Jacoba Rauwerda
Jacoba Rauwerda, ek bekend as Jakoba Frederika Weinthal (Ljouwert 3 oktober 1835 – Bussum 6 july 1919) wie in Amsterdamsk bordeelhâldster.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jacoba wie in dochter fan Jurjentje Rauwerda (Oentsjerk, 1812- Amsterdam, 1877), bordeelhâldster yn Amsterdam. Wa't har heit wie is net wis. Yn de famylje waard ferteld dat hja in dochter fan monsieur Lejeune wie, in porseleinfabrikant út Parys.
Faaks hat Jacoba har mem opfolge as madam van Maison Weinthal oan de Nieuwezijds Voorburgwal. Jacoba waard maitresse fan jonkhear Willem van Loon (út in bekend bankierslaach) en wenne yn in troch him foar har kocht hûs, Prinsengracht 845. In houlik koe earst net omdat Van Loon's âlden tsjin wienen en doe't sy weiwienen woe Jacoba net mear. Van Loon liet yn syn testamint fan 1877 fêstlizze dat Jacoba oant har dea ta jierliks 7200 gûne krije soe. Jacoba wie frijwat begoedige, neist húshâldlik personeel kaam der eltse wike in klokmakker om alle klokken op te winen.
Wol apart is ek dat Jacoba har de widdo J.F. Rauwerda neame liet. Sy wenne yn har lêste jierren yn in rêsthûs yn in Bussum. Sy ferstoar yn 1919 yn it Sint Gerardus Majella Sikehûs yn Bussum [1]
Jacoba hie gjin bern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |