1919
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1919 MCMXIX |
Ab urbe condita | 2672 |
Armeenske kalinder | 1368 ԹՎ ՌՅԿԸ |
Etiopyske kalinder | 1911 – 1912 |
Hebriuwske kalinder | 5679 – 5680 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1974 – 1975 |
- Shaka Samvat | 1841 – 1842 |
- Kali Yuga | 5020 – 5021 |
Iraanske kalinder | 1297 – 1298 |
Islamityske kalinder | 1338 – 1338 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4615 – 4616 乙午 – 丙未 |
Oergongskalinders foar 1919: | |
|
1919 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1919.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 jannewaris - It Dútske Spartakusbûn ropt himsels út ta de KPD, de Kommunistische Partei Deutschlands.
- 2 jannewaris - Yn Ierlân brekt in anty-Britske opstân út, dy't letter it begjin fan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch blike sil te wêzen.
- 5-11 jannewaris - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt de kommunistyske Spartakusopstân fan it Spartakusbûn (no de KPD) mei ynset fan it leger bloedich ûnderdrukt troch it sosjalistyske regear fan rykskânselier Friedrich Ebert.
- 11 jannewaris - It Keninkryk Roemeenje anneksearret Transsylvaanje, dat ûnderdiel útmakket fan it Keninkryk Hongarije.
- 15 jannewaris - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurde de KPD-lieders Karl Liebknecht en Rosa Luxemburg nei harren arrestaasje yn ferbân mei de mislearre Spartakusopstân troch it leger stânrjochtlik eksekutearre.
- 15 jannewaris - Yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires iepenet de plysje it fjoer op in demonstraasje fan arbeiders. It bloedbad dêr't mooglik mear as tûzen minsken by omkomme, makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Tragyske Wike (Semana Trágica).
- 18 jannewaris - Begjin fan 'e Fredeskonferinsje fan Parys, ûnder foarsitterskip fan 'e Frânske premier Georges Clemenceau.
- 25 jannewaris - De Fredeskonferinsje fan Parys akseptearret it plan fan 'e Amerikaanske presidint Woodrow Wilson foar de oprjochting fan in Folkebûn.
- 31 jannewaris - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys berikke de delegaasjes fan 'e Alliëarde lannen oerienstimming oer it lot fan 'e koloanjes fan Dútslân (dy't de Alliëarden ûnderinoar ferdiele sille).
- 6 febrewaris - It provysjoneel parlemint fan Dútslân komt byinoar yn 'e Tueringske stêd Weimar, en beslút dêr ta de oprjochting fan 'e nei dat plak ferneamde Weimarrepublyk, dy't yn it plak komt fan it Keizerryk Dútslân.
- 6 febrewaris - Yn Fryslân ûntstiet in grutte brân yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.
- 11 febrewaris - It regear fan Belgje tsjinnet op 'e Fredeskonferinsje fan Parys in noata yn wêryn't de anneksaasje troch Belgje easke wurdt fan 'e Nederlânske gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen en Súd-Limburch.
- 11 febrewaris - De sosjalist Friedrich Ebert wurdt de earste presidint fan Dútslân.
- 21 febrewaris - De noch mar krekt keazen sosjalistyske premier fan 'e Dútske dielsteat Beieren, Kurt Eisner, wurdt by in oanslach fermoarde troch de ekstreem-rjochtse ealman Anton greve von Arco auf Valley. As pleatsferfangend premier Erich Auer de moard yn 'e Beierske Lândei bekend makket, wurdt hysels fan 'e publike tribune ôf delsketten troch de slachter Alois Linder, wêrby't er swierferwûne rekket.
- 25 febrewaris - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys wurdt it Hânfêst fan it Folkebûn oannommen.
- 25 febrewaris-11 maart - De troch de kommunistyske KPD útroppen algemiene staking yn 'e Dútske haadstêd Berlyn, dy't útrûn wie op in wapene rebûlje, wurdt yn bloed smoard as 29 lieders fan 'e staking op befel fan 'e sosjalistyske minister fan Definsje Gustav Noske stânrjochtlik eksekutearre wurde.
- 1-6 maart - By oanhâldende massale demonstraasjes yn 'e Koreaanske stêd Seoel tsjin 'e Japanske oerhearsking fan Koreä, dêr't nei skatting mear as 2 miljoen minsken oan meidogge, grypt it Japanske leger hurd yn. Der falle tûzenen deaden.
- 4 maart - Yn Moskou wurdt troch ôffurdigen fan 21 kommunistyske politike partijen út Jeropa en Amearika de Trêde Kommunistyske Ynternasjonale oprjochte, better bekend as de Komintern.
