Springe nei ynhâld

Graham Greene (akteur)

Ut Wikipedy
Graham Greene
akteur
Graham Greene yn 1998.
Graham Greene yn 1998.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGraham Greene
nasjonaliteit Kanadeesk
berne22 juny 1952
berteplakOhsweken (Ontario)
stoarn1 septimber 2025
stjerplakStratford (Ontario)
etnisiteit Oneida
jierren aktyf19742025
prizenGemini Award 1994, 2004
Canadian Screen Award 2025
offisjele webside
Graham Greene op Twitter

Graham Greene (Ohsweken (Ontario), 22 juny 1952 - Stratford (Ontario), 1 septimber 2025) wie in Kanadeesk akteur en presintator fan Yndiaansk komôf, dy't sawol op it toaniel, foar de tillefyzje as yn films wurke. Hy briek yn 1990 ynternasjonaal troch mei syn rol yn 'e refizjonistyske western Dances with Wolves, dêr't er foar nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Greene spile ek yn films as Thunderheart, Maverick, Die Hard with a Vengeance, The Green Mile, The Twilight Saga: New Moon en Wind River. Hy wûn foar syn wurk twaris, yn 1995 en yn 2004 in Gemini Award, en ienris, yn 2025, in Canadian Screen Award. Yn 2015 waard Greene opnommen yn 'e Oarder fan Kanada.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Greene waard yn 1952 berne yn Ohsweken, it haadplak fan it Seis Naasjes Reservaat fan 'e Irokezen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Hy wie in etnyske Oneida, ien fan 'e seis naasjes dêr't de Irokeeske folkegroep út bestiet. Syn âlden wiene John Greene, in ferpleechkundige en ûnderhâldsman, en dy syn frou Lillian. As jongeman wenne Greene yn Hamilton (Ontario). Hy kaam foar it earst mei de entertainmentyndustry yn oanrekking doe't er as lûdstechnikus foar rockbands yn Nijfûnlân en Labrador wurke. Yn dy tiid stied er bekend ûnder de artystenamme Mabes. Yn 1974 studearre er ôf oan 'e Yndiaanske Teäterskoalle fan it Sintrum foar Yndiaansk Teäter yn Toronto.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Greene sette syn aktearkarriêre útein as toanielakteur yn Toronto en Ingelân. Syn debút op 'e Kanadeeske tillefyzje makke er yn 1979 yn in ôflevering fan 'e searje The Great Detective. Yn 1983 wied er mei in rol yn Running Brave foar it earst yn in film te sjen. Neitiid spile er yn films as Revolution (1985) en Powwow Highway (1989), en hied er gastrollen yn tillefyzjesearjes as Spirit Bay, The Campbells, Captain Power and the Soldiers of Fortune, Street Legal en 9B.

Yn 1990 fertolke Greene ien fan 'e wichtichste byrollen yn 'e mei withoefolle prizen bekroande refizjonistyske western Dances with Wolves, mei Kevin Costner en Mary McDonnell yn 'e haadrollen. Hy spile Kicking Bird (Lakota: Ziŋtká Nagwáka), in Lakota-kriger dy't freonskip slút mei it personaazje fan Costner, in mei in posttraumatysk stress-syndroom oanhelle feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Greene briek mei dy rol ynternasjonaal troch, en hy waard derfoar nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol.

Datselde jiers hie Greene ek in rol yn 'e tillefyzjefilm Lost in the Barrens. Yn 1991 wied er te sjen as Arthur yn 'e film Clearcut en yn in gastrol yn 'e ôflevering Dances with Sharks fan 'e Amerikaanske rjochtbankdramasearje L.A. Law. Yn 1992 hied er in gastrol yn in oar populêr Amerikaansk programma, te witten de detektivesearje Murder, She Wrote, mei Angela Lansbury. Fierders spile er dat jiers ek de (histoaryske) rol fan Ishi, it lêste oerlibjende lid fan it Jahy-folk út Kalifornje, yn 'e biografyske tillefyzjefilm The Last of His Tribe. Teffens wied er mei û.o. Val Kilmer te sjen as de lakonike reservaatsplysje Walter Crow Horse yn 'e dramafilm Thunderheart.

Yn 1992 en 1993 hie Greene in weromkearende rol as Leonard yn fiif ôfleverings fan 'e Kanadeeske tillefyzjesearje Northern Exposure. Yn 1993 spile er yn in ôflevering fan North of 60 en yn fjouwer tillefyzjefilms: Medicine River, Spirit Rider, Cooperstown en The Broken Chain, wêrfan't dy lêste gie oer it histoaryske Mohâk-opperhaad Joseph Brant (Thayendanegea), in rol fan Eric Schweig. Fan 1994 oant 1997 hie Greene in fêste rol as Mr. Crabby Tree yn it berneprogramma The Adventures of Dudley the Dragon, dêr't er syn earste Gemini Award foar wûn yn 'e kategory 'bêste optreden yn in berneprogramma of -searje'.

Fan 1994 oant en mei 2006 wie Greene yn njoggentjin ôfleverings fan 'e komeedzjesearje The Red Green Show te sjen yn 'e weromkearende rol fan Edgar K.B. Montrose, in entûsjasteling op it mêd fan eksplosiven. Yn ien ôflevering (seizoen 5, ôfl. 1) wurdt er troch haadpersoan Red Green frege wat er fan 'e film Dances with Wolves fynt. Greene antwurdet dat "dy Yndiaanske keardel [hysels yn 'e rol fan Kicking Bird] bêst goed wie. Hie de Oscar winne moatten. Mar de rest wie om je dea te ferfelen!" Greene hie ek in cameoroltsje yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Royal Canadian Air Farce. Dêryn spile er in dûanebeämte, dy't yn 'e bagaazje fan 'e Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier (spile troch Don Ferguson) sjocht ear't er him trochlit. As Cartier him freget oft er soms yn dy film Dances with Wolves spile hat, antwurdet Greene befêstigjend. Cartier wol dan syn namme witte, wêrop't Greene seit: "Kevin Costner."

Yn 1994 spile Greene yn 'e komeedzjefilm North de Alaskaanske pleechheit fan it jonkje North, yn 'e westernsearje Lonesome Dove: The Series de Yndiaan Red Hawk, en yn 'e komyske westernfilm Maverick, mei Mel Gibson en Jodie Foster, it Yndiaanske opperhaad Joseph. Ek wied er foar de twadde kear te sjen yn in ôflevering fan Murder, She Wrote, en hied er in rol yn 'e film Camilla. Yn 1995 spile Greene in New Yorkske resjersjeur yn 'e aksjefilm Die Hard with a Vengeance, mei Bruce Willis en Samuel L. Jackson. Yn 1996 wied er te sjen yn in ôflevering fan 'e searje The Outer Limits en spile er it Mohikaanske opperhaad Chingachgook yn 'e tillefyzjefilm The Pathfinder.

Yn 1997 spile Greene yn 'e film The Education of Little Tree en de tillefyzjefilm The Hired Heart. Fierders presintearre er dat jiers in dokumintêresearje oer histoaryske misdieden, mei as titel Exhibit A: Secrets of Forensic Science. Hy rekke yn datselde jier lykwols ek wei yn in djippe klinyske depresje, en moast opnommen wurde nei't er in oanfarring mei de plysje hân hie. Hy klaude wer by de wâl op mei help fan Bruce Willis en Samuel L. Jackson, mei wa't er ûnder de opnamen fan Die Hard with a Vengeance befreone rekke wie. Yn 1998 spile er in resjersjeur yn Shattered Image, en yn 1999 wied er te sjen as Jim Bernard yn 'e film Grey Owl, mei yn 'e titelrol as de sabeare Yndiaan Grey Owl de Ierske akteur Pierce Brosnan, mei wa't Greene earder gearwurke hie yn The Broken Chain. Greene spile dat jiers, 1999, ek de rol fan Arlen Bitterbuck, in foar moard ta de deastraf feroardiele finzene, yn it foar in Oscar foar Bêste Film nominearre The Green Mile, mei Tom Hanks, David Morse en Michael Clarke Duncan yn 'e haadrollen.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Graham Greene (2022)

Yn 2000 wie Greene te sjen yn in ôflevering fan Big Wolf on Campus en yn 'e film Desire. Hy spile yn 2000 en 2001 de rol fan Michael Nighthorse yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Cover Me, en fertolke ien fan 'e haadrollen yn 'e tillefyzjesearje Wolf Lake (2001-2002), dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. Yn 2002 en 2004 hied er in rol yn twa tillefyzjefilms (The New Beachcombers en A Beachcomber's Christmas) dêr't mei besocht waard om 'e langrinnende Kanadeeske soapsearje The Beachcombers nij libben yn te blazen. Greene fertolke (yn 'e rol fan Slick Nakai) mei Adam Beach en Wes Studi ien fan 'e haadrollen yn 'e films Coyote Waits (2003) en A Thief of Time (2004), dy't beide adaptaasjes wiene fan romans fan Tony Hillerman en produsearre waarden troch Robert Redford. Yn 2004 waard Greene ek in twadde Gemini Award takend, yn 'e foarm fan 'e oeuvrepriis de Earle Gray Award.

