Cobie Smulders

Ut Wikipedy
Cobie Smulders
akteur
Cobie Smulders yn Hollywood, Kalifornje- juny 2019
Cobie Smulders yn Hollywood, Kalifornje- juny 2019
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacoba Francisca Maria Smulders
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 3 april 1982
berteplak Vancouver (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Ingelsk
Nederlânsk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
Cobie Smulders yn 'e IMDb

Cobie Smulders, folút: Jacoba Francisca Maria Smulders (Vancouver, Britsk-Kolumbia, 3 april 1982) is in Kanadeesk-Amerikaansk aktrise fan mingd Nederlânsk-Ingelsk etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei har rollen as Robin Scherbatsky yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje How I Met Your Mother, as privee-detektive Dex Parios yn 'e misdiesearje Stumptown, en as Maria Hill yn The Avengers en ferskate oare ferfilmings fan 'e stripferhalen fan Marvel Comics.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smulders waard yn 1982 berne yn 'e stêd Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, as de dochter fan in Nederlânske heit en in Ingelske mem. Hja waard ferneamd nei in âldmuoike oan har heite kant. As bern woe Smulders in marine biolooch wurde, en yn har teenagejierren wurke se as model, dêr't se net folle niget oan hie. Doe't se it úteinlik oerjoech, skreau se har yn oan 'e Universiteit fan Victoria, yn 'e Britsk-Kolumbiaanske haadstêd Victoria, op Vancouvereilân, mei it idee om einlings har bernedream te folgjen en biology te studearjen. Njonken har stúdzje folge se lykwols al fan 'e middelbere skoalle ôf aktearlessen, en ear't it wat wurde koe mei har stúdzje biology briek Smulders troch as aktrise.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 hie Smulders har earste tillefyzjeoptreden mei in gastrol yn 'e science fiction-searje Jeremiah. Fan 2003 oant 2004 hie se in fêste rol yn 'e searje Veritas: The Quest, dy't lykwols mar ien seizoen rûn. Fierders wie se yn har iere jierren te sjen yn weromkearende rollen yn 'e tillefyzjesearjes Andromeda en The L Word en yn gastrollen yn searjes as Tru Calling en Smallville. Har earste filmrol hie Smulders yn 2004 yn Walking Tall.

Cobie Smulders yn 2014 op 'e San Diego Comic Con.

Har grutte trochbraak kaam yn 2005, doe't se cast waard yn 'e rol fan Kanadeeske nijslêzeresse Robin Scherbatsky yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje How I Met Your Mother, mei as tsjinspilers û.m. Josh Radnor, Neil Patrick Harris en Alyson Hannigan. Dy searje wie in grut súkses, en rûn mar leafst njoggen seizoenen, oant 2014.

Yn juny 2010 spile Smulders yn it off-Broadway-toanielstik Love, Loss, and What I Wore. Yn 2012 hie se de rol fan Maria Hill yn 'e superheldefilm The Avengers, dy't basearre wie op in stripferhaal fan Marvel Comics. Neitiid kearde se noch ferskate kearen yn dy rol werom, yn trije ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Agents of S.H.I.E.L.D. en fierders yn 'e films Captain America: The Winter Soldier (2014), Avengers: Age of Ultron (2015), Avengers: Infinity War (2018), Avengers: Endgame (2019) en Spider-Man: Far from Home (2019).

Cobie Smulders yn 2013 op 'e San Diego Comic Con.

Yn 2013 hie Smulders in byrol yn 'e romantyske film Safe Haven. Hja spile ek yn 'e films Delivery Man (2013) en They Came Together (2014). Smulders hat ek as stimaktrise wurke troch har stim oan 'e superheldinne Wonder Woman te lienen yn 'e tekenfilm The Lego Movie (2014). Se hie fierders in fêste rol yn 'e komeedzjedramasearje A Series of Unfortunate Events (2017) en de komeedzjesearje Friends from College (2017-2019), beide útbrocht op 'e streamingtsjinst Netflix. Fan 2019 oant 2020 fertolke Smulders de haadrol fan privee-detektive Dex Parios yn 'e misdiesearje Stumptown, dy't lykwols mar ien seizoen rûn.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smulders hat fan harsels sein dat de Frânske taal "floeiend ferstiet". Yn jannewaris 2009 ferloofde se har mei de Amerikaanske akteur Taran Killam. Hja trouden op 8 septimber 2012 te Solvang, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en setten har nei wenjen yn Los Angeles. Smulders en Killam hawwe twa bern, harren dochter Shaelyn, dy't yn maaie 2009 berne waard, en in twadde dochter (wêrfan't de namme net bekend makke is), berne yn jannewaris 2015.

