Annie Oakley

Ut Wikipedy
Annie Oakley
artyst en/of kabaretier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Phoebe Ann Moses
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 augustus 1860
berteplak North Star (Ohio)
stoarn 3 novimber 1926
stjerplak Greenville (Ohio)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as skerpskutter, teäterartyst
medium teäter
jierren aktyf 18751926
offisjele webside
n.f.t.

Annie Oakley, wiere namme: Phoebe Ann Moses (North Star (Ohio), 13 augustus 1860Greenville (Ohio), 3 novimber 1926), wie in Amerikaansk skerpskutter fan etnysk Ingelsk komôf, mei in bjusterbaarlik grut talint. Se waard ferneamd troch de sterke staaltsjes dy't se sjen liet by har optredens yn 'e Wyldwestshow fan Buffalo Bill Cody. Har meast ferneamde trúk wie om in spylkaart ûnderskate kearen efterinoar op 'e râne te reitsjen en dan noch ferskate gatten yn 'e platte kant te sjitten foar't er de grûn rekke – en dat die se mei in gewear, fan in ôfstân fan 90 foet (±27½ m). Hja waard ûnbidige populêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar ek om utens, en sadwaande wurdt hja wol de earste Amerikaanske froulike superstjer neamd. Nei har dea waarden der ferskate toanielstikken, films en tillefyzjesearjes oer har libben makke; de bekendste dêrfan is de musikal Annie, Get Your Gun (bekend fan it nûmer There's No Business Like Show Business), dy't yn 1946 foar it earst op Broadway opfierd waard, en dêr yn 1999 op 'e nij iepene.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oakley waard yn 1860 berne yn in blokhutte yn 'e wyldernis fan Darke County, likernôch 5 myl eastlik fan wat no North Star is, yn 'e steat Ohio. Har âldelju wiene Jacob Moses en Susan Wise, in pear Quakers dy't mear as tritich jier skeelden, en dy't oarspronklik út Pennsylvania kamen. Oakley hie ien âldere suster, dy't fan Sarah Ellen hiet. Har heit, dyt berne wie yn 1799 en yn 'e Oarloch fan 1812 noch meifochten hie tsjin 'e Britten, kaam yn 1866 te ferstjerren oan longûntstekking, wêrnei't har mem wertroude mei in Daniel Brumbaugh, noch in dochter (Emily) krige, en op 'e nij widdo waard.

Annie Oakley yn 'e 1880-er jierren.

Yn 1870, doe't se njoggen jier wie, waard Oakley mei Sarah Ellen opnommen yn 'e Darke County Infirmary, in soarte fan weeshûs, mei't har mem te earm wie om foar harren te soargjen. De man dy't it tafersjoch oer de Infirmary hie, in Samuel Crawford Edington, fûn doe in plak foar har by in pleatslik gesin, dêr't se as in soarte fan au-pair helpe moast by de fersoarging fan in lyts jonkje, yn ruil foar it nea neikommen ûnthjit fan 'e betelling fan fyftich sint wyks en it krijen fan ûnderwiis. Twa jier lang brocht se troch yn in sitewaasje dy't praktysk op slavernij delkaam, wêrby't se boppedat sawol lichaamlik as geastlik mishannele waard. Yn har autobiografy fertelde Oakley letter hoe't se bygelyks in kear winterdeis yn 'e friezende kjeld op bleate fuotten bûtensletten wie om't se yn 'e sliep fallen wie by it dwaan fan hantwurk. Nea hat se lykwols de namme fan dat gesin neame wollen. Uteinlik waard se yn 1872 weriene mei har eigen famylje, nei't har mem foar de trêde kear troud wie, no mei in Joseph Shaw.

Fanwegen de earmoede dêr't se yn opgroeide, krige Oakley mar in bytsje ûnderrjocht, al learde se as folwoeksene noch wol op beskate mêden by. Har eigen efternamme skreau se as "Mozee", hoewol't dy yn 'e measte argyfstikken as "Moses" stavere wurdt. Oakley gie al fan jongs ôf oan mei fjoerwapens om. Tsjin 'e tiid dat acht jier wie, gie se op eigen manneboet op jacht en ferkocht it sketten en yn strûpen fongen wyld oan omwenjenden en letter oan hotels en restaurants, om mei it dêrfoar ûntfongen jild har mem by te stean. Om har fyftjinde hinne hie se op dy manear har memme hypteek ôfbetelle. Op dy manear krige se rillegau bekendheid yn har diel fan Ohio.

Faam as skerpskutter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it neijier fan 1875 kaam de Ierske ymmigrant Francis E. Butler (1850-1926) del yn Cincinnati. Hy wie in rûnreizgjend skerpskutter, dy't mei de pleatslike hoteleigner Jack Frost in weddenskip fan $100 (yn tsjintwurdich jild goed $2.100) oangie dat er eltse pleatslike skerpskutter de baas koe dy't Frost tsjin him yn 't fjild bringe koe. Hy seach raar op doe't Frost mei in fyftjinjierrich famke fan 1.52 m oankaam. Lang gie it sjitten lykop, mar Butler miste syn 25ste skot, en Oakley skeat harres rekke, dat sa ferlear er syn weddenskip. De úteinlike winner wie lykwols dochs Butler, want hy begûn om Oakley te stykjen, en se trouden op 23 augustus 1876.

Annie Oakley op in poster foar Buffalo Bill's Wild West.

Se holden in stikmannich jierren yn Cincinnati ta, dêr't Oakley har artystenamme oannaam. Nei alle gedachten ûntliende hja dy oan Oakley, de wyk dêr't se wennen. Yn 1885 joegen se har by Buffalo Bill's Wild West, de Wyldwestshow fan William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill. Dêr ûntstie in ûnnoflike rivaliteit tusken Oakley en in oare skerpskutter, Lillian Smith. Oakley ferliet de show sels tydlik, mar kearde werom doe't Smith hat kontrakt ôfrûn wie. Teffens kaam se yn 'e kunde mei it ferneamde Lakota-opperhaad Sittende Bolle, dy't as freon fan Buffalo Bill ek oan 'e show meidie. Mei him sleat se in duorjende freonskip, en úteinlik naam er har sels oan as dochter. Hy joech har de Lakota-namme Watanya Cicilla, dy't oerset waard yn it Ingelsk as Little Sure Shot ("Lytse Rekkesjitster"); dat wie in namme dy't Oakley oan har dea ta brûke soe njonken har artyste- en bertenamme.

Oakley reizge mei de Wyldwestshow nei Jeropa, dêr't se optrede foar û.m. de Britske keninginne Fiktoaria, de Italjaanske kening Umberto I en de Frânske presidint Marie François Sadi Carnot. Se wie sa wis fan harsels, dat se by in optreden yn Dútslân deryn tastimde om 'e jiske fan sigaret ôf te sjitten dy't de doe krekt op 'e troan kommen keizer Wilhelm II tusken de lippen hie. Nei't yn 1914 de Earste Wrâldoarloch útbrutsen wie, waard der sein dat se better de man ynstee fan 'e sigaret sjitte kind hie, en Oakley stjoerde Wilhelm doe wier ek in brief, wêryn't se frege om it trúksje nochris oerdwaan te meien, mar Wilhelm joech net thús.

Annie Oakley har hantekening.

Yn april 1898, doe't de Feriene Steaten op it punt stiene om mei Spanje yn oarloch te reitsjen, stjoerde Oakley in brief nei de doetiidske Amerikaanske presidint William McKinley, wêryn't se yn gefal oarloch de tsjinsten oanbea fan in ôfdieling fan 50 froulike skerpskutters, dy't harren eigen gewearen en munysje bekostje soene. De Spaansk-Amerikaanske Oarloch briek yndie datselde jiers noch út, mar fan Oakley har oanbod waard gjin gebrûk makke. Yn 1901 waard Oakley der by in wedstryd út sketten troch in njoggenjierrich famke, Ethel Bell Nice, dy't letter mei in Amerikaansk legerofsier troude en doe op dy syn legerbasis de soldaten learde hoe't se mei fjoerwapens omgean moasten. Ek yn 1901 rekke Oakley slim ferwûne by in treinûngemak. Se wie tydlik ferlamme en moast fiif operaasjes oan har rêchbonke ûndergean, mar se klaude wer hielendal by de wâl op. Lykwols hie har beslút, yn 1902, om har werom te lûken út 'e Wyldwestshow, wierskynlik te krijen mei oanduorjende lichaamlike swierrichheden.

Lettere jierren en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se Buffalo Bill's Wild West farwol sein hie, sette Oakley útein mei in nije karriêre as aktrise, wêrby't se op toernee gie mei it toanielstik The Western Girl, dat spesjaal foar har skreaun wie. Dêryn naam se it op tsjin in binde banditen, dy't se mei gebrûk fan pistoal, gewear en lasso te fluch ôf wie.

Annie Oakley yn 1922.

Yn 1904 publisearre krantemagnaat William Randolph Hearst in misliedend artikel wêryn't beweard waard dat Oakley yn Chicago oppakt wie foar dieverij om in kokaïneferslaving te bekostjen. Yn it echt gie it dêrby om in fariëtee-artyste, dy't doe't de plysje har om har namme frege, brutaalwei antwurde hie dat se fan "Annie Oakley" hiet. Hearst wie dêrfan op 'e hichte, mar negearre it om mear kranten te ferkeapjen. De echte Annie Oakley brocht it folgjende jier grutdiels troch yn 'e rjochtseal, dêr't se 54 fan 'e 55 tsjin ûnderskate kranten oanspande rjochtsaken foar kwealaster wûn. Se ine minder oan skeafergoedings as dat se oan gerjochtskosten útjoech, mar har goede namme wie har wat wurdich. De measte kranten dy't it ferhaal sûnder euvelmoed fan Hearst oernommen hiene, rektifisearren it daliks doe't se fan 'e wiere tadracht op 'e hichte steld waarden, mar Hearst sels stjoerde in ûndersiker nei Darke County ta om yn Oakley har ferline om te wrotten, op 'e sneup nei dingen dy't er tsjin har brûke koe. Hy fûn neat.

Oakley gie troch mei it ferbetterjen fan skerpskuttersrekôrs oant se yn 'e sechstich wie. Yn 1922, doe't se 62 jier wie, skeat se by in wedstryd yn Pinehurst, yn Noard-Karolina 100 klaaiene doelwiten efterinoar fan 15 m ôfstân. Oan 'e ein fan dat jier krigen Oakley en Butler in slim auto-ûngemak, dat har twong om in stielene bûgel om har rjochterskonk te dragen. Mar nei oardel jier opbetterjen begûn se yn 1924 wer nije rekôrs te fêstigjen.

Yn 1925 rekke se lykwols yn 'e minnichte, en op 3 novimber 1926 kaam se yn Greenville, yn Ohio, yn 'e âlderdom fan 66 jier te ferstjerren oan pernisjeuze anemy (kwea-aardige bloedearmoede). Butler wie dêr sa stikken fan, dat er ophold fan iten. Hy stoar achttjin dagen letter, op 21 novimber, yn Michigan. Se waarden njonken inoar begroeven op it Brock Cemetery yn Greenville. Oakley en Butler hiene gjin bern, en Oakley liet inkeld in ûnfoltôge autobiografy nei. Nei har dea kaam oan it ljocht dat se har hiele fortún útjûn hie oan har famylje en oan goede doelen. In grut part derfan hie se stilwei skonken oan 'e striid foar frouljusrjochten yn 'e Feriene Steaten. Letter is besifere dat Oakley geandewei har hiele karriêre mear as 15.000 froulju leard hat om mei fjoerwapens om te gean. Se leaude perfoarst dat soks krúsjaal wie foar froulju, net inkeld as in ferdivedearjende foarm fan lichaamlike en geastlike oefening, mar teffens om harrensels ferdigenje te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.