Karina Lombard

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Karina Lombard
Filmklapper.png akteur
Karina Lombard Cabourg 2011.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karina Lombard
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 21 jannewaris 1969
berteplak Tahity (Frânsk-Polyneezje)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota-
Flag of Russia.svg Russysk
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.karinalombard.com

Karina Lombard (op Tahity (Frânsk-Polyneezje), 21 jannewaris 1969) is in Amerikaansk model en aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei har rol yn 'e bekroande spylfilm Legends of the Fall en as Marina Ferrer yn 'e tillefyzjesearje The L Word.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lombard waard yn 1969 bern op it eilân Tahity, yn Frânsk-Polyneezje, as de dochter fan Henri Lombard, dy't fan mingd Italjaansk-Switsersk en Russysk komôf wie, en Nupuree Lightfoot, in Lakota-Yndiaanske medisynfrou. Lombard is de de jongste fan fiif bern yn it gesin fan har âlden. Har âldere broer en susters binne: Hélène, Inès, Charles en Denise.

It gesin ferhuze yn Lombard har jonkheid geregeldwei, en sadwaande groeide se ferspraat oer in grut diel fan Jeropa op. Sa wenne se ferskate jierren yn Spanje mei har heit en broer en susters, en it Spaansk beskôget se dêrom as har memmetaal. It meastepart fan har skoalgeande jierren brocht se lykwols yn Switserlân troch. Lombard gie nei ferskate kostskoallen en sprekt floeiend Spaansk, Ingelsk, Italjaansk, Frânsk en Dútsk. Doe't se achttjin jier wie, sette se har nei wenjen yn New York, dêr't se in karriêre as model begûn.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lombard briek troch mei in fotoreportaazje mei in Yndiaansk tema foar it ûnderguodmerk Calvin Klein. Ien fan har foto's waard útkeazen foar in reklamekampanje op oanplakbuorden, en sa krige hja bekendheid yn 'e modellewrâld. Neitiid ferskynden der fotoreportaazjes fan har yn ferneamde moadetydskriften, lykas Elle en Vogue.

Njonken har modellewurk wie Lombard yn New York ek al wakker aktyf as aktrise. Har aktearoplieding en toanielûnderfining die se beanmmentlik op yn it Gallery Theatre, it Neighborhood Playhouse, it Lee Strasberg Theatre Institute en de Actors Studio, allegear yn New York. Har earste filmrol hie syn as prinsesse yn it Frânsktalige L'Île. Nei noch ferskate lytse roltsjes, wêrûnder ien as 'famke op strân' yn The Firm, krige se yn 1993 foar it earst in gruttere rol yn 'e film Wild Sargasso Sea. Hja waard lykwols benammen bekend troch har rol as Isabel II (it Yndiaanske famke dat mei it personaazje fan Brad Pitt trout) yn it bekroande Legends of the Fall. Dêrby hie se njonken Pitt û.m. Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Gordon Tootoosis en Tantoo Cardinal as tsjinspilers.

Yn 1996 spile Lombard yn Last Man Standing, mei Bruce Willis, en yn 1997 yn Kull the Conqueror, mei Kevin Sorbo. Nei 2000 lei se har benammen ta op tillefyzjewurk, wêrby't se de rol fan Marina Ferrer fertolke yn it earste seizoen fan 'e searje The L Word, en letter ek yn The 4400. Fierders hie se in weromkearende rol yn 'e rige Rescue Me, en ek hie se gastrollen yn searjes as CSI: Crime Scene Investigation, CSI: New York en NCIS. Yn 2016 fertolke se de rol fan it Sjâny-opperhaad Nonhelema yn 'e ôflevering Stranded fan 'e searje Timeless.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1991 oant 1998 wie Lombard troud mei kollega-akteur Anthony John Crane. Harren houlik einige yn in skieding.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.