Yn 2005 spile Greene as Calvin Many Goats the potinsjele frijer fan 'e froulike haadrol yn it komeedzjedrama Transamerica, spile troch Felicity Huffman. Hy wurke ek (as himsels) mei oan in parody op 'e yn 'e Kanada bekende reklame foar pinestillers fan it merk Lakota, dy't yn it tillefyzjeprogramma Rick Mercer Report op 'e tillefyzjestjoerder CBC te sjen wie. Fierders fertolke er yn 2005 de rol fan it Lakota-opperhaad Oerwinnende Bear yn 'e westernsearje Into the West, spile er yn 'e tillefyzjefilms Buffalo Dreams en Spirit Bear: The Simon Jackson Story, en hied er in gastrol yn 'e searje Numb3rs.

Greene presintearre yn 2006 de dokumintêrerige The War that Made America, oer de Frânske en Yndiaanske Oarloch fan 'e midden fan 'e achttjinde iuw, dy't it Noardamerikaanske front foarme fan 'e Sânjierrige Oarloch tusken Grut-Brittanje en Frankryk. Yn 2007 wied er te sjen yn 'e films All Hat, Just Buried en Breakfast with Scot; ek stied er dat jiers op 'e planken yn 'e rol fan Shylock yn 'e opfiering fan it toanielstik De Keapman fan Feneesje fan William Shakespeare op it Stratford Shakespeare Festival. Yn 2008 wurke Greene as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Turok: Son of Stone. Yn juny fan dat jier ûntfong er in earedoktoraat fan 'e Wilfried Laurier Universiteit, dy't in kampus ûnderhâldt yn 'e neite fan syn berteplak Ohsweken. Ek wurke er mei in yn 't foar opnommen fertelstim mei oan it iepenloftspul Tecumseh! dat yn Ohio opfierd waard en it ferneamde Sjâny-opperhaad Tecumseh as ûnderwerp hie.

Greene spile yn 2009 Harry Clearwater yn 'e fantasyfilm The Twilight Saga: New Moon. Yn 2010 fertolke er de rol fan Bernie Sprague yn 'e film Casino Jack, en yn 2010 en 2011 hied er in weromkearende rol as dokter Arthur yn 'e tillefyzjesearje Being Erica. Yn 'e folgjende jierren spile er yn films as Chasing Shakespeare (2013), Maïna (2013), Winter's Tale (2014) en The Shack (2017). Hy hie fan 2013 oant 2015 in fêste rol as Rafe McCawley yn 'e searje Defiance, en wie fan 2014 oant 2017 trije seizoenen lang te sjen yn 'e neo-westernplysjesearje Longmire, as Malachi Strand, it haad befeiliging fan in Yndiaansk kasino. Foar dy lêste rol wûn er yn 2016 de RNCI Red Nation Award yn 'e kategory 'treflike byrol fan in akteur'. Underwilens wied er yn 2015 opnommen yn 'e Oarder fan Kanada, dat in keninklike ûnderskieding is (ferlykber mei de Oarder fan Oranje-Nassau yn Nederlân).

Yn 2017 spile Greene de rol fan kommissaris Ben Shoyo, it haad fan 'e Yndiaanske plysje yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming yn 'e film Wind River. Yn 2018 liende er syn stim oan 'e yn it nau brochte Yndiaanske âldste Rains Fall yn it fideospultsje Red Dead Redemption II. Hy hie dat jier gastrollen yn 'e searjes Riverdale en The Detour en spile ek yn 'e film Through Black Spruce. Yn 2019 hied er de rol fan Littlecrow yn 'e searje Goliath. Yn 2022 spile Greene yn 'e minysearje 1883, in spin-off fan 'e bekendere searje Yellowstone. Ek hied er gastrollen yn searjes as Reservation Dogs (2023) en Tulsa King (2025). Yn syn lêste jierren spile Greene noch yn ferskate films, wêrûnder Antlers en The Wolf and the Lion (2021), Seeds, The Birds Who Fear Death en The Great Salish Heist (2024) en Sweet Summer Pow Wow (2025). Foar syn rol as himsels yn Seeds waard oan Greene yn 2025 in Canadian Screen Award takend, de wichtichste filmpriis fan Kanada.

Greene troude yn 1990 mei Hilary Blackmore. Hja wennen yn 'e neite fan Toronto mei in "lyts leger katten". Greene syn leafhawwerijen wiene skriuwen, it bouwen fan boaten en it spyljen fan golf. Hy hie gjin begryp foar de emigraasje fan in protte Kanadeeske akteurs om yn Los Angeles del te striken. Neffens him koe in akteur oeral op 'e wrâld wenje as er in tillefoan hie en wist wêr't de lofthaven wie.

Greene ferstoar yn Stratford (Ontario) op 1 septimber 2025 yn de âldens fan 73 jier.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1979The Great Detective?lyts roltsje; ôfl. The Black Curse
1981Read All About ItJohn Nortongastrol; ôfl. Journey To Queenston
1986Spirit BayPete "Baba" Greengastrol; 1 ôfl.
1986–1988The CampbellsIrokeesk opperhaadweromkearende rol; 3 ôfl.
1987Captain Power and the Soldiers of the FutureCherokeeôfl. Wardogs
1987Street LegalPaulogastrol; ôfl. Tango Bellarosa
19889BDan Jacksonweromkearende rol; 5 ôfl.
1989Where the Spirit Livesheit fan Komitillefyzjefilm
1991L.A. LawDavid Waunekagastrol; ôfl. Dances with Sharks
1992Murder, She Wrotesheriff Sam Keeyanigastrol; ôfl. Night of the Coyote
1992The Last of His TribeIshitillefyzjefilm
1992–1993Northern ExposureLeonardweromkearende rol; 5 ôfl.
1993Medicine RiverWilltillefyzjefilm
1993Spirit RiderVerntillefyzjefilm
1993CooperstownRaymond Maracletillefyzjefilm
1993North of 60Rico Nezgastrol; ôfl. The Art of the Deal
nom. Gemini Award foar bêste optreden yn berne- of jeugdprogramma of -searje
1993The Broken ChainPeace Maker (geast)tillefyzjefilm
1994–1997The Adventures of Dudley the Dragonmenear Crabby Treeweromkearende rol; 17 ôfl.
1994–2006The Red Green ShowEdgar K.B. Montroseweromkearende rol; 19 ôfl.
Gemini Award foar bêste optreden yn in berne- of jeugdprogramma of -searje
1994Lonesome DoveRed Hawkbyrol yn in minysearje; 3 ôfl.
1994Murder, She WrotePeter Hendersongastrol; ôfl. Northern Explosion
1994Royal Canadian Air Farcedûanier "Kevin Costner"gastrol yn in programma mei komyske sketches
1994Genie Awardsn.f.t.presintator priisútrikking
1995Happily Ever After: Fairy Tales for Every Childopperhaad Brown Bearas stimakteur; gastrol; ôfl. Snow White
1995500 Nationsferskaat3 ôfl.
1996The Outer Limitswapenmastergastrol; ôfl. The Light Brigade
1996The PathfinderChingachgooktillefyzjefilm
1997The Hired Heart?tillefyzjefilm
1998A Stranger In TownEddie Lestertillefyzjefilm
2000Big Wolf on Campusfearbaasgastrol; 1 ôfl.
2000–2001Cover MeMichael Nighthorseweromkearende rol; 4 ôfl.
2001–2002Wolf LakeSherman Blackstone / professor Joseph Dukeweromkearende rol; 10 ôfl.
2002The New BeachcombersColin Reidtillefyzjefilm
2003Shattered City: The Halifax ExplosionElijah Cobbbyrol yn in minysearje; 2 ôfl.
2003Coyote WaitsSlick Nakaitillefyzjefilm
2004A Thief of TimeSlick Nakaitillefyzjefilm
2004A Beachcomber's ChristmasColin Reidtillefyzjespecial
2005Spirit Bear: The Simon Jackson Storydokter Lloyd Blackburntillefyzjefilm
2005Into the WestOerwinnende Bearôfl. Dreams and Schemes
2005Numb3rsopperhaad James Clearwatergastrol; ôfl. Bones of Contention
2005Buffalo DreamsJohn Blackhorsetillefyzjefilm
