Springe nei ynhâld

Tantoo Cardinal

Ut Wikipedy
Tantoo Cardinal
akteur
Tantoo Cardinal yn 2025
Tantoo Cardinal yn 2025
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTantoo Cardinal
nasjonaliteit Kanadeesk
berne20 july 1950
berteplakFort McMurray (Alberta)
etnisiteit Mety
Kry
jierren aktyf1975 – no
offisjele webside
Tantoo Cardinal yn 'e IMDb

Tantoo Cardinal (Fort McMurray (Alberta), 20 july 1950) is in Kanadeesk aktrise fan mingd Mety- en Kry-Yndiaansk etnysk komôf. Se hat in protte film- en tillefyzjewurk dien, wêrby't se ornaris byrollen fertolke. Dêrnjonken hat se ek in soad op 'e planken stien. Yn Jeropa ken men har mooglik út spylfilms as Dances with Wolves en Legends of the Fall en tillefyzjesearjes as Longmire en Stumptown.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cardinal waard yn 1950 berne yn Fort McMurray, yn it noardlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Har mem, Julia Cardinal, wie in Mety (Métis) (d.w.s. ien fan mingd blank en Yndiaansk ras), en har heit wie in Kry-Yndiaan (Cree). Hja waard grutbrocht troch it folk fan har mem.

Yn 1975 sette Cardinal mei 25 jier útein mei in karriêre as aktrise. Hja hie rollen yn in grut tal films. Sa spile se yn 1990 de rol fan Black Shawl yn it bekroande Dances with Wolves, mei as tsjinspilers û.o. Kevin Costner, Mary McDonnell, Graham Greene, Rodney A. Grant en Floyd Red Crow Westerman. It jiers dêrop wie se te sjen as de frou fan it personaazje Chomina, yn 'e film Black Robe. Fierders hie se yn 1992 yn 'e western Unforgiven, mei Clint Eastwood en Morgan Freeman, in lyts roltsje as Sally Two Trees. Mei û.m. Brad Pitt, Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Gordon Tootoosis en Karina Lombard spile Cardinal yn 1994 yn it bekroande Legends of the Fall, wêrby't se de rol fan Pet Decker fertolke.

De hânleasten fan Tantoo Cardinal op 'e Aboriginal Walk of Honour, yn Edmonton.

Guon oare films dêr't Cardinal byrollen yn hie, wiene Loyalties (1986), War Party (1988), Sioux City (1994), Smoke Signals (1998), Eden (2012) en Wind River (2017). Yn 1993 fertolke se de titelrol yn 'e film Silent Tongue, en yn 1994 spile se yn 'e tillefyzjefilm Lakota Woman: Siege at Wounded Knee, oer de Besetting fan Wounded Knee. Op 'e tillefyzje spile Cardinal yn 1992 ek mei Eric Schweig en Gordon Tootoosis yn 'e minysearje By Way of the Stars. Gastrollen hie se yn searjes as North of 60, Dr. Quinn, Medicine Woman, Spirit Bay, The Killing, Arctic Air en Longmire.

Yn 2012 en 2013 hie Cardinal de fêste rol fan Wilma Stoney yn 'e rige Blackstone, en yn 2019 en 2020 fertolke se de weromkearende rol fan Sue Lynn Blackbird, it bikkelhurde froulike opperhaad fan 'e pleatslike Yndianestamme yn Portland (Oregon), yn 'e Amerikaanske detektivesearje Stumptown, mei yn 'e haadrol har lângenoate Cobie Smulders. Yn 2018 spile Cardinal yn 'e film The Grizzlies de rol fan in skoalhaad dat skeptysk is oer de bedoeling fan in nije learaar om sosjale swierrichheden op te lossen yn it doarp Kugluktuk, yn noardwestlik Nûnavût.

Yn 1999 rjochte Cardinal mei Gordon Tootoosis de Saskatchewan Native Theatre Company op, in Yndiaansk toanielselskip yn Kanadeeske provinsje Saskatchewan, en yn dy hoedanichheid holp se jonge Yndiaanske akteurs om harren karriêre fan 'e grûn te krijen. Sels stie se ek in protte op 'e planken, en yn 2012 hie se de rol fan Regan yn in opfiering fan it toanielstik Kening Lear, fan Shakespeare, troch in folslein Yndiaanske cast yn it National Arts Centre yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa. Yn 2009 waard Cardinal foar har bydragen oan film, tillefyzje en toaniel beneamd yn 'e Oarder fan Kanada, wat in keninklike ûnderskieding is.

Cardinal mette har earste man, Fred Martin, doe't se yn 'e 1960-er jierren yn 'e kost wie by de húshâlding fan syn âldelju sadat se yn Edmonton nei de middelbere skoalle koe. Hja trouden yn 1968 en krige in soan, Cheyenne, foar't it houlik yn 1978 einige yn in skieding. Neitiid krige Cardinal in twadde soan, Clifford, mei akteur Beaver Richards. Fan 1988 oant 2000 wie se troud mei akteur John Lawlor, mei wa't se in dochter krige, dy't Riel hjit.

Op 23 augustus 2011 waarden Cardinal, har kollega-aktrise Margot Kidder en tsientallen oaren arrestearre by in demonstraasje tsjin it foarstelde trochlûken fan 'e Keystone-oaljepiiplieding.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1978Marie-AnneTantou
1981Death HuntYndiaanske frou
1983Running BraveCaroline
1986Places Not Our OwnRose
1986LoyaltiesRosanne Ladouceur
1987Candy MountainAnnie
1990Divided LoyaltiesMolly Brant
1990Dances with WolvesBlack Shawl
1991Black Robefrou fan Chomina
1992UnforgivenSally Two Trees
1993Silent TongueSilent Tongue
1993Where the Rivers Flow NorthBangor
1993Mustard Bathsuster Amantha
1994Sioux CityDawn Rainfeather
1994Legends of the FallPet Decker
1996Grand Avenue?
1997The Education of Little Treebeppe
1997SilenceDolores
1998Honey MoccasinHoney Moccasin
1998Smoke SignalsArlene Joseph
1998HeartwoodViolet Boucher
1999The Hi-LineSinging Bird
1999A Stranger in the KingdomHeaven Fontaine
2000Postmark ParadiseReenie
2000Blood RiverClaire / Mattiekoarte film
2002Edge of MadnessRuth
2004MemoryIdakoarte film
2006Unnatural & Accidentalmuoike Shadie / Rita
2008Older than Americamuoike Apple
2008Ancestor EyesVernakoarte film
2008Mothers & DaughtersCeline
2010Every Emotion Costsmuoike Marcy
2011Shouting SecretsJune
2012Edenferpleechkundige
2013From Aboveâldere Venus
2013MaïnaTekahera
2014Down HereStella Mitchell
2015Hope BridgeLana
2016ARQThe Pope
2017Wind RiverAlice Crowheart
2018Falls Around HerMary Birchbark
2018The GrizzliesJanice
2018Through Black SpruceMary-Lou
2018Hold the DarkIllanaq
2018Angelique's IsleThunderbird Woman
2019Red SnowRuth
2020The Corruption of Divine ProvidenceJuniper Fairweather
20??Killers of the Flower MoonLizzie Q
tillefyzje
1984Spirit BayAnniefêste rol
1987Gunsmoke: Return to DodgeLittle Doetillefyzjefilm
1990The CampbellsMaria Brantgastrol; ôfl. Miles to Go
1991Lightning FieldViviantillefyzjefilm
1992Street LegalRenee Stonehouseweromkearende rol; 4 ôfl.
1992–1993By Way of the StarsFranoisminysearje
1993Harts of the WestHelengastrol; ôfl. Auggie's End
1993Spirit RiderMarilyn St. Clairetillefyzjefilm
1993–1995Dr. Quinn, Medicine WomanSnow Birdweromkearende rol; 7 ôfl.
1994Lakota Woman: Siege at Wounded Knee   mem fan Marytillefyzjefilm
1994–1997North of 60Betty Mosesweromkearende rol; 7 ôfl.
1995500 Nations?as stimaktrise; minysearje
1996Grand AvenueNellietillefyzjefilm
1998Big BearRunning Secondminysearje
1998Cold SquadTheresa Sandimangastrol; ôfl. Salty Cheever
2000Navigating the HeartMarytillefyzjefilm
2000The Lost Childmuoike Marytillefyzjefilm
2001MythQuestWallohagastrol; ôfl. Red Wolf's Daughter
2002Tom Stonerjochter Crowfootgastrol; ôfl. Royalty
2003–2006Moccasin FlatsBetty Merastyweromkearende rol; 22 ôfl.
2004Windy Acresmuoike Lauraweromkearende rol; 7 ôfl.
2004H2Ogrutopperhaad Katie Blackfiregastrol; 2 ôfl.
2004A Thief of TimeIrene Muskettillefyzjefilm
2006Indian Summer: The Oka CrisisIba Beauvaisminysearje; 4 ôfl.
2007Luna: Spirit of the WhaleGloria Maquinnatillefyzjefilm
2008The GuardUrsulaweromkearende rol; 4 ôfl.
2008Just BreatheHeathertillefyzjefilm
2008Changing Climates, Changing TimesGrace Lajoietillefyzjefilm
2009Tales of an Urban IndianDiannetillefyzjefilm
2009Dear PrudenceRuth Vigiltillefyzjefilm
2010ShatteredCarolgastrol; 2 ôfl.
2012–2015BlackstoneWilma Stoneyweromkearende rol; 18 ôfl.
2013Arctic Airmuoike Marygastrol; ôfl. Skeletons in the Closet
2014Strange EmpirePichettegastrol; ôfl. Lonely Hearts
2014–2016Mohawk Girlsmem fan Zoeweromkearende rol; 5 ôfl.
2015–2017LongmireMarilyn Yarlottweromkearende rol; 4 ôfl.
2016FrontierKamennagastrol; 2 ôfl.
2016On the FarmAda Taylortillefyzjefilm
2017GodlessIyoviminysearje; yn 7 ôfl.
2018OutlanderAdawehigastrol; 2 ôfl.
2019–2020Stumptownopperhaad Sue Lynn Blackbird   weromkearende rol; 18 ôfl.
2020New Amsterdamdokter Jane Munseegastrol; 1 ôfl.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.