatraz
2010Passion Playoanfierder fan 'e Tarahûmara
2011CowboysApache-kriger #1
2011The ReunionYndiaanske trewant
2011You Don't Know Bertha ConstantineHigh Bearkoarte film
2013The Last StandCohan
2013Chasing ShakespeareNazuni Redhawk
2013The Lone Rangerferkenner foar Fuller
2013Dust of WarDark Horse
2013Banshee ChapterRaoul
2014Transformers: Age of Extinctionskyldwacht op Arktyske lokaasje  
2015Bone Tomahawkmisfoarme hoalebewenner
2016The Lost Pueblomedisynmankoarte film
2017HostilesBuffalo Man
2017Woman Walks AheadShell King
2018Making a KillingCoyote Jim
2019Running ShadowShanekoarte film
2019The Lightning PatchAlan Moonkoarte film
2019Maleficent: Mistress of Evilwâldgeast #2
2022Canyon del Muertoûnbekend
2022Rude Girlpake Leekoarte film
2023On Sacred GroundTerry
fideospultsjes
2018Red Dead Redemption IIferskaatas stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: