The Last Stand (film út 2013)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Last Stand
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Last Stand Titelschriftzug.jpg
makkers
regisseur Kim Jee-woon
produsint Lorenzo di Bonaventura
senario Andrew Knauer
Jerry Nachmanoff
kamerarezjy Kim Ji-yong
muzyk Mowg
filmstudio di Bonaventura Pictures
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
Jaimie Alexander
byrollen Eduardo Noriega
Rodrigo Santoro
Luis Guzmán
Johnny Knoxville
Forest Whitaker
Genesis Rodriguez
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 14 jannewaris 2013
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm, neo-western
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget $45 miljoen
opbringst $48,3 miljoen

The Last Stand is in Amerikaanske aksjefilm en neo-western út 2013 fan 'e Súdkoreaanske regisseur Kim Jee-woon, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger en Jaimie Alexander. De titel betsjut safolle as "It Lêste Bolwurk". It ferhaal giet oer in Amerikaanske sheriff út in lyts plakje dy't wegeret om in drugsbaas troch te litten op syn flecht foar de autoriteiten yn 'e rjochting fan Meksikaanske grins. De film krige fan 'e filmkritisy mingde oant positive resinsjes, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ray Owens is in âld-resjersjeur fan it Los Angeles Police Department, dy't nei in misrûne operaasje wêrby't syn partner ynfalide rekke en ferskate oare plysjes omkamen, ûntslach nommen hat. Efterfolge troch skuldgefoelens hat er syn hiele eardere libben efter him litten om sheriff te wurden yn it sliepperige plakje Sommerton Junction, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, fuort oan 'e grins mei Meksiko. De misdie dy't er dêr bestriidt, rint útinoar fan 'e sjitoefenings fan Lewis Dinkum, in eksintrike sammelder fan âlde fjoerwapens, oant it foutparkearjen fan 'e boargemaster.

Dan ûntsnapt drugsbaas en autokoereur Gabriel Cortez by in oerpleatsing yn Las Vegas op spektakulêre wize oan 'e FBI. Hy nimt spesjaal aginte Elle Richards yn gizeling en racet yn in omboude Chevrolet Corvette troch Arizona yn 'e rjochting fan 'e Mekskikaanske grins. Spesjaal agint John Bannister, dy't de lieding hat oer de operaasje om Cortez wer op te pakken, lit in weiblokkade opsette yn Bullhead City, mar de trewanten fan Cortez meane mei automatyske wapens de plysjes del sadat harren baas sûnder swierrichheden fierder kin. Cortez set ek syn útsûnderlike feardichheden as sjauffeur yn om twa fiertugen fan in spesjaal arrestaasjeteam út te skeakeljen, dy't er ûnderweis nei Sommerton Junction ynhellet. Ear't er yn it fleantúch ôfset nei súdlik Arizona lit Bannister in finansjeel ûndersyk ynstelle nei alle aginten dy't by de operaasje belutsen binne, om út te finen hoe't Cortez ûntsnappe koe. Hy fermoedet nammentlik dat de drugsbaas help fan binnenút hân hat.

Underwilens giet it libben yn Sommerton Junction syn gewoane gong, mei't nimmen dêr noch euvelmoed hat yn wat der op kommendeweis is. Moarns om healwei fiven stjoert sheriff Owens syn helpsheriffs Jerry Bailey en Sarah Torrance nei de pleats fan boer Parsons ta, dy't net opdaagjen kommen is om molke ôf te leverjen by it pleatslike kafetaria. Bailey en Torrance ûntdekke dat Parsons fermoarde is. Se folgje it bannespoar fan 'e auto fan 'e fermoedlike dieder, dat harren nei Cortez syn trewant Thomas Burrell ta liedt. Dyselde is mei in groep swierbewapene hierlingen dwaande om in mobile brêge oer de kleau te pleatsen dy't op dat plak de grins mei Meksiko foarmet. As der him in sjitpartij ûntjout tusken de helpsheriffs en de misdiedigers, slagget it Bailey en Torrance mar nauwerneed om mei help fan in tahastige Owens te ûntkommen. Bailey hat lykwols in fatale skotwûne oprûn en beswykt dêr letter oan yn it pleatslike plysjeburo. Mei syn lêste siken freget er Torrance om syn maat Frank Martinez, dy't al jierren efter har oan sit, in kâns te jaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't er troch Bannister (te let) bypraten is oer de sitewaasje, beslút Owens dat Cortez net troch syn stedsje komme sil. Hy beëdiget Frank Martinez en Lewis Dinkum, sadat er mei Torrance en Mike Figuerola fjouwer helpsheriffs hat. Martinez is in âld-marinier dy't yn 'e Irakoarloch tsjinne hat en mei in posttraumatysk stress-syndroom oanhelle rekke is, en troch syn ûnberekkene hâlden en dragen geregeldwei yn 'e pleatslike sel belânet. Mar Bailey wie syn bêste freon, dat de mannen fan Cortez hawwe noch wat fan him te goede. Dinkum wurdt by it spul belutsen om't Owens ferlet hat fan syn wapens, dy't er inkeld foar gebrûk ôfstean wol as er sels meifjochtsje mei.

Koart nei sânen dy moarns hawwe Owens en syn helpsheriffs de wei troch Sommerton Junction barrikadearre mei auto's en in skoalbus as Burrell en syn mannen arrivearje. Der brekt in lang fjoergefjocht út. Mei in âlde Tommygun út 'e kolleksje fan Dinkum hâldt Figuerola de kriminelen op in ôfstân oant er ferwûne rekket troch in slûpskutter. Owens en Dinkum meane de mearderheid fan 'e misdiedigers del mei in antyk Vickers-masinegewear dat se efterop de skoalbus montearre hawwe, wylst Martinez dekkingsfjoer jout en Torrance mei in skerpskuttersgewear fan 'e dakken ôf ferskate tsjinstanners delsjit dy't besykje Owens en Dinkum oer it mad te kommen.

Nei't Owens Burrell úteinlik deade hat, arrivearret Cortez yn syn Corvette yn Sommerton Junction, dêr't er by de barrikade lâns glûpt foar't Owens-en-dy dat tsjinkeare kinne. Bûten it stedsje smyt Cortez aginte Richards út 'e auto, dy't er sabeare yn gizeling nommen hie. Eins is sy dejinge dy't him holpen hat te ûntkommen, mar sa deunby de grins mei Meksiko hat er har hoe dan ek net mear nedich. Owens foarderet de Camaro fan 'e boargemaster en set de efterfolging yn, wêrby't beide auto's blynseach troch in fjild mei stynske weet jachtsje. Dat kin net lang goed, en yndie komme se úteinlik beiden yn botsing mei in stilsteande combine. In ferdwaasde Cortez ferfolget syn ûntsnapping nei de grins geandefoets, mar by de brêge dy't Burrell en syn mannen oer de kleau pleatst hawwe, wurdt er opwachte troch Owens.

Cortez besiket de sheriff om te keapjen, mar Owens wol dêr neat fan witte. De beide mannen fjochtsje op 'e brêge, en nettsjinsteande de wûnen dy't er oprint fan 'e stiletto dy't Cortez foar it ljocht hellet, wint Owens de slaanderij. Hy sleept Cortez yn hânboeiens werom nei de Amerikaanske kant, en lit him dan efter de no dakleaze en ferrinnewearre Camaro oan nei Sommerton Junction rinne. Dêr arrivearret Bannister om Cortez oer te nimmen en werom nei de finzenis te bringen. Hy arrestearret ek Richards, mei't syn finansjeel ûndersyk útwiisd hat dat se har omkeapje litten hat. Figuerola en Dinkum wurde nei it sikehûs brocht om harren wûnen behannelje te litten. Martinez wol de sheriffsstjer fan Bailey weromjaan, dy't Owens him earder jûn hie, mar Owens fertelt him dat er dy wol hâlde mei as er helpsheriff bliuwe wol. Torrance sjocht Martinez no yn in hiel oar ljocht, wylst se earder neat fan him hawwe moast. As de boargemaster mei ûntsetting sjocht wat der oer is fan syn Camaro, fertelt Owens him kâldwei dat soks barre kin as je foutparkearje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
sheriff Ray Owens Arnold Schwarzenegger
helpsheriff Sarah Torrance Jaimie Alexander


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Garbriel Cortez Eduardo Noriega
Frank Martinez Rodrigo Santoro
helpsheriff Mike Figuerola Luis Guzmán
Lewis Dinkum Johnny Knoxville
FBI-agint John Bannister Forest Whitaker
FBI-aginte Ellen Richards Genesis Rodriguez
helpsheriff Jerry Bailey Zach Gilford
Thomas Burrell Peter Stormare
FBI-agint Phil Hayes Daniel Henney
Eagan Tait Fletcher
FBI-agint Aaron Mitchell John Patrick Amedori
boer Parsons Harry Dean Stanton

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Last Stand waard regissearre troch de Súdkoreaanske filmmakker Kim Jee-woon nei in senario fan Andrew Knauer, dat letter bewurke wie troch Jerry Nachmanoff. De filmprodusint wie Lorenzo di Bonaventura foar de studio di Bonaventura Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $45 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Kim Ji-yong, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mowg.

Foar de haadrol waard Liam Neeson yn omtinken nommen, mar nei't dy der yn 2011 nee tsjin sei, bea finansier Lionsgate Films de rol oan Arnold Schwarzenegger oan, dy't doe krekt syn gûverneurskip fan Kalifornje beëinige hie. The Last Stand wie sadwaande de earste aksjefilm dêr't Schwarzenegger yn spile sûnt Terminator 3: Rise of the Machines, yn 2003. De opnamen fan The Last Stand sette op 17 oktober 2011 útein op lokaasje yn Belen, yn Nij-Meksiko. Der waard ek yn Nevada filme. De lêste opnamedei foel op 2 febrewaris 2012.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Last Stand waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 14 jannewaris 2013 yn Hollywood yn premiêre by in fertoaning yn Grauman's Chinese Theatre oan Hollywood Boulevard. Dêrnei iepene The Last Stand op 17 jannewaris yn 'e Amerikaanske en Kanadeeske bioskopen. Op 21 maaie 2013 waard The Last Stand útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Last Stand krige oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa skreau Owen Gleiberman yn it tydskrift Entertainment Weekly: "[D]e film is folle better as út 'e promoasjefilmkes blykt. It is in earsteklas B-film […]." Oer it aktearjen fan Arnold Schwarzenegger heakke er dêr oan ta: "Hy leveret in behearske en neat ûntsjend garismatyske prestaasje dy't syn weardichheid as [film]stjer werstelt. Hy bewiist – en dit is wol it lêste dat ik ferwachte – dat der libben is nei de 'Governator'."

Jim Vejvoda fan IGN wie minder posityf, en skreau: "De tekoartkommings fan dizze film binne dúdlik as immen aktearje of wat sizze moat. Dat is miskien net de reden wêrom't de measte sjoggers nei The Last Stand ta gean sille, mar it is steurend genôch dat it in neidielige ynfloed op 'e sjochfreugde hat." Hy joech de film lykwols in 6 op in skaal fan 1 oant 10 en murk op: "[De film] is in formulemjittige aksjefilm, mar hy leveret dochs noch safolle autostunts, sjitpartijen en slaanderijsênes dy't dermei troch kinne, dat Arnold-fans mar eefkes delkomme moatte."

Richard Roeper, dy't skreau foar de Chicago Sun-Times, joech The Last Stand 3 fan 4 stjerren. Hy fette it sa gear: "As jo jins nocht hawwe fan gewelddiedige films […], wolle jo net iens by dizze film yn 'e buert komme. Mar as jo in fan binne fan stylfolle, ûnophâldlik lûde sjitpartijen, en de tafoeging fan twifelige plotûntwikkelings jo neat skele kin, dan is dit de film dy't jo hawwe moatte om fan 't wykein eefkes oan jo normale libben te ûntsnappen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Last Stand in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 152 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Der is eins neat dêr't de film him yn it bysûnder mei ûnderskiedt, mar foar Schwarzenegger-fans biedt The Last Stand prima en net botte sinnich fermaak." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Last Stand in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 33 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Last Stand brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $12,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $36,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op in teloarstellende $48,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan mar $3,3 miljoen, mar om't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, kaam de film eins net út 'e kosten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.