Springe nei ynhâld

Om (rivier)

Ut Wikipedy
Middenrin fan de Om by Koejbysjev

De Om (Russysk: Омь) is in Russyske rivier yn it suden fan it West-Sibearysk Leechlân. It is in sydrivier fan de Irtysj yn it streamgebiet fan de Ob. De rivier ûntspringt yn de Vasjoegansompen op de grins fan de oblasten Novosibirsk en Tomsk. De rivier streamt troch de oblasten Novosibirsk en Omsk. Sydrivieren binne de Itsja, Oegoermanka, Oezakla, Kama en Tartas. Totale lingte is 1091 km. De Om is fan ein oktober/begjin novimber ôf oant april/begjin maaie berferzen.

De wichtichste stêden oan de rivier binne Barabinsk, Kalatsjinsk, Koejbysjev en Omsk (by de ynstream yn de Irtysj).

Infrastruktuer en gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By heechwetter is de Om oant Kuibyschew befarbar, mar de rivier jildt net as in offisjeel binnenfeartwetter.[1] Parallel oan de midden- en ûnderrin fan de rivier leit de Trans-Sibearyske spoar.

Wetter troch de Om (yn m³/sekonde) by it hydrometrysk stasjon fan Kalatsjinsk
Trochsneed oer 64 jier


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Liste der Binnenwasserstraßen der Russischen Föderation (Feroardering fan it regear fan 19 desimber 2002, russysk)
  • Wikipedia nl: en de:, Om (rivier)