Springe nei ynhâld

Tom Wopat

Ut Wikipedy
Tom Wopat
akteur
Tom Wopat yn 1979, yn 'e tiid fan The Dukes of Hazzard, sa't er de measte minsken foar de geast stiet.
Tom Wopat yn 1979, yn 'e tiid fan The Dukes of Hazzard, sa't er de measte minsken foar de geast stiet.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeThomas Steven Wopat
nasjonaliteit Amerikaansk
berne9 septimber 1951
berteplakLodi (Wiskonsin)
etnisiteit Tsjechysk
jierren aktyf1970 – no
offisjele webside
www.wopat.com

Tom Wopat (folút: Thomas Steven Wopat; Lodi (Wiskonsin), 9 septimber 1951), is in Amerikaansk akteur en sjonger. Hy is benammen bekend wurden troch de lang rinnende Amerikaanske tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, wêryn't er mei John Schneider de haadrollen fertolke. Sûnt it stopsetten fan dy searje yn 1985 hat er fral yn toanielmusicals spile, hoewol't er ek byrollen hân hat yn tillefyzjesearjes en films. As sjonger makket er muzyk fan it countrysjenre. Hy hat ferskate albums útbrocht en hie yn 'e 1980-er en 1990-er jierren tuskenbeiden súkses mei in stikmannich singles.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tom Wopat waard yn 1951 berne yn Lodi, yn 'e steat Wiskonsin, as it fyfde fan acht bern yn 'e húshâlding fan Albin en Ruth Wopat. Syn heit wie in melkfeehâlder fan etnysk Tsjechysk komôf. Wopat studearre oan 'e Universiteit fan Wiskonsin-Madison.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1970-er jierren makke Wopat syn debút op 'e Amerikaanske tillefyzje as in figurant yn 'e soapsearje One Live to Live. Hy briek yn 1979 troch mei de populêre aventoeresearje The Dukes of Hazzard, dy't rûn fan 1979 oant 1985. Wopat spile yn dy searje de rol fan 'e brúnhierrige Luke Duke, dy't mei syn blonde neef Bo Duke (spile troch John Schneider) de korrupte countykommissaris Boss Hogg (Sorrell Booke) en de net oersnoade sheriff Roscoe P. Coltrane (James Best) altyd te fluch ôf wie.

Nei't The Dukes of Hazzard opholden wie, berikte Wopat nea wer itselde nivo fan ferneamdheid en populariteit. Hy spile troch de jierren hinne yn ferskate searjes, meast gastroltsjes, lykas yn 'e detektivesearjes Murder, She Wrote en Elementary, de komeedzjesearje Home Improvement en de plysjesearje Blue Bloods. Fan 1995 oant 1998 hied er in fêste rol yn 'e komeedzjesearje Cybill, mei û.o. Cybill Shepherd. En fan 2012 oant 2017 hied er yn 'e neo-westernsearje Longmire in weromkearende rol as sheriff Jim Wilkins fan it oanbuorjende Cumberland County.

Dêrnjonken spile Wopat yn in stikmannich tillefyzjefilms en guon spylfilms, wêrûnder Jonah Hex (2010) en Quentin Tarantino syn Django Unchained (2012). Ferskate kearen kaam er fierders gear mei de rest fan 'e âlde cast fan The Dukes of Hazzard om reünyfilms op te nimmen foar de tillefyzje. Wopat waard ek in cameo oanbean yn 'e bioskoopfilm The Dukes of Hazzard (2005), wêryn't Johnny Knoxville de rol fan Luke Duke oernaam. Hy betanke lykwols foar de ear om't er it senario net goed genôch fûn.

Fierders sette Wopat ek útein mei in karriêre as musicalakteur. Syn earste Broadway-musical wie I Love My Wife, út 1977, mar syn earste haadrol spile er yn 'e revival út 1999 fan Annie, Get Your Gun (oer Annie Oakley). Datselde jiers noch waard er nominearre foar in Tony Award foar syn rol as Frank Butler (Oakley har man). Neitiid spile Wopat ek yn oare topmusicals, lykas Chicago, 42nd Street en Glengarry Glen Ross.

Njonken syn aktearkarriêre is Wopat ek aktyf as sjonger, wêrby't syn muzyk foar it meastepart ta it countrysjenre rekkene wurde kin, al hat er ek wol rock n' roll songen. Syn earste album, út 1981, wie de soundtrack fan The Dukes of Hazzard. Yn 2017 kaam syn tolfde album út, dat ienfâldichwei Wopat hiet. Hoewol't syn sjongkarriêre net sa súksesfol wie as dy fan syn Dukes of Hazzard-"neef" John Schneider, hie Wopat, fral oan 'e ein fan 'e 1980-er jierren, dochs ferskate singles yn 'e wichtichste country-hitlist, de Hot Country Songs. Syn bêst prestearjende single wie The Rock and Roll of Love, út 1986, wêrmei't er it 16e plak helle

Tom Wopat yn 2024.

Wopat hat twaris troud west. Syn earste houlik, mei Vickie Allen, einige yn in skieding. Neitiid wertroude er mei Kirsten S. Larvick, in filmmakster en audiofisueel argivaris. Wopat hat út syn beide houliken fiif bern.