- 21 maart - Béla Kun ropt yn Boedapest de Sovjetrepublyk Hongarije út.
- 23 maart - Yn noardlik Itaalje rjochtet oarlochsfeteraan Benito Mussolini syn faksistyske knokploegen Fasci di Combattimento op.
- 23 maart - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys delegearret de ried fan Alliëarde lannen, de saneamde Ried fan X, syn foech oan 'e Grutte Fjouwer: de premiers fan it Feriene Keninkryk, Frankryk en Itaalje, David Lloyd George, Georges Clemenceau en Vittorio Orlando, en de presidint fan 'e Feriene Steaten, Woodrow Wilson.
- 30 maart - Yn Britsk-Ynje brekt ûnder lieding fan Mahatma Gandhi ferset út tsjin 'e saneamde Wet-Rowlatt (Rowlatt Act), dy't de Britske autoriteiten yn de koloanje tenei it foech jout om "ekstremisten" sûnder foarm fan proses fêst te setten.
- 8 maart - Nei de weromlûking fan 'e Alliëarde troepen dêrwei falt it Reade Leger yn it ramt fan de Russyske Boargeroarloch it skiereilân de Krim binnen.
- 10 maart - Yn Meksiko wurdt de boerelieder Emiliano Zapata yn opdracht fan presidint Venustiano Carranza by in oanslach fermoarde.
- 13 april - Yn Amritsar, yn Britsk-Ynje, iepenje Britske troepen it fjoer op in freedsume demonstraasje fan 'e lânseigen befolking. By dit Bloedbad fan Amritsar komme teminsten 379 en miskien wol 1.000 ûnwapene minsken om.
- 6 maaie - De Fredeskonferinsje fan Parys stimt yn mei it plan fan 'e Súdafrikaanske ôffurdige Jan Smuts om 'e eardere Dútske koloanjes as mandaatgebieten ûnder tafersjoch fan it Folkebûn te stellen.
- 6 maaie - De Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch brekt út as Amanûllah Khan, de emir fan Afganistan, mei syn leger Britsk-Ynje binnenfalt.
- 15 maaie - De Gryksk-Turkske Oarloch brekt út as Grykske troepen op 'e kust fan Lyts-Aazje lânje en fanút de havenstêd Smyrna optsjogge nei it binnenlân.
- 19 maaie - Begjin fan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't de Turkske Nasjonalistyske Beweging stribbet nei de oprjochting fan in sekuliere Republyk Turkije.
- 26 maaie - De Fredeskonferinsje fan Parys wiist it earder ûnôfhinklike steatsje Neutraal Moresnet en de Dútske gebietsdielen Eupen en Malmédy as oarlochskompinsaasje ta oan Belgje. De saneamde 'Grutte Fjouwer' (it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje en de Feriene Steaten) lizze lykwols it near op 'e Belgyske anneksaasje fan 'e Nederlânske gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen en Súd-Limburch.
- 28 maaie - Belgyske troepen besette Neutraal Moresnet, Eupen en Malmédy.
- 6 juny - Utbraak fan 'e Earste Finsk-Russyske Oarloch: Finlân ferklearret Ruslân de oarloch en mingt him oan 'e kant fan 'e Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch.
- 16 juny - De ferovering fan 'e Oekraïne troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Oekraynske Folksrepublyk.
- 28 juny - Dútslân slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Versailles. Dêrby seit it ta swiere ferhelbetellings oan 'e Alliëarden (benammen Frankryk en Belgje) dwaan te sillen. Fierders rekket it ferskate gebietsdielen kwyt oan Poalen, Frankryk, Denemark, Belgje, Tsjechoslowakije en de Frije Stêd Danzig. Fierders komt it Saarlân yn 'e foarm fan it Protektoraat Saarlân ûnder ynternasjonaal tafersjoch te stean. Ek al syn koloanjes moat Dútslân ôfstean; dat wurde saneamde mandaatgebieten dy't de Alliëarden ûnderinoar ferdiele.
- 10 july - Nederlân fiert it frouljuskiesrjocht yn. (D.w.s. it rjocht foar froulju om te stimmen; froulju mochten har yn Nederlân sûnt 1917 al wol ferkiesber stelle.)
- 12 july - De Alliëarden heffe de blokkade fan 'e Dútske havens op en geane wer hannelsbetrekkings mei it lân oan.
- 16 july - It Hidde Nijland Museum, no Museum Hylpen, wurdt iepene.
- 6 augustus - It Roemeenske leger beset de Hongaarske haadstêd Boedapest en makket in ein oan 'e Hongaarske Sovjetrepublyk fan Béla Kun.
- 8 augustus - De Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch einiget mei it Ferdrach fan Rawalpindi yn in militêre ympasse. It Emiraat Afganistan boekt lykwols in diplomatike oerwinning as it Feriene Keninkryk yn it ferdrach de folsleine soevereiniteit fan Afganistan erkent.
- 11 augustus - De nije Dútske grûnwet wurdt fan krêft: formeel begjin fan 'e Weimarrepublyk en ein fan it Keizerryk Dútslân.
- 31 augustus - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimme de Wite troepen fan generaal Anton Denikin de stêd Kiëv yn.
- 1 septimber - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys lizze de 'Grutte Fjouwer' (it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje en de Feriene Steaten) it near op 'e yntegraasje fan Dútsk-Eastenryk yn Dútslân.
- 2 septimber - Itaalje fiert it algemien kiesrjocht en in stelsel fan proporsjonele fertsjintwurdiging yn.
- 10 septimber - Eastenryk slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Saint-Germain-en-Laye.
- 11 septimber - It nasjonalistyske Turkske tsjinregear yn Ankara, dat ûnder lieding stiet fan generaal Mustafa Kemal Pasja, ferbrekt alle bannen mei it regear fan sultan Mehmed VI yn Konstantinopel.
- 12 septimber - Italjaanske nasjonalisten ûnder lieding fan 'e skriuwer en politikus Gabriele d'Annunzio besette yn striid mei it Ferdrach fan Saint-Germain-en-Laye de Frijsteat Fiume (Rijeka).
- 22 septimber - De Alliëarden geane diplomatike betrekkings oan mei Eastenryk.
- 27 septimber - Britske troepen lûke har werom út 'e Russyske stêd Archangelsk.
- 12 oktober - Britske troepen lûke har werom út 'e Russyske stêd Moermansk.
- 27 oktober - It Amerikaanske Kongres negearret in feto fan presidint Woodrow Wilson troch mei twatrêde mearderheid de Volstead Prohibition Enforcement Act oan te nimmen. Dêrmei is de Drûchlizzing fan 'e Feriene Steaten in feit.
- 14 novimber - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch feroveret it Reade Leger de Sibearyske stêd Omsk op 'e Wite troepen fan admiraal Aleksander Koltsjak.
- 18 novimber - Foar de Dútske parlemintêre ûndersykskommisje dy't him dwaande hâldt mei de skuldfraach oangeande de Earste Wrâldoarloch presintearret maarskalk Paul von Hindenburg syn Dolkstjit-leginde: de Dútsers soene de oarloch wûn hawwe as se net troch sosjalisten út eigen lân mei in dolk yn 'e rêch stutsen wiene.
- 19 novimber - De Amerikaanske Senaat fersmyt mei 39 tsjin 55 stimmen it Ferdrach fan Versailles, dat de frede mei Dútslân regelet. Dêrmei wurde de Feriene Steaten it iennichste Alliëarde lân dat dat ferdrach net ratifisearret. Der sil no in aparte frede tusken Dútslân en de Feriene Steaten komme moatte.
- 25 novimber - De regearings fan Poalen en Dútslân slute in ferdrach oer de Dútske ûntromming fan West-Prusen, dat neffens it Ferdrach fan Versailles diel fan Poalen wurde sil.
- 27 novimber - Bulgarije slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Neuilly-sur-Seine. Dêrby moat it hiel West-Traasje ôfstean oan Grikelân, en ferskate lytsere gebietsdielen oan it nij-foarme Joegoslaavje.
- 9 desimber - Under swiere druk fan 'e Alliëarden en nei earst in yngeande plondering útfierd te hawwen, lûkt it Roemeenske leger him werom út 'e Hongaarske haadstêd Boedapest.
- 9 desimber - Roemeenje slút fredesferdraggen mei Eastenryk en Bulgarije.
- 16 desimber - It Dútske leger lûkt him tebek út Letlân en Litouwen.
