Springe nei ynhâld

Ant-Man (film)

Ut Wikipedy
Ant-Man
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Peyton Reed
produsint Kevin Feige
senario Edgar Wright
Joe Cornish
Adam McKay
Paul Rudd
basearre op Ant-Man fan Stan Lee e.o.
kamerarezjy Russell Carpenter
muzyk Christophe Beck
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Paul Rudd
Evangeline Lilly
Michael Douglas
byrollen Corey Stoll
Bobby Cannavale
Michael Peña
Judy Greer
Abby Ryder Fortson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 juny 2015
foarm langspylfilm
sjenre superhelde-aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $169,3 miljoen
opbringst $519,3 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Avengers: Age of Ultron
● folgjend diel Captain America: Civil War

Ant-Man is in Amerikaanske superheldefilm en aksjekomeedzje út 2015 ûnder rezjy fan Peyton Reed, mei yn 'e haadrollen Paul Rudd, Evangeline Lilly en Michael Douglas. De titel ferwiist nei in superheld út 'e stripboeken fan Marvel Comics, en betsjut letterlik "Eamelder-Man". It ferhaal giet oer de lytse krimineel Scott Lang, dy't troch de healwize wittenskipper Hank Pym behelle wurdt yn in plan om troch it gebrûk fan krimptechnology in ynbraak út te fieren dy't de wrâld rêde moat. Ant-Man makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. In ferfolch op dizze ferhaalline binnen it Marvel Cinematic Universe, Ant-Man and the Wasp, kaam út yn 2018.

Yn 1989 nimt wittenskipper Hank Pym ûntslach by S.H.I.E.L.D. nei't er ûntdekt dat de organisaasje besiket om 'e krimptechnology nei te bearen dy't er brûkt yn syn hoedanichheid as de superheld Ant-Man. Om't er derfan oertsjûge is dat de technology libbensgefaarlik is as dy yn ferkearde hannen falt, beslút er om syn geheimen mei te nimmen yn it grêf. Tsjin 2015 is Pym lykwols út syn eigen bedriuw Pym Technologies set troch syn eardere beskermeling Darren Cross en syn fan him ferfrjemde rekke dochter Hope van Dyne. Ta ôfgriis fan Pym is Cross tichteby it perfeksjonearjen fan syn eigen krimppak, dat er de Yellowjacket neamd (letterlik "Gieljaske", mar ek "meeps" (Ned.: wesp) yn it Amerikaansk-Ingelsk).

Underwilens komt de ynbrekker mei in gouden hert Scott Lang frij út 'e finzenis, wêrnei't er ynlûkt by syn âlde selgenoat Luis. Hy komt sûnder foaroankundiging op 'e jierdei fan syn fjouwerjierrige dochterke Cassie, mar kriget fan syn eks-frou Maggie en har nije ferloofde, de plysjeresjersjeur Jim Paxton, te hearren dat soks samar net giet, temear om't er noch in grut bedrach oan efterstallige alimintaasje betelje moat. As Lang omreden fan syn kriminele ferline net oan wurk komme kin, beslút er him by de binde fan Luis te jaan om in ynbraak te dwaan.

Hy brek yn by in hûs en wit dêr in klûs iepen te krijen, mar dêr treft er inkeld oan wat er tinkt dat in âld learen motorriderspak is, dat er mei nei hûs nimt. As er it pak oandocht, krimpt er himsels by fersin ta de grutte fan in ynsekt. Goed kjel wurden, beslút er dat er neat mear mei it ding te krijen hawwe wol, dat hy bringt it werom nei it hûs dêr't er it fûn hat. As er wer nei bûten komt, wurdt er lykwols arrestearre troch de plysje. De bewenner fan it hûs, dy't Hank Pym blykt te wêzen, siket Lang op yn syn sel en helpt him om út te brekken troch it krimppak binnen te smokkeljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid docht bliken dat Pym in fan neat wittende Luis brûkt hat om Lang te manipulearjen ta it stellen fan it pak, dat in soarte fan test wie. Hy wol nammentlik dat Lang de nije Ant-Man wurdt en dat er yn it haadkertier fan Pym Industries ynbrekt om 'e Yellowjacket fan Cross te stellen. Dêrta traint er Lang yn it gebrûk fan it krimppak en fan technology dy't him by steat stelt om eamelders dwaan te litten wat er wol. Pym syn dochter Hope, dy't earst de kant fan Cross keazen hie tsjin har heit, is fan gedachten feroare nei't se de boasaardige bedoelings fan Cross ûntdiek. Sy leart Lang op hurdhannige wize hoe't er fjochtsje moat.

Hope hat it har heit nea ferjûn dat, doe't se in jier as sân wie, har mem fan 'e iene op 'e oare dei ferdwûn, wêrnei't Pym net mear nei har omseach en har nei in kostskoalle stjoerde sûnder har ea út te lizzen wat der bard wie. Under de training fan Lang bychtet Pym einlings en te'n lêsten op dat Hope har mem Janet him bepraat hie om har helpe te litten by syn geheime misjes, en dat er foar har in twadde krimppak makke hie, wêrnei't se de Wasp (Ingelsk foar "meeps") waard. Doe't se derop útstjoerd waarden om in Sovjet-atoomraket, dy't op 'e Feriene Steaten ôfsketten wie, ûnskealik te meitsjen, moast ien fan harren noch folle fierder krimpe om tusken de atomen fan 'e titaniumbemanteling troch te glûpen en it wapen te sabotearjen. Om't Pym syn krimppak skansearre rekke wie, naam Janet dy taak op har; it slagge har om 'e misje te folbringen, mar sels ferdwûn se yn it subatomêre kwantumryk, dêr't de wetten fan 'e natuerkunde net jilde. Pym stjoerde syn dochterke nei in kostskoalle om't er de hannen frij hawwe moast om har mem werom te finen, mar nei jierren fan ûndersyk kaam er ta de konklúzje dat der eins neat bekend is oer it kwantumryk en stied er mei lege hannen. Nei't se dat ferhaal heard hat, fermoedsoenet Hope har mei har heit. Pym warskôget Lang dat him itselde lot te wachtsjen stiet as dat fan Janet as er ompielt mei de krimpregulator fan it pak.

Underwilens hat Cross syn wurk oan 'e Yellowjacket ôfkrigen, en organisearret er in seremoanje yn it haadkertier dan Pym Technologies om syn útfining te presintearjen. Holpen troch Luis en syn binde en in kliber eamelders, ynfiltrearret Lang it gebou, dêr't er de servers sabotearret en springstof oanbringt. As er lykwols besiket en stel de Yellowjacket, wurde hy, Pym en Hope finzen nommen troch Cross, dy't fan doel is om sawol de Yellowjacket as it Ant-Man-pak te ferkeapjen oan 'e kriminele organisaasje Hydra. Lang wit lykwols los te kommen en tegearre mei Hope weeft er ôf mei de measte leden fan Hydra, hoewol't Pym delsketten wurdt. Lang giet efter Cross oan, wêrnei't Hope en har ferwûne heit yn it gebou fêst komme te sitten. It docht lykwols bliken dat it boartersguodtankje oan Pym syn kaairing in echte tank is, wêrmei't se, nei't Pym it ding syn wiere grutte weromjûn hat, witte te ûntkommen troch ienfâldichwei troch alle muorren hinne te riden.

Cross naait út yn in helikopter wylst it haadkertier fan Pym Industries troch de springstof ymplodearret en yn it neat weiwurdt. Mei in swaarm fleanende eamelders set Lang de efterfolging yn. Cross docht de Yellowjacket oan en by it gefjocht tusken him en Lang rekket de helikopter sa skansearre dat dy delstoart. Op 'e grûn oankommen wurdt Lang arrestearre troch Paxton, dy't him hieltyd al hjitfolge nei syn ûntsnapping út 'e sel. Cross giet nei Paxton syn hûs om Cassie te gizeljen, en as der oer de plysjeradio melding makke wurdt fan in ynbraak yn syn hûs, riidt Paxton dêrhinne, mei Lang noch efteryn 'e auto. Lang ûntsnapt oan syn hânboeiens troch te krimpen en giet op 'e nij de striid oan mei Cross, wylst de feralterearre Paxton Cassie yn feilichheid bringt. Om 'e Yellowjacket te sabotearjen, set Lang syn regulator út en krimpt ta in subatomêr nivo. Cross komt om (al is dat net hûndert persint wis), mar Lang rekket wei yn it kwantumryk. As er lykwols Cassie om him roppen heart, wit er de wil te finen om 'e krimpeffekten om te draaien en werom te kearen nei de makroskopyske wrâld.

Paxton, dy't no respekt foar Lang krigen hat, soarget der neitiid foar dat er net wer nei de finzenis hoecht. Ynstee wurdt er útnûge om by de Paxtons en syn dochter te iten. No't er bewiis hat dat it kwantumryk in ûnderfining is dy't oerlibbe wurde kin, freget Pym him ôf oft syn frou Janet net ek noch libje kin. Hy trappearret Lang en syn dochter Hope as se op 'e gong steane te tútsjen. Yn in sêne healwei de ôftiteling lit Pym oan Hope in nij Wasp-pak sjen en biedt har dat oan.

