Jacob Luitjens

Ut Wikipedy
Jacob Luitjens
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
Kanadeesk oant 1991
Steatleas nei 1991
berne 18 april 1919
berteplak Buitenzorg
stoarn 14 desimber 2022
stjerplak De Lemmer
wurkpaad
berop/amt Heechlearaar
reden
  bekendheid
kollaborateur yn de Twadde Wrâldoarloch

Jacob Luitjens (Buitenzorg (Nederlânsk-Ynje), 18 april 1919De Lemmer, 14 desimber 2022) wie in Nederlânske kollaborateur yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy hie as bynamme de schrik van Roden en wie aktyf yn de omkriten fan Roan yn Drinte.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Luitjens kaam út in NSB-húshâlding. Hy wie in soan fan in feedokter – Steven Broiël Luitjens [1] – fan Roan. Hy studearre oan de Ryksuniversiteit Grins en helle op 22 desimber 1942 syn kandidaatseksamen Rjochten. [2] As studint wie er ek aktyf yn 'e studinteferiening Vindicat.[3]

Yn de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy manifestearre him foar de oarloch al as in fanatike NSB' er, dy't oaren aktyf foar de beweging besocht te winnen. Yn 1944 waard er lid fan de Lânwacht, neidat er al earder besocht hie om by de SS te kommen. Dêr waard er lykwols fanwegen in breklike hân ôfwiisd. Syn hâlden en dragen as lânwachter besoarge him de bynamme de schrik van Roden. Gâns ûnderdûkers en fersetsstriders soe er opspoare. Hy die aktyf mei oan opspoaringsaksjes en arrestaasjes en wie belutsen by twa gefallen wêrby't ien it libben ferlear.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuort nei de befrijing joech er him oan by de plysje, dit om represailles fan it ferset foar te kommen. Yn 1946 wist er te ûntkommen út kamp Westerbork en him yn Dútslân by meniste leauwensgenoaten te foegjen. Luitjens bedarre yn Paraguay mei help fan menisten en waard op 10 septimber 1948 by ferstek feroardiele ta libbenslange finzenisstraf foar it bieden fan help oan de fijân.
Yn 1961 emigrearre er nei Kanada, dêr't er yn Vancouver, Britsk-Kolumbia, in bestean opboude as lektor yn de plantekunde: hy waard heechlearaar en botanikus oan de Universiteit fan Britsk-Kolumbia.

Yn 1980 kaam syn ferbliuwplak troch speurwurk fan partikulieren út it eardere ferset oan it ljocht. Yn 1982 waard er definityf opspoard troch Jack Kooistra, ek wol de Fryske Simon Wiesenthal neamd. [4] In útleveringsfersyk oan Kanada late ynearsten lykwols ta neat. Yn 1988 begûn de Kanadeeske justysje dochs noch in eigen saak tsjin him, doe't bliken die dat it lân desennialang in frijplak wie foar oarlochsmisdiedigers, dêr't in soad (ynternasjonaal) publyk protest tsjin kaam. Luitjens ferlear yn 1991 syn Kanadeeske nasjonaliteit omdat er by de oanfraach dêrfan liigd hie oer syn ferline, en waard yn 1992 útwiisd [5] en oerbrocht nei Nederlân. Dêr waard er troch de rjochtbank yn Assen feroardiele ta in finzenisstraf fan 28 moannen, dy 't er oant maart 1995 útsiet yn it hûs fan bewar fan Grins. Hy mocht fan it Kanadeeske regear net mear werom nei Kanada. Steatssekretaris Elizabeth Schmitz joech him yn 1997 yn it djipste geheim in ferbliuwsfergunning, [6] mar dy waard letter net omset yn it Nederlannerskip. Der bestie lange tiid twivel oft Luitjens noch yn libben wie, mar sjoernalist Maarten van Gestel toande begjin 2022 oan dat Luitjens noch libbe en yn de âldens fan 102 jier yn Fryslân wenne, yn de podcast De Schrik van Roden, dy 't er makke foar deiblêd Trouw. Dêryn waard ek dúdlik dat Luitjens oarehelte, mei wa't er troude yn Paraguay, yn Kanada wenne en demintearjend wie. Yn febrewaris 2022 ferskynde in wiidweidich ynterview mei him yn it Dagblad van het Noorden. [7] Yn april 2022 seach er tegearre mei Trouw werom op de podcast en de reaksjes dy't er dêrop krige.

Luitjens stoar yn desimber 2022 yn de âlderdom fan 103 jier op De Lemmer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: