Springe nei ynhâld

Dykshoarne (Noardeast-Fryslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dykshoarne (Dongeradiel))
Dykshoarne út it súdwesten wei (2012)

Dykshoarne is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dykshoarne leit noardeastlik (op de himrik) fan Ie en besuden Iesumasyl. De bebouwing fan de buorskip leit oan de Tibsterwei en de Esonbuorren en falt ûnder Ie en Iesumasyl, dat sels ûnder Eanjum falt.

In buorkerij by twa einekoaien leit formeel yn Ingwierrum en hearde oarspronklik by de buorskip Nijlân, hat dêrfan it postadres, mar wurdt by Dykshoarne rekkene, om't er allinne noch oer de wei fia Dykshoarne te berikken is.

Eastlik fan Dykshoarne lizze de bûtendykse gebieten Guozzepolder, Ezingepolder en de Iezumakeech dy't ûnderdiel binne fan it Nasjonaal Park De Lauwersmar. Der stiet ûnder mear in fûgelhut yn it gebiet en yn de Guozzepolder stiet de om 1850 hinne boude poldermûne De Guos.

De plaknamme Dykshoarne kin ferklearre wurde út de lizzing fan de buorskip, nammentlik by in útspringende bocht en hoeke (hoarne) yn de âlde Lauwersseedyk, dy't letter in slieperdyk wurden is. Der leit ek in lytse terp út de 12e-13e iuw, dy't oanwiisd is as ryksmonumint.

Yn 1575 waard Dykshoarne yn de kopy fan in dokumint út 1452 as yn da Dijcks Herna neamd. Yn 1718 neamd as Dyks Horne en yn 1874 as Dijkshorne.

Dykshoarne lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 oan de gemeente Dongeradiel, wêrnei't er opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.  

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje