Springe nei ynhâld

Ferwerderadiel

Ut Wikipedy
Ferwerderadiel

Doarpsgesicht fan Burdaard.
flagge wapen

Wapen fan Ferwerderadiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Wil van den Berg (CDA)
sifers en geografy
haadplak Ferwert
grutste plak Hallum
ynwennertal 8.681 (2017)
befolkingstichtens 88,8 / km²
oerflak 133,18 km²
● wêrfan lân 97,71 km²
● wêrfan wetter 34,47 km²
tal doarpen 12
ferkearsieren N357
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Ferwerderadiel
Gritenij Dantumadiel (diel)
1851 – 1984 Gem. Ferwerderadiel
Gem. Dantumadiel (diel)
opheft 2019
opgien yn Noardeast-Fryslân
oar
netnûmer 0518, 0519, 058
postkoade 9073–9074, 9107, 9111–9112, 9171–9178
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.ferwerderadiel.nl

Ferwerderadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Ferwerderadeel) wie in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 8.681 ynwenners (30 april 2017). De gemeente besloech 133,18 km², wêrfan 34,5 km² wetter. De gemeente hie in kustline fan 10,1 km oan de Waadsee. Ferwerderadiel ûntstie as gritenij yn de fyftjinde iuw. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Ferwerderadiel grinzge oan de noardkant oan de Waadsee, yn it easten oan Dongeradiel, yn it súdeasten oer de Dokkumer Ie oan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, yn it súdwesten oan Ljouwerteradiel en yn it westen oan It Bilt.

Topografyske kaart fan Ferwerderadiel, july 2013

Haadplak fan de gemeente wie Ferwert, en de oare plakken yn de gemeente wiene: Burdaard, Blije, Ginnum, Hallum, Hegebeintum, Jannum, Jislum, Lichtaard, Marrum, Reitsum en Wânswert. Oarspronklik lei ek in part fan it doarp Alde Leie yn Ferwerderadiel (en in oar part op It Bilt), oant it doarp yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn syn gehiel by Ljouwerteradiel foege waard. In oar earder doarp yn Ferwerderadiel wie Westernijtsjerk, dat yn 1971 syn doarpsstatus ferlear en as buorskip oan Marrum tafoege waard. Jannum en in diel fan Burdaard leine foarhinne yn de gemeente Dantumadiel, en kamen pas yn 1984 by Ferwerderadiel te hearren.

Fierder lei ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn dizze gemeente. Oare buorskippen yn de gemeente wiene: Fiifhuzen, Hallumerhoeke, De Ryp, Easterbeintum, Boatebuorren, Farebuorren en Tergrêft.

De gemeente gie op 1 jannewaris 1999 oer op in Fryske gemeentenamme en Fryske plaknammen. Dêrby waarden yn de Gemeentlike Basis Administraasje de Nederlânske troch de Fryske toponimen ferfongen.

Ferwerderadiel hie fan de 6e iuw f.Kr. oant de 12e iuw nei Kr. in gebiet fan terpbewenning west. Yn de 12e iuw begûn de oanlis fan diken, wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.

Ferwerderadiel wie yn dy tiid part fan Eastergoa, en nei't dat opspjalte waard, waard it in part fan de Noardlike njoggen. Fan 1242 ôf waard der skreaun fan grytmannen, mar pas yn de 15e iuw waarden de dielen selsstannich en waard Ferwerderadiel in gritenij.

Oant dy tiid wie ek it Amelân part fan Ferwerderadiel, mar yn 1405 waard it eilân selsstannich. Der bleaune al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de 19e iuw yn Ferwerderadiel noch in fear nei it eilân. De gritenij Ferwerderadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 kamen Jannum en it súdlike part fan Burdaard by Ferwerderadiel, wylst de súdwestlike útherne, dêr't in part fan Alde Leie yn lei, nei Ljouwerteradiel gie. Op 1 jannewaris 2019 waard Ferwerderadiel opheft en giet it yn 'e mande mei Dongeradiel en Kollumerlân op yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Ferwerderadeel bestie út 13 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan de rie sûnt 1998:

Gemeenteriedsitten
Partij 1998 2002 2006 2010
CDA 5 5 4 4
Gemeentebelangen 3 3 2 2
PvdA 2 2 3 2
VVD 1 1 1 1
FNP 1 1 2 3
KristenUny 1 1 1 1
Totaal 13 13 13 13

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ferwerderadeel fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje