Ferwerderadiel
Ferwerderadiel | |
---|---|
Doarpsgesicht fan Burdaard. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Ferwerderadiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Wil van den Berg (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Ferwert |
grutste plak | Hallum |
ynwennertal | 8.681 (2017) |
befolkingstichtens | 88,8 / km² |
oerflak | 133,18 km² |
● wêrfan lân | 97,71 km² |
● wêrfan wetter | 34,47 km² |
tal doarpen | 12 |
ferkearsieren | N357 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Ferwerderadiel Gritenij Dantumadiel (diel) |
1851 – 1984 | Gem. Ferwerderadiel Gem. Dantumadiel (diel) |
opheft | 2019 |
opgien yn | Noardeast-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0518, 0519, 058 |
postkoade | 9073–9074, 9107, 9111–9112, 9171–9178 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.ferwerderadiel.nl |
Ferwerderadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Ferwerderadeel) wie in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 8.681 ynwenners (30 april 2017). De gemeente besloech 133,18 km², wêrfan 34,5 km² wetter. De gemeente hie in kustline fan 10,1 km oan de Waadsee. Ferwerderadiel ûntstie as gritenij yn de fyftjinde iuw. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferwerderadiel grinzge oan de noardkant oan de Waadsee, yn it easten oan Dongeradiel, yn it súdeasten oer de Dokkumer Ie oan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, yn it súdwesten oan Ljouwerteradiel en yn it westen oan It Bilt.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haadplak fan de gemeente wie Ferwert, en de oare plakken yn de gemeente wiene: Burdaard, Blije, Ginnum, Hallum, Hegebeintum, Jannum, Jislum, Lichtaard, Marrum, Reitsum en Wânswert. Oarspronklik lei ek in part fan it doarp Alde Leie yn Ferwerderadiel (en in oar part op It Bilt), oant it doarp yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn syn gehiel by Ljouwerteradiel foege waard. In oar earder doarp yn Ferwerderadiel wie Westernijtsjerk, dat yn 1971 syn doarpsstatus ferlear en as buorskip oan Marrum tafoege waard. Jannum en in diel fan Burdaard leine foarhinne yn de gemeente Dantumadiel, en kamen pas yn 1984 by Ferwerderadiel te hearren.
Fierder lei ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn dizze gemeente. Oare buorskippen yn de gemeente wiene: Fiifhuzen, Hallumerhoeke, De Ryp, Easterbeintum, Boatebuorren, Farebuorren en Tergrêft.
De gemeente gie op 1 jannewaris 1999 oer op in Fryske gemeentenamme en Fryske plaknammen. Dêrby waarden yn de Gemeentlike Basis Administraasje de Nederlânske troch de Fryske toponimen ferfongen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferwerderadiel hie fan de 6e iuw f.Kr. oant de 12e iuw nei Kr. in gebiet fan terpbewenning west. Yn de 12e iuw begûn de oanlis fan diken, wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.
Ferwerderadiel wie yn dy tiid part fan Eastergoa, en nei't dat opspjalte waard, waard it in part fan de Noardlike njoggen. Fan 1242 ôf waard der skreaun fan grytmannen, mar pas yn de 15e iuw waarden de dielen selsstannich en waard Ferwerderadiel in gritenij.
Oant dy tiid wie ek it Amelân part fan Ferwerderadiel, mar yn 1405 waard it eilân selsstannich. Der bleaune al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de 19e iuw yn Ferwerderadiel noch in fear nei it eilân. De gritenij Ferwerderadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 kamen Jannum en it súdlike part fan Burdaard by Ferwerderadiel, wylst de súdwestlike útherne, dêr't in part fan Alde Leie yn lei, nei Ljouwerteradiel gie. Op 1 jannewaris 2019 waard Ferwerderadiel opheft en giet it yn 'e mande mei Dongeradiel en Kollumerlân op yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2014 - 8.790
- 2008 - 8.865
- 2005 - 8.966
- 2004 - 9.008
- 2003 - 8.953
- 1988 - 9.098
- 1973 - 8.211
- 1971 - 7.998
- 1969 - 8.108
- 1964 - 8.349
- 1959 - 8.736
- 1954 - 9.063
- 1900 - 8.364
- 1860 - 8.120
- 1714 - 3.299
Foto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Burdaard
-
Ferwert
-
Marrum
-
Hallum
Gemeenteried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried fan Ferwerderadeel bestie út 13 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan de rie sûnt 1998:
Gemeenteriedsitten | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | |||||||||||
CDA | 5 | 5 | 4 | 4 | |||||||||||
Gemeentebelangen | 3 | 3 | 2 | 2 | |||||||||||
PvdA | 2 | 2 | 3 | 2 | |||||||||||
VVD | 1 | 1 | 1 | 1 | |||||||||||
FNP | 1 | 1 | 2 | 3 | |||||||||||
KristenUny | 1 | 1 | 1 | 1 | |||||||||||
Totaal | 13 | 13 | 13 | 13 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- List fan grytmannen fan Ferwerderadiel
- List fan boargemasters fan Ferwerderadiel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ferwerderadeel fan Wikimedia Commons. |