Nonhelema

Ut Wikipedy
Nonhelema
It tinkteken foar Nonhelema.
It tinkteken foar Nonhelema.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nonhelema of Non-hel-e-ma
nasjonaliteit Sjâny
berne ±1720
berteplak yn Pennsylvania
stoarn desimber 1786
stjerplak yn Ohio
etnisiteit Sjâny
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Sjâny
jierren aktyf ±17401786

Nonhelema of Non-hel-e-ma (yn Pennsylvania, ±1720 – yn Ohio, desimber 1786) wie in froulik opperhaad fan 'e Sjâny (Shawnee), in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Hja wie de suster fan it ferneamde Sjâny-opperhaad Maïsstâle. Mids achttjinde iuw wie hja in foaroansteand lieder fan har folk.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarisy geane derfan út dat Nonhelema omtrint 1720 berne waard yn wat no it westlike part fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania is. Mank de blanken stie hja bekend om har lingte fan hast seis foet en seis tommen (omrint 1.98 m). Om't de Britten doedestiden de leden fan harren grenadiersrezjiminten útsochten om harren lingte, waard Nonhelema wol the Grenadier of the Grenadier Squaw neamd. Hja wie de suster fan it Sjâny-opperhaad Maïsstâle, mei wa't hja nei it tsjintwurdige Ohio ferfear doe't de druk fan 'e optsjende kolonisaasje troch de blanken yn harren oarspronklike heitelân te swier waard. Yn Ohio stiften sy en Maïsstâle oanbuorjende doarpen oan wjerskanten fan it beekje de Scippo Creek.

Nonhelema troude trije kear. It is ûnbekend wa't har middelste man wie, mar de earste wie in Sjâny-kriger, en de trêde wie it Sjâny-opperhaad Moluntha. Hja hie ek in soan, in Thomas McKee, út har relaasje mei de Yndiaanske agint Alexander McKee, en in oare soan, in Tamanatha, út har relaasje mei kolonel Richard Butler.

Yn 1764 focht Nonhelema mei yn 'e Slach by Bushy Run tusken in koälysje fan Sjâny, Mingo, Delawêr en Huroanen oan 'e ien kant en in kolône Britske troepen oan 'e oare kant. Doe't yn 1774 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek en de Feriene Steaten harren ûnôfhinklik ferklearren fan Grut-Brittanje, stipen Nonhelema en Maïsstâle de Amerikanen. Sa warskôge se dyselden yn 'e simmer fan 1777 dat in diel fan 'e Sjâny-krigers ôfreizge wie nei Fort Detroit om har by de Britten te jaan.

Ek nei de moard op Maïsstâle troch Amerikaanske soldaten yn Fort Randolph, yn novimber 1777, bleau Nonhelema de Amerikaanske saak trou, troch it garnizoen fan datselde fort te warskôgjen foar in oansteande Britske oanfal. Fierders ferklaaide se de Amerikaanske kolonisten Philip Hammond en John Pryor as Yndianen, sadat dy ûnopmurken de 260 km nei Fort Donnally ôflizze koene om ek it garnizoen fan dy fêsting foar in Britske oanfal te warskôgjen. By wize fan repressaillemaatregel deaden de Britten Nonhelema har beslach oan kij. Dêrop naam Nonhelema mei har folgelingen de wyk nei de krite fan Coshocton, dêr't se ûnder beskerming stiene fan it Delawêr-opperhaad Wite Eagen.

De tekst op it fuotstik fan it tinkteken foar Nonhelema.

Yn 1780 tsjinne Nonhelema, dy't trije talen spriek, as gids en tolk foar de Frânske ofsier yn Amerikaanske tsjinst Augustin de La Balme ûnder dy syn fjildtocht nei de krite fan 'e rivier de Illinois. Yn 1785 frege Nonhelema it Amerikaanske Kongres om in stik lân fan 404 ha (1.000 acres) yn Ohio, as kompinsaasje foar har stipe oan 'e Feriene Steaten yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch en de ferliezen dy't se as gefolch dêrfan lit hie. It Kongres joech har ynstee in 'pinsjoen' besteande út in deistich rantsoen iten, mei dêropta in jierlikse tawizing fan guod yn 'e foarm fan tekkens en klean.

Yn 1786 waarden Nonhelema en har man Moluntha finzen nommen troch de Amerikaanske generaal Benjamin Logan. Moluntha waard dêrby fermoarde troch in Amerikaanske soldaat, en Nonhelema sels waard yn 'e hechten set yn Fort Pitt. Under har finzenskip dêre wurke hja mei oan it gearstallen fan in wurdboek fan 'e Sjâny-taal. Hja waard nei ferskate moannen frijlitten, mar kaam yn desimber fan datselde jier te ferstjerren.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nonhelema is it ûnderwerp 'e biografyske histoaryske roman Warrior Woman, út 2003, dy't skreaun waard troch it troude pear James Alexander Thom en Dark Rain Thom. Yn 2016 waard se yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Stranded spile troch aktrise Karina Lombard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.