Paul Rudd.
Evangeline Lilly.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Scott Lang / Ant-Man Paul Rudd
Hope van Dyne Evangeline Lilly
Hank Pym Michael Douglas


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Darren Cross / Yellowjacket Corey Stoll
Jim Paxton Bobby Cannavale
Luis Michael Peña
Maggie Lang Judy Greer
Cassie Lang Abby Ryder Fortson
Dave T.I. Harris
Sam Wilson / Falcon Anthony Mackie
Gale Wood Harris
Kurt David Dastmalchian
Howard Stark John Slattery (cameo)
Peggy Carter Hayley Atwell (cameo)
Dale Gregg Turkington
Mitchell Carson Martin Donovan
skriuwster Anna Akana (cameo)
taksysjauffeur Garrett Morris (cameo)
barkeeper Stan Lee (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ant-Man waard regissearre troch Peyton Reed, nei in senario fan Edgar Wright, Joe Cornish, Adam McKay en haadrolspiler Paul Rudd. Dat wie basearre op it personaazje Ant-Man, in superheld út 'e stripboeken fan Marvel Comics, dy't betocht waard troch Stan Lee, Larry Lieber en Jack Kirby. As produsint wie Kevin Feige by it filmprojekt belutsen, dy't wurke foar de studio Marvel Studios, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. Foar Ant-Man wie in budget beskikber fan $169,3 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Russell Carpenter, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. De opnamen setten op 18 augustus 2014 útein yn San Francisco ûnder de mei opsetsin misliedende wurktitel Bigfoot. Tsjin 'e ein fan septimber ferhuze de produksje nei de Pinewood Atlanta Studios by Atlanta yn Georgia. De lêste opnamedei foel op 5 desimber 2014.

De distribúsje fan Ant-Man waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures. De film gie op 29 juny 2015 yn Hollywood yn premiêre en iepene dêrnei op 14 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 17 novimber 2015 kaam Ant-Man beskikber as digitale download, en op 8 desimber ferskynde de film ek op dvd en blu-ray. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 july digitaal en op 7 augustus op cd by Hollywood Records.

Ant-Man krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times neamde de film "boartlik op ûnferwachtse manearen en opfleure mei in oprjocht bryk gefoel foar humor" en skreau ek dat er "lichtfuottich [is] sa't de kolossen dy't Marvel ornaris leveret dat nea binne." Matt Zoller Seitz fan RogerEbert.com wie it dêrmei iens, en murk op dat de film "hânmakke oanfielt, net as in Marvel-fabryksprodukt." Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy: "Hoewol't de ferhaaldynamyk yn 'e grûn ûnnoazel is, en it famyljegedoch, mei syn parallelle heit-dochter-melodrama, delkomt op fûneminteel knopkedrukken, wit in goede cast ûnder lieding fan in ynnimmende Paul Rudd de flauwekul op ridlik ûntwapenjende wize oannimlik te meitsjen."

Richard Roeper skreau yn 'e Chicago Sun-Times: "[Ant-Man] is in lichtgewicht, fan klisjees optillend oarsprongferhaal dat hinne en wer swaait tusken inside joke-komeedzje, logge ferlossingsferhaallinen en sênes mei, dat moat ik tajaan, kreaze special effects, dy't lykwols noch altyd relatyf lyts en ûnbelangryk lykje yn ferhâlding mei it heech spul en de stêdeferkrommeljende ferwoastging út 'e measte Avengers-films."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Ant-Man in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 328 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oanfierd troch in ynnimmende aktearprestaasje fan Paul Rudd biedt Ant-Man Marvel-spanning op in navenant lytsere skaal, hoewol net sa glêdsjes as syn súksesfolste foargongers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Ant-Man in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 43 resinsjes.

Ant-Man brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $180,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $339,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $519,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $169,3 miljoen betsjut dat in winst fan persiis $350 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Ant-Man op $103,9 miljoen.

Ant-Man wûn yn 2016 de Saturn Award foar bêste stripferfilming. De film waard ek nominearre foar de Empire Award foar bêste komeedzjefilm en de Kids' Choice Award foar favorite film. Regisseur Peyton Reed waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste rezjy. Haadrolspiler Paul Rudd krige foar de rol fan Ant-Man nominaasjes foar in Teen Choice Award, in Critics' Choice Award, in Saturn Award en in MTV Movie Award. Syn tsjinspylster Evangeline Lilly waard nominearre foar in Teen Choice Award en in Saturn Award, en ek Michael Douglas waard nominearre foar in Saturn Award.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)