Springe nei ynhâld

Rodney A. Grant

Ut Wikipedy
Rodney A. Grant
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRodney Arnold Grant
nasjonaliteit Amerikaansk
berne9 maart 1959
berteplakMacy (Nebraska)
etnisiteit Omaha
jierren aktyf1988 – no
offisjele webside
Rodney A. Grant yn 'e IMDb

Rodney A. Grant (folút: Rodney Arnold Grant; Macy (Nebraska), 9 maart 1959) is in Amerikaansk akteur fan etnysk Yndiaansk komôf. Hy waard it bekendst mei de rol fan 'e Lakota-kriger Wind-in-His-Hair yn 'e mei ferskate Oscars bekroande westernfilm Dances with Wolves.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grant waard yn 1959 berne yn Macy, yn 'e Amerikaanske steat Nebraska, it haadplak fan it Omaha Yndianereservaat. Hy is in etnyske Omaha-Yndiaan, en in lid fan 'e federaal erkende Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa. Hy groeide op yn it Omaha Reservaat, dêr't er grutbrocht waard troch syn pake en beppe nei't syn âlden him mei seis moanne yn 'e steek litten hiene.

Yn 1982, doe't er 23 jier wie, ferfear Grant nei Súdlik Kalifornje om in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood nei te stribjen. Syn earste rol hied er yn 'e westernfilm War Party, út 1988. Itselde jiers dêrop figurearre er as in kriger te pearde yn Powwow Highway. Yn 1989 spile er in byrol yn 'e tillefyzjefilm The Trial of Standing Bear, oer de histoaryske rjochtsaak fan it Ponka-opperhaad Steande Bear tsjin it Amerikaanske federale regear.

Grant briek yn 1990 troch mei syn rol as de Lakota-kriger Pahíŋ Otȟáte (Wind-in-His-Hair), yn 'e mei ferskate Oscars bekroande film Dances with Wolves. Dêryn hied er û.m. Kevin Costner, Mary McDonnell, Floyd Red Crow Westerman en Graham Greene as tsjinspilers.

Oare films dêr't Grant yn spile, wiene û.m. Lakota Moon (1992), Genghis Khan: The Story of a Lifetime (1992), Geronimo: An American Legend (1993), Stolen Women, Captured Hearts (1997), White Wolves III: Cry of the White Wolf (2000), Ghosts of Mars (2001) en Just a Dream (2002). Fierders hie Grant ek lytse roltsjes yn 'e komeedzjefilm Wagons East!, út 1994, mei John Candy, en yn 'e steampunkfilm Wild Wild West, in Will Smith-fehikel út 1999.

Op 'e tillefyzje spile Grant it Mohikaanske opperhaad Chingachgook yn 'e searje Hawkeye. Teffens hied er gastrollen yn searjes as Due South, Two en Stargate SG-1. Yn 'e minysearje Son of the Morning Star, út 1991, oer George Armstrong Custer en de nederlaach fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint yn 'e Slach oan de Little Bighorn, fertolke Grant de rol fan it ferneamde Lakota-opperhaad Mâl Hynder (Crazy Horse).

Grant wennet yn Súdlik Kalifornje. Hy hat fiif folwoeksen bern, wêrfan trije út in earder houlik en twa út ferskillende oare eardere relaasjes. Hy is tige aktyf yn jongereinaktiviteiten en hat bestjoerslid west fan 'e Yndiaanske Advysried foar de Boys and Girls Clubs of America.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1988War Partyde Krie
1988Powwow Highwaykriger te pearde
1990Dances with WolvesPahíŋ Otȟáte (Wind-in-His-Hair)  
1991The Doorsklant yn Barney's
1992Genghis Khan: The Story of a LifetimeJamugaek bekend as Genghis Khan
1993Living and Working in Space: The Countdown Has Begun  lunêr kommissarisdirekt-op-fideo útbrocht
1994F.T.W.Bucky Miller
1994Wagons East!Little Feather
1996The SubstituteJohnny Glades
1997Vanishing PointEdward Sunsinger
1997The Killing GroundsNed Stillwater
1998Two for TexasIron Jacket
1999Wild Wild WestHudson
1999White Wolves III: Cry of the White WolfQuentin
2001Ghosts of MarsTres
2005Don't Come KnockingWild Eye
2011Shouting Secretsstrjitte-opperhaad
2012Dark BloodYndiaan #3
tillefyzje
1989The Trial of Standing Bearomdoarmjende Ponkatillefyzjefilm
1990The Making of "Dances with Wolves"himselsdokumintêre
1991Son of the Morning StarMâl Hynderminysearje
1994–1995HawkeyeChingachgookfêste rol, 22 ôfl.
1995LegendTowashiegastrol; ôfl. Revenge of the Herd
1996Due SouthEricgastrol; ôfl. The Mask
1996TwoThomas Clear Skygastrol; ôfl. Dream Prisoner
1997Big Guns Talk: The Story of the Westernhimselsdokumintêre
1997Stolen Women, Captured HeartsWaxanhdotillefyzjefilm
1998The StaircaseGeronimotillefyzjefilm
1998Stargate SG-1Tonanégastrol; ôfl. Spirits
1999The Jack BullBillytillefyzjefilm
1999Lakota MoonKills Firsttillefyzjefilm
1999Safe HarborDel Foxgastrol; ôfl. The Un-Thanksgiving Show
2002Just a DreamCecil Running Beartillefyzjefilm
2003The DistrictTommy Morgangastrol; ôfl. The Voice Inside
2023Coyoplysjekommissaris Tillwelltillefyzjefilm

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.