Omsk
Omsk Омск | ||
![]() | ||
Tarskajastrjitte | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.153.971 (2010) | |
Oerflak | 573 km² | |
Befolkingstichtens | 2.014 / km² | |
Hichte | 87 m | |
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Federaal distrikt | Siberië | |
Oblast | ||
Boargemaster | Omsk | |
Oar | ||
Stifting | 1716, 1782 (stêd) | |
Tiidsône | Omsktiid (UTC+7) | |
Webside | www.omsk.ru |
Omsk (Russysk: Омск) is in Russyske stêd yn Sibearje, haadstêd fan de oblast Omsk en de sânde stêd fan Ruslân mei 1.154.116 ynwenners (14. Oktober 2010).[1] De stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Irtysj en de Om byelkoar komme.
Under it Russysk keizerryk wie Omsk de sit fan de Gûverneur-generaal fan West-Sibearje en letter fan de Gûverneur-generaal fan de Steppen. Yn de Russyske boargeroarloch, yn 1918–1920, wie Omsk de haadstêd fan de anti-bolsjwistyske Sibearyske Republyk en waard de keizerlike goudreserve dêr bewarre.
Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Omsk hat in wichtige haven en de Russyske oaljemaatskippij Sibneft sit dêr.
Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Omsk is goed te berikken oer it wetter (Irtysj en Om) en hat oanslúting op wichtige wegen en it spoar. It Transsybearysk spoar en de autowei M5 ferbynt Omsk oer Tsjeljabinsk mei Moskou en it oerbliuwend part fan europeesk Ruslân. Teffens hat de stêd in eigen lofthaven dy't troch mear as ien maatskippijen betsjinne wurdt en dy't de basis is fan Omskavia. It stedske iepenbier ferfier bestiet út trams, stedsbussen en trolleybussen. De earste line fan de metro fan Omsk wurdt al benei tweintich jier oan wurke; mooglik kin it earste trasee yn 2016 yn gebrûk naam wurde; de stêd fiert dan hat 300 jierrich bestean.
Omsk is it einpunt fan de Jeropeeske wei 30 dy't yn Cork begjint. De 5800 kilometer lange dyk rint ek troch Nederlân.
Unjouwing befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | Ynwenners |
---|---|
1725 | 992 |
1825 | 9.000 |
1858 | 18.000 |
1897 | 37.376 |
1926 | 162.000 |
1939 | 288.855 |
1959 | 581.108 |
1970 | 821.151 |
1979 | 1.014.246 |
1989 | 1.148.418 |
2002 | 1.134.016 |
2010 | 1.154.116 |
Kultuer en ûnderwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
As foaroansteand kultuer- en ûnderwiissintrum hat Omsk in tal museums, teaters, skouboargen en (heger)ûnderwiisynstituten.
De meast wichtige museums binne:
- It steatmuseum foar regionale skiednis
- It Dostojevskymuseum fan literatuer
- It Vrûbelmuseum foar keunsten
- It militêr museumkompleks
- It Kondraty Belov keunstmuseum
- It Liberovsintrum foar keunst
Teaters binne de Opera fan Omsk, it Dramateater Omsk, it Sirkus fan Omsk en in tal lytsere kulturele ynstellings.
Heger ûnderwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Steatsuniversiteit Omsk
- Technyske Steatsuniversiteit Omsk
- Pedagogyske Steatsuniversiteit Omsk
- Agraryske Steatsuniversiteit Omsk
- Steatsuniversiteit foar Fervierkunde Omsk
- Siberyske Steatsakademy foar Wegenbou
- Siberyske Steatsakademy foar Lichems Oefening en Sport
Berne yn Omsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Vissarion Sjebalin (11 juny 1902), Russysk komponist
- Valentina Talyzina (22 jannewaris 1935), Russysk aktrise
- Jevsjej Tsejtlin (1948), Russysk-Joadsk literatuerwittenskipper en skriuwer
- Michail Vroebel (17 maart 1856), Russysk skilder en bylhouwer
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Omsk fan Wikimedia Commons. |
- (in) Omsk online mei kaarten
- (in) De trije Omsker maratons (en Russysk)