Springe nei ynhâld

Solvang (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Solvang
Deenske boustyl yn Solvang
Deenske boustyl yn Solvang
Bestjoer
Lânflagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
Steat Kalifornje
CountySanta Barbara
Sifers
Ynwennertal5.245 (1 april 2010)
Oerflak6,284 km²
Befolkingsticht.830/km²
Hichte154 m
Oar
Stifting1911
Postkoade93463, 93464
TiidsônePasifyske Tiid (UTC-8)
SimmertiidUTC-7
Offisjele webside
Offisjele webside

Solvang (/ˈsɒlvæŋ/; Deenske útspraak: [ˈsoːlʋɑŋˀ]; Deensk foar 'sinnefjild') is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 2010 wennen der 5.245 minsken, in bytsje minder as tsien jier earder.

Solvang waard yn 1911 stifte troch in groep Denen dy't nei it westen ta lutsen om in nij plakje te finen, fier fan de kâlde winters fan it Midwesten ôf. Yn de stêd binne ferskate bakkerswinkels, restaurants en oare saken dy't Deensk oandogge. Ek de arsjitektuer fan in protte gebouwen is typysk Deensk.