- 22 desimber - As ûnderdiel fan 'e Earste Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten wurde op it skip de Buford 250 linkse Amerikaanske steatsboargers, ûnder wa de anargistyske liedster Emma Goldman, nei Ruslân deportearre.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - J.D. Salinger, Amerikaansk skriuwer († 2010)
- 3 - Lolle Rondaan, Frysk fersetsstrider († 1944)
- 3 - Henk Sprenger, Nederlânsk striptekener († 2005)
- 13 - Wim van Mourik, Nederlânsk politikus út namme fan de ARP († 1980)
- 26 - Markus Assies, Frysk fersetsstrider († 1944)
- febrewaris
- 3 - Abe Gerlsma, Frysk keunstskilder en etser († 2012)
- 9 - Werner Goldberg, Dútsk politikus († 2004)
- 13 - Tennessee Ernie Ford, Amerikaansk sjonger en akteur († 1991)
- 22 - Henri Arnoldus, Nederlânsk skriuwer († 2002)
- maart
- 18 - Laila Schou Nilsen, Noarsk sportfrou († 2018)
- 28 - Douwe van der Ploeg, Frysk ornitolooch en botanikus († 2006)
- april
- 8 - Piet Post, Frysk oargelist, dirigint en komponist († 1979)
- 16 - Merce Cunningham, Amerikaansk koreograaf († 2009)
- 18 - Jacob Luitjens, Nederlânske kollaborateur yn de Twadde Wrâldoarloch († 2022)
- 19 - Dirk ter Haar, Ingelsk-Nederlânsk natuerkundige († 2002)
- 25 - Finn Helgesen, Noarsk reedrider († 2011)
- maaie
- 11 - Hedzer Rijpstra, Frysk politikus († 2011)
- juny
- 19 - Pauline Kael, Amerikaansk filmkritika († 2001)
- july
- 15 - Iris Murdoch, Iersk-Ingelsk skriuwster († 1999)
- 19 - Henri Willem Karel Huyssen van Kattendijke, Nederlânsk politikus († 1994)
- 20 - Edmund Hillary, Nijseelânsk berchbeklimmer en ûntdekkingsreizger († 2008)
- augustus
- 28 - Lieuwe Heine Bouma, Frysk oersetter († 2004)
- septimber
- 11 - Daphne Odjig, Kanadeeske keunstskilderesse († 2016)
- 15 - Fausto Coppi, Italjaansk hurdfytser († 1960)
- 18 - Jan Haite Riemersma, Frysk politikus († 2001)
- oktober
- 2 - Jan Flinterman, Nederlânsk piloat en Formule 1-koereur († 1992)
- 10 - Piet de Boer, Nederlânsk fuotballer († 1984)
- 11 - Ab Hofstee, Nederlânsk akteur († 1985)
- 13 - Andries Joustra, Fryske boere-arbeider en fersetsman († 1944)
- 18 - Gerard van Rossem, Nederlânsk entomolooch en keunstskilder († 1990)
- 27 - Herman Kuiphof, Frysk sportsjoernalist en -ferslachjouwer († 2008)
- novimber
- 11 - Jan Murk de Vries, Frysk keunstskilder en glêzenier († 2015)
- 30 - Jan Elburg, Nederlânsk dichter († 1992)
- 30 - Anne Wadman, Frysk skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige († 1997)
- desimber
- 15 - Johfra Nederlânsk keunstskilder († 1998)
- 15 - Åke Seyffarth, Sweedsk reedrider († 1998)
- 16 - Manke Nelis, Nederlânsk sjonger († 1993)
- 22 - Benny Odinga, Frysk politikus († 2003)
- 29 - Pieter Terpstra, Frysk skriuwer en sjoernalist († 2006)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 6 jannewaris - Theodore Roosevelt, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1858)
- 17 jannewaris - Francis Gibson, Amerikaansk militêr (* 1847)
- 20 maart - Pauline Markham, Ingelsk-Amerikaansk aktrise en dûnseresse (* 1847)
- 31 maaie - Giet-Foarút (Goes-Ahead), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1851)
- 5 july - Sije Laverman, Frysk skriuwer (* 1863)
- 6 july - Jacoba Rauwerda, Frysk bordeelhâldster (* 1843)
- 13 july - Henry E. Noyes, Amerikaansk militêr (* 1839)
- 13 july - Jacob Hepkema, Frysk útjouwer en sjoernalist (* 1845)
- 6 septimber - Pier Pander, Frysk byldhouwer en medaljeur (* 1864)
- 12 septimber - Leonid Andrejev, Russysk skriuwer (* 1871)
- 15 novimber - Alfred Werner, Dútsk skiekundige en Nobelpriiswinner (* 1866)
- 18 novimber - Ferdinand Domela Nieuwenhuis, Nederlânsk politikus (* 1846)
- datum ûnbekend
- Hingjende Wolk (Hanging Cloud), froulik kriger fan 'e Odjibwe (* 1835)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- André Gide, La Symphonie Pastorale (oerset yn it Frysk as Pastorale Symfony)
Jierren: | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|