Op 2 augustus 2017 waard Wopat yn Waltham (Massachusetts), in foarstêd fan Boston, dêr't er yn it Reagle Music Theater optrede soe yn 'e musical 42nd Street, arrestearre troch de pleatslike plysje foar seksueel oer de grins geand gedrach, doe't er by it repetearjen in froulik lid fan 'e cast by de stuten pakt hie. Neffens de toanielprodusint fan it stik wie dat net de earste kear dat er him misdroegen hie, en wied er dêr al ferskate kearen op oansprutsen. By it trochsykjen fan syn auto trof de plysje fierders twa pûdsjes kokaïne oan. Wopat joech ta dat er kokaïne snúfde, dy't er neffens eigen sizzen yn gruttere kwantiteiten oanskafte en by de tiid lâns op opbrûkte. Hy waard nei syn foarlieding op 3 augustus op boarchtocht frijlitten. By syn berjochting bekende Wopat dat er twaris froulju lestichfallen hie, en waard er feroardiele ta in jier proeftiid.

  • 1981 – The Dukes of Hazzard Soundtrack (soundtrack)
  • 1983 – Tom Wopat
  • 1987 – A Little Bit Closer
  • 1990 – Don't Look Back
  • 1992 – Learning to Love
  • 1995 – Hands On
  • 2000 – The Still of the Night
  • 2005 – Tom Wopat Sings Harold Arlen: Dissertation on the State of Bliss
  • 2009 – Consider it Swung
  • 2013 – I've Got Your Number
  • 2014 – Home for Christmas (mei John Schneider)
  • 2017 – Wopat
  • 1982 – Full Moon, Empty Pockets
  • 1983 – (Till) I Kissed You
  • 1983 – Sha-Marie
  • 1986 – True Love (Never Did Run Smooth)
  • 1986 – I Won't Let You Down
  • 1986 – The Rock and Roll of Love
  • 1987 – Put Me Out of My Misery
  • 1987 – Susannah
  • 1988 – A Little Bit Closer
  • 1988 – Hey Little Sister
  • 1988 – Not Enough Love
  • 1991 – Too Many Honky Tonks (on My Way Home)
  • 1991 – Back to the Well
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1979–1985The Dukes of HazzardLuke Dukefêste rol; 128 ôfl.
1980Fantasy IslandDavid Chiltongastrol; ôfl. Flying Aces en The Mermaid Returns
1983The DukesLuke Dukefêste rol; as stimakteur; 7 ôfl.
1984Story, Songs and Starsûnbekendtillefyzjefilm
1984Burning RageTom Silvertillefyzjefilm
1987Christmas Comes to Willow CreekPetetillefyzjefilm
1988Blue SkiesFrank Cobbweromkearende rol; 8 ôfl.
1989A Peaceable Kingdomdokter Jed McFaddenfêste rol; 12 ôfl.
1992Just My ImaginationBobby Rextillefyzjefilm
1995–1998CybillJeff Robbinsfêste rol; 22 ôfl.
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast
(mei Christine Baranski, Dedee Pfeiffer, Alan Rosenberg,
Cybill Shepherd en Alicia Witt)
1996Murder, She WroteBill Dawsongastrol; ôfl. Kendo Killing
1997ContagiousSamtillefyzjefilm
1997Crisis CenterChuck Goodmangastrol; ôfl. Someone to Watch Over Me
1997The Dukes of Hazzard: Reunion!Luke Duketillefyzjefilm
1997–1998Home ImprovementIanweromkearende rol; 2 ôfl.
1998Meteorites!Tom Johnsontillefyzjefilm
2000The Dukes of Hazzard: Hazzard in HollywoodLuke Duketillefyzjefilm
2001100 Centre StreetHanley Randgastrol; ôfl. Lost Causes
2001–2002All My ChildrenHank Pelhamweromkearende rol; ûnbekend tal ôfl.
2005Smallvillesenator Jack Jenningsgastrol; ôfl. Exposed
2006StandoffRick Keeslarpilotôflevering
2008The HiveBilltillefyzjefilm
2009Taking ChanceJohn Phelpstillefyzjefilm
2010–2011Phineas and FerbWilkins-broer #2as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2012Blue BloodsCraig Iversongastrol; ôfl. Women With Guns
2012–2017Longmiresheriff Jim Wilkinsweromkearende rol; 6 ôfl.
2013Lovestruck: The MusicalRyan Huttontillefyzjefilm
2016ElementarySoblegastrol; ôfl. Murder Ex Machina
2020The Blacklistfinzenisdirekteur Roy Cain  gastrol; ôfl. Roy Cain
films
2006BonnevilleArlo
2007The History of Wisconsin Footballn.f.t.voice-over by in dokumintêre
2008The Understudyresjersjeur Jones
2010Jonah Hexkolonel Slocum
2010Main StreetFrank
2012Django UnchainedU.S. marshal Gill Tatum
2012Mariachi GringoRon
2015All in Timetoskedokter
2016Fair HavenRichard Grant
2017Lost Cat CoronaJimmy Pipes
2017New MoneyJohn Breckner
2018County LineAlden Rockwell
2019Delight in the MountainGuido
2022County Line: All InAlden Rockwell
2023County Line: No FearAlden Rockwell
fideospultsjes
1999The Dukes of Hazzard: Racing for HomeLuke Dukeas stimakteur
2004The Dukes of Hazzard: Return of the General Lee  Luke Dukeas stimakteur
2007Manhunt 2The Bloodhoundsas stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.