Gordon Tootoosis

Ut Wikipedy
Gordon Tootoosis
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gordon Tootoosis
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 25 oktober 1941
berteplak Cut Knife (Saskatchewan)
stoarn 5 july 2011
stjerplak Saskatoon (Saskatchewan)
etnisiteit Kry
Súdlik Stony
jierren aktyf 19732011
offisjele webside
Gordon Tootoosis yn 'e IMDb

Gordon Tootoosis (Cut Knife (Saskatchewan), 25 oktober 1941Saskatoon (Saskatchewan), 5 july 2011) wie in Kanadeesk akteur en aktivist fan mingd Yndiaansk etnysk komôf. Hy wie ferneamd om syn krewearjen foar it behâld fan 'e kultuer en it fertellen fan 'e myten en leginden fan syn folk, en om syn wurk mei de Yndiaanske jongerein. As akteur waard er benammen bekend mei syn rol yn 'e Amerikaanske spylfilm Legends of the Fall.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tootoosis waard yn 1941 berne yn it Poundmaker Reservaat 114 yn Cut Knife, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. Hy wie fan mingd etnysk komôf, mei't er sawol bloed fan 'e Kry (Cree) as fan 'e Stony (Stoney) hie. Syn heit wie de Yndiaanske aktivist John Tootoosis, en ien fan syn foarâlden wie Giele Moddertekken, de broer fan it ferneamde opperhaad Bizonfâlemakker (Pîhtokahanapiwiyin of Poundmaker), dy't de Kry oanfierde ûnder de Noardwestlike Opstân fan 1885.

De jonge Tootoosis waard mei syn trettjin bruorren en susters grutbrocht neffens de tradysjes fan 'e Flakte-Kry oant er troch de Kanadeeske oerheid by syn âlden weihelle en yn in kostskoalle pleatst waard, sa't doedestiden it belied wie foar alle Yndiaanske bern. Op 'e roomske kostskoalle waard it Tootoosis ferbean om syn memmetaal, it Kry, te sprekken, en waard er ek op oare manearen min behannele. Hy hie it der noch minder as syn mei-learlingen, om't er der troch de skoallieding op oansjoen waard dat syn heit in aktivist wie dy't foar de minskerjochten fan 'e Yndianen yn Kanada opkaam.

Oplieding en ier wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn traumatyske skoaljierren, learde Tootoosis foar sosjaal wurker, wêrby't er him spesjalisearre yn bern en jeugdkriminelen. Troch syn belangstelling foar de eigen kulturele tradysjes fan syn folk, ûntjoech Tootoosis him ta in earsten dûnser fan 'e lânseigen dûnsen fan 'e Kry, en ek ta in tige goed lassosmiter yn rodeowedstriden. Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren gied er op toernee as lid fan 'e Plains InterTribal Dance Troupe, wêrmei't er net inkeld troch hiel Kanada reizge, mar ek Jeropa en Súd-Amearika besocht. Letter waard er ien fan 'e populêrste live-kommentators fan powwows yn Noard-Amearika.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tootoosis syn karriêre as akteur begûn yn 1973, doe't er mei Donald Sutherland en Chief Dan George yn 'e film Alien Thunder spile (útbrocht yn 1974). Mids 1980-er jierren hied er ien seizoen lang in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje Red Serge, en yn 'e tillefyzjerige North of 60 spile er fan 1992 ôf 52 ôfleverings lang de rol fan Albert Golo. Gastrollen ferfolle Tootosis û.m. yn searjes as Dead Man's Gun, Due South en Smallville. Yn 1992 spile er mei Eric Schweig en Tantoo Cardinal yn 'e minysearje By Way of the Stars, en yn 1995 wie Russell Means ien fan syn tsjinspilers yn 'e Disney-filmproduksje Pocahontas. Ek spile er yn films as Black Robe (1991), Leaving Normal (1992), Crazy Horse (1996) en The Edge (1997).

De rol dêr't er de measte bekendheid mei wûn, wie foar Tootoosis dy yn 'e bekroande Amerikaanske spylfilm Legends of the Fall (1994), wêryn't er û.m. Brad Pitt, Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Tantoo Cardinal en Karina Lombard as tsjinspilers hie. Tootoosis fertolke dêryn de rol fan 'e Yndiaan One Stab, de ferteller fan it ferhaal. Yn 1998 hied er fierders de titelrol yn 'e minysearje Big Bear, as it opperhaad Big Bear, en it jiers dêrop spile er it opperhaad Powhatan yn 'e film Pocahontas: The Legend. Yn Grut-Brittanje krige er benammen bekendheid as Joe Saugus yn 'e searje Auf Wiedersehen, Pet, út 2002. Yn 1999 rjochte Tootoosis mei Tantoo Cardinal de Saskatchewan Native Theatre Company op, in Yndiaansk toanielselskip yn Saskatchewan, en yn dy hoedanichheid bea er oanmoediging, stipe en aktearlessen oan jonge Yndiaanske akteurs.

Tootoosis hie in lytse rol yn 'e Amerikaanske minysearje Into the West (2005), spile datselde jiers in famyljelid fan sjongster Shania Twain yn 'e biografyske film Shania: A Life in Eight Albums, en fertolke de rol fan it Lakota-opperhaad Reade Wolk yn Bury My Heart at Wounded Knee (2007). Njonken syn live-action-aktearjen wie Tootoosis ek aktyf as stimakteur. Sa liende er syn stim oan it personaazje Sheriff Gordy yn Open Season en Boog and Elliott's Midnight Bun Run (beide út 2006), en oan Mushom yn 'e tekenfilmsearje Wapos Bay: The Series (2005-2010). Foar dy lêste rol wûn er in Gemini Award. Yn 2011 stied er foar it earst yn fyftjin jier wer op it toaniel, yn it stik Gordon Winter, dêr't er mei optrede yn Saskatoon en Ottawa.

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tootoosis syn heit John Tootoosis wie ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Bruorskip en de foarsitter fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes yn Saskatchewan (FSIN). Gordon Tootoosis sels tsjinne in termyn as keazen opperhaad fan syn bertestamme, de Poundmaker Kry Naasje, en wie fise-foarsitter fan 'e FSIN.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1965 troude Tootoosis mei Irene Seseequasis, mei wa't er trije dochters krige, Glynis, Alanna en Disa, en trije soannen, Lee, Winston Bear en Clint. Dêropta namen hja ferskate Yndiaanske bern oan, sadat harren gesin ek de oannommen dochters Rebecca Brady, Bertrille Fox, Irene Oaks, Patrice Kautzman, Danielle Thunderchild, René Daoust-Thompson en Melanie Favel omfieme, en de oannommen soan Derek Thompson. Doe't harren dochter Glynis yn 1997 oan kanker kaam te ferstjerren, namen Tootoosis en de frou de soarch foar har fjouwer bern op harren. Dêrfoar setten se har nei wenjen yn 'e stêd Saskatoon.