Yn 2015 fertelde Smulders yn in fraachpetear dat der yn 2007, doe't se 25 jier wie, aaistôkkanker by har fêststeld wie. Neitiid wie se operearre om twa tumors fan har aaistokken te ferwiderjen, mar it die bliken dat de kanker útsiedde wie nei har lymfklieren, mei as gefolch dat se de folgjende twa jier noch ferskate oare kearen ûnder it mês moast. Yn augustus 2019 makke Smulders bekend dat se 'skjin' wie.

Yn 2020 makke Smulders buorkundich dat se no in dûbele nasjonaliteit hie, mei't se de Amerikaanske nasjonaliteit oannommen hie njonken har Kanadeeske steatsboargerskip.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2002 Special Unit 2 Zoe gastrol; ôfl. The Wish
2002 Jeremiah Deborah gastrol; ôfl. Thieves' Honor
2003 Tru Calling Sarah Webb gastrol; ôfl. Brother's Keeper
2003 Veritas: The Quest Juliet Droil fêste rol; 13 ôfl.
2004 Smallville Shannon Bell / Eve Andrews    gastrol; ôfl. Bound
2005 Andromeda Jillian Rhade 2 ôfl.: The Heart of the Journey Part 1 en Part 2
2005 The L Word Leigh Ostin weromkearende rol; 4 ôfl.
2005–2014 How I Met Your Mother Robin Scherbatsky fêste rol; 208 ôfl.
nom. People's Choice Award foar favorite freondinnen op 'e tillefyzje (mei Alyson Hannigan)
2010 How to Make It in America Hayley gastrol; ôfl. Pilot
2013–2015 Agents of S.H.I.E.L.D. Maria Hill weromkearende rol; 3 ôfl.
2013 Comedy Bang! Bang! harsels gastrol; ôfl. Cobie Smulders Wears a Black & White Strapless Dress
2015 Best Time Ever with Neil Patrick Harris    harsels gastrol; ôfl. Tyler Perry
2016 Animals Anni as stimaktrise; gastrol; ôfl. Flies
2017 A Series of Unfortunate Events mem / frou Quagmire weromkearende rol; 8 ôfl.
2017–2018 Nature Cat Nature Dog as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2017–2019 Friends from College Lisa Turner fêste rol; 16 ôfl.
2019 Arrested Development de jonge Lucille Bluth weromkearende rol; 3 ôfl.
2019–2020 Stumptown Dexadrine "Dex" Parios haadrol; 18 ôfl.
2019 Room 104 Marian Wallace gastrol; ôfl. The Specimen Collector
2020 The Simpsons Hydrangea as stimaktrise; gastrol; ôfl. Bart the Bad Guy
2021 What If...? Maria Hill as stimaktrise; gastrol; ôfl. What If... Thor Were an Only Child?
2021 Impeachment: American Crime Story Ann Coulter weromkearende rol; 5 ôfl.
2022 Secret Invasion Maria Hill
films
2004 Walking Tall eksoatyske tsjeppe frou
2004 Ill Fated Mary
2005 The Long Weekend Ellen
2006 Escape psychoatyske brunette koarte film
2006 Dr. Miracles frou Peterson koarte film
2007 The Storm Awaits Anabella DeLorenzo koarte film
2009 The Slammin' Salmon Tara
2012 The Avengers Maria Hill
2012 Grassroots Clair
2013 Safe Haven Carly Jo Wheatley
2013 Delivery Man Emma
2014 The Lego Movie Wonder Woman as stimaktrise
2014 They Came Together Tiffany Amber Thigpen
2014 Captain America: The Winter Soldier Maria Hill
2015 Unexpected Samantha Abbot
2015 Results Kat
2015 Avengers: Age of Ultron Maria Hill
2016 The Intervention Ruby
2016 Jack Reacher: Never Go Back majoar Susan Turner
2017 Literally, Right Before Aaron Allison
2017 Killing Gunther Lisa McCalla
2018 Avengers: Infinity War Maria Hill cameo en sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling
2018 Alright Now Joanne Skye
2019 The Lego Movie 2: The Second Part Wonder Woman as stimaktrise
2019 Avengers: Endgame Maria Hill cameo
2019 Spider-Man: Far from Home Soren / Maria Hill
2020 Cicada Sophie

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.