2007' Luna: Spirit of the Whale Bill Louistillefyzjefilm
2009Tales of an Urban IndianAdamtillefyzjefilm
2010The Wild GirlJosephtillefyzjefilm
2010–2011Being Ericadokter Arthurweromkearende rol; 5 ôfl.
2013–2015DefianceRafe McCawleyfêste rol 28 ôfl.
2014–2017LongmireMalachi Strandweromkearende rol; seizoen 3–6, 12 ôfl.
2018RiverdaleThomas Topazgastrol; ôfl. Chapter Twenty-Four: The Wrestler
2018The DetourNarvinweromkearende rol; 3 ôfl.
2019GoliathLittlecrowweromkearende rol; 7 ôfl.
2019Shadow WolvesNabahetillefyzjefilm
2021American GodsWhiskey Jackgastrol; ôfl. 1 fan seiz. 3
20221883Spotted Eaglegastrol yn in minysearje
2023The Last of UsMarlongastrol; ôfl. Kin
2023Reservation DogsMaximusweromkearende rol; 3 ôfl.
2024EchoSkullyhaadrôl; minysearje
2024Tulsa KingOld Smokegastrol; ôfl. Triad
films
1983Running BraveEddie Mills
1985RevolutionOngwata
1989Powwow HighwayFjetnamfeteraan
1990Dances with WolvesKicking Birdnom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1991ClearcutArthur
1992Thunderheartsheriff Walter Crow Horse
1992Rain without Thunderauteur
1993Benefit of the DoubtCalhoun
1994Camilla Hunt Weller
1994Savage LandSkyano
1994MaverickJoseph
1994NorthAlaskaanske heit
1994Huck and the King of HeartsJim
1995Die Hard with a Vengeanceresjersjeur Joe Lambert
1997The Education of Little TreeWillow John
1997WoundedNick Rollins
1997Exhibit A: Secrets of Forensic Sciencen.f.t.presintator fan in dokumintêre
1997Song of HiawathaO Kagh
1998Shattered Imageresjersjeur
1999Grey OwlJim Bernard
1999The Green MileArlen Bitterbuck
1999Misery HarbourBurly
2000DesireConnor
2001Lost and DeliriousJoe Menzies
2001Christmas in the CloudsEarl
2002Duct Tape ForeverEdgar K.B. Montrose
2002Snow DogsPeter Yellowbear
2002SkinsMogie Yellow Lodge
2004Phil the AlienWolf
2005TransamericaCalvin Many Goats
2006A Lobster Talesheriff
2007All HatJim Burns
2007Just BuriedHenry Sanipass
2007Breakfast with ScotBud Wilson
2008Turok: Son of Stonesjamaan fan it Ferlerne Lân / âldste #1as stimakteur
2009The Twilight Saga: New MoonHarry Clearwater
2010Casino JackBernie Sprague
2010GunlessTwo Dogscameo
2010The Legend of Secret Passpakeas stimakteur
2012The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2Harry Clearwater
2013Chasing ShakespeareMr. Mountain
2013Atlantic Rimadmiraal Hadley
2013MaïnaMishte-Napeu
2014Winter's TaleHumpstone John
2014Corner Gas: The Moviefiskercameo
2015UnnaturalBuffalo
2017Wind RiverBen
2017The ShackMale Papa
2017Molly's Gamerjochter Dustin Foxman
2018Through Black SpruceLeo
2019Shadow WolvesNabahe
2021AntlersWarren Stokes
2021Defining Momentsdokter Kelly
2021The Wolf and the LionJoe
2023SquealerJoe
2024Seedshimsels
2024The Birds Who Fear Deathopperhaad Ed
2024The Great Salish Heistopperhaad Roy
2024King IvoryHolt Lightfeather
2025Sweet Summer Pow Wowseremoanjemaster
2025The ProtectorBrand
2025Trail of VengeanceHoko
2025Protectors of the LandGrant Strongbow
2025Paige Darcy: Reluctant Detectiveboargemaster Gomber
2026?Ice Fallnoch net bekendpostúm ferskynd
fideospultsjes
2018Red Dead Redemption 2Rains Fallas stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.