Tootoosis waard op 29 oktober 2004 beneamd yn 'e Oarder fan Kanada, foar sawol syn bydragen oan film- en tillefyzjeproduksjes yn Kanada en de Feriene Steaten, as syn status as in ynspirearjend rolmodel foar de Yndiaanske jongerein. De oan dy keninklike ûnderskieding ferbûne wijingsseremoanje fûn plak op 9 septimber 2005.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tootoosis beswiek op 5 july 2011 oan longûntstekking, dêr't er foar opnommen wie yn it St. Paul's Hospital yn syn wenplak Saskatoon. De begraffenisplechtichheid en de beïerdiging waarden holden yn Cut Knife, yn it Poundmaker Reservaat 114, dêr't Tootoosis ek berne wie.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1974 Alien Thunder Almighty Voice
1978 Marie Ann opperhaad Many Horses
1978 The Mad Trapper ?
1991 Black Robe Alde Aenons
1992 Leaving Normal Hank Amaruk
1994 Legends of the Fall One Stab ek ferteller
1995 Pocahontas Kekata as stimakteur
1995 Pocahontas: The Legend opperhaad Powhatan
1996 Lone Star Wesley Birdsong
1996 Alaska Ben
1996 Coyote Summer Mopeah
1997 The Edge Jack Hawk
1997 Song of Hiawatha Iagoo
1998 Que la lumière soit Yndiaanske god Frânsktalige film
1999 Stories from the Seventh Fire ferhaleferteller koarte film
2000 Reindeer Games âlde gûverneur
2000 Bear with Me John Ours
2001 Nobody's Baby Dog Havasu
2001 Zoe Red Shirt
2001 The Doe Boy Marvin
2002 Christmas at Wapos Bay Mushom
2002 Black Point Standing Bear
2002 Now & Forever Ghost Fox
2003 On the Corner Floyd
2004 Seven Times Lucky Five Wounds
2004 The Reawakening Wesley Good Voice
2005 Hank William's First Nation Adelard Fox
2005 Fugitives Run Dan John
2006 That Beautiful Somewhere Harold
2006 Open Season Gordy as stimakteur
2006 Boog & Elliot's Midnight Bun Run Gordy as stimakteur; koarte film
2006 Mr. Soul Clifford
2007 Juliana and the Medicine Fish John Smoke koarte film
2008 Out in the Cold Soft as Snow koarte film
2010 The Closer You Get to Canada Mason koarte film
2011 Wapos Bay: Long Goodbyes Mushom
2011 Guns, Girls and Gambling opperhaad
tillefyzje
1980 Matt and Jenny opperhaad weromkearende rol; 2 ôfl., A Woman's Place en Ceremony at Whispering Pines
1986 Red Serge Lakota-opperhaad gastrol; ôfl. The Sioux Came to Dinner
1986 Red Serge opperhaad Mighty Buffalo gastrol; ôfl. School Ma'am
1986–1990 The Campbells Irokeesk opperhaad weromkearende rol; 3 ôfl.
1987 Stone Fox Stone Fox tillefyzjefilm
1987 Airwolf Charlie Moon Rising weromkearende rol; 2 ôfl., Welcome to Paradise en Salvage
1988 Danger Bay Bill Bragg gastrol; ôfl. A Man's Sport
1988 Higher Ground Willingham tillefyzjefilm
1988 MacGyver Perry gastrol; ôfl. Mask of the Wolf
1989 Friday the 13th: The Series Spotted Owl gastrol; ôfl. The Shaman's Apprentice
1989 Last Train Home opperhaad Bizonfâlemakker    tillefyzjefilm
1990 Bordertown opperhaad Wild Eagle gastrol, ôfl. Ancient Claims
1990 The Campbells Mohâk-kriger gastrol; ôfl. The Hunting Party
1991 Blood River Smiling Knife tillefyzjefilm
1991 MacGyver Phil Crow gastrol; ôfl. Trail of Tears
1991 Palace Guard Joe Horse Killer gastrol; pilotôflevering
1992 Lost in the Barrens II: The Curse of the Viking Grave    Mewasin tillefyzjefilm
1992 Heritage Minutes pake gastrol; ôfl. Peacemaker
1992 Kefi's Garage boadskipper tillefyzjefilm
1992 Noarthwood ? gastrol; ôfl. Suspicion
1992 Call of the Wild Charlie tillefyzjefilm
1992–1993 By Way of the Stars Kry-opperhaad 6-dielige minysearje
1992–1997 North of 60 Albert Golo weromkearende rol; 52 ôfl.
1993 Northern Exposure Pete gastrol; ôfl. Duets
1993 Spirit Rider Joe Moon tillefyzjefilm
1993 Madison Frank gastrol; ôfl. The Circle
1994 Hawkeye Ravenoak gastrol; ôfl. The Furlough
1994 Lonesome Dove Indian John minysearje; yn 3 ôfl.
1995 500 Nations ferskaat as stimakteur; minysearje; yn 3 ôfl.
1996 The X-Files sjamaan gastrol; ôfl. Teso dos Bichos
1996 Crazy Horse Akicita tillefyzjefilm
1996 My Mother's Ghost ? tillefyzjefilm
1997 Keeping the Promise Sakniss tillefyzjefilm
1998 The Magnificent Seven opperhaad Ko-Je gastrol; ôfl. Manhunt
1998 Witness to Yesterday Dzjengis Khan gastrol; ôfl. Genghis Khan
1998 Due South Tom Quinn gastrol; ôfl. Easy Money
1998 Dead Man's Gun Charlie Three Claws gastrol; ôfl. The Trapper
1998 Big Bear opperhaad Big Bear minysearje
1999 Lakota Moon Rolling Thunder tillefyzjefilm
2000 Incredible Story Studio himsels gast yn in tillefyzjeprogramma; ôfl. Historical Hijinks
2001 Canada: A People's History Saukamapee dokumintêresearje; ôfl. The Pathfinders
2001 MythQuest Red Wolf gastrol; ôfl. Red Wolf's Daughter
2001 Dream Storm Albert Golo tillefyzjefilm
2002 Auf Wiedersehen, Pet Joe Saugus weromkearende rol; 6 ôfl.
2002–2004 Smallville prof. Joseph Willowbrook weromkearende rol; 2 ôfl., Skinwalker en Talisman
2003 DreamKeeper Kills Enemy tillefyzjefilm
2003 Cowboys and Indians: The J.J. Harper Story James Harper tillefyzjefilm
2003–2006 Moccasin Flats Joe Redsky weromkearende rol; 22 ôfl.
2004 Seven Journeys in the American West Swarte Wapity tillefyzjefilm
2005 Into the West Growling Bear minysearje; ôfl. Wheel to the Stars
2005 Shania: A Life in Eight Albums Greey Twain tillefyzjefilm
2005 Shoebox Zoo Nathaniel weromkearende rol; 13 ôfl.
2005–2010 Wapos Bay Mushom weromkearende rol; 33 ôfl.
2006 One Dead Indian Clifford George tillefyzjefilm
2006–2007 Hank William's First Nation Adelard Fox weromkearende rol; 7 ôfl.
2007 Bury My Heart at Wounded Knee opperhaad Reade Wolk tillefyzjefilm
2007 Hybrid pake tillefyzjefilm
2008 The Border sheriff gastrol; ôfl. Gray Zone
2008 Fear Itself Eddie Bear gastrol; ôfl. Skin and Bones
2009–2011 Blackstone Cecil Delaronde weromkearende rol; 9 ôfl.
2011 Doomsday Prophecy John tillefyzjefilm

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.