Opstanningstsjerke (Sint-Petersburch)
Bloedtsjerke
Крестовоздвиженский собор | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 59° 56' N 30° 19' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1883-1907 sakristy: 1908 | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7810507000 [1] | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 81 meter | |
offisjele webside | ||
Museum Katedraal fan it Bloed |
De Opstanningstsjerke (Russysk: Храм Спас на крови of Khram Spasa na Krovi; "Tsjerke fan de Ferlosser op it Bloed") is in monumint yn de Russyske stêd Sint-Petersburch. De tsjerke wurdt ek wol Bloedtsjerke neamd, in namme dy't it krige om't tsaar Alexander II hjir op 13 maart 1881 fermoarde waard. De tsjerke waard neitiid as monumint ta oantinken fan de tsaar boud.
De katedraal leit oan it Gribojedovkanaal, net fier fan de Nevski Prospekt.
Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 13 maart 1881 waard tsjaar Alexander II by in tocht mei syn gefolch by it Gribojedovkanaal troffen troch in bomoanslach. Dy earste oanslach deade ien fan de kozakken dy't de tsaar beskermje moast, mar de tsaar sels oerlibbe sûnder ferwûnings en de dieder, dy't noch rôp dat de tsaar him mar net te betiid ferheuge moast, waard oermastere. Yn de tizeboel dy't ûntstie slagge Ignacy Hryniewiscki der yn, in jonge studint fan goede komôf, in granaat foar de fuotten fan de tsaar te smiten. De dieder fan dy twadde oanslach wie sels fuortendaliks dea. De tsaar ferstoar fanwegen de swiere ferwûnings oan syn fuotten in pear oeren letter yn it Winterpaleis.
De bou fan de tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuort nei de dea ûntstie der op it plak fan de moard in tydlik monumint, wylst men plannen makke en jild ynsammele om ta oantinken fan de fermoarde tsaar in permanint monumint te bouwen. Besluten waard om it kanaal smeller te meitsjen, sa't de strjitte dêr't de tsaar oer hinne riden hie ûnder it dak fan de tsjerke kaam te lizzen. Oan it oare ein fan it alter betinkt in skryn it kerkte plak dêr't de tsaar fermoarde is.
It wurk oan de tsjerke eine mar stadich en pas yn 1907 fûn de foltôging fan it monumint plak. It bouwurk hie de Russyske steat doe 4,6 miljoen rûbel koste, ien miljoen rûbel mear as begrutte. De Bloedtsjerke is fan binnen mei likernôch 7500 m² oan moazaiken belein, in oerflak dat nei alle gedachten allinnich wurdt oertroffen troch de Sint-Loadewykkatedraal yn de Amearikaanske stêd Saint Louis.
Sakristy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 27 april 1908 wijde metropolyt Anthoni de oan de Ibearyske ikoan fan de Mem Gods wijde sakristykapel njonken de tsjerke. Yn de kapel waarden ikoanen sammele ta neitins fan Aleksander II.
De tsjerke nei de Russyske Revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de neidagen fan de Russyske Revolúsje waard tsjerke plondere en skeind. It ateïstyske regear liet de tsjerke yn 1932 slute. Yn de kriichsjierren waard de tsjerke tidens it belis fan Leningrad brûkt as mortuarium. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke brûkt as opslach foar griente, dat it bouwurk de sarkastyske bynamme 'Us ferlosser op 'e Ierpels' oplevere.
Yn july 1970 waard it behear fan de tsjerke oerdroegen oan de Izaäk-katedraal en de tsjerke krige dêrmei in museale funksje. Ek waard der mei it jild dat mei it museum fertsjinne waard in begjin makke oan de restauraasje, dy't 27 jier duorje soe. Yn augustus 1997 waard de Bloedtsjerke wer iepene. In wijding fûn net plak, om't it bouwurk nea as in permanint godshûs funksjonearre hat en in monumint is ta neitins fan de fermoarde tsaar.
Rekonstruksje Hillige Poarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 2005 waard úteinset mei de rekonstruksje fan de Hillige of Keninklike Poarten, dy't yn de jierren 1920 folslein ferlern gyngen. Foar de rekonstruksje waarden alde ôfbylden en tekeningen brûkt. Op 14 maart 2012, it 129ste jier fan de moard op Alexander II, waarden de Hillige Poarten wer ynwijd troch de otterdokske biskop fan Sint-Petersburg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Крестовоздвиженский собор (Санкт-Петербург)
|