Springe nei ynhâld

Poundmaker Kry Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Poundmaker Reservaat 114)
Poundmaker Kry Naasje
Ingelsk Poundmaker Cree Nation
lânseigen ᐲᐦᑐᑲᐦᐊᓇᐱᐏᔨᐣ
   (Pîhtikwahânapiwiyin)
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Cut Knife (Saskatchewan)
etnisiteit Kry
ledetal 1.281 (2015)
oprjochting 1879
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Poundmaker Reservaat 114
lokaasje westlik Saskatchewan
oerflak 131,8 km²
ynwennertal 505 (2011)
offisjele webside
www.poundmakercn.ca
kaart
Poundmaker Kry Naasje (Saskatchewan)
Poundmaker Kry Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Poundmaker Kry Naasje (Ingelsk: Poundmaker Cree Nation; Kry: ᐲᐦᑐᑲᐦᐊᓇᐱᐏᔨᐣ, Pîhtikwahânapiwiyin) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it westlike part fan 'e provinsje Saskatchewan. De Poundmaker Kry Naasje bestiet út etnyske Kry en ûntlient syn namme oan it njoggentjinde-iuwske opperhaad Bizonfâlemakker (Poundmaker). It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Cut Knife.

De Poundmaker Kry Naasje giet werom op 'e ûnderhannelings foar it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken yn Kanada en de koloniale autoriteiten, dy't yn 1876 yn Fort Carlton holden waarden. Ien fan 'e lieders fan 'e Kry wie by dy gelegenheid Bizonfâlemakker (Poundmaker). Dyselde wie oarspronklik net op it ferdrach tsjin, mar begûn der fûleindige krityk op te leverjen doe't dúdlik waard dat it Kanadeeske regear net fan doel wie en kom de ôfspraken nei. Hoewol't nei syn krityk oan it ferdrach in 'hongersneed'-klausule tafoege waard, naam dat al syn betinkings net wei, en ûndertekene er it inkeld om't it grutste part fan syn troep der wol efter stie.

Sadwaande spjalte Bizonfâlemakker him neitiid mei in groep fan yn totaal 182 folgelingen fan 'e Red Pheasant Troep ôf en foarme er syn eigen troep. Yn 'e hjerst fan 1879 akseptearre er in Yndianereservaat dat 40 km noardwestlik fan Fort Battleford lei, dêr't er him mei syn troep nei wenjen sette. Under de Noardwestlike Opstân fan 1885 rekke Bizonfâlemakker tsjin wil en tank by de striid belutsen, en hoewol't er út alle macht besocht hie de frede te bewarjen, waard er neitiid dochs foar ferrie feroardiele en yn it gefang smiten. Tanksij de ynfloed fan syn oannommen heit, it Swartfoet-opperhaad Kraaiepoat, hoegde Bizonfâlemakker mar sân moannen fan syn straf út te sitten, mar nettsjinsteande dat ferwuostge it ferbliuw yn it tichthûs syn sûnens, mei as gefolch dat er yn 1886 kaam te ferstjerren oan longbliedings, doe't er noch mar 44 jier âld wie.

Bizonfâlemakker syn troep, dy't nei him de Poundmaker Troep neamd waard, bleau nei syn dea oant 1920 sûnder lieder. Nei't de posysje fan opperhaad wer beset wie, reorganisearre de troep him ta in moderne stamme-organisaasje dy't de namme fan 'e Poundmaker Kry Naasje krige. Yn 1967 waard it stoflik omskot fan Bizonfâlemakker opgroeven yn Blackfoot Crossing, yn Alberta (hy wie stoarn ûnder in besyk oan syn oannommen heit) en werbegroeven yn it nei him ferneamde Poundmaker Reservaat 114.

Geografy en reservaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Poundmaker Kry Naasje is sitewearre yn it westen fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, justjes noardeastlik fan it plak Cut Knife, mar in ein noardwestlik fan 'e gruttere stêden North Battleford en Saskatoon. It Yndianereservaat fan 'e Poundmaker Kry Naasje is it Poundmaker Reservaat 114 (Ingelsk: Poundmaker 114 Reserve), dat in oerflak hat fan yn totaal 13.181,1 ha, oftewol krapoan 132 km². It wie oarspronklik lytser, mar yn 1998 is der 904,4 ha oan tafoege, nei't dêroer troch de stamme en de Kanadeeske autoriteiten oerienstimming berikt wie yn it ramt fan 'e Saskatchewan Treaty Land Entitlement Framework Agreement.

De leden fan 'e Poundmaker Kry Naasje besteane út etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de grutste Yndiaanske etnyske groep fan Kanada is. De Kry fan 'e Poundmaker Kry Naasje kinne etnografysk spesifiker omskreaun wurde as Flakte-Kry. Yn 2015 hie de Poundmaker Kry Naasje 1.281 leden, wêrfan't neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 doe 505 yn it eigen reservaat wennen, wylst 776 om utens libben. De befolkingstichtens fan it reservaat bedroech sadwaande yn 2011 3,8 minsken de km². Fan alle leden fan 'e stamme wennet 39,4% yn it eigen reservaat. Bekende leden fan 'e Poundmaker Kry Naasje wiene de aktivist John Tootoosis, in âldomkesizzer fan Bizonfâlemakker, en dy syn soan, de akteur Gordon Tootoosis.

Ekonomy en bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan it Poundmaker Reservaat 114 is fierhinne agrarysk, mar der binne ek bedriuwen dy't ta de tsjinstesektor hearre, lykas in winkel (de Kanatinak Store) en in benzinestasjon anneks kafee (de Gas Bar). Fierders binne der in kantoar fan 'e stamme-organisaasje, in klinyk, in mienskipssintrum en in basisskoalle fêstige. De Poundmaker Kry Naasje wurdt bestjoerd troch in opperhaad en in stammeried mei fjouwer leden, dy't allefiif troch de stimberjochtige leden fan 'e stamme keazen wurde by mei geregelde tuskenskoften holden demokratyske ferkiezings.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: