Springe nei ynhâld

Irtysj

Ut Wikipedy
Streamgebiet fan de Irtysj
De Irtysj by Pavlodar

De Irtysj (Russysk: Иртыш; Kazachsk: Ертiс, Ertis; Tataarsk: Иртеш; Latyn: İrteş ; Sineesk: 额尔齐斯河, É'ěrqísī hé) is in rivier yn Aazje, dy't fan it Altaiberchtme nei de Ob streamt en tegearre mei dizze rivier ien fan de grutste riviersystemen fan de wrâld foarmet en it op ien nei langste fan Euraazje (5410 km). De rivier rint troch Sina, Kazachstan en Ruslân, hast hieltyd yn noarwestlike rjochting. De mûning fan de Ob is by Chanty-Mansiejsk: de Irtysj hat oankaam op dat plak al in folle langere wei ôflein (4248 km) as de Ob sels (3176 km). De Ob komt fan it easten en fiert it wetter fan de Irtysj ôf nei de Noardlike Iissee, dêr't sy 1162 km mear noardlik yn út komt.

It stik fan it Altaiberchtme yn Noardwest-Sina (Sinkiang) oant de Zaysanmar yn it easten fan Kazachstan hjit Swarte Irtysj (Kara Ertis), it part nei dit mar wurdt somtiden Wite Irtysj neamd.

De wichtichste stêd oan de Irtysj is it Russyske Omsk, dêr't it Trans-Siberysk spoar har krúst. Yn Kazachstan binne Semey (it eardere Semipalatinsk) en Pavlodar de ferneamdste stêden oan de Irtysj.

De grutste sydrivieren binne de Isjim en de Tobol út it westen wei, en de Om en de Demjanka út it easten.