Marije-Himelfeartkatedraal (Omsk)

Ut Wikipedy
Marije-Himelfeartkatedraal

Богородицкий собор

bouwurk
4Y1A8262 (27987721892).jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Omsk
plak Flag of Omsk.svg Omsk
adres Sobornaja plosjtsjad
koördinaten 54° 59' N 73° 22' E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier bou 1891-1898
weropbou 2005-2007
sloopjier 1935
arsjitekt Ernest Würrich
boustyl Neorussyske styl
offisjele webside
omsk-sobor.ru

De Katedraal fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam Marije (Russysk: Собор Успения Пресвятой Богородицы), ek: Uspenski-katedraal, is in Russysk-otterdokse tsjerke yn de Sibearyske stêd Omsk, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal yn 1905

De earste stien foar ien fan de grutste tsjerken fan Sibearje waard yn 1891 lein troch tsarevitsj Nikolaas. It ûntwerp wie ôfkomstich fan Ernest Würrich, in arsjitekt út Sint-Petersburch, dy't him ynspirearje liet troch de Tsjerke fan de Ferlosser op it Bloed. Nettsjinsteande dat hie de katedraal in hiel eigen karakter en waard der by de bou wol 30 ûngelikense kleuren stien brûkt. De katedraal kaam op in grut plein te stean en oan de klokketoer slute in tsjerke mei fiif koepels oan, wêrfan ien foarse hege sintrale koepel. Op 9 septimber 1898 waard de katedraal troch de earste biskop fan it nij oprjochte bisdom Omsk ynwijd.

Nei de Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de revolúsje begûn de ferfolging fan de Otterdokske Tsjerke. Mei it Dekreet fan de Skieding fan Tsjerke en Steat en Underwiis fan de Tsjerke (Russysk: Декрет об отделении церкви от государства и школы от церкви) waard it fûnemint lein foar in ateïstyske steat. Ek yn Omsk ûntkaam de Tsjerke net oan ferfolging, leauwenden waarden ferhindere de katedraal binnen te gean en prysters waarden arrestearre nei't hja in prosesje organisearren. Foar koarte tiid wie de tsjerke wer frij doe't yn 1919 de it leger fan de Witen Omsk feroveren, mar nei't de bolsjewiken Omsk wer ynnamen waard aartsbiskop Silvester fermoarde en de katedraal oerdroegen oan fernijers, dy't loyaal wiene oan de Sovjets. Yn 1923 waard de tsjerke definityf sletten en it gebou bleau no foar lange tiid leech stean. De katedraal waard yn 1933 fan weardefol materjaal plondere en nei't bliken die dat de akûstyk fan de katedraal net tarikkend wie om it ta operagebou te bestimmen, foel yn 1935 it beslút om it gebou op te blazen. It frijkommen boumaterjaal soe wer brûkt wurde foar de bou fan it regionale Folkskommisariaat fan Ynlânske Saken, mar nei it opblazen fan de katedraal die bliken dat de stiennen net mear geskikt wiene foar hergebrûk. De fûneminten fan de tsjerke waarden letter brûkt om dêr in fiver yn oan te lizzen.

De rekonstruksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fjoerwurk by de katedraal op 15 july 2007

Op it plak fan de yn 1935 ferwoastge katedraal waard yn 1999 in krús delset. Yn 2005 waard it beslút nommen om de katedraal wer op te bouwen. Fuort dêrnei begûn it útgraven fan de fûneminten. Tidens it wurk ûntdutsen argeologen yn in net bekende romte ûnder de grûn by tafal it oerskot fan de fermoarde aartsbiskop. De bou fan de tsjerke sette útein yn 2006.

Op 15 july 2007 wie it safier dat de foltôge katedraal ynwijd wurde koe en it middelpunt wie fan in grut feest mei prachtich fjoerwurk. In moanne letter waard besletten it plein by de tsjerke om te neamen yn it Katedraal Plein.

De reliken fan de fermoarde en yn 1998 troch it Moskouse Patriargaat hillich ferklearre aartsbiskop Silverster waarden yn 2009 yn in skryn yn de katedraal byset.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]