The Incredible Hulk (film)
The Incredible Hulk | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Louis Leterrier | |
produsint | Avi Arad Gale Anne Hurd Kevin Feige | |
senario | Zak Penn Edward Norton | |
basearre op | de Hulk fan Stan Lee en Jack Kirby | |
kamerarezjy | Peter Menzies jr. | |
muzyk | Craig Armstrong | |
filmstudio | Marvel Studios Valhalla Motion Pictures | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Edward Norton Liv Tyler William Hurt | |
byrollen | Tim Roth Ty Burrell Tim Blake Nelson Christina Cabot | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 8 juny 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Portegeesk) | |
spyltiid | 112 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $137,5–150 miljoen | |
opbringst | $263,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Iron Man | |
● folgjend diel | Iron Man 2 |
The Incredible Hulk is in Amerikaanske superheldefilm út 2008 ûnder rezjy fan Louis Leterrier, mei yn 'e haadrollen Edward Norton, Liv Tyler en William Hurt. De titel betsjut "De Net te Leauwen Hulk". It ferhaal folget de wittenskipper Bruce Banner, dy't troch in ûngemak wêrby't er bleatsteld waard oan gammastrieling fan stal feroarje kin. Dat bart as er lulk wurdt, en hy hat der gjin kontrôle oer. Hy groeit dan út ta in reuseftich grienhûdich wêzen dat de Hulk neamd wurdt. Banner is nei syn ûngemak ûnderdûkt om't er socht wurdt troch it Amerikaanske Leger. Generaal Ross, de heit fan syn grutte leafde Betty, wol him nammentlik brûke om in programma ta de ûntwikkeling fan supersoldaten nij libben yn te blazen.
The Incredible Hulk wie in reboot fan it ferhaal oer de Hulk nei in eardere filmadaptaasje, Hulk, út 2003. The Incredible Hulk makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, wêrfan't er de twadde film wie, nei Iron Man, út 2008, en foarôfgeande oan Iron Man 2, út 2010. Fan 'e filmkritisy krige The Incredible Hulk oer it algemien tuskenbeiden positive resinsjes, mar yn 'e bioskopen prestearre de film teloarstellend. Edward Norton, dy't de titelrol fertolke, rekke foarôfgeande oan 'e premiêre ferwikkele yn in rûzje mei de Marvel Studios oer de filmmontaazje en waard yn The Avengers (2012) en dêropfolgjende films út 'e Marvel Cinematic Universe-rige ferfongen troch Mark Ruffalo.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Culver Universiteit yn Firginia bepraat Thaddeus Ross, in generaal yn it Amerikaanske Leger, dr. Bruce Banner om diel te nimmen oan ûndersyk nei ymmuniteit foar gammastrieling. Banner mient dat se dwaande binne mei wat dat alderlei sykten genêze kin, mar eins besiket generaal Ross om in programma foar de skepping fan supersoldaten, dat noch datearret út 'e Twadde Wrâldoarloch, nij libben yn te blazen. Al rillegau tinkt Banner dat er in trochbraak berikt hat, en hy is sa wis fan syn saak dat er in eksperimint op himsels docht mei de help fan syn kollega en faam Betty, de dochter fan Ross. It eksperimint rint lykwols dramatysk mis. Troch de bleatstelling oan gammastrieling feroaret Banner fan dan ôf, eltse kear as syn hertritme boppe de twahûndert kloppen yn 'e minút útkomt, yn 'e Hulk, in reuseftich en oersterk grienhûdich wêzen. De earste kear dat dat bart, ferneatiget de Hulk it laboratoarium en ferwûnet sawol Ross as Betty. As er wer ta himsels kommen is, giet Banner op 'e flecht foar Ross en syn superieuren yn it Amerikaanske Leger, dy't de Hulk as in brûkber wapen sjogge dat se duplisearje wolle.
Likernôch fiif jier letter libbet Banner ûnderdûkt yn Rocinha, in favela (sloppewyk) fan Rio de Janeiro, yn Brazylje. Hy ûnderhâldt himsels as arbeider yn in fabryk dêr't frisdrinken produsearre wurdt, wylst er siket nei genêzing foar syn oandwaning. Fia it ynternet stiet er datoangeande anonym (as dhr. Green) yn kontakt mei in wittenskipper yn 'e Feriene Steaten dy't himsels dhr. Blue neamd. Underwilens leart er yogatechniken om syn selsbehearsking te ferbetterjen. Hy is fiif moannen net mear yn de Hulk feroare. Nei't er him yn it fabryk by fersin yn 'e finger snijt, komt der in drip fan syn bloed yn in fleske frisdrinken telâne, dat nei eksport en ferkeap úteinlik opdronken wurdt troch in âldere man yn Milwaukee. As dy dêr gammasykte fan oprint, kriget generaal Ross oer it gefal te hearren en siket er de oarsprong fan it frisdrinken út. Mei in team fan kommando's ûnder lieding fan Emil Blonsky, in Britske soldaat by de Keninklike Mariniers dy't oan 'e Feriene Steaten útliend is, reizget Ross ôf nei Rio de Janeiro. It besykjen om Banner finzen te nimmen, liedt ta in efterfolging troch de favela en in konfrontaasje yn it frisdrinkenfabryk, wêrby't Banner lang om let syn selsbehearsking ferliest, yn 'e Hulk feroaret en op gewelddiedige wize mei it kommandoteam ôfweeft foar't er útnaait.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid wol Blonsky fan generaal Ross witte wêr't er no eins tsjin fochten hat. As Ross him dat útleit, stimt Blonsky deryn ta om ynjektearre te wurden mei in lytse doazis fan in searum út itselde supersoldateprogramma dêr't de Hulk ek in resultaat fan is. Dêrtroch wint Blonsky gâns oan yn faasje, krêft en linigens. Ek genêst er folle flugger fan ferwûnings as normaal, mar tagelyk ferfoarmet it searum syn skelet en taast syn beoardielingsfermogen oan. Dat begjint stadich, mar boazet almar flugger oan. Underwilens wurdt Banner earne yn it oerwâld wekker. Hy nimt oan dat er noch yn Brazylje is, mar as er de bewenne wrâld wit te berikken, docht ta syn ferheardens bliken dat er him yn Gûatemala befynt. Hoe't er dêr komt, of better sein: hoe't de Hulk dêr kommen is, hat er gjin oantinkens oan. Banner komt oan klean troch te biddeljen op in merk, wêrnei't er sûnder papierren de Feriene Steaten binnen glûpt. Hy wit Firginia te berikken, dêr't er ûnderdak kriget fan Stanley, in âlde pizzabakker mei wa't hy en Betty befreone wiene foar it gammastrielingsûngemak.
Doe't er noch yn Brazylje wie, hat Banner mei tsjinnichheid in meunster fan syn bloed opstjoerd oan "dhr. Blue", dat ynteressante gegevens opsmiten hat. Mar sûnder de útkomsten fan it misrûne eksperimint dat Banner mei syn grienhûdige alter ego bejeftige, kin dhr. Blue him net fierder helpe. Sadwaande siket Banner op glûpske wize tagong ta de Culver Universiteit, dêr't er ûnder de namme fan Betty Ross ynlogd yn it systeem. Alle ûndersyksgegevens oangeande Banner en it projekt fan generaal Ross blike lykwols wiske te wêzen. Der rest him neat oars as fierder te tsjen en wat oars te betinken. It lêste dat Banner wol is Betty by de saak belûke, mar as sy en har nije ferloofde, de psychiater Leonard Samson, op in jûn nei slutingstiid yn 'e pizzeria fan Stanley delkomme, trappearret Betty him dêr. Banner besiket út te naaien, mar se spoart him op it pleatslike busstasjon op en bepraat him om te oernachtsjen yn har útfanhûzerskeamer.
De oare deis, as Banner en Betty op 'e kampus fan 'e Culver Universiteit risselwearje om ôfskie te nimmen, wurde se oerfallen troch generaal Ross en syn troepen, dy't skynber út it neat opdaagjen komme. De efterfolging lokket in nije transformaasje fan Banner ta de Hulk út. Ross hellet alles út 'e kast, mar de Hulk makket koarte metten mei syn manskippen en materieel. Blonsky, de iennichste fan 'e soldaten dy't de Hulk byhâlde kin, bedarret mei frijwol al syn bonken brutsen yn it sikehûs as er oermoedich wurdt en de Hulk útdaget. It lêste reserveplan fan Ross is om 'e Hulk oan te fallen mei Boeing AH-64 Apache-gefjochtshelikopters, mar hy hat net sjoen dat Betty nei de Hulk ta draafd is. As er foar it ferstân kriget dat syn dochter har yn 'e fjoerliny befynt, is it te let om syn befel noch yn te lûken. Betty oerlibbet de oanfal inkeld om't de Hulk har mei syn eigen lichem beskermet. Nei't er de helikopters delhelle hat, naait er út mei de bewusteleaze Betty. Letter docht bliken dat generaal Ross op it spoar fan 'e Hulk set wie troch Betty har ferloofde Leonard, dy't tocht dat er dêrmei it juste die. Mar nei't er tsjûge west hat fan 'e konfrontaasje op 'e kampus is, er ta de konklúzje kommen dat it in rare misse set wie, mei't de Hulk blykber mear om Betty jout as har heit.
As de Hulk letter wer weromferoare is yn Banner, slane hy en Betty tegearre op 'e flecht. Betty blykt de ûndersyksgegevens fan it eksperimint dêr't de Hulk út berne waard, opslein te hawwen op in USB-stick foar't har heit se út it kompjûtersysteem fan 'e universiteit wiskje koe. Banner nimt kontakt op mei dhr. Blue, dy't him oanfiteret om by him te kommen yn New York. Underwilens hawwe de ûnderhearrigen fan generaal Ross op 'e laptop fan Banner, dy't se bútmakke hiene by de oerfal yn Rio de Janeiro, de koade kreake dy't dhr. Green en dhr. Blue brûkten foar harren kommunikaasje. Sadwaande witte se wa't dhr. Blue is, en as Banner út Firginia wei wer kontakt mei him opnimt, sette se in mûklaach op.
Dhr. Blue blykt eins sellulêr biolooch dr. Samuel Sterns te wêzen, dy't Banner en Betty by jûn moetet yn syn laboratoarium. Hy fertelt dat er in mooglik antygif ûntwikkele hat, dat de transformaasje ta de Hulk tsjinkeare kin. Banner ûndergiet datoangeande in eksperimint wêrby't syn feroaring yn 'e Hulk mei súkses tsjinholden wurdt, mar Sterns warskôget it noch net dúdlik is oft Banner no genêzen is of dat er it antygif eltse kear brûke moat as er syn stalferwikseling oankommen fielt. It docht bliken dat Sterns it bloedmeunster dat Banner nei him opstjoerd hie troch organyske synteze duplisearre hat ta in reuseftige foarrie, dy't er brûke wol foar in "ûnbeheind potinsjeel" yn 'e genêskunde. Banner is ferfolle mei ôfgriis as er betinkt wat der barre kin as al dat bloed yn 'e hannen fan it leger falt, en hy wol it dyseldichste jûns noch ferneatigje.
Ear't dat syn beslach krije kin, kringe de kommando's fan generaal Ross it laboratoarium fan Sterns binnen, oanfierd troch Blonsky, dy't alwer opbettere is fan syn eardere treffen mei de Hulk. Blonsky slacht Banner bewusteleas, wêrnei't Banner en Betty oppikt wurde troch de helikopter fan generaal Ross. Blonsky, dy't longeret op 'e krêft fan 'e Hulk, bliuwt efter yn it laboratoarium, dêr't er in alhiel net ûnwillige Sterns opdracht jout om him te ynjektearjen mei it bloed fan Banner. Troch de wikselwurking fan it Hulk-DNA en it searum dêr't Blonsky earder al mei ynjektearre is, mutearret er ta de Grouwel (Ingelsk: the Abomination), in meunster dat noch grutter en sterker is as de Hulk. Sadree't de transformaasje kompleet is, falt de Grouwel Sterns oan, dy't bewusteleas rekket en wat fan Banner syn bloed yn in sneedsje op 'e foarholle kriget, mei as gefolch dat hy ek begjint te mutearjen. De Grouwel brekt himsels in wei út it laboratoarium wei en rjochtet yn 'e New Yorkske wyk Harlem in ravaazje oan.
Banner beseft dat de Hulk de iennichste is dy't de Grouwel tsjinhâlde kin en bepraat generaal Ross om him út 'e helikopter springe te litten. As er fan grutte hichte ôf de grûn rekket, is dat mear as genôch om 'e Hulk yn him wekker te meitsjen. De Hulk en de Grouwel sykje inoar op en fjochtsje in lange slaanderij út, wêrby't se in hieltyd grutter diel fan Harlem suver mei de grûn lyk meitsje. Generaal Ross besiket de Hulk te helpen troch de masinegewearen fan syn helikopter yn te setten tsjin 'e Grouwel, mar dat hat inkeld as gefolch dat de Grouwel de helikopter oanfalt en delstoarte lit. As de Grouwel efter Betty oan giet, dy't fersuft út it helikopterwrak klimt, fynt de Hulk de wil en de krêft om mei syn fijân ôf te weven troch him te smoaren mei in grou ein keatling om 'e hals. Hy soe it meunster deamakke hawwe as Betty him net frege hie op te hâlden. Dêrop lit de Hulk de Grouwel efter foar Ross en syn mannen, streaket in reuseftige finger leafdefol oer Betty har wang en naait út.
Letter hâldt Banner ta yn in blokhutte yn 'e wyldernis fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Ynstee fan it ûnderdrukken fan syn transformaasje ta de Hulk, eksperimintearret er no mei it behearskjen dêrfan. Noch wer letter siket Tony Stark (oftewol Iron Man) generaal Ross op yn in bar en ynformearret him dat troch de autoriteiten in team gearstald wurdt om problemen op te lossen dy't bûten it fermogen fan 'e plysje of de striidkrêften lizze (in foarútwizing nei de film The Avengers).
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bruce Banner | Edward Norton |
Betty Ross | Liv Tyler |
generaal Thaddeus Ross | William Hurt |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Emil Blonsky / de Grouwel | Tim Roth |
Leonard Samson | Ty Burrell |
dr. Samuel Sterns | Tim Blake Nelson |
majoar Kathleen Sparr | Christina Cabot |
de Hulk | Edward Norton (motion-capture) Lou Ferrigno (stim) |
Stanley | Paul Soles |
keale fabryksarbeider | Pedro Salvin |
Martina | Débora Nascimento |
jiu-jitsu-ynstrukteur | Rickson Gracie |
Jim Wilson | P.J. Kerr |
Jack McGee | Nicholas Rose |
generaal Joe Greller | Peter Mensah |
Roger Harrington | Martin Starr |
Tony Stark | Robert Downey jr. (cameo) |
befeiligingsman | Lou Ferrigno (cameo) |
drinker fan it frisdrinken mei it bloed fan 'e Hulk | Stan Lee (cameo) |
omstanner yn Harlem | Michael K. Williams (cameo) |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't yn 2003 de superheldefilm Hulk fan regisseur Ang Lee útkaam, wie it earst de bedoeling dat dêr teminsten ien ferfolch op makke wurde soe. Dat projekt kaam lykwols nea fan 'e grûn en rûn úteinlik alhiel op 'e non om't de filmrjochten fan Universal Pictures ferrûnen foar't de opnamen begjinne koene. Tsjin 2006 waarden de plannen foar in ferfolchfilm recycle ta in reboot fan it oarsprongsferhaal fan 'e Hulk. Neffens produsinte Gale Anne Hurd wie dêr ferlet fan om't de film fan Lee de fans fan 'e Hulk net jûn hie wat se ferwachtsje mochten op basis fan it lêzen fan 'e strip en it sjen fan 'e live-actiontillefyzjesearje The Incredible Hulk út 1978-1982.
Sa ûntstie The Incredible Hulk, in film dy't regissearre waard troch de Frânske filmmakker Louis Leterrier. It senario wie skreaun troch Zak Penn op basis fan 'e stripferhalen fan Stan Lee en Jack Kirby foar Marvel Comics. Nei't Edward Norton oannommen wie om 'e titelrol te spyljen, werskreau dy it skript fan begjin oant ein, mar it Writers Guild of America, it ynfloedrike Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers dat sizzenskip oer sokke dingen hat, bepaalde dat inkeld Penn syn namme op 'e begjintitels en de ôftiteling neamd wurde mocht as senarioskriuwer.
As produsinten wiene Avi Arad, Gale Anne Hurd en Kevin Feige by it projekt belutsen foar de filmstudio's Marvel Studios en Valhalla Motion Pictures. The Incredible Hulk waard finansierd troch Unversal Studios, dat de filmrjochten ferlern, mar de filmdistribúsjerjochten beholden hie. Foar de film wie in budget beskikber fan $137,5 of 150 miljoen, ôfhinklik fan 'e boarne dy't men leauwe wol. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Menzies jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Craig Armstrong.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar The Incredible Hulk setten op 9 july 2007 útein en duorren oant yn novimber fan dat jier. Der waard fral yn Kanada filme, dêr't Toronto trochgean moast foar New York. Yonge Street, de wichtichste trochgeande strjitte yn it stedssintrum, waard fjouwer nachten yn septimber alhiel ôfsletten foar ferkear om it klimaktyske gefjocht tusken de Hulk en de Grouwel te filmjen. De konfontaasje tusken de Hulk en it leger op 'e kampus fan 'e fiktive Culver Universiteit waard opnommen op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Toronto en yn it Morningside Park.
In fabryk yn Hamilton (Ontario), net fier fan Toronto ôf, dy't wachte om sloopt wurden, die tsjinst as it frisdrinkenfabryk yn Rio de Janeiro. Oare filmlokaasjes yn Kanada wiene Legerbasis Trenton en Bella Coola yn Britsk-Kolumbia. Der waard ek filme yn New York, benammen bylden fan 'e skyline en bekende plakken yn 'e stêd, dy't letter by de filmmontaazje tusken de bylden fan Toronto troch montearre waarden. Yn Brazylje waard filme yn Rocinha en oare dielen fan Rio de Janeiro, en teffens yn it Nasjonaal Park Tijuca.
Kontroverse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de postproduksje fan 'e film ûntstie der in, nei't it skynt, heechoprinnend skeel tusken haadrolspiler en senarioskriuwer Edward Norton (en yn mindere mjitte regisseur Louis Leterrier) en de filmprodusinten. Norton (en Leterrier) woene in film meitsje mei in spyldoer fan 135 minuten, wylst de produsinten beslist woene dat de film koarter bleau as 2 oeren. Norton fûn dat de film dan eltse djipgong misse soe. De rûzje lekte út nei de media, dy't der mei oan 'e haal giene, ta argewaasje fan alle belutsenen. De produsinten setten har sin troch en Norton moast ynbine. Ien en oar soarge foar in definitive brek tusken de beide partijen. Norton keas derfoar om goeddiedichheidswurk yn Afrika te dwaan doe't The Incredible Hulk útbrocht waard en wie sadwaande net oanwêzich by de premiêre. De produsinten keazen derfoar om neitiid net wer mei him gear te wurkjen; yn The Avengers (2012) en lettere films út 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje waard er ferfongen troch de gesechlikere Mark Ruffalo.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Incredible Hulk waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 8 juny 2008 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 13 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Marvel Music. The Incredible Hulk waard op 21 oktober 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Incredible Hulk oer it algemien tuskenbeiden positive resinsjes. Sa skreau Todd McCarthy yn it tydskrift Variety: "Wat yn teory de minst nedige weromhelling fan in superheld op it wite doek liek, blykt yn it gefal fan The Incredible Hulk in poerbêste simmeraksjefilm te wêzen." Yn 'e Miami Herald priizge René Rodríguez de film, dy't neffens him "in protte dingen docht dy't Hulk fan Ang Lee fersaakte: hy is lichtfuottiger, hat in heger tempo, is grappiger en omearmet (ynstee fan negearret) de tillefyzjesearje út 'e 1970-er jierren dy't de populariteit fan 'e Hulk sa oanfitere."
Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie lykwols net goed oer The Incredible Hulk te sprekken: "[Dizze film] sil sûnder mis in ideäle ferzje fan 'e Hulk-saga wêze foar wa't Hulk fan Ang Lee te praterich fûn of sels te tinkerich. Mar net foar my. Hy giet de yntrigearjende aspekten fan it Hulkdom út 'e wei en besteget fierstente folle tiid oan […] lûde en domme opienfolgings fan aksjesênes." En yn The New York Times skreau A.O. Scott dat de film better The Adequate Hulk ("De Ridlike Hulk") hjitte kinnen hie. Dêr heakke er oan ta: "Der binne guon grutte, knallende gefjochten en in pear opljochtsjende peareltsjes fan popkulturele humor, mar foar it meastepart liket dizze film der tefreden mei te wêzen om foar it generike gemiddelde te gean."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Incredible Hulk in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 238 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is miskien net alhiel it ferpletterjende súkses dêr't fans fan 'e razene reus fan Marvel op hopen, mar der sit genôch grutte griene aksje yn om it út en troch neatige ferhaal goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Incredible Hulk in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 38 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Incredible Hulk brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $134,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $128,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $263,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $137,5 oant 150 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $113,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Incredible Hulk de minst opbringende film fan allegearre út 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Incredible Hulk waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste science fiction-film, de Teen Choice Award foar favorite simmeraksjefilm en seis Scream Awards.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Marvel Cinematic Universe-film
- Film oer de Hulk
- Amerikaanske superheldefilm
- Amerikaanske aksjefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Universal Pictures
- Film fan de Marvel Studios
- Film fan Louis Leterrier
- Film út 2008
- Film oer in efterfolging
- Film oer stalferwikseling
- Film oer eksperiminten op minsken
- Film oer heiten en dochters
- Film oer meunsters
- Film oer it Amerikaanske Leger
- Film oer in wittenskipper
- Film oer supersoldaten
- Film basearre op in strip