The Avengers (film út 2012)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Avengers
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Avengers 2012 film logo.png
makkers
regisseur Joss Whedon
produsint Kevin Feige
senario Joss Whedon
basearre op The Avengers fan Stan Lee
   en Jack Kirby
kamerarezjy Seamus McGarvey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Robert Downey jr.
Chris Evans
Mark Ruffalo
Chris Hemsworth
Scarlett Johansson
Jeremy Renner
byrollen Tom Hiddleston
Samuel L. Jackson
Cobie Smulders
Clark Gregg
Stellan Skarsgård
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 11 april 2012
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 143 minuten
budget en resultaten
budget $220 miljoen
opbringst $1.518,9 miljoen
prizen 4 × Saturn Award
1 × Hugo Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Captain America: The
   First Avenger
● folgjend diel Iron Man 3

The Avengers, ek bekend as Marvel's The Avengers en yn it Feriene Keninkryk en Ierlân útbrocht ûnder de titel Avengers Assembe, is in Amerikaanske superheldefilm út 2012 ûnder rezjy fan Joss Whedon, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr., Chris Evans, Mark Ruffalo, Chris Hemsworth, Scarlett Johansson en Jeremy Renner. De titel betsjut "De Wrekers", en is ûntliend oan 'e strip mei deselde namme fan Stan Lee en Jack Kirby dêr't de film op basearre is. It ferhaal giet oer in groep superhelden, ûnder wa Iron Man, Captain America, de Hulk en de healgod Thor, dy't gearroppen wurde troch Nick Fury, it haad fan 'e geheime tsjinst S.H.I.E.L.D., om tsjin te kearen dat Thor syn broer Loki de Ierde oan himsels ûnderwerpe sil troch in bûtenierdske ynvaazje út te lokjen. The Avengers wie de sechsde film yn it Marvel Cinematic Universe en folge as sadanich op Captain America: The First Avenger, út 2011. De film krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De healgod Loki hat in moeting mei 'de Oare', de lieder fan it bûtenierdske ras de Chitauri. Dyselde praat mei Loki ôf dat dy him de Tesseract bringe sil, in machtige enerzjyboarne fan ûnbekend potinsjeel, en yn ruil dêrfoar sil er Loki foarsjen fan in leger fan Chitauri, wêrmei't er de Ierde oan himsels ûnderwerpe kin.

Nick Fury, de direkteur fan 'e geheime tsjinst S.H.I.E.L.D., en syn plakferfangster Maria Hill reizgje nei in ôfhandich ûndersykssintrum dêr't natuerkundige Erik Selvig lieding jout oan in team fan ekspêrs dat eksperiminten útfierd op 'e Tesseract. As se dêr arrivearje, is der in evakuaasje oan 'e gong. Phil Coulson, in spesjaal agint fan S.H.I.E.L.D., ynformearret Fury en Hill dat de Tesseract begûn is mei it útsmiten fan in ûngewoane foarm fan enerzjy. Ynienen aktivearret it ding himsels en iepenet in wjirmgat, dêr't Loki trochhinne komt nei de Ierde. De healgod nimt de Tesseract yn besit as syn skepter, en brûkt it ding om Selvig en inkele oaren, ûnder wa superheld Clint Barton oftewol Hawkeye, troch ferstânsbehearsking ta syn slaven te meitsjen. Hy ûntkomt mei harren foar't Fury-en-dy him tsjinhâlde kinne.

Fury reäktivearret dêrop it 'Avengers Inisjatyf'. Spesjaal aginte Natasha Romanoff, oftewol Black Widow, reizget nei Kalkutta, dêr't se dr. Bruce Banner, oftewol de Hulk, rekrutearret om 'e Tesseract op te spoaren troch de gammastrieling dy't it ding útsmyt. Coulson giet nei Tony Stark, oftewol Iron Man, om him de resultaten fan it ûndersyk fan Selvig neirinne te litten. En Fury sels siket neieroankommen mei Steve Rogers, oftewol Captain America, fan wa't er wol dat dy de Tesseract weromstelle sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Stuttgart stelt Hawkeye iridium dêr't Loki ferlet fan hat om 'e krêften fan 'e Tesseract te stabilisearjen, wylst Loki sels foar in ôflieding soarget. Dêrtroch rekket er behelle yn in gefjocht mei Captain America, Iron Man en Black Widow dat einiget mei syn oerjefte en finzenname. Wylst Loki nei de 'Fleandekkopter' brocht wurdt, it swevende fleandekskip dat as it haadkertier fan S.H.I.E.L.D. tsjinnet, arrivearret Thor, de broer fan Loki. Dyselde befrijt him, mei't er hopet him te bepraten om syn plannen op te jaan en mei werom te kommen nei Asgard. Nei in konfrontaasje mei Iron Man en Captain America stimt Thor dermei yn om Loki sels nei de Fleandekkopter te begelieden. Dêr wurdt Loki foarearst opsletten, wylst Banner en Stark besykje om 'e Tesseract te lokalisearjen, dy't Loki net by him hie doe't er finzennommen waard.

De Avengers reitsje ferdield, sawol oer wat se mei Loki oan moatte as oer de iepenbiering dat S.H.I.E.L.D. plannen hat om 'e Tesseract te brûken foar de ûntwikkeling fan wapens tsjin eventueel fijannige bûtenierdske wêzens. Wylst se noch ûnderinoar oan it redendielen binne, falle Hawkeye en de oare ta slaaf makke aginten de Fleandekkopter oan. Ien fan 'e reuseftige turbines dy't it skip yn 'e loft hâldt, wurdt sabotearre, en Captain America en Iron Man hawwe der de hannen fol oan om dy wer oan 'e gong te krijen en sa delstoarten fan 'e gigantyske fleanmasine foar te kommen. Banner feroaret yn 'e Hulk, dy't nei de Ierde weromfalt nei't er in fijannige strieljager besprongen en oan gruzeleminten slein hat. Black Widow nimt it mei tsjinnichheid op tsjin Hawkeye en wit him úteinlik bewusteleas te slaan, wêrmei't se de behearsking fan syn ferstân troch Loki ferbrekt. Underwilens wit Loki te ûntsnappen, wêrnei't er Coulson deadet en Thor deryn stjonke lit en fêstset yn syn eigen eardere sel, dy't er dan yn syn gehiel út 'e Fleandekkopter smyt.

Fury brûkt neitiid de dea fan Coulson om 'e Avengers derta te bringen gear te wurkjen as in team. Stark en Rogers beseffe dat it foar Loki net genôch is om harren ienfâldichwei te ferslaan; hy wol harren publyklik oermânsk wurde om syn rjocht op 'e hearskippij oer de Ierde te ûnderbouwen. Loki giet nei New York, dêr't er mei de Tesseract en in wjirmgatgenerator dy't Selvig foar him boud hat in wjirmgat iepenet rjocht boppe de Stark Tower, de wolkekliuwer dy't it haadkertier is fan Stark Industries, it bedriuw fan Stark. Troch dat wjirmgat kringt de float fan 'e Chitauri de atmosfear fan 'e Ierde binnen, wêrmei't de bûtenierdske ynvaazje úteinset.

Captain America, Iron Man, Black Widow, Hawkeye, de Hulk en Thor hastigje har nei New York om 'e wrâld tsjin 'e Chitauri te ferdigenjen. De Hulk jout Loki in wan bruien oant er wol omlyk wol. Black Widow giet nei de wjirmgatgenerator, dêr't de fan 'e ferstânsbehearsking troch Loki befrijde Selvig har fertelt dat inkeld de Tesseract de troch in enerzjyfjild beskerme generator útsette kin. Underwilens besykje de superieuren fan Fury út 'e Wrâldfeilichheidsried om in ein oan 'e ynvaazje te meitsjen troch in nukleêre raket op New York te smiten. Iron Man ûnderskept de raket en fljocht dermei troch it wjirmgat hinne, dêr't de ûntploffing it memmeskip fan 'e Chitauri ferneatiget. Dat hat ta gefolch dat alle Chitauri op 'e Ierde, dy't mei it memmeskip ferbûn binne, ek útskeakele wurde. It pak fan Iron Man rekket lykwols alle enerzjy kwyt, en hy falt werom troch it wjirmgat krekt as Black Widow dat ôfslút mei de Tesseract. De bewusteleaze Stark bliuwt yn frije fal, mar de Hulk fangt him op ear't er te pletter falle kin.

Yn 'e neisleep fan 'e striid fiert Thor sawol Loki as de Tesseract ôf nei Asgard. Ek de oare Avengers geane elts harren eigen wei, mar Fury bewissiget syn superieuren derfan dat er der alle fertrouwen yn hat dat se wer gearkomme sille as se op 'e nij nedich binne.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Iron Man (Tony Stark) Robert Downey jr.
Captain America (Steve Rogers) Chris Evans
de Hulk (Bruce Banner) Mark Ruffalo
Thor Chris Hemsworth
Black Widow (Natasha Romanoff) Scarlett Johansson
Hawkeye (Clint Barton) Jeremy Renner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Loki Tom Hiddleston
Nick Fury Samuel L. Jackson
Maria Hill Cobie Smulders
dr. Erik Selvig Stellan Skargård
Pepper Potts Gwyneth Paltrow
Jasper Stilwell Maximiliano Hernández
stim fan J.A.R.V.I.S. Paul Bettany (as stimakteur)
'de Oare' Alexis Denisof
Thanos Damion Poitier
Gideon Malick Powers Boothe
riedslid Hawley Jenny Agutter
man yn nijsferslach Stan Lee (cameo)
befeiligingsman Harry Dean Stanton (cameo)
Georgi Luchkov Jerzy Skolimowski
S.H.I.E.L.D.-technikus Warren Kole
plysjeman Enver Gjokaj

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Avengers wie de sechsde film yn it Marvel Cinematic Universe en de lêste film fan 'e saneamde Phase 1. Hy folge op Captain America: The First Avenger, út 2011, en waard sels opfolge troch Iron Man 3, út 2013, de earste film fan Phase 2. The Avengers waard regissearre troch Joss Whedon nei in oarspronklik senario fan Zak Penn dat Whedon sels hielendal werskreaun hie. It skript wie úteinlik basearre op 'e strip The Avengers, fan Stan Lee en Jack Kirby.

As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen út namme fan 'e Marvel Studios. Der wie foar The Avengers in mânsk budget fan $220 miljoen beskikber. De kamerarezjy waard fierd troch Seamus McGarvey, de filmmontaazje wie yn 'e hannen fan Jeffrey Ford en Lisa Lassek, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.

De opnamen sette op 25 april 2011 útein yn Albuquerque (Nij-Meksiko) yn 'e Albuquerque Studios. Yn augustus waard de produksje ferhuze nei Cleveland (Ohio), dêr't East 9th Street trochgie foar 42nd Street yn New York, it toaniel fan 'e klimaktyske gefjochtssênes. Nei fjouwer wiken yn Cleveland en noch twa dagen yn New York filme te hawwen, waarden de opnamen mids septimber 2011 foltôge. Yn 'e postproduksje waarden mear as 2.200 special effects oan The Avengers tafoege.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Avengers waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't de Marvel Studios ûnderdiel fan binne. De film gie op 11 april 2012 yn premiêre yn it El Capitan Theatre yn Hollywood en iepene dêrnei op 4 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum waard op 1 maaie 2012 útbrocht troch platemaatskippij Hollywood Records. The Avengers kaam op 25 septimber fan dat jier út op dvd en blu-ray, en teffens as digitale download.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Avengers krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 358 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tanksij in skript dat de klam leit op 'e minsklikheid fan 'e helden […] docht [de film] net ûnder foar syn hype en leit er de latte heger foar takomstige films fan Marvel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Avengers in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 43 resinsjes.

Tastreamde fans by de premiêre fan The Avengers yn 2012 yn it El Capitan Theatre yn Hollywood.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Avengers brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $623,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $895,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.518,9 miljoen, oftewol rom $1,5 miljard. Ofset tsjin it budget fan $220 miljoen betsjut dat in winst fan $1.298,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Avengers de meast opbringende film fan 2012 en de op twa nei meast opbringende film aller tiden (nei Avatar út 2009 en Titanic út 1997).

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Avengers waard yn 2013 nominearre foar sawol de Oscar as de BAFTA yn 'e kategory bêste special effects. De film waard ek nominearre foar 6 Saturn Awards, wêrfan't er de prizen wûn foar bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Clark Gregg) en bêste special effects. The Avengers waard nominearre foar de Nebula Award foar bêste dramatyske presintaasje en wûn de Hugo Award foar bêste lange dramatyske presintaasje. De film waard fierders nominearre foar 2 Annie Awards (wêrfan't er 1 wûn); 3 Critics' Choice Awards (gjin oerwinnings); 5 Empire Awards (gjin oerwinnings); 6 MTV Movie Awards (wêrfan't er 3 wûn); 13 People's Choice Awards (wêrfan't er 3 wûn); 11 Teen Choice Awards (wêrfan't er 2 wûn); en 6 Kids' Choice Awards (gjin oerwinnings).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
M.C.U. Phase 1
Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
M.C.U. Phase 2
Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
M.C.U. Phase 3
Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy, Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
M.C.U. Phase 4
Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022) • The Marvels (2023) • Guardians of the Galaxy, Vol. 3 (2023) • Antman and the Wasp: Quantumania (2023)